Greult.
Greult
Bosma wenne syn libben lang yn Reasyl. Syn heit hie molkfarder west by it
bûterfabryk en syn mem hie in winkeltsje hân yn jern en bân. Hy koe goed leare
en hy hie graach skoalmaster wurde wold, mar dat koe net lije. Yn pleats dêrfan
bedarre er op syn fjirtjinde op it kantoar fan de notaris. Dêr wurke er him op
ta earste klerk. Mar tolve jier lyn wie de notaris mei pensioen gongen. It
notariaat yn Reasyl waard opheft en gearfoege mei dat yn Trie. Foar Greult wie
dêr allinne plak as twadde man, en dêr hie er gjin sinne oan. Al jierren
fertsjinne hy der aardich by mei rjochtskundige adfizen op terreinen dêr’t de
notaris sels net wurke, lyk as arbeidersrjocht en leanbelesting. Hy en syn frou
hiene altyd kloek libbe en har ienige dochter Klaske wie de doar al út. En syn
baas hie, better as Greult ferwachte, foar him ek noch wat fan in pensioen
regele. Dat hy taksearre dat hy him wol rêde koe.
Dat
wie ek bêst slagge. Al gau hie er in apart kantoarke oan syn hûs bouwe litten,
omdat er it hieltyd drokker krige. Hy fernaam dat hy it sa folle better hie as by
de notaris. Hy hie it fansels al lang
tefoaren dwaan moatten. Mar hy paste goed op himsels. Hy naam net mear klanten
as er sûnder personiel oan koe. En hy wurke ek mar koarte dagen. De tiid dy’t
er oer hie, bestege er oan reiskes en oan alle soarten doarpsaktiviteiten. Hy
siet oeral yn. Sa’t men sei: der koe yn Reasyl net in kat strûpt wurde of men
moast him der by ha. Om him hoegde dat net, mar hy waard altyd oeral foar
frege. It ienige dêr’t er net oan mei die wie de polityk. Alle partijen hiene
wol by him oan de doar west, behalve de kommunistyske, dêr’t er by alle
ferkiezingen wol op stimde. Mar Greult sei dat hy foar elkenien neutraal bliuwe
woe.
Hy
wie in menear, in man dy’t jo net oer de holle sjen koene. Hy wie lang en
aardich swier, mei in grut bosk wyt hier. Op syn rjochte noas droech er in bril
sûnder rânen. Syn mûle stie earnstich en tagelyk net ûnfreonlik. Hy wie altyd,
bûtendoar en by oaren, mar ek yn syn eigen hûs, kreas yn ’e klean. In skjin
boesgroentsje, in passende strik, in netsjes jaske, tear yn ’e broek, de skuon
poetst. As it wiet wie droech er in hoed en in paraplu. As er troch de buorren
fytste siet er rjochtop, ek as er yn ’e wyn hie.
As
hy by in gearkomste der yn kaam seagen de minsken nei him om. En as hy it wurd
naam, waard it fansels stil. Dat wie net omdat er lûd prate, dat die er noait.
Ek net omdat er in swier lûd hie, dat hie er net, in gewoane bariton. Wol,
omdat der grutte wissichheid en evenredigens fan útgong. Hy brûkte gewoane
wurden, die net geleard. Dy’t nei him hearden hiene it gefoel dat it net oars
wêze koe lykas Greult Bosma it útlei, dêr hoegden jo fierder net oer te
twiveljen.
Yn
de mienskip fan Reasyl wie Greult Bosma grif de man dy’t it aldermeaste fan de
minsken ôf wist. En dan spesjaal fan dyjingen dy’t in bytsje, of mear as in
bytsje jild hiene. Fan de tiid ôf dat er by de notaris wurke wist er alles fan
alleman, oer besit en skulden, oer haat en niid, ek oer yntime ferhâldingen
dy’t oan oare bûtensteanders foarby gongen. It spruts foar himsels dat hy
dêroer sa ticht as in pot wie. Gjinien
soe oait fan him hearre, wat der skûle achter it nuvere hâlden en dragen fan
Kees en Jeltsje tsjin Harmen en Feikje oer. Mar Harmen en Feikje en Kees en
Jeltsje wisten hiel goed dat Greult it al wist. En sa’t minsken dan binne,
wiene se ree om harren hiele hawwen en hâlden oan him ta te betrouwen, want
Greult, dêr koene jo op oan.
