ANGENIETSJE.
Underweis fan Eisegea nei Reasyl sjogge jo, in eintsje
fan de dyk ôf, in lyts bosk mei mânske âlde beammen en fierder it wenstige
opkrûpsel fan bjirken en strûken. Dat is it Speinterbosk. It wurdt sa neamd
omdat dêr, lang lyn, in fername famylje Van Speint wenne yn in grut hûs. Dat
hûs stiet der noch, alteast de muorren. Der wenje al hûndert jier gjin minsken
mear yn. Achter it hûs hat noch in arbeidershúske stien, kinne jo sjen, mar
dêrfan binne oars net oer as wat fûneminten en in stik fan de skoarstien.
Om 1900 hinne wenne yn it hûs Angenietsje van Speint. Har
heit en mem kamen beide út in keapmansfamylje, en sa’t it mei hannel op en del
giet, gong it mei it kaptaal fan de famylje. Doe’t se koart nei elkoar stoaren,
wie der noch krekt gjin skuld. Angenietsje urve it hûs mei hiem en bosk, it
húsrie, wat skilderijen, in grutte bibleteek en in bytsje jild en fierder neat.
Se wie doe al yn de tritich, einliks al âldfaam, en se
wie ek noch wat ûnsjoch. Se wie lykwols net dom, en begriep hiel goed dat se,
om maatskiplik oerein te bliuwen, in man mei jild ha moast.
En se wist ek wa.
Sjolle.
Sjolle wie advokaat yn Trie, in lytse stêd net sa fier
fan Reasyl. Syn heit wie al hiel lang dominy yn Reasyl. Dy hie yn syn jonge jierren sa
wiis west om mei in rike erfdochter te trouwen, en dêrom hie er der gjin ferlet
fan om nei in oare, drokke gemeente te ferfarren. Sjolle
wie in flotte jonge en goed by de tiid. Hy koe him tige rêde en wie altyd de
nûmer ien yn elk selskip. Syn heit wie der wis fan dat Sjolle it as dominy,
neffens de famylje-tradysje, wol oprêde soe. Lykwols stjoerde er him nei de
juridyske fakulteit fan Leiden. Sjolle hie dien wat syn heit fan him ferwachte,
en hie him, nei syn ôfstudearjen, as advokaat en prokureur deljûn yn Trie. Dêr
hie er in skoander libben; hy slute him maklik oan by de fernimstige lju en
krige, omt er in goede pleiter wie, ek genôch, ja, ryklik wurk. Hy bleau
foarearst frijfeint, en dêrtroch koe er aardich dwaan wêr’t er nocht oan hie.
Syn heit, dy’t no fansels al aardich op jierren rekke, wie net sa wiis mei it
hâlden en dragen fan Sjolle, mar hy koe der neat oan dwaan. Ienkear sei er
krekt in wurd te folle, en Sjolle sloech werom: ”Heit, as jo myn trouwen
segenje, dan bringt dat tsien kear safolle yn as doe’t jo mei mem ûnder de
stoel stiene.” It wie de âldman raar genôch.
Angenietsje koe Sjolle al fan de skoalbanken ôf. Se fûn
him doe al in opskepper en hie noait folle omtinken foar him hân. Hy trouwens
ek net foar har. Mar yn de lytse wrâld fan de notabelen kamen se elkoar no en
dan tsjin. In pear kear hie er by har thús west, as heit en mem in ûntfangst
holden, mar altyd mei in tal oaren der by. Oer ferkearing mei him hie se noait
neitocht.
Doe’t se op eigen skonken kaam te stean en fernaam dat
der wat gebeure moast, begong se mei oare eagen nei him te sjen. Sjolle wie dan
wol in opsnijer en se hie gjin illúsjes oer syn opfettings fan it houlik, mar
hy hie oansjen en fertsjinne in protte jild. Op har jierren hie se net folle
mear te easkjen. Folle kar hie se ek net mear, en in widner mei jild koe altyd
noch.
Se sette de jacht yn. Se besocht Sjolle sa faak mooglik
te moetsjen, mar as se him al tsjinkaam like it oft hy har ûntrûn. Hy bearde
dat er nergens erch yn hie. Yn werklikheid wist er fansels wol hoe’t se der finansjeel
foar stie, en foar him die dat de doar ticht. Fan de weromstuit waard
Angenietsje hieltyd grimmitiger. Guon begong it op te fallen.
Op it túnfeest fan de notaris kaam de klap.
Angenietsje wie ien fan
de gasten. Se siet mei in mennich froulju yn it skaad fan de grutte nutebeam.
