DOET.

 

Tsjalling hie syn libben lang keapman west yn alle soarten guod. Hy hie hannele yn âld izer en hout, yn  bonken, hûden en wol, yn molle-, murde-,  knine- en lammefellen, yn de winter ek wol nochteren keallen. Mar de lêste tweintich jierren hie er him yn it bysûnder talein op húsrie. Hy reizge alle boelguodden yn de omkriten ôf. En hy wie faak de man dy’t der by helle waard as in stjerhûs opromme wurde moast. Dat diene de minsken net omdat se him sa graach leie mochten, want it wie net in ynnimmende man. Mar Tsjalling wie meast de ienige dy’t der foar soargje koe dat it hûs leech rekke en dy’t soms, nei lang seuren en tingjen, ek noch in pear gûne foar de ynboedel jaan woe.

Hy hie in skerp each foar dingen dêr’t in oar de wearde net fan seach. Kammenetten dy’t de erfgenamen as brânhout taksearren, knapte Tsjalling op en ferkocht er foar goed jild oan partikulieren, dy’t al jierren om sa’n seldsum meubel socht hiene. Koperguod dat op ’e souder of yn it hok lein hie te fertutearzjen gong deselde wei. Klean skifte er út en foar moai âlderwets guod krige er noch jild, fan folksdûnsklubs en sa. Skilderijen hie er syn fêste klanten foar. Noait oan hannelers, want hy gunde in oar neat. Hy wie frettende fûl, en hy hie yn de wrâld fan it antyk gjin freonen. Mar dat koe him neat skele.

Hy wenne oan de ein fan de buorren fan Eisegea yn in âlde boerepleats. Dêr hie er alle romte om syn hannel op te slaan. Oan it gebou die er neat, der siet gjin ferve mear op it houtwurk en as it dak lekte hong er binnendoar in pear dekseilen op dat it net op syn keapwaar foel. It stie der grôtfol. Hy die noait wat wei, want it koe nochris jild opbringe, al wie it ek mar in pear kwartsjes. Alles sleepte er der hinne, Oerdeis, mar ek by nacht en ûntiid kamen jo him tsjin, op syn bakfyts of achter syn piipjende karre. Hy waard achter syn rêch wol Tsjalling Weinsmoar neamd, nei de giele bussen fan Kuperus út Snits, dêr’t in man achter in karre op stie. Oan de iene kant: ”Voor het smeeren” dêr’t er dreech oan it triuwen wie, en oan de oare kant: ”Na het smeeren” dêr’t er de karre laitsjend mei ien hân liede.

 

Tsjalling hie trije bern, Jisk, Gerrit en Hitsje. Jisk wie in man dy’t uterlik op syn heit like, swier, mei grutte hannen en fuotten, rûch yn hâlden en dragen, mar fierder folle sêftmoediger. De beide oaren, Gerrit en Hitsje, liken mear op harren ferstoarne mem, lyts en dimmen, al koe Hitsje, as it moast, wol feninich út ’e hoeke komme. Gerrit wie in stille man, dy’t yn it moalfabryk syn wurk die en net it measte fertsjinne. Hy wie troud mei Doetsje. Dy har namme paste net by har. Se wie almachtige bretaal en hie in tonge as in skearmes. Wylst se goed op Gerrit paste, hie hy net in noflik libben by har.

Hitsje wie net troud, en wenne by har heit en broer as húshâldster, nei’t har mem stoarn wie. Jisk hie al troud west, mar dat wie op neat útdraaid en nei de skieding wie er mar wer thúskomd.