En wat is der yntimer as jild?
It
kantoarke fan Greult hie in eigen yngong, mei in lyts foarkeammerke, dêr’t de
minsken de jas ophingje koene en de klompen delsette. Hoewol, der kaam einliks
noait ien op klompen, altyd hiene se even de skuon oan dien. As de minsken der
yn kamen krigen se in stoel achter in hege tafel. Oan de oare kant siet Greult,
mei de rêch nei it finster. Dat finster wie op it suden, de besikers dikeren
tsjin it ljocht yn en seagen Greult syn gesicht mar heal.
Dan
waard der besteklik praat oer de swierrichheden fan de klant, oer kwestjes mei
personiel, oer belesting en ferskate oare saaklike oangelegenheden. Greult
joech mei syn grutte ûnderfining goede rie, praktyske oplossings dy’t pasten by
de persoan en de sitewaasje. De besiker, dy’t dêrfoar al fan in protte oaren,
de frou, famylje, freonen, in soad healwize útwegen foar syn probleem heard
hie, fielde him eindlik foldien dat der no ien wie dy’t goed nei him hearde en
de swierrichheden ek snapte. En soms waard de klant dan fertroulik.
”Net
om ’t iene of ’t oare, Bosma, mar as ik wat jild oer hâld, jo begripe wol, wat tinke
jo dat it bêste is om dat te belizzen?”
”Dat
moatte jo op ’e bank sette, en se dêr freegje wat it bêste is. Dy ha der
ferstân fan.”
”Ja,
mar, dan moat ik it earst oanjaan by de belesting.”
”O,
sa, bedoele jo dat,” sei Greult. Hy gong noch rjochterop sitten as er al die,
en seach de klant string oan.
”Kees,
jo wolle de ferkearde wei op. Dat moatte jo net dwaan.”
”No
ja, ik tocht, jo witte miskien...,” besocht Kees it noch ris.
Greult
stuts de hân op. ”Ik wol der net mear oer hearre. Hâld jo oan de wet, Kees.”
Dan,
in bytsje mylder: ”Trouwens, ik bin gjin bankier of sa, ik hâld my fier fan
jildsaken. Kwestje fan begjinsel, oerholden út it notariaat.”
En
mei dy les gong Kees werom nei hûs. Dêr fertelde er it oan Jeltsje en oan syn
buorman dy’t de Ljouwerter brocht, want hy wie in praatske man. Se wiene it der
oer iens dat Bosma de rjochtskepenheid yn persoan wie, heegstens in hiel lyts
bytsje wrâldfrjemd.
Mar
de oare deis kaam Freark, in âlde rintenier, by Greult. Nei wat begjinpraat oer
it waar en de wrâld kaam er ta de saak.
”Ik
ha beide pleatsen yn de Lege Geaën ferkocht foar in heal miljoen. Ik woe ris
prate wat it bêste is om dat te belizzen.”
It
wiene deselde wurden dy’t Kees de deis tefoaren ek brûkt hie. Mar no die Greult
hiel wat oars.Hy stoarre oer Freark hinne nei it skilderij oan de muorre, in
donker byld fan in tongerbui boppe in doarp. Syn hannen hie er yn elkoar ûnder
de tafel, hy knypte sa fûl dat syn knokkels wyt waarden en hy in skoat yn it
boarst fielde, mar syn gesicht ferrette neat. Hy helle djip siken en sei:
”Jo
wolle dat jild út ’e wei ha, nim ik oan?”