Der waard drok praat, fansels, mar Angenietsje sei hast neat. Se stoarre nei de
doarren en de froulju koene wol riede wêr’t se op siet te wachtsjen.
Sjolle kaam by sokke
gelegenheden altyd wat letter, as alle gasten der al wiene en dan bleau er ek
in skoftsje yn de doar stean, dat elk sjen koe dat hy der wie. Hy soarge
fansels ek dat hy der allinne yn kaam. Mar dizze kear wie er net allinne. Oan
syn earm hie er in jong frommeske mei lang hier en grutte tosken. Se praten earst
even mei de notaris. Dy rôp dat Sjolle grut nijs hie. It waard stil yn de tún.
”Freonen!” sei Sjolle,
”Ik stel jimme hjoed myn oansteande frou foar. Dit is Sybille. Se komt út
Argentinië. Se is hjir mei har heit en mem om Fryske kij út te sykjen foar harren
fokkerij op de pampas. Ik ha har twa
moanne lyn troffen yn Snits en wy wiene it samar iens. Se is no drok dwaande om Frysk te learen, en
se ferstiet it al in bytsje. Oer in pear wike moat se wer nei hûs en dat is
fansels foar my net sa bêst. Mar as it hjir oer in healjier winter is, dan is
it dêr simmer, en dan gean ik dêrhinne om mei har te trouwen.”
Alleman kaam oerein om
it pear te fylsetearen en om mei dizze bysûndere breid yn ’e kunde te kommen.
Allinne Angenietsje bleau sitten, it wie as hie se gjin macht oer har lea. Wat
der har troch de holle gong wie net te beskriuwen. Se hie har de lêste moannen,
dei en nacht, sa fêstbiten yn har kriich om Sjolle te krijen, dat foar har de
hiele wrâld ynstoarte.
Se besocht te betinken
wat har te dwaan stie. Fuortrinne? Gjin tinken oan, se kaam der net foar wei om
it pear de hân te jaan. As se dat net die soe se der ivich op oansjoen wurde.
”Ik skel him út,” skeat har troch de holle. ”Ik freegje him lûdop, dat elk it
heart, oft dy Argentijnen hjir soms ek binne om in bolle foar harren dochter te
keapjen.” Ja, dat wie in goedenien, dêr koe Sjolle it mei dwaan. Se soe har
wreke.
Der waard al temûk nei
har omsjoen. Se kaam stadich oerein en gong yn de rigele stean. De feedokter stie no by it pear. ”Tweintichtûzen pûnsmiet, tsjonge
noch oan ta,” hearde se him sizzen. It duorre noch even ear’t se oan de beurt wie, en
dat wie har gelok. Ynienen wist se it, hie se in Plan. En de earste stap dêrfan
wie in goede ferhâlding mei Sjolle.
Doe’t it har beurt wie
fûstke se mei Sjolle en syn Sibbeltsje. Wylst hy har hân yn sines hold wurken
har harsens yn de heegste feart oan har Plan. Se brocht der in pear freonlike
wurden út en doe woe se fuort, daliks oan it wurk, alles regelje. Mar it
fatsoen easke dat se noch in skoftsje bleau. Se gong wer sitten en waard kalm,
wylst se alles oertocht. It koe, it kloppe, it koe net mislearje, se wie no
hûndert persint wis fan harsels. Se
betocht ek dat se noch tiid genôch hie. Se waard bliid en begong drok mei te
praten yn it selskip. Dyjingen dy’t wisten wat har de lêste tiid dreau en har
mijd hiene omdat se sa koart en lêbich wie, dy wiene fernuvere oer de omslach,
dêr’t se neat fan begrypten.
Doe’t it túnfeest
besletten waard wie Sjirk der mei it weintsje. Sjirk en syn frou wiene Angenietsje
har ienige personiel. Se wennen yn it húske achter it grutte hûs. Sjirk wie fan
ôfkomst timmerman, mar hy koe en die alle wurk by hûs en hiem. Hy kaam út
Ljouwert en der waard sein dat der yn syn ferline tsjustere plakken wiene. Guon
wisten dat er faker as ien kear sitten hie. Hy wie yn de fyftich en it bêste
wie der al wat ôf. It wie in ûnferskillige man sûnder freonen. Mar menear Van
Speint hie altyd tefreden west oer syn tsjinsten, en Angenietsje koe him ek wol
oan.
Doe’t se by it hûs
wiene sei se dat hy it hynder en de wein teplak bringe en dan by har yn de
bibleteek komme moast. Dêr krige Sjirk te hearren wat der de kommende tiid fan
him ferwachte waard.