By Tsjalling koene Hitsje en Gerrit gjin goed dwaan, en Jisk gjin kwea. Hy skelde him wol geduerich út, lyk as er dat Hitsje en Gerrit die. Mar by Jisk die er it út gewoante, sabeare, as syn eigen soarte fan humor. Jisk gniisde him ek gewoan út en die wat er sels woe. Tsjalling krige gjin fet op him. As er lilk wie op Hitsje, dan tettere dy wolris werom, mar dat hearde Tsjalling net iens. Sy naam dan wer wraak troch fierstefolle sâlt yn it iten te dwaan of it goed oanbrâne te litten. As hy dan poerrazend waard begong se lûd te skriemen en te driigjen dat se harsels tekoart dwaan soe. En dan gong se suver foldien op bêd. Jisk bearde by sokke rúzjes altyd dat er neat hearde.

De ienige dy’t Tsjalling stil krige wie Doetsje. Gerrit en Doet wennen yn it arbeidershúske nêst de âlde pleats. As Tsjalling der lâns kaam wylst Gerrit bûtendoar wie, koe er it faak net litte en meitsje in smeulske opmerking, dat syn dahlia’s der mar suterich bystiene of dat it heech tiid waard om it gêrs te meanen. Gerrit sei dan neat werom, mar owee as Doet it heard hie. Dan stode se it hiem op en naam de âldman ûnder hannen. De buorlju setten doarren en finsters iepen om neat fan de foarstelling te missen. Tsjalling die syn bêst om har werwurd te jaan, mar hy ferlear de slach alle kearen. As er dan op it lêst útnaaide krige Gerrit it oerskot fan har grime oer him hinne.

 

Jisk siet ek yn de hannel. Net yn húsrie en sa, mar yn âlde auto’s en brommers. It hiele hiem en de jister stiene der fol mei, ta argewaasje fan Tsjalling, want dy hie in hekel oan alles dêr’t in motor yn siet. Mar dêr joech Jisk wer neat om. Der wie lykwols in grut ferskil tusken heit en soan. Sa tûk en fûl as Tsjalling wie, sa dom wie Jisk. It gebeurde mar inkeld dat er net jild ferlear op in âld lyk dat er op ’e automerk ferkocht. Tûzen kear rôp Tsjalling tsjin him dat er gjin saken dwaan moast mei hannelers, mar allinne mei boargers, dy’t gjin ferstân fan auto’s hiene. Jisk lake der om en sei dat heit gjin begryp fan de autowrâld hie, in auto wie ommers hiel wat oars as in kammenet. It kaam wol goed, sei er, hy wist krekt wat er die.

En it rare wie, dat syn heit, dy’t oars net ien minske op ierde fertroude, ek noch hast leaude dat it wierlik wol goed komme soe mei Jisk syn hannel. En dêrom soarge er hieltyd dat it jild der kaam dat Jisk mei syn aventoeren kwyt rekke. Dat gong net fansels, natuerlik. Meast rûn it sa, dat Jisk wer in hanneltsje dien hie dat er net betelje koe. Dan liet er it der op oan komme en stjoerde de persoan nei syn heit. Tsjalling tjirge him wol geweldich mar it ein fan it liet wie dat er it út syn eigen bûse betelle. Hy tinge der trouwens hast altyd noch wol wat ôf, dat joech him teminsten noch in bytsje foldwaning.

Sa gong dat jierren troch. Tsjalling fertsjinne goed jild wylst Jisk der in part fan fergriemde. Tsjalling hie al sa wiis west om troch de jierren op te skriuwen wat er foar Jisk útsketten hie. Je wisten mar noait wêr’t it goed foar wie.

Doe kaam Jisk op in dei yn grutte swierrichheden. Hy hie besocht om op de merk in pear beruchte hannelers te beduveljen en dy kamen op in jûn mei in man as seis om ferhaal by Tsjalling. Hitsje wie tafallich in pear dagen útfanhûs by in âlde muoike. De mannen woene net allinne harren jild werom ha mar mear, folle mear. As se har sin net krigen soe it ferkeard ôfrinne. Tsjalling wie oars net gau benaud mar hy hie genôch ûnderfining om te fernimmen dat it mienens wie. Hy joech harren jild mar de mannen fûne dat net genôch en gongen de skuorre yn en tearden de âlde meubels oer de kop. In protte guod rekke stikken, en op in pear plakken fûnen se pakjes jild dy’t Tsjalling dêr yn of ûnder weistoppe hie. Tsjalling en Jisk stiene der by en koene der neat oan dwaan. It is net te beskriuwen wat der troch Tsjalling hinne gong.

