HETTE

paadwizer

Dizze śtlis is der ek yn it Nederlānsk.

Op dizze webside fine jo it komōf en it ferrin fan de Fryske foarnamme HETTE.
As gearstaller stiet my foar eagen om safolle as mooglik de hjoeddeiske dragers fan de namme te berikken en harren meiwurking te freegjen om it bestān sa folslein mooglik te meitsjen.
Dźrom doch ik in berop op al dyjingen, dy't dizze webside besjogge, om harren famylje, freonen of kunde, dy't in HETTE is of kin, te freegjen om mei te dwaan. Ik bin jo tige tankber as jo it fierdere ferervjen fan de namme fan jo oarrepake of pake HETTE ōf oan myn emyl stjoere wolle.

Wźr giet it om? Sljochtwei om elke HETTE, dy't no libbet, werom te lieden nei syn namfaar, sa neam ik de āldst bekende HETTE dźr't hy syn namme fan urven hat. Yn Fryslān hat it, oant fier yn de foargeande ieu, altyd wenst en suver wet west om earst de pakes of beppes, en dan de omkes of muoikes te ferneamen. Dźrtroch wurdt suver elke foarnamme werom fūn yn in eardere generaasje.

De Boargerlijke Stān registraasjes dy't troch Tresoar yn Ljouwert publisearre binne leverje foar it śtfinen fan dy namfaars in wichtich tuskenstik. Mar se jouwe noch net in folslein byld want de berten nei 1902 en de ferstjerrens nei 1942 binne noch net frij jūn. De tsjerklike boeken dźr't de berten en houliken foar 1812 yn beskreaun waarden binne net hielendal folslein mar de measten binne der noch, fan begin fan de 17de ieu ōf. En fierder is der oer it ferrin fan famyljes foar 1811 al in hiele protte ynformaasje beskreaun yn it wurk fan hūnderten fan tagediene sneupers.
Ut de nammen dy't yn 1811 beskreaun binne, docht bliken dat folle fan de HETTEN, dy't doe libben, famylje wiene, en dat dźrom het tal alderearste namfaren wolris lyts wźze kin. De omhinne 400 HETTEN dy't no libje, hawwe harren namme urven van net mear as 60 HETTEN dy't omhinne 1700 libben.

Ik freegje dźrom ek yn it bysūnder de help fan al dy sneupers, dy't yn harren śtkomsten sa sydlings, as byprodukt, de foarnamme HETTE tsjinkomme. Wźs sa freonlik en set dy ynformaasje even op myn emyl. Jo dogge der my, en faaks ek folle oaren, in grutte deugd mei.
Alle ynformaasje dy't ik fan jo krije mei, sil ik fansels sa gau mooglik yn de listen ferwurkje. Jo sille dus jo bydragen nei koart ferrin fan tiid werom fine. En as jo dźr gjin beswier tsjin ha, wurdt jo namme yn de Boarnen opnommen.

De bestannen dy't ik gearstald ha binne oardere yn in oersjoch fan de HETTEN dy't yn 1902 libben of wierskynlik libben omt harren ferstjerren net yn de Boargerlike Stān oant 1942 neamd wurdt. Dizze minsken kinne fansels ek ferhuze wźze śt Fryslān wei; de Boargerlike Stān būten Fryslān stiet noch net folslein op it Net. De HETTEN dy't (wierskynlik) libben steane yn alfabetyske folchoarder fan achternamme op in Nammelist. By elk fan dy HETTEN is it komōf en it ferervjen fan syn namme beskreaun, as dat bekend is.
As jo klikke op de āldste (ūnderste, ūnderstrepe) namfaar sjogge jo in listke fan alle HETTEN yn 1902 en soms harren pakesizzers HETTE, dy't harren namme fan deselde namfaar urven ha..
De letterkleuren, symboalen en ōfkoartings wurde ferklearre op: Legenda.

Mei freonlike groetnis,

 
Hette Uilkema.

 

 
NEI BOPPEN

HIEMSIDE
HOME-PAGE

NAMMELIST
NAAMLIJST
LEGENDA
LEGENDA

UTLIS FRYSK
BOARNEN
BRONNEN
TOELICHTING NEDERLANDS

UILKEMA
VAN ASPEREN
VAN DER KRIEKE

EMYL
E-MAIL