De bibleteek fan de
âlde Van Speint wie yn lytse rûnte ferneamd. Der wiene in protte seldsume
boeken by oer tsjoenderij en nuvere godstsjinsten en soksoarte dingen, en in
rigele Japanske en Sineeske erotyske boeken mei platen dy’t der net om liigden.
Van Speint hie noait folle minsken oer de flier, mar dy inkelden dêr’t er soms
even wat oan sjen liet, fergeaten dat net sa gau wer. Der wie him soms ek goed
jild bean, mar de man woe der gjin ôfstân fan dwaan.
Ien fan de minsken dy’t
der wat mear fan sjoen hie wie Sjolle syn heit, de dominy. Van Speint en syn
frou wiene grut mei him. Hy mocht der soms allinne yn omsneupe. En wêr’t it
each fol fan is, dêr rint de mûle fan oer: hy hie der Sjolle faak oer ferteld.
Sjolle brânde fan nijsgjirrigens, dat sprekt foar himsels. Sels hie er noait de
kâns krigen om der yn te sjen, al hie er it Van Speint wolris frege. Mar dy
fertroude him net sa goed as syn heit.
Begjin fan novimber
trof Angenietsje Sjolle by de útfeart fan in mienskiplike goekunde. Hy frege
hoe’t it mei har gong en se sei: ”It falt net ta, tsjintwurdich. Alles wurdt
hieltyd mar djoerder. Ik bin bang dat ik heit syn bibleteek ferkeapje moat om
de holle boppe wetter te hâlden.”
Sjolle hie koart
tefoaren heard dat se in hege hypoteek nommen hie op it hûs en bosk. It fernuvere him dat se no noch mear ferlet fan jild hie, mar dat
gong him fansels neat oan. Hy makke
fuort in ôfspraak, dit moast him net ûntkomme. Se beloofden elkoar dat se der
mei gjinien oer prate soene. De jûns foar’t er yn Harns oan board gong, soe er
komme. Syn bagaazje koe er wol foarút stjoere. It momint kaam him fansels
hielendal net gelegen, mar Angenietsje hie it spitigernôch net earder oan tiid,
hold se fol.
De jûn kaam, en Sjolle
kaam yn in hierweintsje it hiem opriden. Sjirk liet him der yn. Sjolle en
Angenietsje gongen fuort de gong del nei it achterhûs dêr’t de bibleteek wie.
Angenietsje hie in lantearne foar it ljocht want it wie der roettsjuster. De
doar stie heal iepen, de kaai stuts der oan de bûtenkant yn. Mei in breed
gebear wonk se Sjolle om har foar te gean. Hy die twa stappen en foel wreed
foaroer. Hy wie stroffele oer in tinne stieltried dy’t twa hânbree heech boppe
de flier spand wie.
Angenietsje sette de
lantearne del en begong de swiere doar ticht te triuwen. Dat slagge net, want
ien fan de learzens fan Sjolle siet der tusken. Hy wie raar op ’e flier telâne
komd, mar troch syn dikke jas hie er neat brutsen. Hy wie al mei de holle op de
flier stompt en it bloed rûn der út. Earst wie er yn ’e sûs, mar troch it
triuwen fan de doar tsjin syn foet waard er wer wach. Hy begong lilk te wurden,
mar tagelyk bleau er koel en hold er oersjoch. Hy kaam oerein, pakte
Angenietsje by de earm en joech har in dúst tsjin it liif dat se gjin siken
mear helje koe. Doe treau er har oer de drompel en die de doar op slot.
Hy rûn de gong op nei de foarein, dêr’t yn in keamer ljocht brânde om te sjen hoe slim it blieden wie. Mei syn djoere sachte learzens makke er suver gjin lûd. Dêrtroch hearde er noch krekt op tiid dat Sjirk út in tsjustere hoeke kaam. Dom dat er net mear oan dy man tocht hie. Hy draaide him heal om, en sa kaam it, dat Sjirk mei in grouwe kneppel krekt missloech. Sjolle joech him, krekt as er Angenietsje dien hie, in hurde stomp op de lever en skuorde him de keamer yn. Hy fûn in stik guod dêr’t er Sjirk de hannen mei op ’e rêch fêst bûn en sei: ”Sa. En no silst do my presys fertelle wat hjir geande is.”
Sjirk stinde en sei: ”Fan my hearre jo neat.”
”O, jawol,” sei Sjolle.
Hy wie no wer master oer de sitewaasje en de betûfte advokaat. ”Wy kinne no
fuort nei de plysje en de Ofsier fan Justysje gean. Dêr kinst do sizze watst
wolst, mar mei dyn strafblêd leaut gjinien dy, dat do giest dyn libben lang
achter de doarren foar poging tot moord. Sis it mar.”