Doe’t de boeven op ’t lêst, doe’t it al wer hast ljocht waard, fuortrieden, wie Tsjalling in fjirdepart fan it jild kwyt dat er syn libben lang fergearre en opsparre hie. Dat jild wie it ienige yn syn libben dat er berikt hie, dêr’t er grutsk op wêze koe. En no sa. En dat troch Jisk, de ienige minske dy’t wat foar him betsjutte. Dy wie gûlend op bêd gongen, wylst syn heit oan it lêst ta besocht hie om de skea te beheinen. Tsjalling soe nei him ta, mar hy betocht him. Yn de moarnsskimer rûn er it lân achter de pleats yn, om gjin dingen te dwaan dy’t him letter muoie soene. Op in daam hong er in skoft tsjin de hikke om de disoarder yn syn holle wer yn de macht te krijen. It wie ein fan maaie, de sinne kaam op, hjir en dêr begongen de meanmasinen te rotteljen, wylst it fûgelguod har hearre liet. It wie noch kâld. Hy bekaam. Hy betocht dat er bliid wêze moast dat se him net de hiele boel yn ’e brân stutsen hiene. Want dan wie er alles kwyt west. No hie er dochs noch it grutste part fan syn jild oer. It plak dêr’t er dat opburgen hie, hiene de mannen net fûn, al hiene se der hiel, hiel ticht by west. Op dat momint hiene him de siken stike, mar se hiene gelokkich te dom west om even te tinken.

No moast er witte hoe’t it fierder moast. Yn alle gefallen hie hy altyd fierste gewillich west foar Jisk. Dy koe net op himsels passe, dat hie er einliks altyd wol witten. Hy hie him folle mear koart hâlde moatten, net hieltyd wer de romte jaan.

”Dat moat oars,” sei er lûdop tsjin himsels. Tsjin Gerrit en Hiske oer moast er wol wat regelje. Hy moast beskriuwe wat er oan no ta allegearre foar Jisk betelle hie. En wat er dizze nacht kwytrekke wie, dat kaam ek foar dy syn rekken.

 

De earste dagen seine hy en Jisk neat tsjin elkoar. Jisk ferskûle him meast achterhûs. Doe, by it brea-iten, sei Tsjalling:

”Ik ha opteld hoefolle jild asto my de lêste tsien jier koste hast. En wat dy maten fan dy meinommen ha, dat is dyn skuld, en dêr moatst do ek foar stean. Dêr silst do foar tekenje.”

Jisk sei neat. Syn heit tocht: ”Hy doart net iens te freegjen hoefolle as it is, de earme stomme jonge. Mar tekenje sil er.”

Hy pakte de skuldbrief dy’t er klearmakke hie en skode dy nei Jisk ta.

”No moatst do hjir skriuwe ’Goed foar’, dan it bedrach yn letters en dan dyn hântekening.”

Jisk krige de pinne en die wat Tsjalling him sein hie. Hy seach net op nei syn heit en sei wer neat. Tsjalling die it papier yn in swiere brune slúf en skreau der mei grutte swarte letters ’SKULDBRIEF FAN JISK’ op.

”Dit is tusken dy en my, salang as ik libje,” sei Tsjalling. ”As ik dea bin giet dit nei Gerrit en Hitsje. Ik sil tsjin Gerrit sizze dat der in skuldbrief fan dy is. Dan kinne hy en Hitsje it mei dy ferrekkenje. En noch ien ding: gjin wurd oer wat hjir okkernachts foarfallen is, tsjin gjinien.”