”Ja,”
sei Freark. ”Ik wol de frou en har famylje der bûten hâlde.”
Greult
knikte. Hy wist wat Freark bedoelde. Dêr, yn de Lege Geaën, hie Freark, lang
lyn, in natuerlike soan krigen by de frou fan de boer dy’t in pleats fan him
hierde. De frou wie jong stoarn, de man dêr’t se mei troud west hie wist net
better of de jonge wie fan syn eigen fleis en bloed. De relaasje wie noait
útlekke. By syn eigen frou hie Freark gjin bern. Hy hie by testamint syn hiele
besit tatocht oan de jonge. Greult hie yndertiid by de notaris sels dat
testamint skreaun, en Freark hie him doe de achtergrûn ferteld. Greult koe de
jonge wol, hy wenne en wurke yn Trie. Oft dy op ’e hichte wie mei syn eigen
ôfkomst wist Greult net.
”Ik
tink dat de effektebank ’Confidentia’ foar jo de oplossing is,” sei Greult.
”Effektebanken binne net allegearre like fertroud, mar fan dizze doar ik wol
sizze, dat jo der op oan kinne.”
Hy
die in taast yn in laad en joech Freark in folder oer de bank. Underwilens lei
er út wêrom dizze bank te fertrouwen wie, hoe goed dy de klanten beskerme en
geheim hold en hokker hege rindeminten der útkeard waarden. Freark wie tige
ûnder de yndruk. Hy sei dat er him beriede soe en gong nei hûs.De oare deis
skille er en sei dat hy it jild op de rekken fan de bank stoar-te soe. En oft
Greult de formaliteiten foar him regelje woe.
Mei
Freark derby wiene der fiif ynlizzers, dy’t harren jild troch Greult oan
’Confidentia’ tabetroud hiene. Mei-inoar mear as in miljoen gûne. It wiene twa
rinteniers, twa widdowen en in âldfaam dy’t Greult allegearre koene fan it
notariskantoar. Elk hie syn eigen reden om it jild stil te hâlden, en Greult
wist it allegearre. It wie begongen mei de âldfaam dy’t in erfskip krigen hie.
Se fertrouwde gjin ien bank mar se woe it jild ek net yn ’e hûs hâlde. Se treau
it Greult suver yn ’e hannen. Hy beprate de frou om har jild feilich yn
’Confidentia’ te belizzen. Dêr koe er sels foar yn stean, hie er sein.
Yn
de lettere jierren wiene der noch fjouwer rike lju nei him ta komd. Hy hie se
lokke, mar hiel foarsichtich, sûnder dat se der erch yn hiene dat se lieden
wiene. In wurdsje hjir, in glimke dêr, in suver ûnmerkber knikje. De wichtigste
ynlizzer, dêr’t er al de jierren op hope en wachte hie, wie Freark.
Greult hie himsels altyd yn ’e
macht. As jonkje fan fjirtjin op it
notariskantoar wie him yndruid dat hy syn emoasjes ynhâlde moast. Hy hie mar
fatsoenlik te bliuwen, hoe min er ek behannele waard troch de klerken en de
notaris en ek noch troch dy syn frou. Dy brûkte him foar it smoarge wurk yn hûs
en hiem, dêr’t de faam fiis fan wie. Hy wie goed selsbewust, mar hoe faak as er
der ek mei ophâlde woe, hy koe it net, want syn mem wie widdo wurden en koe it
skiterige bytsje jild dat hy ynbrocht net misse. Twa jier lang hie it duorre,
doe gong de notaris dea, ta Greult syn segen. De nije notaris wie in goede man,
dy’t gau murk hokker kwaliteit der yn Greult siet. Hy krige alle kânsen en hie
se ek brûkt. Mar dy twa jier hiene him foar altyd tekene. Hy hie der in haat,
net te fiemjen sa djip, fan oerholden tsjin elk dy’t syn machtposysje brûkte om
in oar te fernederjen. En ek in grutte minskekennis en in bûtengewoane
selsbehearsking. Dat wie de grûn fan syn macht om syn eigen oardiel altyd foar
him te hâlden, en elke rol te spyljen, dy’t fan him frege waard of dy’t er
himsels oplei. Hy wie in perfekte diplomaat, dy’t elk leauwe litte koe wat er
se fertelde en foarspegele.