Sjirk begong wer te
iggewearjen mar tsjin Sjolle koe er lang net op en hy begong te fertellen. De
frou hie him sein dat der minsken komme soene, dy’t hy fan en nei de trein ride
moast en dêr’t er beslist mei net ien oer prate mocht. En hy moast nei de stêd
om kisten, en geandewei wie alles, wat der yn de bibleteek west hie, op ’e
trein set nei ferskate, ek bûtenlânske adressen. De skilderijen en de âlde
meubels wiene sa ek fuortrekke, altyd by jûntiid.
”En fierder?” frege
Sjolle.
”Ik moast stien en sân
en semint helje, en it finster fan de bibleteek ticht mitselje. Wat der oer wie
stiet no yn it achterhûs. Mar ik wist net dat it om jo te rêden wie!” rôp Sjirk
skril.
”Och sa,” sei Sjolle.
”Dus om in oar hie it dy wol goed west. En as jimme klear wiene, wat soe der
dan fierder barre?”
”De frou hat sein dat
se moarn op reis giet. Ik ha seis wiken lean krigen en ik mei it hynder ferkeapje.
En dan kin ik stean en gean wêr’t ik wol.”
”Wat in duvelsk plan,”
tocht Sjolle. ”My hjir omkomme litte en sels ergens oars in nij libben begjinne
mei it jild fan de hypoteek en de boeken en skilderijen. Se moat stapelgek
wurden wêze, fan oergeunst of wit ik wat. Dat hie ik noait achter har socht.
Dat earme stumper.”
Hy pakte de kneppel en
sei: ”Kom, we sille sjen hoe’t it mei de frou giet.” Hy liet Sjirk foarop
rinne. By de bibleteek sette er de foet foar de doar en die dy fan ’t slot en
in lyts eintsje iepen. Angenietsje begong te gjalpen. Tuskentroch frege Sjolle
har oft it wier wie wat Sjirk ferteld hie. Se wie alhiel oeremus en as antwurd
skelde se Sjolle út en misledige syn oansteande. As advokaat wie er wol wat
wend, mar it rekke him slim. Hy wie dochs al frijwat oandien troch de barstende
pineholle fan de klap op de flier en it bloed dat er op syn klean fielde. Hy
hold lykwols de holle der by.
”Ik moat hjir wei,”
tocht er. ”Der is neat mei har te begjinnen. Ik doch de doar op slot en ik lis
de kaai ergens del dêr’t Sjirk dy moarn wol fynt as it ljocht wurdt.”
Ynienen seach er dat
Sjirk de hannen los wrotten hie. De man skeat op de kneppel ôf dy’t Sjolle
tsjin de muorre set hie. Tagelyk pakten se de stok beet, dy sloech wyld hinne
en wer en rekke Sjirk poer tafallich tsjin ’e holle. Hy sakke troch de
knibbels. Angenietsje treau yn it trelyt de doar heal iepen, se kaam der út en
biet Sjolle fûleindich yn ’e hân. Sjolle skopte har hurd tsjin in skonk. Se
liet los en begong har wer te tjirgjen.
”Do bist krekt sa’n
smearlap as dyn heit,” raasde se. ”Dy liet in earlik fanke ek sitte, dêr achter
Dokkum, doe’t er in sjutsje mei jild krije koe!” En dat hie se noait sizze
moatten tsjin in man, dy’t al ta it uterste terge wie. Dat se syn heit en mem
der yn behelle, dat bruts him. Dy âlde minsken dêr’t er, yn triennen, dy selde
middei ôfskied fan nommen hie. Hy koe dat ferhaal oer syn heit wol, fansels.
Mar ek as it wier wie, tocht er, letter. Op dit stuit beslute er oer it lot. Hy
sloech Angenietsje de bibleteek yn en seach noch hoe’t se oer de tried hinne
foel. Doe raamde er de doar ticht en op slot. De kaai die er yn ’e bûse. Hy
joech Sjirk, dy’t noch lei te kreunjen, in tik mei de kneppel.
”Oerein do,” sei er.
”Krij it ark en mitselje. En foar elke stien dy’t my net nei it sin leit krijst
in reis. De bek ticht en avenseare.”
Sjirk die wat him sein
wie, hy wie no deabenaud. In oere letter stie der in muorre dêr’t de doar
alhiel achter wei waard. Sjolle sei: ”En no nim ik dy in ein mei, yn myn wein.”
”De frou sei dat ik jo
koetsier betelje moast en doe is er fuortriden,” sei Sjirk dimmen.
