Tweintich.
”Ik ha
der oars altyd wol frede mei as der dingen oerbliuwe dy’t net ferklearre binne.
Ik kin der wol om sliepe, want elke saak moat in kear nei de souder. Dat wol
net sizze dat jo it hielendal ferjitte, mar jo moatte no ienkear fierder. Mar soms
komt it jin wer yn it sin, en dan stinne je der dochs wer op om. Lyk as hjoed ek.”
Sjoerd
seach nei syn beide maten oan de tafel yn de herberch. Se hiene te aaisykjen
west yn de Eisegeaster bûtlannen. Ut Reasyl wei wie dat in healoere mei in
motorboatsje. Se wiene goed ferklomme op de weromreis, mar se hiene hiel wat
aaien fûn en wiene tige tefreden, foaral nei it goede iten en drinken dat se
ynnommen hiene. Se wiene stúdzjegenoaten, juristen, allegearre om de fiifenfyftich
jier. Klaas wie rjochter en Knilles wie boargemaster. Sjoerd sels wie advokaat.
It wie noch net sa let, se hiene it oan tiid en sa kamen der ferhalen los.
”Doe’t
wy niis by dat eilantsje lâns kamen fleach it my wer oan,” gong Sjoerd fierder.
”Wat my dêr fiifentritich jier lyn oerkomd is, dat ha ik sels noait begrypt. Ik
ha dy ûnderfining al dy jierren foar my holden, ik ha it noait oan wa ek
ferteld. Mar it moat der no mar ris út. Ik ha it foar mysels altyd it
mystearje fan de Sikkepôle neamd. Der moat, lyk as by elk mystearje, in ferklearring
foar wêze, mar ik ha dy al de jierren noait betinke kind. Jimme moatte strak mar sizze wat
jimme der fan fine.”
”Jimme
witte wol,” begong Sjoerd syn ferhaal, ”dat ik in Reasylster bin. Us heit wie hjir
smid en hy hie ek in winkel yn technyske rêding. Ik ha jimme fan ’e moarn it
hûs noch oanwiisd. Heit
wie in fakman en ek in goed keapman, dat hy fertsjinne net min. Dêr komt it ek
fan dat ik nei it gymnasium yn Trie koe en letter nei Leien, nei de
universiteit. Yn dy tiid, ik praat no oer de mobilisaasje fan 14-18, doe wie
dat noch wat bysûnders. Jonges fan âlden lyk as mines kamen meast net fierder
as ûnderwizer, dat wie al hiel wat yn dy klasse-maatskippij.
It wie begjin
fan septimber fan 1915, flak foar’t ik wer nei Leien ôfstekke soe, dat ik mei
de hannen yn de bûsen by it hûs omstapte. Us heit wie sels in hastich man en hy
koe der min oer dat ik dêr mar wat omhong. Dat hy betocht in putsje foar my.
’Ik ha lêsten
guod levere oan in man yn in arkje achter de Sikkepôle,’ sei er. ’Hy hie
lekkerij en dêr moast gau wat oan gebeure. Hy stie hjir yn de winkel en hie
gjin jild by him. Ik hie al ris fan him heard. Der wurdt sein dat it in
Belgyske soldaat is dy’t yn de oarloch dêre útnaaid is. Dy binne der in hiel
soad en se moatte allegearre yn it kamp. Wêrom as hy dêr net yn sit wit ik net
en it kin my fierder ek neat skele. Ik ha him ris goed oansjoen en doe tocht
ik, do bist te fertrouwen, en ik woe ek net op myn geweten ha dat hy mei syn
arkje nei de kelder gong. Dat ik ha him geriifd mei guod foar tweintich gûne.
Hy hat my tige betanke en sei dat er ynkoarten it jild bringe soe.
Dat is
no trije wike lyn, en ik ha him noch net sjoen. It liket my de baas datst do
der mar ris hinne giest en sjochst datst it jild krigest. Hast tiidkoarting en
learst miskien ek noch wat,’ sei heit.
Ik fûn
it in goed útstel want ik hie sels ek wol in reden om dy kant út te wollen. Jimme
ha miskien sjoen dat dêr foar de poel in âld hússtee leit. Yn dy tiid stie dêr
noch in pleats dy’t letter opbrând is. Dy boer hie in dochter, Hinke, dêr’t ik
wol niget oan hie. Dat ik krige de fyts en sette ôf. It wie moai waar, yn
bytsje broeisk mar ik tocht dat it mei tongerjen wol wat tafalle soe. Ik kloppe
oan en de frou liet my der yn. It fanke wie der net. Spitich foar my, mar har
mem wie allang bliid dat se even in prater hie. Ik brocht it ferhaal op de man
yn it arkje oan de Sikkepôle. Ut de keuken wei koene we it sa’n bytsje troch de
beamkes en it reid hinne lizzen sjen. Ik frege oft ik it skouke fan de boer
brûke mocht om der even by te sjen.