Greult
stjoerde oan elk fan syn fiif ynlizzers om it healjier in prachtich ferslach,
dêr’t se oan de lêste sint ta op sjen koene hoe’t harren kaptaal wer groeid
wie. Jierliks waard der by allegearre mear as tsien persint byskreaun, soms wol
fyftjin. De klanten wiene dêrom ek bûtengewoan tefreden oer harren ’Confidentia.’
Begjin
fan it jier 19.. stjoerde Greult syn ynlizzers allegearre wer in moai oersjoch
fan harren kaptaal. Ien fan harren, Pier, skille him om te betankjen, mar sei
der by dat de bern harren part fan it jild ha woene, no’t syn frou stoarn wie. Oft Greult syn
kaptaal dus weromstoarte woe op syn eigen bankrekken. Greult sei dat it
ferkeapjen fan de ferskate oandielen wol even duorje koe, ek al omdat de beurs
net sa geunstich wie. Dat woe Pier wol oan. En sa ferrûne der fjouwer moanne,
ear’t Pier begong te krimmenearjen. Greult gong by him op besite en beprate him
noch wer. Ein fan july sei Pier dat syn bern it jild no ha woene, en doe sei
Greult, dat er siik wie en der dalik wurk fan meitsje soe er er wer better wie.
Mar Pier sei dat it geduld fan syn bern en himsels op wie.
Greult
wie yndied siik, hy koe hast neat mear. Hy hie it al jierren slim oan it hert.
Hoe slim ferswijde er, ek foar syn frou. Elk jier liet er him ûndersykje yn
Grins, en krige er te hearren dat er faai wie foar in hastich ein. De brief dy’t
er dan mei krige foar de hüsdokter smiet er fuort en hy makke him wiis dat de
professor foarearst gjin swierrichheden ferwachte.
De
lêste kear, dat er dêr west hie, hiene se op syn driuwend freegjen sein dat er
net op mear as in healjier rekkenje koe. Hy hie der frede mei. As er syn libben
oereage, dan fûn er dat it better kind hie as er yn syn jeugd net sa knoeid
wurden wie. Dat wie syn obsesje, dêr joech er alle skuld oan. Hy hie iepener yn
de wrâld stien kind, tocht er, fan bûten en binnen deselde, net altyd in masker
foar. Mar sa’t it no ienkear rûn wie, hie er der dochs wat fan makke. Dat er in
min hert hie, dat wie it lot dat jo mar te nimmen hiene.
En
it heechste doel yn syn libben hie er berikt, fûn er. Alle jild fan syn fiif
ynlizzers wie fuort, oant de lêste sint. Greult hie it allegearre ferdield
ûnder ynstellings fan goede doelen. Trije yn Reasyl, in mennich yn Fryslân en
ferskate yn Nederlân. De bank ’Confidentia’ hie allinne yn syn eigen geast
bestien. Der wie in postbus yn Amsterdam, in girorekken mei in pear gûne der
op, en briefpapier en in folder dy’t er by in drukkerke yn Grinslân meitsje
litten hie. Foar himsels hie er der neat fan brûkt en syn frou en dochter hiene
der noait in aan fan hân wêr’t hy mei dwaande wie.
In
wike nei Pier syn lêste telefoantsje skille doarwarder Jelle út Trie oan.
Greult die de doar iepen en waard kjel, it hert sloech him yn de kiel mar hy
bleau oerein. Jelle easke de oandielen fan Pier op, binnen achtenfjirtich
oeren. Hy wie in man dy’t lyk as elk altyd grut respekt foar Greult hân hie.
