TRIED

Roman

 

Haadstik 1.

'Moatst noch even sitten bliuwe, Iede,' sei de baas. 'Ik ha noch wat.'
Iede Hommes lei de steapel papieren dy't er krekt oppakt hie wer del. Oan de oare kant fan it buro krige Piter Welling in mapke út syn tas. Hy die it even iepen en fuort wer ticht, hy wist fansels presys wat der yn stie. In skoft lang seach er by Iede lâns nei de muorre. Iede naam de balpinne út de bûse.
'Do hoechst it net op te skriuwen,' sei Welling. Hy suchte djip. Doe seach er Iede oan en sei:
'Do bist de earste dêr't ik it tsjin sis. Der moat noch gjin praat fan komme. Mar it is no safier: Gelf en ik binne it iens wurden om de saak te ferkeapjen, oan Baakman, yn Trie.'
Iede ferluts net in spier. Nei in mennich sekonden sloech er de eagen del en stoarre nei syn papieren. Hy fielde dat syn libben in draai krige. Hoe en wat, hy hie gjin gedachte. Syn holle wie leech.
'Do seist neat,' sei Welling. 'Hiest it nea tocht?'
'Jawol, ik ha it wol ris tocht. It siet der yn. Jo sjogge it oeral om jo hinne. Mar as it dan safier is...'
'Ja,' sei Welling. 'Ik snap watst bedoelst. Mar wy moatte de werklikheid ûnder eagen sjen. Do witst like goed as my dat wy einliks te lyts binne om it op den duer te rêden. As der mindere tiden komme, dan krije wy de grutste klappen.'
'Wat bart der no?' frege Iede. 'Moat ik wat dwaan?'
'No, it leit sa,' sei Welling. 'Wy ha mei Baakman in foarriedige oerienkomst. Sy stjoere harren akkountants om mei dy en my noch ris goed oer de sifers te praten. It sil net lang duorje. Se skilje hjoed of moarn.'
Iede wachte oft Piter noch wat sizze soe, mar der kaam neat mear.
'Goed, dan hear ik it wol.'

Yn syn eigen keamer werom stie er in skoft foar it finster. Folle mear as de loft wie der net te sjen want it finster siet heech yn 'e muorre. Dat hiene jo mei âlde fabrykskantoaren dy't troch de jierren withoefaak ferboud wiene. As Iede de grûn sjen woe moast er op in stoel klimme, want hy wie net grut fan stâl. In licht mantsje wie er, mei in steil boskje brún hier en in stikelich snorke, mei in sûne skôging en kreas yn 'e klean. Hy stoarre nei de loft en de daksgoaten en besocht in idee te krijen oer de betsjutting fan wat er krekt heard hie. It wie fansels net sa bûtengewoan dat de saak oernommen waard. In tuskenbeiden grossierderij fan technyske ûnderdielen mei in pear aardige artikels dêr't se it allinnerjocht fan hiene, en swierrichheden tusken de oandielhâlders. Faaks wie dit de bêste oplossing.
Foar Welling BV wiene de bêste tiden al lang foarby. Op it earste each wie de saak net achterút gongen nei't âlde Welling trije jier lyn stoarn wie. Piter Welling, de âldste soan, wie foar de tiid al yn 'e saak, as ynkeaper. Syn heit hie him ornearre foar de opfolging, en sa wie it komd. Der wie in wrâld fan ferskil tusken heit en soan, dat koe elk fernimme. Senior wie in ielshûd. Hy wie altyd in winkelman bleaun, fûl arbeidzje, alles sels dwaan, daliks winst, gjin hannel te lyts mar gjin risiko, gjin oankeap sûnder ekstra koarting, al wie it mar in tsiende persint. Der wiene guons dy't seine, hy foel dea op in dûbeltsje, dy wiene mis. Hy foel dea op in sint. En gjinien fertroude er.
De soan fielde him in manager. Grutte halen, nije kânsen pakke, gearwurkje mei fabrikanten, foarútsjen. Yn trije jier wie Welling BV in hiel oar bedriuw wurden. Se hiene hiel wat nije artikels opnommen, dêr't ynearsten noch in protte jild by moast. Neffens Piter kaam dat der yn de takomst royaal wer út, mar Iede seach der noch neat fan. Senior hie soks nea dien. Dy begong pas mei wat nijs as it al in súkses wie. Dy liet in oar de noed nimme. Piter hie it roer omgoaid. Se ferkochten hieltyd mear mar de winst gong achterút. It lêste jier hie Iede al wat keunstjes tapasse moatten om de sifers noch wat op te knappen. Hy hie it dien om't Piter it graach woe, al wie it net sa't it hearde.
Foar Iede sels wie it mei de nije direkteur net minder wurden. Syn skjinne lean wie no achthûndert gûne yn 'e moanne heger as doe't âlde Welling der noch wie.

Iede Hommes wie fiifenfjirtich en fan syn twaëntritichste ôf yn tsjinst fan Welling BV. De firma wie doe yn Reasyl komd, yn it âlde suvelfabryk. Earder hie it bedriuw yn Snits sitten. De boekhâlder fan Welling wie net meikomd want syn reiskosten krige er net fergoede. Iede hie sollisitearre en hy wie oannommen. Hy wie in Reasylster mar syn wurk hie er doe yn Eisegea. It like him moai ta om geandefoets nei syn wurk te kinnen.
Hy hie der frijwat spyt fan krigen. Alde Welling hie tsien jier syn baas west. Yn al dy jierren hie er Iede as in hûn behannele. Iede moast de boeken byhâlde mei as ienich doel om sa min mooglik belesting te beteljen. It koe net skele hoe. Elke oanslach dy't de doar ynkaam waard Iede as dy syn stomme skuld oanrekkene. Dan bûgde er de holle, en as Welling him der lang oer tjirge, dan leaude er it sels suver.
De earste jierren hie er noch in protte sollisitearre mar it wie nea wat wurden. Hy wie wolris oproppen en soms hie er de baan oanbean krigen. Mar der hie hieltyd wat west. De iene kear fertroude er it bedriuw of syn oansteande baas net, in oare kear soe er der tefolle op achterút gean. En it wie in kear oergongen omdat Gryt net nei Hollân woe. Doe't er tsjin de fjirtich rûn fernaam er dat hy te âld waard. De berteweach fan nei de oarloch wie syn konkurrint wurden. Hy krige allinne noch mar ôfskriuwers. Dêrom wie er der mar mei opholden, en hie er him, sa goed as er koe, ûnder Welling deljûn.
Doe kaam de dei dat Welling him, op in ljochte middei, yn 'e polder tsjin in trekker te pletter ried. Dyselde moarns hie Iede noch wurden mei him hân. Se hiene al nea frede mei elkoar, mar it lêste jier wie it minder en minder wurden. Lyk as sa faak gong it om in pear gûne, minder as de telefoankosten om it rjocht te breidzjen. Doe't in plysje út Emmeloord him skille sei er: betanke, en hy waard der kjel fan doe't er ynseach hoe dûbelsinnich syn antwurd wie.