’Wat it
foar in man is,’ sei de boerinne, ’wy witte it net. Se sizze dat er út België
komt. Je tinke, it sil wol in soldaat wêze dy’t ’m smeard is, mar dêrfoar is er
my einliks te âld. Hy liket earder fyftich as fjirtich. It is oars in fatsoenlike man. Hy kaam hjir út en troch om in
pear mingel molke, en dy betelle er ek netsjes. Hy hie in âld boatsje, mar jo
koene wol sjen dat er noait roeien leard hie. Wat hast do einliks foar belang by him?’ frege se.
Ik sei
dat ik sa mar ris even sjen woe omdat ik my yn de buorren siet te ferfelen. Se
lake en liet my fernimme dat se tocht dat it my om har dochter te rêden wie. Ik
sei gjin ja of nee, mar frege wannear de man foar it lêst by harren west hie.
Se sei dat dat al fjirtjin dagen lyn wie. Sûnt dy tiid hie se gjin libben mear
sjoen by de Sikkepôle.
’Neffens
my is er der net mear,’ sei se. ’Sjoch sels mar.’ Se joech my de kiker dy’t op
de tafel lei. Ik seach nei de arke tusken al dy rûgens fan reid en strûken. It
like net florissant, krekt as lei er bryk en ek djip yn it wetter.
Ik sei
dat ik der dochs even sjen woe, de boerinne sei noch: ’wês mar foarsichtich’ en
ik stapte yn it skouke en stuts de poel oer, nei de pôle. It wie noch like
broeisk, de loft wie der ek net better op wurden en ik begong te twiveljen oft
ik net better in oare kear werom komme koe, om net op iepen wetter yn in
tongerbui te bedarjen. Mar ik roeide troch. Ut en troch seach ik om, nei de
arke, en mei dat ik tichterby kaam blykte dy der dochs better by te lizzen as
it út de pleats wei like hie.
Doe’t ik
nêst it arkje lei besocht ik troch de finsterkes te sjen, mar der hongen
gerdyntsjes foar. Ik kloppe op in rút. Der gebeurde neat. Ik kloppe noch in
pear kear, mar omdat der noch hieltyd gjin réaksje kaam stapte ik op it dekje
foar de doar. It fielde in bytsje nuver, hoe sil ik sizze, as wie ik hielendal
net op in behindich skipke dat by elke beweging mei weaget. It wie krekt as
stie ik op stien, sa fêst wie it.
Ik wie
it mei mysels net iens oft ik besykje soe om der yn te gean. Soks dogge je net
sa gau, sa binne je net grutbrocht. Om de loft hie ik net mear tocht, mar dy
wie der wol. In fûleindich wjerljochtsjen, fuort dêrop in swiere tongerslach en
grutte drippen reinwetter makken dat ik sûnder fierder tinken de klink fan de
doar omheech skuorde. De doar wie net op slot en ik rûgele suver it arkje yn.
Ik seach om my hinne. Troch de tongerbui en de gerdyntsjes koe ik earst hast
neat sjen, mar nei in heale minút murk ik dat achter de tafel in man siet. Hy stoarre
my oan as hie er op my sitten te wachtsjen.
Hy wie
yndied al wat âlder, mar net âld. Hy seach der netsjes út. It swarte hier achteroer
kjimd, glêd skeard, in kreaze piperensâlt snor. Achter syn bril hie er skerpe
mar net ûnfreonlike eagen. Syn klean wiene âld, mar skjin en heel, safier as ik dêr each op hie.
Hy
wachte in skoftsje op wat ik dwaan soe. Mar ik koe gjin wurd útbringe, en dat
wylst der altyd fan my sein waard dat gjinien my stil krije koe. Bûten it arkje
wjerljochte en tongere it, it rotteljen fan it reinwetter op it dakje makke je
hast dôf, en ik stie dêr as in sâltpylder. Doe glimke de man en sei:
’Jo
komme om de tweintich gûne dy’t ik jo heit skuldigje. It spyt my slimmer as ik
sizze kin, dat ik him net mear sels tankje koe foar syn woldied. Hjir leit in biljet
fan tweintich gûne. Nim it en jou it oan jo heit. Hâld him yn eare sa âld as jo wurde sille.’