 

Doe’t Hitsje de oare deis wer thús kaam fernaam se daalk dat der wat feroare wie. Heit en broer seine hast gjin wurd tsjin elkoar, en tsjin harsels oer hie Tsjalling suver wat noflikers krigen. Dingen dêr’t er oars fuort lilk om waard liken him neat mear skele te kinnen. Soere sûpenbrij, oansangere griente, de kachel út, hy sei der neat mear op.

”Wat soe er ha,” tocht se, mar se seach en hearde neat dat har wizer makke. Jisk wie al hielendal stil wurden, hy kaam allinne noch yn ’e hûs om te iten en te sliepen. Der moast wat gebeurd wêze wylst sy útfanhûs wie, tocht se, mar doe’t se it, achterhûs, oan Jisk frege skodde dy de holle. Hy gong yn in âlde auto sitten en besocht dy te starten. Doe’t dat net slagge lei er de holle op it stjoer en die de eagen ticht.

 

Men sil noait witte oft it wat mei de foarfallen fan dy slimme nacht te krijen hie, mar in pear moanne letter krige Tsjalling in oerhaal. Hy wie oan ien kant hielendal en oan de oare kant heal ferlamme en hy koe net mear prate. Hy rekke nei it sikehûs mar dêr koene se neat foar him dwaan en sadwaande wie er twa wiken letter wer thús. Hitsje en de suster fan it Griene Krús fersoargen him sa goed as se koene, mar geandewei waard hy minder en minder. Yn oktober like it noch wer in bytsje better te gean. Tsjalling besocht hieltyd om wat te sizzen, mar gjinien koe him ferstean. It lûd dat er makke wie net folle mear as ’aaaaa… aaaaa…’, en hy makke hieltyd gebearten mei syn iene earm. It wie him oan te sjen dat it foar him fan it grutste belang wie om noch wat oer te bringen. Se joegen him potlead en papier, mar de stumper hie gjin stjoer mear oer syn hân. Nei in pear dagen gong er hurd achterút en op in jûn rekke er út ’e tiid.

 

Hy wie noch net kâld doe’t Doet sei: ”Wêr is it jild? Hy hie syn jild noait op ’e bank, no? Dan is it hjir yn ’e hûs. En jimme witte wol wêre, dus foar it ljocht dermei.”

Se sieten yn it keukentsje, oan de ein fan in lange jûn. Dokter wie krekt nei hûs gongen.

Jisk sei neat en seach nei de grûn. Hitsje stoarre Doet oan mei grutte eagen en sloech de hân foar de mûle. Gerrit seach har ek oan en sei: ”Doetsje, no dochs net…”

Se liet him net útprate. ”Hâld do dy der mar bûten,” rôp se lûd. ”Do tinkst dat sy it jild kreas foar dy bewarje sille. Haha, do kinst se net. Mar ik kin se wol. Rekkenje der mar op dat se al lang ôfpraat ha hoe’t se it mei harren beiden ferpartsje sille, dy Hitsje en Jisk fan dy. Of noch better, se ha it al ferparte, fansels. Se ha it de hiele simmer oan tiid hân. Ik wedzje datst hjir yn dit hiele hûs net in sint mear fynst, wêr’st ek sikest.” Se helle siken om fierder te gean, mar se waard ûnderbrutsen troch Hitsje. Dy wie fjoerread wurden en gjalpte sa lûd dat der buorlju fan wekker waarden.

”Do, do… ynkringster! Hoe hellest it yn dyn stomme kop om dat te sizzen! Wêr bemuoist do dy mei! Gerrit hat it hjiroer te sizzen en oars net ien. Do …” en doe kamen der noch folle mear wurden dy’t wy net yn de Pinne lêze wolle.

Doet sette har yn postuer en begong lyksoartige teksten te roppen, doe’t Jisk ynienen oerein kaam, har by de nekke pakte en bûtendoar sette.

”En do hâldst dy ek de b… , begrepen?” sei er tsjin Hitsje.