Iede hie lyk as elkenien wol heard dat de famylje-ferhâldingen by Welling striemin wiene. Alde Welling wie in potintaat. Syn frou en de beide jonges hie er altyd leechlein. Iede hie de frou yn de jierren inkeld in kear troffen, in minske dat skou om har hinne seach en hast net in wurd sei. Se wie, noch net âld, útsukkele oan kanker, in healjier foar't Welling ferûngelokke. De âldste soan Piter wie in stille man dy't him, neffens de skyn alteast, altyd yn de diktatuer fan syn heit skikt hie. De jierren yn 'e saak, ûnder syn heit, moasten in lijenswei foar him west ha. Hy hold it lykwols foar him. Iede hie nea wat oan him fernimme kind. It hjitte dat hy noch fertúnlik wie omdat syn heit in swak foar him hie. Nei it sizzen wie de jongste soan hiel oars. Gelf hie him neat sizze litten. Op syn sechtjinde wie dy it hûs út rekke, nei famylje fan syn mem. Wat dêr thús bard wie waard in protte nei ret mar gjinien bûten de famylje wist it. Al wat men wist wie dat dy Gelf abslút gjin gedoente mear mei syn heit en ek net mei Piter ha woe. Dat wie al hast tweintich jier sa. Men sei dat se allinne oer advokaten omgong hiene. Doe't de âldman dea wie, wie elk benijd oft der miskien wat feroarje soe tusken de bruorren. Sa fier as Iede wist, wie dat net sa. Dat Gelf der yn berêste hie dat Piter it bestjoer fan de saak krige wie Iede al tafallen.
Piter wie folle better baas as syn heit. Hy liet mear dingen oer, wie net sa erchtinkend, eamele gjin tiden oer dingen fan neat. Winliken sei er hast nea wat. As er in gearkomste hold liet er de oaren prate en sei nea wat er sels tocht. Hiel oars as syn heit. As dy inkeld ien wat frege draaide it der op út dat er dy syn ûngelyk yndruide. Nei't Piter de saak oernaam hie it in skoft duorre ear't de minsken har frij uterje doarden. Mar no wie de sfear yn it bedriuw in ein ferbettere. De benaudens en it mistrouwen ûnderinoar wiene foar it measte weiwurden.
It wie net dat Piter Welling dêr in driuwende rol yn spile. Hy drukte net lyk as syn heit in swier stimpel op it bedriuw. Hy wie meast ûnsichtber. It deistige draaien fan de grossierderij liet er oan de bedriuwslieder en de ferkeapsjef oer. Allinne it ynkeapjen die er sels. As der wat regele wurde moast bemuoide hy him der allinne mei as de sjefs it net iens wurde koene. Dan joech er wol útslútsel mar einliks altyd foarriedich en sa, dat it gjinien sear die. It wie klear dat er foaral gjin spul krije woe. As it net oars koe bestege er wat ekstra jild om de frede te bewarjen.
As persoan hold er him al hielendal op de achtergrûn. Sa fier as Iede wist wie der net ien fan de saak dy't by him oan hûs kaam. Hy prate ek nea oer syn eigen dingen. As ien dêr, bygelyks op syn jierdei, út fatsoen nei frege, antwurde er dêr alhiel frijbliuwend op. Sels toande er gjin werklike belangstelling foar de minsken. As er al ris frege nei de sûnens fan de ien of oar koe men net fernimme oft er nei it antwurd hearde. Yn syn hâlden en dragen wie er evenredich en hast altyd freonlik, mar djipper as dat like it net te gean. Wat der yn him omgong hie Iede gjin sicht op. Hy naam oan dat syn kollega's der net folle mear fan wisten.
Iede wie der net iens wis fan oft Piter Welling nocht oan syn wurk hie. Piter wie no achtentritich jier en wenne mei syn frou en trije bern op in fertimmere pleatske in eintsje bûten Reasyl. De frou wie altyd dwaande op it hiem en hie dêr in paradyske fan makke. Piter sels die der net folle oan. Ut en troch it gêrs meane en de rûchte bedobje, dat wie it sawat. Wat er oars foar tiidkoarting hie wist gjinien op 'e saak. Hy siet in protte te lêzen, seine de buorlju. It wie him oan te sjen dat er net folle beweging krige. Hy wie fierste swier, en seach der tsien jier âlder út. Hy hie net in sûne skôging en in trijekwart keale holle. Syn klean hongen as moalsekken om him hinne.