Doe’t er syn boadskip dien hie sei er:
”Wat
ha jo, Bosma? Ik wol jo wol earlik sizze, ik wist net wat my oerkaam doe’t ik
hearde dat ik mei dit boadskip nei jo ta moast. Jo sjogge der út as in geast,
en op myn eksploat sizze jo net in wurd. Wat is der te rêden?”
Greult
glimke pynlik. ”Der is neat mear te rêden, Jelle. It is om en oer, myn hert
stiet omtrint stil. Gean sitten. Ik sil it dy allegearre fertelle. Ik ha it
opskreaun, dat ik neat ferjit. Do kinst it ferhaal strak meinimme.”
Hy
begong it papier foar te lêzen, stadich, mei stille skoften der tusken. Wa’t
syn fiif ynlizzers wiene en mei hoefolle jild. En dat dêr net in sint fan oer
wie. Doarwarder Jelle, in man dy’t oangeande jild fan alle wetters wosken wie
hie dit noch net earder meimakke. Doe’t Greult wer even ophâlde moast sei er:
”Mar wêrom, Bosma? Wêrom ha jo dy minsken har jild fer-tsjustere? Sieten jo sa
ferlegen?”
Greult
gniisde muoilik. ”Nee, ik ha noait ferlegen sitten, ik koe wol op mysels passe.
Dat moast ek wol, doe’t myn heit stoar en ik de kost mei fertsjinje moast. Doe
wie ik fjirtjin jier.
Heit
wie molkfarder, op in iepen pream mei in oanhingmoterke. Dat ding wie faak
stikken en dan moast er boomkje. Dan wie er oeren ûnderweis. Foar in bytsje
lean. Doe’t er weirekke wie er fjirtich jier, en hast fyftjin jier fêst by it
bûterfabryk. Dat fabryk dêr’t Pier direkteur fan wie. En wat sei Pier? It
pensioen foar in widdo jildt allinne as har man fyftjin tsjinstjierren fol
makke hat. Fjirtjin jier en acht moanne? Spitich mar sa stiet it yn ús
reglemint. En dy trije jier dy’t er foar dy tiid as los arbeider yn it
tsiispakhûs wurke hat, nee, dy hoege wy net mei te tellen. No goed, ús mem
krige acht wikeleanen, en dêr moast se ek noch in betankbrief foar skriuwe. Mei
syn oardel ton hat Pier dat noch lang net goed makke.
En
dan doktersmefrou Bontekoe. Och, se hie altyd sa’n nocht oan hantwurkjen. Us
mem mocht it materiaal leverje. En frou Bontekoe fielde har net te heech om
sels by ús yn it winkeltsje te kommen. Dan kocht se in bytsje, en naam folle
mear mei. Mem
seach hoe’t se it yn ’e tas moffele, mar se doarde neat te sizzen want wy hiene
skuld by dokter. It is úteinlik
ferrekkene mei har oardel ton.
En
’sidene’ Hindrikje, dy kinst ek wol, altyd âldfaam bleaun. Doe’t ik by de
notaris kaam moast ik kreas yn de klean, fansels. Mem hie it jild net, mar
Hindrikje woe har wol hûndert gûne liene. Elke moanne moast ik har alve gûne
bringe, tsien kear achter elkoar. Do kinst ek rekkenje, Jelle, do witst ek dat
dat delkomt op 22% rinte. Fan in earme widdo. Mar dat hat se werom jûn, mei
rinte op rinte, yn dy twa ton.