Nei Gerrit hie net ien omsjoen, dy stie te triljen op syn fuotten en hie de triennen yn ’e eagen.

”Nim har mei,” sei Jisk. ”Ik bin hjir no de âldste en ik sis dat se hjir noait wer binnendoarren komt, of der gebeure slimme dingen. Hiele slimme dingen.”

Ynienen like Jisk mear op syn krekt ferstoarne heit as noait earder yn syn libben.

 

Gerrit kaam de rest fan de nacht net mear oan sliepen ta, dat kin men wol begripe. Doet wie troch alles hinne, omdat se net wend wie dat se har sin net krige. Gerrit krige wol tsien plannen opdiske, it iene noch woester as it oare, dy’t hy folbringe moast om syn broer lytsman te meitsjen. Hy lei der neat tsjinyn, hy wist dat elke réaksje fan him in nije wurdefloed úthelle. Mar hoe lûd en wis se ek prate, hy fernaam wol dat se kjel wurden wie fan Jisk syn hurde hannen en wat er oer har sein hie. Doe’t se einliks stil waard slûpte hy de doar út, nei syn wurk, om dêr wat te bekommen. Hy ornearre al dat hy der mei Jisk oer prate moast, want hy wie der ek wis fan dat der jild wie, en miskien ek noch wol in protte. En dy skuldbrief fan Jisk, dêr’t syn heit him dy simmer oer ferteld hie, dy moast ek boppe wetter komme. Dêroer hie er gelokkich neat oan Doet ferteld, want dan hie der hielendal gjin rie ta west. Wêr’t dat papier wie hie er gjin idee fan, want dat hie Tsjalling net sein. Dy hie ornearre dat jo mar noait wisten wat der gebeure koe en dat in geheim it feiligste ûnder ien minske bliuwe koe. Dêr bedoelde er himsels mei. As it safier wie soe er it wol op tiid meidiele, hie er sein. Mar no hie de tiid Tsjalling ynhelle, en gjinien fan syn bern wist hoe en wat.

In pear dagen nei de begraffenis gong Gerrit op in jûn nei de pleats en fûn Jisk tusken syn âlde auto’s. Dy wie noch hieltyd frijwat oandien, lyk as ek al doe’t Tsjalling machtleas op bêd lei en him oanienwei oanseach. It slimste foar him wie dat hy mei net ien prate mocht oer wat der dy nachts, in pear moanne lyn gebeurd wie. Doe’t dan syn jonge broer Gerrit ferskynde en op syn eigen, foarsichtige manier frege oft sy net ris prate koene, beslute er dat hy Gerrit it ferhaal mar fertelle moast. Hy joech ferslach oer de oerfal, al fertelde hy der net by dat it mannen út de autowrâld west hiene en dat hy it sels útlokke hie. Sa moedich wie er net. Hy wie trouwens ek benaud dat Gerrit it oan Doet fertelle soe, op ien of oar momint, en dan wie de ein wei. En dat hy in skuldbrief tekene hie, dat besocht er sels ek te ferjitten. Mar hy wie it mei Gerrit iens dat der noch jild wêze moast, en se praten ôf dat se mei harren beiden de hiele ynventaris trochsykje soene.

 

Gerrit naam twa dagen frij by it moalfabryk en yn dy twa dagen kearden hy en Jisk alle húsrie, klaaiïnge, skilderijen en oare dingen om en om. Op in pear hûndert gûne nei fûnen se neat. Se gongen elke meter fan de âld pleats troch, fan de kelder oant de souder, fan de opkeamer oant it lyts bûthûs en it weinhok, neat. Se klommen nei de hoannebalken en it ûleboerd, mar it levere neat mear op.

Se brutsen har de holle oer wat Tsjalling yn syn lêste dagen hieltyd wer besocht te sizzen mei syn: ’aaaaa… aaaaa…’. As dat al te krijen hie mei weistoppe jild, wat koe dat betsjutten ha? Se sieten by Hitsje te teedrinken doe’t Gerrit har frege oft sy nochris foardwaan koe hoe’t heit de lêste tiid maneuvele hie. Hitsje liet har eagen wyld rôlje, rôp: ’aaaaa… aaaaa…’ en treau hieltyd de hân fan har ôf. De mannen seagen der nei en skodden de holle.