Hoe soe dat gongen wêze, tocht Iede, dat besluten fan Piter en syn broer Gelf. Grif wer oer advokaten. It lei foar de hân dat Gelf yn alle gefallen foar ferkeapjen west hie. Hy soe it jild wol brûke kinne, as dominy. Iede hie him nea yntinke kind hoe't in man dat fak kieze koe, dy't sels sa fyannich tsjin syn neisten, syn heit en syn broer, oer stie. Mar Iede wie sels net tsjerklik, dat wat wist hy eins fan dominys. Nei't der sein waard wie Gelf Welling in goede fakman. Hy stie yn in doarp earne yn Drinte of Oerisel. Kunde fan Iede hie dêr famylje dy't fan him sprutsen.
Soe Piter der foar west ha om te ferkeapjen? Iede hie gjin idee. It makke fansels ek neat út. Baakman soe tenei út Trie wei sizze hoe en wat en dan hie Piter te dwaan wat him hjitten waard.
De firma Baakman yn Trie, in stêdsje yn Oerisel, wie fierwei de grutste konkurrint fan Welling BV. Se ferkochten trije of fjouwer kear safolle. De fertsjintwurdigers fan Welling kamen de mannen fan Baakman gauris tsjin, omdat dy, foaral yn de lêste jierren, mear en mear yn Fryslân kamen. Se seine dat se by Baakman ûnbehoarlike metoaden brûkten. Dat sil wol, tocht Iede dan, mar jimme binne sels ek net sa mijen. Seker net yn de tiid doe't âlde Welling der noch wie. It wie in âld, bekend ferhaal dat jo altyd hearden oer de konkurrint. Yn alle gefallen soene de mannen har no skikke moatte.
En hoe kaam it mei himsels? Op syn fiifenfjirtichste hie er net folle mear te oppenearjen. By in grutte saak lyk as Baakman wiene de goede plakken beset, dêr koe er op rekkenje. En foar in aardige regeling om derút te springen wie er te jong. In goekunde fan him by in útjouwerij hie it der faak oer hân. Dy wie der úteinlik net minder fan wurden doe't de saak ferkocht wie. It fernaamste, sei dy, dat wie dat jo net by it âlde stean bleaune. Der is neat, dêr't de nije machthawwers mear argewaasje fan ha. Jin posityf opstelle, dêr kaam it op oan. Mar ja, tocht Iede, by útjouwerijen wie it allegearre jild, dêr hoegde net sanearre te wurden. Yn de gruthannel wie it folle mear skrabjen. As dêr minsken oer wiene, dan soene dy fan Welling wike moatte. Hoe wie dat einliks gongen mei dy saak dy't Baakman okkerjiers oernommen hie, earne yn Grinslân, bestie dy noch? Hy moast sjen dat er dêr wat mear fan te witten kaam.
It wie fansels it bêste as er gewoan syn wurk die en ûnderwilens de eagen goed iepen hold. Dat koe er maklik betinke, mar no't it om syn eigen bestean gong? Hy wie net in bysûnder senuweftich man, fûn er fan himsels, mar hy seach der al tsjinoan. En wat soe Gryt sizze? Syn earste gedachte wie om der foarearst mar net oer te praten. Mar se soe it lykwols al gau oan him fernimme. En hy hoegde it fansels net te ferswijen want Gryt koe har wol stilhâlde as it nedich wie. Hy seach allinne oankommen dat se har in protte soargen meitsje soe oer dingen dêr't sy en hy gjinien fan beiden wat oan dwaan koene.

Hy die de doar nei it kantoar iepen en wonk Harmke, oft se even komme koe. Harmke wie syn plakferfangster, syn twadde man, sa't er wol ris sei. Ien kear hie er op in persoanielsjûn sein dat se syn twadde frou wie, dêr hie Gryt gjin aardichheid oan hân. Harmke wie in frou fan twaentritich dy't al in jier as fiif de deistige dingen op it kantoar foar him regele. Se wie flink fan stal mei lang kroljend read hier en in fyn gesicht. Se hie de ljochte hûd en de spruten dy't neffens Iede by har type hearden. Op fakânsje yn Hongarije hiene Gryt en hy in gids hân dy't der krekt sa útseach. Se hie him ferteld dat se út in plak fuortby de Russyske grins kaam, dêr't har famylje altyd wenne hie, safier as se wist. Hy hie net fierder freegje doard, dat fûn er te yngeand. Mar út en troch, as er nei Harmke seach, wie er benijd hoefolle generaasjes der tusken dy twa froulju en harren miene foarmem west hiene.
'Wat hast op 'e lever, Iede?'
'Hoe giet it,' sei er.
'Sa goed as it mar kin.'
'Moai.'
Se begong te gnyskjen.
'Der is wat mar do wolst it net sizze. Giet it om my?'
'Ei, nee ju,' sei er. 'Net om dy. Dy kin neat oerkomme.'
'Dy dan wol?'
'Net ast do goed op my past.'
'Hast wurden hân, Iede? Do wiest by Piter, net?'
'Ja. Wy ha allinne mar noflik praat. Piter is de âldman net.'
'Der is wat, dat fernim ik,' sei se. 'Silst wol net frij wêze om der oer te praten. Ik sil dy net pleagje, hear, as it safier is hear ik it wol.'
Hy hie it wol hûndert kear fernommen. Harmke koe it sa sizze dat se tagelyk útnoege en ôfwarde, en it allebeide miskien ek noch miende. Hy joech it har werom.
'Ik wol it dy wol fertelle, hear, ast it beslist witte wolst.'
'Nee, nee, doch dat no mar net. Piter hat grif sein datst der net oer prate moast.'
'It giet net om dy of om it kantoar,' sei er. 'Yn it earste plak teminsten.'
'Ik wit net oft we dy nije jonge hâlde moatte,' begong se oer wat oars. 'It is net in grut ljocht en hy hat ryklik praatsjes.' Se prate in skoftsje oer in nije wurknimmer dy't noch yn de proeftiid siet. It wie net fatsoenlik om ien dy't jo dochs net fêst oanstelle woene, noch in pear wike oan it lyntsje te hâlden. Mar it begrutte har in bytsje om de jonge.
'Wat seist do, Iede?'
Hy skrok op út syn gedachten. 'Wat? No ja, as it him net is, dan moat der mar ien fan it útstjoerburo komme en dan jouwe we dizze jonge moarntemiddei dien.'
'Dat liket my ek de baas,' sei Harmke. 'Oars noch wat?'
Hy glimke wat skruten. 'As it safier is fertel ik it dy daliks. Kinst op rekkenje.'