Hy die
de eagen ticht. Ik wachte even oft er noch wat sizze of dwaan soe, mar der kaam
neat mear. Doe grypte ik it tweintichje, proppe it yn in bûse, gong achterút it
trepke op en de doar út, yn it skouke en roeide mei alle macht de poel op. Pas
doe’t ik in pear hûndert meter fuort wie seach ik om my hinne. De loft wie
klear en it wie in bytsje begongen te waaien.
Ik
roeide werom nei de pleats fan de boerinne dêr’t ik earder sa noflik mei praat
hie. Ik hie in gefoel oft ik yn ’e sûs wie. Jimme witte wol, dat ha je ek as je
nei in operaasje bykomme mar noch net witte wa en wêr’t je binne, soks sa wat.
Lykwols, mei elke riemslach fielde ik my helderder wurden.
It wie
my frjemd te moede. Koe dat wol, dat ik yn dat arkje west hie, dat rjocht en sa
fêst as in hûs lei? No’t ik weromseach like it dat it wer bryk en djip yn it
wetter sakke wie. En dy man dan, dy’t sûnder dat ik in wurd sein hie al wist
dat ik om de tweintich gûne fan ús heit kaam. Ynienen kaam my ek yn ’t sin dat
hy syn steatlike wurden yn it Frânsk sprutsen hie. En op in pear wurden nei
dy’t my fan it gymnasium bybleaun wiene, ferstie ik hielendal gjin Frânsk! Mar
likegoed wist ik noch ta de letter wat er sein hie.
Neffens
myn gefoel hie ik der mar in pear minuten west, mar no like it dat de sinne in
hiel ein leger stie as doe’t ik der hinne roeide. En ik seach ek dat myn skouke
koarkdroech wie, wylst der dochs in grouwe tongerbui west hie doe’t ik yn it
arkje stie.
Yn de
betizing fan al dy frjemde feiten, dy’t net mei elkoar strykten kaam ik wer by
de pleats. De frou stie op it stap en, ferrassing, har dochter Hinke wie ek
thús komd.
’Is der wat
gebeurd?’ rôp de boerinne al fan fierren. ’Wat hast dêr allegearre dien? Ik ha
ek al ris mei de kiker dy kant útsjoen, mar ik koe dy net sjen, do leist achter
de arke. Want it duorre sa lang, ik waard ûngerêst, dat meist wol witte.’
Ik sei
neat, en joech Hinke it meartou dat se oan in pealtsje bûn. Yn in flits wie it
my klear dat ik my hielendal te spot meitsje soe as ik fertelde wat der yn myn
holle omwûn.
’Mem hie
dy warskôgje moatten, doesto dêr hinne gongst,’ sei Hinke.
’Mar dat
ha ik ek dien,’ hapte de boerinne werom. ’Ik ha dochs sein, Sjoerd, wês mar
foarsichtich, of net soms?’ sei se tsjin my.
’Hat mem
wol sein wat ik sjoen ha, dy nachts, fjirtjin
dagen lyn?’
’Nee, do
seist ommers sels dat it grif in pear dôberfiskers west hiene dy’t dêr op de
poel oan it tsieren wiene.’
’Sjoerd,
harkje,’ sei Hinke. ’Ik wie der ôf gongen omdat ik, no ja, omdat ik even nei it
húske moast. It wie in oere of twa. Der stie in trijekwart moanne en it wie waarm
en deastil en ik tocht, ik sjoch even de poel oer. Ik stie hjir, op ditselde
plak, en doe hearde ik leven by de arke. Der waard roppen. Ik koe it net
ferstean, mar it hearde, hoe sil ik sizze, sis mar wreed. Ik seach in grutte
skou en in lytsenien, en in pear figuren, dy’t der op om skrepten. It like oft
der ergens mei tôge waard, mar folle koe ik net sjen. Doe binne de mannen
fuortroeid mei beide skouwen, de kant fan Eisegea út. Mear wie it net. Mar
neitiid ha wy de man yn it arkje net mear sjoen, no mem?’
’Nee,’
sei de boerinne. ’Mar ik wit net. Je kinne der fan alles by betinke, mar do
seist sels…’
’Ik fyn
dochs dat mem dat wol even oan Sjoerd fertelle mocht hie. Miskien hie er der
wat oan hân. Want ik leau net dat der neitiid noch ien minske by it arkje west
hat. Sjoerd moat de earste west ha.’