”No, it is oars útpakt
as jimme tochten,” sei Sjolle grimmitich. ”Mar jimme hynder en wein binne der
noch, net? Sjit op, ynspanne. It is ljochtmoanne en ik sil dy sizze wêrhinne.”
Tsien minuten letter
wiene se ûnderweis. Sjolle hold de kneppel yn ’e hân. Ut en troch slûge er
even, mar dat fernaam Sjirk net want dy doarde net heal om te sjen. Yn ’e iere moarntiid holden se stil by in trochreed yn Harns. Sjolle smiet Sjirk de kaai foar de fuotten en sei:
”Ut myn eagen.” Sjirk pakte de kaai en skeat mei it reau de dyk del en in hoeke
om. Wêr’t er bedarre is witte wy net. Net ien Reasylster hat him oait wer
sjoen. In pear dagen letter, yn in skiere nacht, brânde syn húske yn it Speinterbosk
oan de grûn ta ôf. Hoe en wat, gjinien hat der weet fan hân.
Sjolle gong yn it
weardshûs om him wat op te knappen. Letter op ’e moarn kuiere er rêstich en
sûnder om te sjen nei it skip, dat dy middeis útfear en him meinaam nei syn
breid yn Argentinië.
No moat ik jo, as Friezen om utens ûnder elkoar, al even
sizze dat der sûnt dy tiid wat is mei it Speinterbosk. De sinne komt der hast
noait troch de beammen hinne oan de grûn ta, en it is der altyd damp. Der wurdt
sein dat yn de hjerst alle wolken begjinne leech te reinen boppe it bosk, en
der is gjin tongerbui yn it gea dy’t der net in skoft boppe hingjen bliuwt.
Roeken, eksters en ielreagers, dy’t sljocht binne nei hege beammen bouwe der
soms har nêst en lizze der aaien yn, mar healwei it brieden fleane se fuort en
komme net werom. Der steane ek noch âlde appelbeammen en toarnbei- en
krúsbeistrûken yn it hôf. Simmerdeis komme dêr soms jonges op ôf, mar
allegearre krije se pine yn it liif fan de appels en kleie se dat de beien
noait ryp wurde. De kij en de skiep fan de boeren dy’t it lân tsjin it bosk oan
brûke, litte it gêrs by de ôffreding stean. Allinne in âld hynder en suterige
hazzen haffelje der yn om. Mollen komme der ek net.
Der binne hiel wat lju yn de krite fan Reasyl en Eisegea
dy’t sizze dat it der spoeket, dat in wiffe geast dêr gjin frede fûn hat. Foar
ús, as nochtere Friezen om utens is dat fansels praat fan neat. Spoeken leauwe
jo net oan, of jo moatte tafallich sels ien ûnderdak ha. Mar wat is der
tsjintwurdich noch aardichheid oan foar sa’n geast, yn de nijbou of in
âldereinflat?
Yn de gemeenterie waard út en troch roppen, dat it dochs
sûnde en skande wie sa’t de boel der hinne leit. It bosk wie op ’t lêst fan de
gemeente, no dan! De gemeente hat, lang lyn, it bosk oerkrigen fan it Ryk. Dat
wie fan rjochtswegen eigener wurden omdat der nei de lêste eigener gjinien as
erfgenaam opkaam. Der kaam in hege amtner út De Haach om te sjen wat it einliks
wie. Hy wie mar in pear minuten yn it bosk, doe fleach er nei de boargemaster
en hjitte him dat de gemeente it daliks oernimme moast, foar ien gûne. Dy gûne
stiet noch altyd iepen want de gemeente hat noait betelle.
De riedsleden dy’t wat mei it bosk dwaan woene wiene
altyd guons dy’t dêr noch net lang wennen. De oare leden fan de rie knikten dan
froed dat sy it krekt sa fûnen mar it kaam no even net út om der oer te
besluten. En de boargemaster, dy’t dêr al twaëntweintich jier siet, gong
hastich nei it neiste punt fan de wurklist.
Mar der is nijs. By de
lêste gemeentlike weryndieling binne alle doarpen ûnder Trie komd en dêr binne
se net byljeauwich. Der sille yn it bosk trettjin filla’s boud wurde. Minsken
út Reasyl en Eisegea ha de earste keap, mar der hat noch net ien om west. Ryd
der oars takomme maitiid even lâns.
Miskien is it wat foar jo, as jo werom wolle nei Fryslân.
Ynkoarten wurdt it âlde
hûs ôfbrutsen. As it Deibled of de Ljouwerter der oer skriuwe, dan komt dat ek
yn de Apeldoarnske Pinne, dêr kinne jo op rekkenje.