Hy die wat dingen dy't dyselde deis noch regele wurde moasten. Om in oere as fjouwer koe er de gedachten der net mear byhâlde. Hy gong it magazyn yn en prate mei in pear minsken oer ditten en datten. Guon fûnen dat aardich, se koene de rêch even rjochtsje en se koene ris in ferhaaltsje of in mop kwyt. Oaren paste it einliks net omdat der noch oarders de doar út moasten, dêr hie er net folle oanhâld by. Hy krige it idee dat se allegearre seagen dat er mei de siel ûnder de earm omrûn. Even letter wie er wer op syn keamer. Hy romme syn tafel op en gong nei hûs.
'Bist betiid,' sei Gryt.
'Ja. It is wat stil, fan 'e wike.'
Hy joech him mei in fleske bier del by de keukenstafel. De krante lei foar him mar hy seach der net yn. Gryt wie dwaande mei it iten. It duorre gjin minút dat se har omdraaide en sei:
'Wat is der oan, Iede?'
'De saak wurdt ferkocht. Is ferkocht. Oan Baakman, yn Trie.'
Altyd praktysk, draaide se alle pitten op lyts.
'Wat bart der no mei dy?'
'Dat wit ik net. Ik wit einliks noch neat. Ik ha it fan 'e middei krekt fan Piter Welling heard.'
'Hast him net frege hoe't it no komt?'
'Nee. Ik tink dat hy it sels net wit. Miskien wit er net iens hoe't it mei himsels komt.'
'No ja, dat sil him net folle skele kinne, hy hat jild genôch. Mar hy moat wol rekken mei dy hâlde. Hast dat net sein?'
'Ik tink dat ik dat net sizze hoech,' warde er ôf. 'Yn alle gefallen, net daliks. Foar't it allegearre regele is komme der noch gelegenheden genôch.'
'Iede,' sei se, 'do bist wer fierste goed fan betrouwen. Piter Welling ferkeapet dy libbensliif en dan tinkst do dat it him noch wat skele kin wat der mei dy bart. Do moatst de mûle iepen dwaan.'
'Tsjin Piter? Do seist sels dat er net in poat útstekke sil. Silst wol gelyk ha mar dan hat er ek gjin boadskip mear oan myn ferhaal. En wat moat ik dan sizze? Dat ik altyd myn bêst foar him en de firma dien ha en dat er in goed wurdsje foar my dwaan moat? No, dat sil ik wol sizze, wês mar net bang. En ik bin ek net bang dat Piter dat net dwaan wol. Mar fierder ha ik net folle te fertellen. It ienige dat ik kin is besykje om by de nije baas yn de smaak te fallen, sa gau as ik de kâns krij.'
'Mar do kinst dochs sizze...' Se swijde.
'Toe, Gryt,' sei er. 'Safier is noch lang net. Ynkoarten komt der earst in akkountant om nei de boeken te sjen en dan sil der wolris ien fan Baakman him melde. It wurdt wol fan 'e simmer ear't der wat bart.'
Se skodde de holle.
'Ik fertrou it net, Iede. Der kin fan alles achterwei komme, en wat moatte wy dan? Kinne wy fan't simmer wol fakânsje nimme? Ik gean der moarn achteroan, oft wy dat húske noch ôfsizze kinne. We moatte sjen dat we safolle mooglik oerhâlde, as it al misrint.'
'Gryt, no moast ophâlde,' sei er, in bytsje lûder. 'Sa prate wy ús sels de earmoede yn. Wy nimme oer trije moanne fakânsje, dêr ha wy rjocht op. Op dit stuit witte wy op gjin stikken nei wat der barre sil. Tink ris even oan Gerryt, dy syn saak, dy útjouwerij is ek oernommen en hy is der net minder fan wurden, dat sei er sels. Foar in fakman is der altyd wurk te finen. Meastentiids teminsten…'

'Is Jikke der noch net?' frege er. 'Se hie frij, fan 'e middei, net?'
'Se is de buorren yn, leau 'k. Se sil daliks wol komme.'
Jikke wie no trijeÎntweintich jier. Gryt en hy wiene jong troud en se hiene mar koart wachtsje hoegd op it âlderskip, mar it wie by ien bleaun. Jikke wie opgroeid ta in moaie frou mei donker hier om in rûn gesicht. Har op te fieden hie net maklik west en har ferhâlding mei Gryt wie noch altyd net goed. Iede hie net sa faak rúzje mei har, mar dat kaam omdat hy har mear mijde as Gryt die, dat wist er wol. Jikke hold altyd gâns ôfstân ta Gryt. Ta him minder, mar dochs wie it der. Iede naam dat oan mar Gryt koe dêr net oer. Likegoed wist hy nea hoe't Jikke earne op yngean soe. Hy hie gjin sicht op har, fûn er sels, hy begrypte har net. In learder hie se net west mar se hie de mavo helle en dêrnei noch in pear kursussen dien. Se stie no yn in blommewinkel op It Hearrenfean.
Se wenne thús. Wer thús. Oardeljier lyn hie se mei in âldere jonge in flat hierd mar nei sân moanne wie it húshâldinkje útinoar spat. De jonge wie fuortgongen. Hoe en wat, Jikke woe der net oer prate. Lei it oan har of oan him? Hy frege it net. Gryt frege der al op yn mar krige gjin antwurd. Doe't se it aventoer oangongen wie se stapelgek op de jonge, hie Iede talike, en har freon skynde it ek wakker goed te mienen. Mar wat koene jo witte fan wat der him ôfspile tusken minsken ticht by elkoar? En dan noch: jo koene jins bern fan yn 'e tweintich dochs net fergje op in ferklearring? Gryt fûn fan wol, dêr soene sy en Iede it nea oer iens wurde.
Nei de ûnderfining mei de freon woe se earst selsstannich wenjen bliuwe, mar in pear moanne letter wie de iensumens har te mânsk wurden en wie se wer thús komd. Dêr hie se trouwens alle frijdom, se koe gean en komme sa't se woe. Iede wie al bliid dat Gryt en Jikke in alle gefallen dochs wat hoedener wurden wiene. Se sieten noch wolris tsjin elkoar te stymjen, mar oan no ta wie de ferhâlding aardich yn it lykwicht bleaun.
Wat Jikke mei har frije tiid die wist er net folle fan. Hy woe it ek net witte. Hy leaude net dat se op it momint in fêste freon hie.