En
dy eptige notarismefrou, wat is dy ek al wer lang widdo. Se wurdt wat staf,
ha’k heard. Soe se noch wol witte dat har man mei in liif fol drank mei de auto
ûnder de trein rekke by Haskerdiken? As jongste betsjinner op it kantoar moast
ik elke moandei komme om it húske te himmeljen dat hy der ûnder koarre hie en
soms noch slimmer as dat. De faam woe it net dwaan, dy sei, dan gean ik hjir
wei. Dat koe ik net sizze, want mem koe myn sân gûne wyks net misse. In
slavelibben hie ik dêr, mar letter fûn mefrou my goed genoch om op har jild te
passen. Likegoed, foar wat sy en dy notaris my oandien ha is dy twa en in heale
ton noch de helt te min.”
Geandewei
wie er lûder begongen te praten. Syn holle wie read wurden. Jelle seach it en
rôp: ”Bosma, yn de goedichheid, wyn jo net sa op! Tink om jo hert!”
Greult
hime swier. ”Freark, mei syn heal miljoen, dêr moat ik it noch oer ha. Freark,
dy rike boer op ’e ein fan heit syn molkrûte. Dêr begong it allegearre mei. Op
dy moarn yn febrewaris kaam heit oan de bûthûsdoar. Der wie in drege keallerij
geande en de bisten wiene ûnrêstich. En Freark raasde: ’Wy kinne dy der net by
ha. Der út!’
Doe
hat er heit in healoere bûtendoar yn ’e stjerrende kjeld stean litten. Dy jûns
wie er ferkâlden. Twa dagen letter hie er longontsteking. En noch twa dagen
letter wie er dea.
Dat
hat Freark him oandien, Jelle. Om in nochteren keal hat er myn heit ferrekke
litten!”
Hy
sakke achteroer op syn stoel. Jelle tocht even dat dit de ein wie, mar Greult
waard stadichwei kalm. Der kaam in djippe rêst oer him, no’t er syn swiere
gemoed utere hie.
In
pear minuten wie it stil. Doe sei Jelle: ”Ik kin der net by dat Freark sa’n
wrede man wie. Dat witte jo dochs,
Bosma, dat myn heit en mem op in pleats fan him wennen. Hy kaam in protte by ús
oer de flier, doe’t ik noch sa’n jonkje wie. Foar ús heit en mem wie hy in
goede lânhearre en foar my suver in omke. Ik begryp it net.”
”Minsken
ha soms mear as ien wêzen, Jelle. Dat sjochst wol oan my,” sei Greult. ”Ik wit
ek wol dat Freark net oan alle kanten min wie en hy sil wol oer syn toeren west
ha, dy moarns yn febrewaris. Mar ik ha troch him wol myn heit ferlern, en myn
mem har man.” Hy stoarre Jelle rjocht yn it gesicht. ”Dat Freark wiis mei dy
wie en goed op dy paste, dat stiet him te priizgjen.”
It
waard wer stil. Op ’t lêst, út him sels, flústere Greult: ”Alle jild is goed te
plak komd, Jelle. By de ynstellings dêr’t it hinne gongen is wit gjinien wêr’t it wei kaam.
Do silst it ek net werom fine. Ik jou it
dy yn hannen om myn hiele ferhaal oan myn ynlizzers oer te bringen. Sis der by
dat ik der gjin spyt fan ha. Allinne om dy begruttet it my.”
”Hoe
sa, om my?” frege Jelle, mar Greult hearde him net mear. Stadich glide er út
syn stoel op ’e flier.
Hiel
Reasyl wie by de begraffenis. De helt fan it folk stie op it hôf want de
tsjerke koe se lang net hâlde. Elkenien ferwachte in moaie lange tsjinst. Mar
Jelle hie alles opkeare kind. Dominy makke it koart, der kamen gjin oare
sprekkers oerein en Greult waard suver hastich yn syn grêf treaun.
De Reasylsters fûnen dat
tige nuver by sa’n foaroansteande man. Der waard noch tiden oer praat, mar net
ien bûtensteander fernaam wat der te rêden west hie. Dy’t it al wisten holden
de mûle stiif ticht. Sadwaande binne jimme de earsten dy’t de hiele wierheid te
witten krije.