”Ik ha wolris tocht dat it like oft er in laad ticht treau,” sei Hitsje.

Jisk en Gerrit seagen elkoar ferheard oan. Doe skeaten se oerein, nei de skuorre. Alle húsrie hellen se de laden út en beseagen se fan foaren nei achteren en fan ûnderen nei boppen. In healoere letter wiene se noch like fier. Se gongen wer nei Hitsje. Dy hie ûnderwilen ek neitocht.

”It is miskien te healwiis om oer te praten,” sei Hitsje. ”Mar op skoalle hat meester ris in boek foarlêsd, dat gong oer in skat. Dy siet yn in geheim laad yn in kast, mar jo moasten hiel goed sykje om it te finen. As jo net wisten hoe en wat, dan moasten jo it hielendal ôfbrekke om der by te kinnen.”

Se seagen elkoar wer oan. ”Ik tink dat it ús lêste kâns is,” sei Gerrit nei in skoftsje. Jisk knikte. Hy hie der by stien yn de nacht dat de automannen in mennich kasten yn elkoar trape hiene dy’t Tsjalling letter wer oplape hie. Mar der wiene ek in stik of wat grutte meubels dy’t hiel bleaun wiene. Dy moasten se dus ha.

”Ik sil wat ark helje,” sei Jisk.

Yn de oere dêrnei brutsen se trije skoandere kammenetten oan de grûn ta ôf. It wie al let op ’e jûn, se wiene wurch en moedeleas en dêrtroch rûch. Se skansearren folle mear as noadich wie, en it koe harren neat mear skele. Mar wrachtsjes, yn it lêste meubel siet ûnder in grut laad noch in lyts ferstek mei in klepke. Dat wie sa knap weiwurke, dat jo it hast net sjen koene, ek net as jo it grutte laad der úthellen. Alle trije holden se de siken yn.

Jisk die de klep omheech. Se stoarren yn in fjouwerkant bakje. Der like smoargens yn te sitten, net te sizzen wêrfan, en spinreach. En fierder neat.

Jisk kletste it op ’e grûn en wâde it yn splinters.

 

Elke dei as Gerrit thúskaam moast er Doet alles fertelle wat se dien hiene. It brânde har yn om sels nei de pleats te gean, mar se doarde net. De skrik foar Jisk siet der noch goed yn. Dêrom krige Gerrit elke kear in preek oer syn sleauwens en syn goede leauwen oan de oprjochtens fan Jisk en Hitsje. Sels hie er dêr ek wol twifels oer, mar hy koe net betinke wat er oars dwaan moast. Mar Doet woe net leauwe dat der gjin jild wie. Se wist hiel goed dat Tsjalling in betûfte keapman west hie. Dy moast mei syn fûlens wol in protte jild opsparre ha. Dat tocht Gerrit trouwens ek. Se hold net op om der tsjin him oer troch te ketterjen. Gerrit skikte him lyk as altyd sa goed mooglik om de leave frede.

 

Op in sneontojûn sakke yn syn hok de tafel ynelkoar, dêr’t er faak nifelwurk op die. It kaam him yn it sin dat er op de pleats in âlde tafel stean sjoen hie. In sljochtwei tafel, skurf en sûnder wearde foar de hannel. Hy stie ergens achteryn de golle, heal bedobbe ûnder rommel dêr’t Tsjalling oars gjin plak foar hie. Hy gong nei Jisk, dy wie it bêst en mei harren beiden droegen se de tafel nei Gerrit syn hok. Dêr kaam Doet de doar út.

”Wat dochst do hjir,” rôp se. ”My fan de pleats traapje en dan mei dyn smoarge grutte p….n hjir op myn hiem omstrune. Fuort! Fuort!”