Jikke wie noch krekt op tiid thús en se ieten sûnder dat der folle sein waard. Iede hie der gjin sinne oan om oer it grutte ûnderwurp te praten. Noch net, jûn miskien. Nei it skûtelwaskjen seach er even yn 'e krante. Der stie in artikeltsje yn oer in konstruksjebedriuwke dat it allinne net rêden hie. It wie dêrom oernommen troch in grutte konkurrint. Sokke ferhaaltsjes seach er oars meast oerhinne. No tocht er der oer dat der ynkoarten in stikje yn stean soe dat Welling BV fusearre wie mei de bekende grutte grossierderij Baakman BV. Der soe grif, krektlyk as hjirre, yn stean dat it foarútsjoch foar de kombinaasje geunstich wie. Troch de skealfergrutting waarden in protte kosten besparre mar lykwols soene der gjin wurkplakken weiwurde. Ensafuorthinne. Moaie praatsjes, mar as it jinsels oangong, dan lêsden jo it oars as dêrfoar.
Hy seach even nei de televyzje, hy rûn wat yn 'e tún en it hûs om, en rekke dochs noch let op bêd, foar syn dwaan. Sliepe woe min. Nêst him lei Gryt ûnrêstich te suchtsjen, sy hie grif deselde prakkesaasjes as him. Hy wie bliid dat se har stilhold en net oer de fusy frege. Net dat er har it rjocht ûntsei om har der mei te bemuoien, mar omdat hy dochs nearne antwurd op jaan koe. Wat koe der barre? Yn it slimste gefal waard de hiele saak opheft en oerbrocht nei Trie. De boekhâlding dêre soe de ekstra omset fan Welling der maklik by oankinne en hy soe mei in foech treastpriis nei hûs stjoerd wurde. De kâns dat it sa kaam wie net iens sa lyts, betocht er. It kaam him yn it sin dat er koartlyn noch heard hie dat Baakman yn Trie in nije hal oan it bouwen wie. Faaks hiene se der al op rekkene dat Welling dêr by yn moast. It âlde suvelfabrykje dêr't Welling no yn siet wie al lang net mear geskikt en ek te lyts foar harren hannel.
In grut bedriuw as Baakman soe de administraasje fansels folle better foarinoar ha as hy by Welling, tocht er. By Baakman wurken se grif al jierren modern, dêr hiene se nea te krijen hân mei saân deune baas as Welling senior. Dy wie net oan te sprekken as it op de boekhâlding oankaam. Iede en syn minsken hiene har jierren rêden moatten mei in boekhâldmasine dêr't op it lêst de fabrikant fan fallyt wie en dêr't se it ûnderhâld, sa goed en sa kwea as it gong, sels diene. Doe't it ding it hielendal sitte liet, naam Welling fan in klant dy syn âlde masine oer, by wize fan ynruil, en Iede Hommes koe foarearst wer foarút. Pas trije jier lyn wie der by Welling foar it earst in kompjûter komd. Iede hie Piter Welling sûnder muoite oertsjûgje kind, dat se no werklik mei de tiid mei moasten.
Likegoed hie er syn boekhâlding al de jierren goed foarinoar holden, fûn er. Dat sei de akkountant en dat hie, al wie it mar ien kear, in kontroleur fan de belesting ek ris sein. Dy seine meast net safolle, allinne as it nearne op like. Miskien hie dy man him fernuvere dat hy mei sokke âlderwetske apparaten de boel noch sa netsjes hâlde koe. Yn alle gefallen wist Iede fan himsels dat hy in goed fakman wie en dat er syn wurk behoarlik útfierde.
Mar dêr giet it net altyd by út, betocht er. Dy't it sterkst is, dy wint it. En as jo mei de saak ferkocht wurde, dan ha jo in ferhipt bytsje te fertellen. As it in oar oerkaam, dan wie it sa maklik. Sels hie er wol ris tsjin ien sein dat jo de dingen mar op jin ôfkomme litte moasten. Ja, ja, sei dy, do kinst it maklik sizze. No mocht er it tsjin himsels sizze, en in oar antwurd koe er net betinke.
Op it lêst rekke er yn 'e sliep, mar de oare moarns wie de holle him swier.

Trije dagen letter wiene de akkountants fan Baakman der al. Se sieten by Piter Welling yn dy syn keamer. Iede moast komme en waard oan harren foarsteld. Mei harren fjouweren praten se oardel oere oer de sifers. Doe gong ien fan de mannen mei Iede mei nei de boekhâlding om in idee te krijen oer de oarder en de organisaasje. It gong allegearre tige goedwillich en fatsoenlik. Neffens Iede gongen de mannen net djip yn op de dingen, se namen alles oan sa't Piter Welling en hy it harren fertelden. Wylst der no en dan wol ris in losse tried hingjen bleau, as Piter Welling en hy de wierheid, mar net de hiele wierheid útleine. Iede wie it wol goed, mar hy hold it idee oer dat dizze akkountants eins mar in treurich lyts bytsje wisten oer de gong fan saken yn in grossierderij. Sels hie er wol skerpere fragen witten by guon ynljochtings, sa't hy en Welling dy joegen. In wike letter kamen de mannen noch in moarnsskoft, der wiene noch in pear fragen. Dêr hiene Welling en Iede ek de antwurden op dy't sa't it like nei it sin wiene.
Piter hie tsjin him sein dat Baakman tefreden west hie mei it ûndersyk. It like syn bedoeling te wêzen dat it allegearre noch even stil holden waard, mar Iede fûn dat er Harmke, syn earste help, net langer yn ûnwissens litte koe. Sy koe har wol stilhâlde, wist er. It wie har doel om in pear wike fakânsje op te nimmen. Hy woe net dat se sûnder wat te witten fuortgong.
'Ferwachtest noch wat spesjaals, Iede, de kommende wiken?'
'Ja, jo witte mar nea wat der miskien bart. Der is wat geande datst do witte moast. It is my al yn 'e wei dat ik dêr tsjin dy sa lang oer swijd ha. Mar Piter kin my noch mear fertelle. Do moatst it witte. De bruorren Welling ha de saak ferkocht oan de firma Baakman yn Trie.'
'Och, is dat it. Fjirtjin dagen lyn spile it al, net? Doe'st net mear sizze mochst?'
'Ja, dat wie it. Sorry, dat ik it dy fuort net sein ha, hie ik dat doe mar dien.'
'Hindert neat, ju. Wiene dat mannen fan Baakman, dy't hjir fan 'e wike omstapten?'
'Ja, dat wiene de akkountants. Se ha it spul hjir troch it gat sjoen. Se wiene leau 'k tefreden.'
'Feroaret der no in protte?'
'Ik ha gjin idee, Harmke. Ik ha it nea earder meimakke. Mar do moatst my tasizze datst der net tefolle oer prakkesearje silst. Dat besykje ik ek.'
'Ik hoopje it net, mar ik stean der allinne foar.'
'Do moatst dy yn alle gefallen de earste fjirtjin dagen gjin soargen meitsje, dêre yn Frankryk. Skillest ris?'
'Wat tochtst?'