Ik krige
noch wat te drinken en fytste werom nei hûs. Underweis rekken de foarfallen my
net út ’e holle, dat sille jimme begripe. Hie it arkje heal ûnder wetter sitten
of lei it sa rjocht as in skûtsje foar de wâl? Hoe kaam it dat myn skouke
hielendal droech bleaun wylst der in swiere tongerbui oerhinne komd wie? En hoe
koe it dat ik dy man syn Frânsk wurd foar wurd ferstien hie, wylst ik dêr op it
gymnasium noait wat fan bakt hie? En ferdoarje, hie dy man dêr yn dat arkje
sitten of wie er der miskien al lang net mear, lyk as Hinke en har mem tochten?
Wat wie it trouwens foar in man? Der kloppe allegearre neat fan, en dochs siet
ik hjir gewoan op myn fyts, op de strjitwei fan Eisegea nei Reasyl, op in
fredige simmerneimiddei. En yn it besit fan al myn geastlike fermogens, want dêr
wie ik wis genôch fan.
’No, dat
is myn ferhaal sawat,’ sei Sjoerd. ’It is no fyfentritich jier lyn, mar ast my
fregest wat it allegearre krekt west hat, oft ik it belibbe ha of dat ik it my
allinne mar ferbield ha, dan wit ik it antwurd noch altyd net.”
Se rôpen
de ober en lieten noch wat drinken bringe. Se lieten it ferslach fan Sjoerd yn
har omgean. Doe sei Knilles, de boargemaster:
”En no wolst
do fansels witte wat Klaas en ik der fan fine. Miskien hat Klaas in idee mar ik
bin der noch net út. Ik kin der wol wat by oanfolje. Neam it mar tafal, dat myn
omke Kerst yn dy jierren boargemaster fan Reasyl en omkriten wie.”
Hy naam
in slok bier en gong fierder. ”Omke hat my der oer ferteld. Folle letter, doe’t
it foar gjinien mear fan belang wie. Dy man yn it arkje wie net in Belgyske
soldaat. It wie in Dútske baron, dy’t as ofsier tsjinje moast yn de oarloch
tsjin de Belgen. Hy naaide út omdat er dat foar himsels net goed krije koe. Syn mem hie in Belgyske freule west en
dêrom prate hy ek leafst yn it Frânsk. Myn omke en muoike hiene him, in jier of wat earder, op
fakânsje troffen en se wiene freonen wurden. Hy hie ek wol ris by harren
útfanhûze yn Reasyl dat hy koe de krite in bytsje. Doe’t hy út it Dútske leger
desertearre wie kaam er by omke Kerst. Dy die wat er hielendal net dwaan mocht,
want sokke minsken moasten nei in kamp. Mar foar syn freon regele er in arkje
en in plakje yn in ferlegen oarde, om dêr bettere tiden ôf te wachtsjen.
Armand,
sa hjitte er, wie lykwols ûnfoarsichtich, hy bleau net altyd op de pôle, hy
skreau ek brieven en op sa’n manier moat er himsels ferret ha, tocht omke. Want
yn de jierren fan de mobilisaasje tilde it hjir op fan de spionnen, fan beide
kanten trouwens. En sa sil it komd wêze dat Armand op in nacht troch Dútske
aginten ophelle is. Je witte dat der yn oarlochstiid gjin genede is foar deserteurs.
Omke Kerst hat nei de oarloch útfûn dat Armand yndied foar de Dútske kriichsrie
stien hat en dat er doe deasketten is. Omke hat it der swier mei hân. Hy koe
der neat oan dwaan mar it hat him syn libben lang pleage. En hy koe der mei net
ien oer prate, fûn er.”
”Hoe kin
it sa,” sei Sjoerd. ”Wa hie dat tinke kind, dat der nei safolle jierren ynienen
in tsjûge boppe wetter komt dy’t sa’n sterke oanfolling op myn ferhaal jout. Wolle
jimme wol leauwe, ik ha der faak oan twivele oft dy man wol bestien hie. Mar
wat Knilles no seit, dat slút oan by myn ûnderfinings. En by wat Hinke heard en
sjoen hie. Mar fierder bliuwt it riedsel foar my like grut.”
Knilles
en Klaas swijden in skoft, grif siet elk fan har te wachtsjen wa’t as earste
syn oardiel jaan soe. Op it lêst sei Knilles:
”Sil ik
der wat fan sizze? Ik kin my yntinke dat Sjoerd sels hûndert kear itselde al
betocht hat, mar hy hat ús frege wat wy fine, en dan moat it der mar út.
