Roman fan Hette Uilkema.
De gearstaller fan dizze webside hat in skoft lyn syn frije tiid brûkt om noch ris in boek te skriuwen oer de aventoeren fan in boekhâlder. Op it earste gesicht lient dat fak him net bûtengewoan foar in swiid en meinimmend libben, dat is wier. Mar dat jildt fansels ek foar hast alle oare beroppen. Yn de inkelde fakken, dy't de namme fan spannend of romantysk hawwe, bliuwt it wiere aventoer ek meast beheind ta in pear dagen, wiken of moannen fan de hiele libbensrin. En hat in boekhâlder net likegoed rjocht op in ferline dêr't er jierren letter noch wekker fan wurdt, wiet yn syn swit?
Iede Hommes wie sa'n boekhâlder. Hoe't it no mei him giet, dat witte wy net, mar as hy achterom sjocht nei de ein fan de jierren tachtich, dan kin it net oars of hy dreamt út en troch fan dy moannen doe't alles tagelyk barde, op de saak, yn syn hûs en yn syn húske fan hâld-oan. Wat gong goed, wat hie oars kind en wat gong falikant mis. As gewoane man hat er nei in skoftsje dy fertúnlike útkomsten syn goed rjocht fûn, mar de misslaggen bliuwt er mei oan it wrakseljen. Dy wûnen binne wol ticht groeid, fansels, want in sûn minske kin wol wat ferneare, mar it jokjen fan de groeden bliuwt.
Jo moatte mar ris sjen, wat jo fan TRIED fine. It lêzen kostet jo neat. As it jo net foldocht, dan moatte jo der fuort mei ophâlde. As jo it wol aardich fine, dan meie jo dat fansels ek bêst ris oan in e-kunde skriuwe. En as jo op- of oanmerkings oan de skriuwer kwyt wolle, dan sette jo dat mar op syn emyl. Jo krije yn alle gefallen antwurd.
Yn 1997 is by UTJOUWERIJ BORNMEER myn boek STIL JILD, in komptabele roman (ISBN 90 5615 016 2), ferskynd. Ek in boekhâldersroman, mar dy rint wat fleuriger ôf as TRIED.
Groetnis fan jo gearstaller/skriuwer,
Hette Uilkema.
20 oktober 2001.
| Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15 |
Fierder fine jo hjir ek noch in tal koarte ferhalen, dy’t ynearsten ferskynd binne yn ”Ut ’e Pinne”, it meidielingsblêd fan it Frysk Selskip ”Fier fan Hûs” te Apeldoorn.
| Nei………ANGENIETSJE………GREULT………DOET………TWEINTICH |