Der barde neat fan betsjutten wylst Harmke fuort wie. De saken fan Welling BV gongen harren gewoane wei. Piter wie mar inkeld op it kantoar en Iede hie neat driuwends om mei him oer te praten. Mar op in freed moast Iede even komme.
'Der hat in man út Trie skille. Hy woe mei dy prate. Wolst him even werom skilje? Hy skynt op ien of oare manier haast te hawwen.'
'Jawol,' sei Iede. 'Hoe hjitte dy man? Hast it nûmer?'
'Hjir is it nûmer. Do moatst nei menear Salmink freegje.'
'Wat is dat foar in man, Piter? Kenst do him?'
'Hy is de ûnderdirekteur fan de firma Baakman, mar fierder wit ik net folle fan him. Moatst sels mar hearre wat er te sizzen hat.'
Soe Piter al witte wêr't it oer giet, tocht Iede. Hy frege it mar net, sa goed as er Piter koe soe dy sizze dat Salmink it sels better fertelle koe. Hy gong nei syn eigen keamer en die de doar ticht.
'Grossierderij Baakman, goeiemoarn.'
'Moarn, jo prate mei Hommes. Mei ik menear Salmink even?'
'Ik ferbyn jo troch.'
'Mei Salmink.'
'Moarn, menear Salmink, mei Hommes, fan...'
'Ja ja, ik wit it. In momintsje.' Iede hearde dat der oerskeakele waard, doe:
'Dêr wie ik al wer. Ik woe even apart sitte. Moai dat jo even skilje, menear Hommes.'
'Ja. Kin ik wat foar jo dwaan?'
'Ik tink it wol. Jo witte fansels fan ien en oar, wat der it lêste skoft bard is?'
'Wat ik wit is dat de firma Baakman ús oandielen oernimme sil, en dat jimme akkountants koartlyn in pear kear by ús west ha. Ik ha in skoft mei harren praat. Hoe't it fierder gongen is wit ik net.'
'Goed, dan witte jo yn alle gefallen wat der spilet. De transaksje is sa goed as foarinoar.'
'Just.'
'Wêr't it om giet, dat is dat ik sa gau mooglik mei jo yn 'e kunde komme wol. Kin dat nije wike, moandei of tiisdei?'
Iede frege Piter oft it útkaam en doe makke er in ôfspraak mei Salmink foar de moandeimiddei. As it der dan dochs fan komme moast, dan mar sa gau mooglik. It wie fansels gaadlik foar him dat er sa gau al klearrichheit krige oer syn takomst. As er dat krige, teminsten. Mar hy fielde him ferromme. Moandei, dêr yn Trie, soe er der yn alle gefallen sels by wêze.
Hy fertelde it oan Gryt.
'Dêr hast it al,' sei se. 'Se ha gjin moederaasje mei dy.'
'Ho, wachtsje even. Dat witst do net. Miskien ha se wat foar my betocht.'
'Ja, de WW.'
'Woest sizze dat ik der net iens hinne hoech?'
'Nee, do moatst der fansels hinne en do moatst dy goed jilde litte. Moatst sizze...'
'Ik wit wol wat ik sizze moat. Lit dat mar oan my oer.'
Se prate noch in hiel skoft troch, mar hy hearde der net mear nei.