Ik tink,
Sjoerd, datst do it dreamd hast. Foaral, liket my ta, omdat dy boerinne tsjin
dy sei datst do salang ûnderweis west hiest. En dat de sinne yntiid in hiel ein
sakke wie. Do seist sels datst mar even op en yn it arkje west hast. In pear
minuten, seiste. En doe bist nochal hastich werom roeid. No, sa goed as it my bybleaun
is, sa grut is dy poel ek wer net. It wie in broeiske middei, seiste, miskien wiest in
bytsje slûch. En miskien hast ek in bytsje fantasearre wat der mei sa’n arkje
te rêden wêze koe. Nee, no net boas wurde, ik bedoel net datst do net witst
ofst sliepst of wekker bist. Mar ik sjoch gjin oare ferklearring en ik wol
jimme wol sizze dat it my ek hielendal net befrediget. Mar toe mar, ik moat in antwurd jaan, en ik
kom net fierder. No hoopje ik dochs dat Klaas noch in útwei fûn hat.”
Se
seagen nei Klaas, de rjochter. Dy sei: ”No ja, der binne, lyk as Sjoerd sels seit,
nuvere tsjinstridichheden dy’t net tagelyk wier wêze kinne. Mar we moatte even
oppasse. Dat wy dingen net begripe, net rime kinne, dat wol noch net sizze dat
de feiten stik foar stik net wier binne. Faak is it gefal dat der noch mear
feiten binne dy’t de ferteller weilitten hat. Meast omdat er se net wit. Soms
omdat er se net fan belang fynt of miskien ek wol omdat er se fergetten hat.
Mar ik rekkenje dat Sjoerd alles presys sein hat wat er ûntholden hat fan dy
middei.
Wy witte
allegearre dat jo yn dreamen faak dingen meimeitsje dy’t hielendal net kinne.
Dêr kinne je sa yn in nacht slim mei ompakke, dan binne jo jo rie te’n ein.
Want wy wolle no ienkear reden en gefolch by elkoar ha, dat sit der by minsken
yn. Ek noch yn in dream. Mar as jo dan wekker wurde is it ynienen fuort. Ik
tink dat de measte minsken harren dreamen ek hielendal ferjitte, en dat is ek
mar goed. Mar der kin jo fansels, as it tige spannend west hat, ek wol ris wat
fan bybliuwe, en as je der dan noch ris goed oer neitinke, dan set it him
miskien fêst yn it ûnthâld. En dan kin it wêze dat jo nei ferrin fan jierren it
gefoel ha dat der wierlik gebeurd is wat jo foar de geast ha. It soe kinne…”
”Wachtsje
ris even,” sei Sjoerd, in bytsje lûd. ”Do wolst der, hoopje ik, net op oan dat
ik dream en wierlikheid net út elkoar hâlde kin.”
”Nee,
asjebleaft net,” sei Klaas. ”Ik bin noch net hielendal klear. Ik woe sizze, it
soe by foarbyld wêze kinne dat Sjoerd twa kear nei de Sikkepôle west hat. Dat
er doe ferskillende erfarings hân hat dy’t letter yninoar skood en trochinoar
rekke binne. Jo soene it ferhaal einliks op de snijtafel lizze moatte en dan de
feiten los fan elkoar útsykje. Mar ik bin bang dat wy dat hjoed net mear oan
tiid ha.”
Sjoerd
stoarre even nei bûten.
”Watst
dêr no seist, Klaas, dat is tige nijsgjirrich, dat ha ik yn al de jierren noch
nea betocht. Ik leau ek net dat it sa is, dat ik mear as ien kear op ’e pôle
west ha, mar ik sil it noch ris hiel goed yn my omgean litte, want it soe in
iepening wêze kinne. Wat soe ik bliid wêze as ik ferlost waard fan dat ferhipte
idee dat ik mar wat te sliepen sitten ha. Dat hat my altyd slim yn ’e wei west.
Want sjoch,
der is noch in lyts feitsje dat net by de dream past. Ik ha it net neamd omdat
ik der gjin kant mei út koe. It is dit. Doe’t ik thús kaam helle ik de kaai fan
de doar út de bûse. Der rûgele wat op ’e grûn. In propke kleurd papier. Ik
tearde it út. It wie in tweintichje. Op it wettermerk stie, yn in kreas lyts
hânskrift: ’Salut et merci au bon forgeron.’
Groet en
tank oan de goede smid, sis mar.”