Jisk lake lûd en sei: ”Bêst, hear.”  Hy sette de tafel op ’e grûn en rûn deun by har lâns werom nei de pleats.

”Ik wol dat ferr… ding hjir net ha,” raasde se. Se stompte der mei har folle gewicht sa fûl tsjinoan, dat twa fan de poaten der ôfbrutsen. Doe draafde se yn ’e hûs en kaam werom mei lúsjefers en in peteroaljekanne fan Zoovele fan Drachten. Even letter brânde de tafel as in liere. It wie al hast tsjuster, de lôge en de fûnken wiene fan fierren te sjen. Doet gong foldien yn ’e hûs, Gerrit achter har oan, de holle foardel. In healoere letter gong it fjoer fansels út.

 

Doe’t se de oare sneintemoarns nei bûten seagen wiene der in pear buorljusbern op en om it hiem hinne oan it sykjen. Se wiene tige optein en makken in soad leven. Der kamen ek hieltyd mear by. Gerrit rôp se oan en se lieten him sjen wat se fûn hiene. Flinterkes papier, snipperkes. Mar dat it jild west hie, dat koene de lytsten ek noch wol sjen.

Doet fleach it hiem op. Se pakte in pear fan de bern en skuorde harren de stikjes út ’e hannen, mar it guod ferpolvere har yn ’e fûst. Se wie lûd oan it roppen en de hiele buert kaam der op ôf. Ek Jisk en Hitsje kamen bûtendoar, en snapten, lyk as Gerrit en Doet, wat der gebeurd wie. Dat der yn dy keale skurve âlde tafel ek in geheim laad sitte koe hiene se noait by stilstien.

Doe’t Doet Jisk en Hitsje dêr stean seach brutsen alle diken troch. De buorlju dy’t it oanhearden snapten der net folle fan, mar wat se der fan meikrigen wie dat it allegearre de moedwil en skuld fan Jisk en Hitsje wie dat it jild fan Tsjalling no de loft yngongen wie. Gerrit stie der by en skodde de holle. Se murk it en draaide har om en joech him de folle lading. Hy sei mar neat. Lyk as altyd, as Doet sa oan it bekjen wie, stoarre er sleau by har lâns. En sa seach er dat Jisk oer it stekje stapte en nei de trijekwart opbrânde tafel rûn. Mei de hannen yn ’e bûsen skopte hy der ûnferskillich wat yn om. Ynienen bûgde er foaroer. Doe’t er wer rjocht stie hie er in suver noch geve brune slúf yn ’e hân. Der liken in pear grutte swarte letters op te stean. Gerrit koe sa gau net sjen wat der stie, mar hy begriep wol wat it wie. Jisk stuts de slúf by syn jas yn en seach even de kant út fan Gerrit en Doet, dy’t mei de rêch nei him ta stie. It like suver oft er tsjin Gerrit gniisde. Doe kuiere er yn alle frede wer nei de âld pleats ta.

Gerrit seach him nei. Troch Doet har driuwen, al in moanne oanien, wie er it hielendal sêd wurden. No’t it jild opbrând wie, wie dy skuldbrief fan Jisk ek gjin stoer mear wurdich, ornearre er. Om him mocht Jisk it hiele ding yn ’e kachel triuwe. Hy soe him der net nei freegje.

Want it wie him sa wol nei it sin. No’t der neat mear wie, wie der ek neat mear om oer te tsieren. Doet wist no ek dat der hielendal neat mear oan te ferbetterjen wie. Sy soe neat mear betinke hoege wat hy syn broer en suster oandwaan koe. Einliks frede, no ja, hjir dan oer.

En sa kaam it dat Gerrit even letter oan de breatafel, wylst Doet noch hieltyd oan it leechrinnen wie, der hiel ferromme by siet te glimkjen. Syn snein hie wol minder begjinne kind, fûn er.