De sneon en de snein die er syn bêst om him it spul út 'e holle te setten. It slagge mar min. Hy hie graach even mei Harmke prate wold oft dy der noch wat bestekliks oer sizze koe, mar se wie noch net thús. Dêrom wie er bliid doe't it moandeimiddei healwei ienen wie en dat er ûnderweis gean koe, nei Trie. De kantoaren en magazinen fan Baakman stiene op in yndustryterrein. De gebouwen wiene nij en oan de binnenkant fan it stek wie der genôch romte om it hiele bedriuw fan Welling twa kear del te setten. Se wiene dwaande om der in grut stik by te bouwen. Iede sette de auto op in parkearplak foar personiel en gong der yn. Hy hie allinne in lyts taske by him mei wat papieren dy't er fjirtjin dagen lyn ek al oan de akkountants sjen litten hie, en fierder syn diploma's.
Hy melde him by de resepsje. Even letter kaam in man mei útstutsen hân op him ôf.
'Salmink. Wolkom by ús, menear Hommes. Bliid dat jo jo sa gau frij meitsje koene. Komme jo mei, dizze kant út.'
De man hie in royale keamer oan de foarkant fan it gebou. Iede krige in soargje oanwiisd en Salmink joech him del oan de oare kant fan it taffeltsje. Der waard kofje en tee besteld en oant dat der wie praten se oer it waar en de tastân fan de wegen nei Trie. Doe't it fanke fuort wie kaam Salmink ta de saak.
'Menear Hommes, ik ha jo frege om hjir te kommen omdat it goed is dat wy witte wat wy oan elkoar ha.'
Iede siet ridlik rêstich nei de man te sjen. Earst wat rjochtop, stadichwei wat nofliker. It taske dat er earst op 'e knibbels hie, sette er nêst him op 'e flier. Salmink wie in licht mantsje, Iede taksearre him midden yn 'e tritich. Slûk hier, briltsje, blau jaske, blau boesgroentsje mei in blauwe strik, grize broek, de perfekte jonge manager. Freonlike, net lûde stimme. In yuppy, tocht er, dit wie foar't earst dat er ien yn it echt seach.
'Jo moatte fan my oannimme dat ik der weet fan ha, hoe't it op minsken delkomt as harren saak ferkocht wurdt. En dêrom sitte jo en ik hjir hjoed. Wolle jo my wat fertelle oer jo oplieding en wat jo opfettings oer administraasje en de ferhâldingen dêromhinne binne?'
'Graach,' sei Iede. 'Ik bin Iede Hommes, ik bin fiifenfjirtich jier en ik bin no trettjin jier boekhâlder by Welling BV. Ik ha it Steatspraktykdiploma Boekhâlden. Administraasje, ja, wat sil ik sizze? Jo kinne der net sûnder en jo moatte it sa goed dwaan as jo kinne.'
Salmink lake.
'Jo sizze it teminsten dúdlik De measte boekhâlders dy't ik kend ha begjinne mei te sizzen dat it mar in beheind belang is, dat it net de haadsaak is. Boekhâlders binne altyd te beskieden. Jo ha gelyk. Administraasje moat, en it moat goed. As jin opdroegen is om te soargjen foar de administraasje, wêr't it dan ek goed foar is, dan hearre jo dat goed te dwaan.'
Iede hie gjin idee wat er mei dit ferhaal oan moast. Hy hie mar in inkeld wurd sein. Dizze man pakte it op, naam it oer, gong der mei oan de haal, mar hokker kant út?
'Menear Hommes, dat is genôch oer de filosofy. Dat jo jo administraasje by Welling goed foarinoar ha, dat ha ik al fan de akkountants heard. Jo binne in fakman, ha ik begrepen.'
Hy wachte even, seach Iede rjocht yn de eagen.
'Hoe frij binne jo? Ik bedoel, binne jo bûn oan jo wenplak? Ha jo in eigen hûs?'
'Wy ha in eigen hûs.'
'Wolle jo nei Trie ferhúzje?'
'Dat wit ik net. Dêr ha ik net oer neitocht. Ik wit ek net wêr't it om giet, wêr't jo hinne wolle.'
'Dat sil ik jo sizze. Ik bied jo oan om haad fan 'e administraasje fan Baakman BV te wurden. It salaris wurde wy it grif oer iens. De kosten fan reizgjen en sa en fan de ferhuzing komme fansels foar ús rekken. Der is al ien ding; it hat haast. Ha jo ien by Welling dy't de saken dêr fan jo oernimme kin?'
Iede wie âld genôch om syn gesicht yn 'e ploai te hâlden, al wie it nijs noch sa ûnferwachte. Mar dizze kear wie it al dreech. Underweis nei Trie hie er oan alles tocht, ek oan ferhúzjen. Hy hie al wat acht slein op it lânskip. Mar fierder as in baantsje op it tredde of miskien it twadde plan hie er net oan tinke doard.
Hy gong wat achteroer sitten en seach in skoftsje út it finster. Salmink liet him gewurde. Iede fielde dat er wat sizze moast.
'Jo komme my oer it mad.'
'Jo fregen my sels wêr't ik hinne woe. No, dit is it antwurd. Mar ik begryp dat jo earst wat mear witte wolle wat it ynhâldt. Dêr ha 'k op rekkene.'
Hy wiisde nei in boerd dat achter Iede oan de muorre hong. Der stie in oersjoch op fan de administraasje fan Baakman BV. Salmink naam in oanwiisstok en lei der wat fan út. Ek wêr't tekoarten sieten dêr't wat oan dien wurde moast. Hy fertelde dat it haad fan de boekhâlding in moanne lyn fuortgongen wie en dat ûnder de minsken net ien wie dy't geskikt wie om him op te folgjen. Oan 'e ein fan syn relaas sie er:
'No, wat sizze jo der fan? Soene jo it oandoare?'
'Doare wol, tink,' sei Iede. 'Mar kinne jo der wat fan sizze hoe't it fierder giet mei Welling BV? Ik ha yn Reasyl in meiwurkster dy't folslein selsstannich wurkje kin. Bliuwt Welling einliks selsstannich?'
'Dêr kin ik op dit momint noch net folle oer sizze. Welling ha wy oernommen om de merk yn Fryslân better betsjinje te kinnen. Lyk as yn Grinslân. Dêr ha wy Knol BV yn Reinwerd oernommen, oardel jier lyn. Knol ha wy dêr foarearst gewoan trochdraaie litten. Tusken jo en my kin ik jo sizze dat wy op it stuit net fan plan binne om de saken by Welling en Knol út te wreidzjen. Oan de oare kant hat it gjin doel om al ús frachtauto's út Trie wei it hiele Noarden ôfride te litten. De magazinen by jimme yn Reasyl en yn Reinwerd sille wy dus oanhâlde, mar hoefolle administraasje wy dêr bliuwe litte, dêr ha ik noch net in skerp ynsjoch yn.
'Mar wêr prate wy oer, menear Hommes? De earste dy't dêr wat oer te sizzen krijt, dat binne jo sels. As ik sis dat jo haad fan de administraasje fan Baakman BV binne, dan binne jo tagelyk ferantwurdlik foar de administraasje fan Welling. Hoe't dy ynrjochte wurde moat, hokker minsken dêr nedich binne en dat soarte dingen.'
'En wat it kostje mei?'
Salmink lake wer. 'Sjoch, dat is wêr't ik úteinlik foar ynhierd bin. Jo moatte mei jo kosten binnen de begrutting bliuwe dêr't jo en ik it mei ús beiden oer iens wurden binne. Mar it sprekt fansels dat as der administratyf wat feroaret by Welling, dat dat net bûten jo om gean kin. Dat soe net wurkje.'
Doe wie it stil. Salmink en hy seagen elkoar oan en wachten beide dat de oare wat sizze soe. It duorre hast in minút.
Salmink bruts de stilte.
'Ik begryp, dat jo no ynienen net sizze kinne sa of sa. Jo sille der mei de frou en oaren oer prate wolle. Ik tink dat as jo nei hûs ride, dat der jo dan noch in protte fragen yn it sin komme. Oan de oare kant, it hat grut belang dat der sa gau as it kin in opfolger foar myn boekhâlder hjirre komt. Mei ik jo hjoed ien fraach stelle? Dizze: wolle jo earnstich oer myn oanbod neitinke of witte jo no al seker, dat jo nee sizze sille?'
'Nee,' antwurde Iede. 'Ja, bedoel ik. Ik wol it graach earnstich yn my omgean litte. Jo ha goed begrepen dat ik no op gjin stikken nei alles oersjen kin en dat ik der fansels earst goed mei de frou en mei ús dochter oer prate wol. Ik ha even tiid nedich. Yn alle gefallen wol ik wol tsjin jo sizze dat ik tige fereard bin mei jo oanbieding.'
'Hoe lang tinke jo dat jo nedich ha om út 'e rie te kommen? In pear dagen, in wike?'
'Mei ik freegje om in wike?'
'Goed, dan pakke we de aginda en dan sette we it op takomme moandei. Healwei twaën? Moai.'
'Noch in ding,' sei Iede. 'Kin ik jo fan 'e wike berikke as ik noch fragen ha?'
'Dy sille jo grif ha. Even sjen. Tongersdei bin ik yn Fryslân. Kinne wy miskien ôfprate yn it motel by It Hearrenfean? Om fjouwer oere? Goed, ôfpraat. Miskien kinne wy dan dit petear al hielendal ôfmeitsje.'
Se kamen oerein. Salmink krige noch wat papieren fan 'e tafel dy't Iede mar ris trochnimme moast. Hy rûn mei him de trep del. Se fûstken ôf yn 'e hal.
'Ik tink dat jo en ik it wol iens wurde sille. It soe my yn alle gefallen tige deugd dwaan,' sei Salmink.
'Ik sil der goed oer neitinke, dat kin ik jo tasizze.'

Hy stapte yn syn auto en ried stadich fuort, it stek út. Hy gong rjochtsôf, noch in kear, en seach mar ris goed nei Baakman syn bedriuwen. Syn foarlân? Der siet yn alle gefallen in ferlieding yn de kreazens fan it gehiel. De gebouwen stiene yn in hoeke fan in grut ôffrede fjild, dat hie er al sjoen doe't er oankaam. Kocht op 'e groei. No foel it him op dat it lege fjild goed sljochte en ek noch behoarlik meand wie. Minsken dy't fan netsjes holden, tocht er. Dat stie him oan.
It wie hast fjouwer oere. Hy hoegde gjin haast te meitsjen om itenstiid thús te wêzen. Rêstich gong er ûnderweis. Hy wist al wat er dwaan soe. Hy koe net oars. As er nee sei, dan kaam der in oar en dan hiene se net mear ferlet fan him. Salmink hie it net sasear sein, mar wol oanjûn. De haadsaak fan de boekhâlding fan Welling soe nei Trie gean, en wat der oerbleau koe Harmke wol dwaan. Betanke en dach, Iede Hommes.
Winliken hoegde er hielendal net mear te prakkesearjen oer al of net. Lykwols wie him dat yn 'e wei, dat er oer sa’n wichtich barren, sa’n draaipunt yn syn libben, sels sa’n bytsje te kedizen hie. Al wist er dat hy oars ek hûndert persint seker foar Trie kiesd hie, dit gong te maklik, eins. Wie dy Salmink te fertrouwen? Iede wie net in erchtinkend man, en hy koe hyn noch te nei net betinke wat der oan dy man mankearre. It salaris moast fansels earne op lykje en hy moast wol in folweardich kontrakt ha dêr't er syn rjochten yn krige. Dêr koe er tongersdei om freegje. En as dat dan goed útpakte, wat bleau er dan noch te winskjen oer? Foar him alteast neat. Hy wie ûnderdak. Hy wie de earste dêr't se mei prate woene, hie Piter Welling sein, en wrachtsjes, hy wie de earste dy't ûnderdak rekke.
Mar it betsjutte al dat er út Reasyl wei ferhúzje moast. It wie in omlânse wei, fan Reasyl nei Trie, dat hie er hjoed fuort al fernommen. Elke dei op en del wie net fol te hâlden. It hûs ferkeapje, ôfskie fan freonen en goekunde, ôfskie fan de skaakferiening, dêr't er al safolle jierren syn fêste wyklikse oanhâld hie. Hoe soe Gryt der tsjinoer stean? Se hie har libben lang yn Reasyl wenne, har heit en mem en twa broers wennen der. En se hie der op 't lêst har eigen baan, moarns by it Griene Krús. Hy wist dat it har dêr de lêste tiid net mear foldie, mar likegoed soe se der tsjinoan soargje. It soe in hiele toer wurde om har safier te krijen. Hy skode it fan him ôf, dat kaam gau genôch. En ôfskie fan Welling BV. Hy hie it der net altyd like goed hân, en der wiene noch altyd dingen dêr't er net oer mocht, ek nei it stjerren fan senior. Mar der leine wol trettjin jier, de helt fan syn wurksume libben oan no ta. De boekhâlding sa't dy draaide hie er alhiel sels opboud. Alle minsken dy't der wurken hie er allegearre sels oannomd. Hy koe se ien foar ien úttekenje, wist krekt wat se al en net koene. Guons soe er min misse kinne. Harmke wie dêr ien fan. Oan hûs ta waard er dy gedachte net mear kwyt.

Kertier oer fiven wie er thús. Hy sei tsjin Gryt dat it him allegearre goed tafallen wie mar dat se even wachtsje moast oant Jikke der wie. Oars moast er it ommers twa kear fertelle. Mar Gryt woe net wachtsje, en hy moast har gelyk jaan. Dêrom skonk er himsels in buorrel yn en hy fertelde wat er te hearren krigen hie, en dat er dêr tige mei ynnommen wie. Gryt antwurde presys wat er ferwachte hie. Dêrom hie er leaver wachte oant Jikke der by wie. Dy hie it wierskynlik mei him iens west, omdat se it net mei har mem iens wêze woe.
Gryt sei dat se him leaude, mar dy Salmink net. Dy soe Iede útsûge om sa gau mooglik te witten wat der by Welling omgong, en dan koe er opdonderje. En se prakkesearre der net oer om it hûs te ferkeapjen en nei saân ûnbekend oarde te ferhúzjen. Hy lei der tsjin yn dat hy neat te kiezen wie. Foar goed of tsjoed. En dat hy, as it der op oan kaam, ien fan de inkelden wie dy't de kâns krige om mei te gean yn de nije sitewaasje. Se woe der net fan hearre. Hy waard koart en gong achter de krante sitten.
Doe't Jikke thús kaam fernaam dy fansels daliks dat se kwestje hân hiene. Se iten sûnder in wurd te sizzen. It barde faker en se wiene it wend. Jikke hold har der einliks altyd bûten, en frege der letter ek net nei. Mar dizze kear, nei iten, doe't se mei har beiden yn 'e keuken wiene sei se:
'Hoe wie it yn Trie?'
'Och, lit mar.'
'Do moatst ophâlde mei dy flauwe dingen. Ik sjoch wol dat mem it net mei dy iens is, mar dêrom kinst it my wol fertelle.'
It wie sa’n ding dat faker barde. Dat sy begrypte wat hy bedoelde, en dat hy har net de kâns jaan woe om tusken him en Gryt te kommen.
'Ik kin oan it wurk yn Trie en ik tink dat ik der noch knap op foarútgean.'
'En mem wol fansels net nei Trie.'
'Ei jawol, ju. Se moat even oan it idee wenne. Dat komt wol goed.'
Se helle de skouders op.
'Wat foar wurk krijst dêr? Op 'e boekhâlding?'
'Sjef fan 'e boekhâlding, lyk as no by Welling.'
'Moai!'
'Ja, dat leau 'k wol. Ik sjoch it wol sitten. Mar we sille ferhúzje moatte.'
'En dat wol mem net.'
'Komt wol. Wat fynst do, wolst mei of bliuwst do leaver yn Reasyl?' late er ôf.
Se wie even stil. Doe seach se him oan mei in suver fertroulike eachopslach dy't er einliks net fan har koe.
'Alles better as Reasyl.'

 
EIN fan Haadstik 1.

Fierder nei Haadstik 2.

 
 
 
Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT