TRIED

਀ ਀ Roman

 

਀ ਀ Haadstik 2.

਀ ਀ De oare moarns gong er nei Piter Welling en die ferslach oer wat hy de foarige dei te hearren krigen hie. Piter knikte.
਀ 'Ik soe hast sizze datsto in priis yn de lotterij lutsen hast, Iede. Dêr bin 'k bliid om. It kin nea kwea dat der ien fan ús op in plak komt dêr't jo wat dwaan kinne. Der sille feroaringen op ús ôfkomme.'
਀ 'Mei ik dy ris freegje, Piter? Wat binne dyn eigen plannen?'
਀ 'Dêr binne we noch net út. Baakman hat my in oanbieding dien, oars wol in goede oanbieding, hear, mar ik wit it noch net.'
਀ 'Yn Trie?'
਀ 'Ja, dêr sit de oast.'
਀ 'Ik ha ek net folle sinne oan ferhúzjen, mar ik kin net oars.'
਀ Piter die oft er net heard hie wat Iede sei.
਀ 'Asto al sa hastich nei Trie moast, hoe komt it dan hjir op de boekhâlding? Hoe wolst it de minsken fertelle? Dat kin noch net. Tink der om dat wy pas ferline wike de ûndernimmingsrie yn betrouwen ynljochte ha en dat dy trije wike tiid frege ha om in advys út te bringen.'
਀ 'Se sille it dochs witte moatte, oars fernimme se it út harsels.'
਀ 'Wat woest dan sizze?' frege Piter.
਀ 'Dat moast do útmeitsje, hoe't dat moat. Hoe't ik dat dwaan moat, bedoel ik.'
਀ Ynienen hong der wat nijs yn 'e loft. It wie foar it earst dat Iede syn baas sa op syn plichten wiisde. Hy hie it sein ear't er der erch yn hie. Gong dat sa hurd, tocht er, dat hy no al ôfstân fan syn âlde baas naam? Noch gjin fjouwerentweintich oeren nei it petear mei de nije.
਀ Piter hie it ek fernommen, dat fielde Iede wol oan. Hy sei in skoft neat, en wat er doe sei, hie Iede net ferwachte.
਀ 'Wy libje hjoed yn in oare wrâld as in moanne lyn, Iede. De saken wurde no yn Trie útmakke. Do en ik binne no min ofte mear yn deselde posysje. Wy binne in soarte fan kollega's wurden. En as ik yngean op de oanbieding fan Baakman, dan binne wy oer in skoft hielendal echte kollega's.'
਀ 'Ja, Piter, mar no moatst noch al sizze wat ik dwaan moat. Ik kin net oer in goed wike yn Trie oan it wurk gean en hjir op de boekhâlding nearne oer prate. Yn alle gefallen moat ik it Harmke útlizze. Sy moat op't lêst de saken hjir geande hâlde. En ik ha der gjin sinne oan om tsjin har te sizzen dat se der foaral net mei oaren oer prate mei, dat fyn ik ûnfatsoenlik. Dêrfoar binne de gefolgen foar harsels te yngripend. Sy hâldt har wol stil, hear.'
਀ 'It is sa't it is. Dat jildt foar ús beiden. It mei noch net útkomme.'
਀ Wat bist in leffert, tocht Iede. No is der even in ferfelend probleem omdat der in formaliteit mei de ûndernimmingsrie yn 'e wei stiet, en fuortdaliks wynst dy der út omdatst net mear ferantwurdlik bist. En oaren, dy't der neat oan dwaan kinne moatte har der mar mei rêde. Mar fierder iggewearje mei Piter hie gjin nut.
਀ 'Ik sil wol sjen,' sei Iede. Hy wist noch net hoe, mar it koe him einliks ek neat skele. Hy soe it Harmke fertelle en fierder moast it mar gean sa't it gong.

਀ ਀ Middeis wie Harmke der.
਀ 'Hoe wie it yn Trie, Iede?'
਀ 'Ik ha op besite west by in menear Salmink, dat is no ús nije baas.'
਀ 'Wat sei er?'
਀ 'Hy wol my yn Trie ha.'
਀ 'Dy!'
਀ 'Ja.'
਀ Se gong rjocht oerein sitten.
਀ 'Giest hjir wei? Moatst ferhúzje?'
਀ 'Ik bin bang dat ik foar it blok set wurd.'
਀ 'Al gau?'
਀ 'Ja. It skynt dat se ferlegen sitte en dy Salmink wol my noch leaver hjoed as moarn yn Trie ha. It sit der yn dat ik der nije wike al hinne moat.'
਀ 'En wat moat ik dan? Moat ik ek nei Trie?'
਀ 'Dêr hat Salmink it net oer hân. As ik nei Trie gean moatst do it hjir oernimme. Mear wit ik ek net. It is allegearre noch sa nij. We moatte der foar soargje dat it spul hjir yn alle gefallen trochdraait.'
਀ 'Wat wurdst einliks, dêre yn Trie?'
਀ 'Krekt as hjir, haad fan 'e hiele administraasje fan Baakman. Dêr falt Welling ek ûnder.'
਀ 'Dan bliuwst do ús baas, út Trie wei.'
਀ 'Ja.'
਀ 'Kin it foar dy út?'
਀ 'Dat tink ik wol, mar dat sille se noch útwurkje. Dêr sil ik tongersdei oer prate mei Salmink.'
਀ It wie in skoft stil. Hy wist wat har troch de holle gong.
਀ 'Ast do hjir wei giest ha ik myn aardichheid der ôf,' sei se.
਀ 'Harmke, toe no. Do witst bêst dat ik leaver net fuort wol út Reasyl. Ik kin dy ek net misse. Ik wol by dy bliuwe, mar do witst krektlike goed as my, dat ik neat te kiezen ha. As ik net ja sis, dan kin ik omsjen nei in oare baas. En no bliuwe wy teminsten noch yn deselde saak en ik kin út Trie wei sa faak as ik wol nei Reasyl gean.'
਀ Se tocht even ear't se wat werom sei.
਀ 'Saaklik.'
਀ Hy begong te laitsjen. Se hie it koadewurd sein dat foar harren in bysûndere betsjutting hie.
਀ 'Fansels. Ik kin dy ek yn Trie komme litte. Saaklik.'
਀ Se glimke. 'Kin ik dy dêr skilje?'
਀ 'Sa faak ast my nedich hast.'
਀ 'Dan kin ik wol oan 'e gong bliuwe. No, ja. It is net goed genôch mar ik sil der mei ta moatte.'
਀ 'Wy krije ús kâns wol wer, leave,' sei er.
਀ Se kaam oerein en joech him in tút.

਀ ਀ Harmke Vigon en Iede hiene al fiif jier in leafdesferhâlding. It wie stadichwei groeid nei't Harmke sân jier lyn yn tsjinst komd wie. Foar Iede wie se de earste pear jier ien fan de stikmannich froulju op de boekhâlding. Se die har bêst en helle ek in diploma. Yn dy tiid hie Iede in ûndersjef, in man dy't him mar stadich foldie. Doe't dy man sawat sechtich wie moast er der op rie fan dokter mei ophâlde. Der wiene twa âldere froulju en in man dy't syn plak ynnimme woene, mar Iede hie dêr gjin hege ferwachtings fan. Hy hie it risiko nommen om Harmke te beneamen. Sy wie de jongste mar se hie op 't lêst it heechste diploma. Nei koarte tiid wist er dat er gelyk hân hie. Harmke hie hier op 'e tosken mar fierder wie it in blierhertich frommes dy't de oare froulju en manlju op de boekhâlding net pleage en sels in berch wurk fersette. Se die it folle better as har foargonger.
਀ Doe't Iede har foar dy funksje útkiesde koe er har net better as syn oare meiwurkers. As ûndersjef hie se fansels folle mear kontakt mei him. Hy wie doe krekt fjirtich. Hy wie stikhinne tweintich jier troud mei Gryt en útsein de ferfeelsumens fan fêste oanwensten hie er it sa min noch net, fûn er sels. Fan de leafde fan eartiids wie by harren beide net folle mear oer. Gryt ferwiet him dat hy him wat langer wat mear op syn eigen dingen weromluts en dat hy suver gjin rekken mei har hold. Foar him wiene Gryt har ivige strideraasjes mei Jikke in krús. Hy seach wol dat Jikke it Gryt net altyd noflik makke, mar sa't hy it ûnderfûn wie it hast altyd Gryt dy't it fjoer oanstuts mei in skerp wurd op it ferkearde momint. En net wiis genôch wie om har stil te hâlden oant de flammen dôven. Mar hy hie genôch om him hinne sjoen dat er wist dat der by de measte húshâldings wol wat wie. Gryt soe net mear oan mankearje as oan in oar, sei er tsjin himsels, en hy hie ek net in hekel oan har.
਀ Hy wie lykwols net ûngefoelich foar oare froulju. It deistige kontakt mei Harmke mei har fleurich sin makke him al gau weak. Yn koarte tiid groeide der fertroulikheid tusken harren beiden, op it kantoar. Doe't er in kear mei Gryt op in toanieljûn wie troffen se Harmke dêr ek. Se wie allinne en kaam by harren sitten. Se hiene mei-inoar in protte wille. Yn it skoft kochten se lotten en Harmke wûn in oranjekoek. Nei ôfrin fan it stik dûnse hy in pear kear mei har. Doe't se nei hûs soene reinde it fûl. Se liet de fyts stean en stapte by Gryt en him yn 'e auto. Se wenne fierderop en ûnderweis gong Gryt der by harren hûs út want se wie wat heal. By Harmke har hûs joech er har yn 'e auto in tút. Se fiske de kaai fan de foardoar út har taske op en sei: 'Sille we in stikje fan de oranjekoek opite?'
਀ Doe't er thúskaam sliepte Gryt. De oare moarns liigde er har foar dat er maleur mei de auto hân hie. Hy hie syn hannen en syn klean al in bytsje smoarch makke, mar it hie net hoegd want se hie gjin idee hoe let as er thúskomd wie.
਀ Harmke hie sein dat se beslist net in fêste relaasje woe. Se woe de frijdom hâlde om harren ferhâlding te ferbrekken as sy dat woe, by need sûnder útlis. In saaklike leafdesferhâlding, sa hie se it neamd. Fan syn kant hie hy sein dat er net by Gryt wei gong salang dy him net fuortstjoerde, en dat hy op sa’n manier, krekt as Harmke, harren relaasje saaklik hâlde woe. Sûnt de jûn, dat se elkoar dat ferklearre hiene, hie it wurd 'saaklik' foar harren in spesjale betsjutting holden.
਀ De saaklikens hiene se oerset yn hoedenens. Yn in plak as Reasyl bleau net folle stil. Dêrom moasten se wol ris lang wachtsje op in kâns om elkoar leaf te hawwen. Dat hiene se der foar oer. Nei de earste tiid wie dat swiertepunt ferskood nei it ferlet om te praten en de gedachten te wikseljen oer deistige en djippere dingen, dy't se beide nearne oars kwyt koene. Harmke har mem en heit wiene der net mear, en Iede hie twivels dêr't Gryt gjin antenne foar hie. Harmke wie de ienige dêr't er mei prate koe oer syn soargen om Jikke.
਀ Nei twa jier hie Harmke de ferhâlding brutsen. Se sei dat se in jonge freon hie dêr't se wis fan wie. Foar dy jonge woe se, sa't se sei, sels har selsstannigens oerjaan. Iede hie sein dat er it net leaude, mar trou oan de ôfspraak hie er har der net op oanstien. Hy hie in min skoft hân. Hy hie net tocht dat hy sa oergeunstich wêze koe. Ienkear hie er dreamd dat er dy jonge fersûpte, dat wie nei't er harren op in jûn dûnsjen sjoen hie. Mar hy hie him fjouwer moannen lang ynholden, wylst er elke dei op 'e saak mei har omgean moast. Doe fertelde Harmke, ûnder it deistige kofjedrinken mei it hiele kantoar, by de noas lâns dat se de jonge de doar útset hie. Iede sei, soa, en moast noch in moanne wachtsje ear't se belies joech. Doe, op in neimiddei, doe't elkenien al fuort wie, sei se dat se har skamme om wat se him oandien hie. Hy hie har yn syn earmen nommen en har tute, wylst de triennen him oer de wangen rûnen.

਀ ਀ It mocht lykwols in wûnder hjitte dat se yn fiif jier tiid nea trappearre wiene. Foaral de earste tiid hie er him frijwat skamme, tsjin Gryt oer. Hy moast lige en sa wie er net grutbrocht. En Gryt hie him nea oanlieding ta ûntrou jûn.
਀ Hy fûn it ûnbegryplik dat Gryt, sa't it skynde, nea op it idee kaam dat hy wolris nei in oare frou omsjen koe. Doe't er in kear tsjin in fanke fan achttjin yn 'e supermerk in grapke makke, rôp se tsjin it bern dat hy fan har en fan oars net ien wie. Do moast ris witte, skeat troch him hinne. Mar earnstich like se der nea oer te prakkesearjen. Gryt, dy't alles kontrolearre, nea ien fertroude, dy't neat fan in oar oannaam. Fan gewoante. As hy sei dat de sjippe op wie seach se earst sels yn de baaikeamer ear't se in nij stik út de kast krige. Miskien hat dat der mei te krijen, hie er ris tocht, doe't er in boekje "Praktyske Psychology" lêzen hie. It draait by har om wissichheid. Se makket harsels wiis, dat se alles sels sjen moat. Wat se sjocht, dat stiet fêst. Mear is der net. Alles wat se net sjocht, dat betinkt se ek net. Mar even letter hearde er op 'e radio ien sizzen dat psychologen yn sokke boekjes altyd alles oan alles knoopje en ferklearje. Ek as se gjin idee ha, wêrom in klant de nuverste dingen úthellet. Doe tocht Iede, ik snap it net en it komt mar sa't it komt.
਀ Want dat it in kear útkomme soe, dêr rekkene er altyd op. Reasyl wie in lytse mienskip en de rûnte fan de firma Welling wie noch folle lytser. Op de boekhâlding seagen de minsken fansels dat Harmke en hy tige goed mei elkoar oerwei koene, mar gjinien hie dêr oan no ta wat achter socht, sa't it like. Dat koe fansels hurd feroarje. Ek as er sels net mear alle dagen yn Reasyl wêze soe, dan soe der faak genôch kontakt bliuwe. Ien wurd dat yn in ferkeard ear foel soe genôch wêze. As Gryt it op in dei hearre soe, dan soe it in dreech stik wurde, tocht er. Wat er dan dwaan soe, tocht er leaver net oer. Mar Harmke lit ik net los, hold er himsels foar.

਀ ਀ Tongersdeitemiddei wie er om fjouwer oere yn It Hearrenfean en prate mei Salmink. Hy soe achthûndert gûne skjin yn 'e moanne mear fertsjinje, syn pensioenrjochten waarden alhiel oernomd en oanpast oan syn nije lean. Alle reiskosten en de kosten fan de ferhuzing wiene foar rekken fan Baakman. Hy koe in auto fan 'e saak brûke. As er yn of by Trie in hûs kocht soe der soarge wurde foar in goedkeape hypoteek. Mar hy moast foar de ein fan it jier ferhúzje. Salmink hie it allegearre al yn in kontrakt beskreaun. Iede frege tsien minuten om it yn him omgean te litten. Hy koe neat fine dat him net nei it sin wie en sette syn hân.
਀ 'Ik woe jo dochs wat freegje oer de minsken op de boekhâlding fan Baakman,' frege er doe't er it kontrakt oerrikte. 'Jo seine dat de haadboekhâlder in skoftsje lyn fuort gongen is. Hie dy net ien ynwurke dy't it wurk fan him oernimme koe?'
਀ 'Nee,' sei Salmink. 'Dat foel my ek goed ôf. Safier as ik wist hie er in kundige persoan ûnder him, dat is Frits Voogd dy't de deistige boekhâlding docht. Mar doe't ik der mei Voogd oer prate krige ik it gefoel dat hy net de goede man is om de hiele ferantwurding te dragen. It is in man dy't syn wurk goed docht, mar dy't krekt dat lyts bytsje mist dêr't it op oan komt. Jo sille it sels wol fernimme.'
਀ 'Wit dy Voogd al dat, no ja, dat hy nije wike in oare baas kriget?'
਀ 'Noch net, mar moarnier sil ik him en de oare minsken fan de administraasje op 'e hichte bringe. It soe fansels wat raar wêze as ik moandei ynienen mei jo oansetten kaam, ha, ha.'
਀ Iede sei der mar neat op. Hy fûn dat Salmink wol wat maklik prate oer in man dy't der faaks op rekkene hie dat hy de opfolger wurde soe. As dy man dêr no ris gjin frede mei hie en it yn 'e kant sette? Dan koe hy, Iede, dêr noch in protte lijen mei krije.
਀ 'Ik rekkenje der op dat jo moandei begjinne yn Trie. Kin dat?'
਀ 'Ik sil besykje om moarn en yn it wykein alles sa goed mooglik te regeljen yn Reasyl, mar as it koe woe ik de moandei der noch graach by ha. Tiisdei, kin dat ek?' frege Iede.
਀ 'Nee, einliks net. Moandeitemoarn hâlde wy ús stêfgearkomste, en dêr wol ik jo by ha.'
਀ 'Okee, dan kom ik moandei.'
਀ 'Moai. Jo binne in fleksibel man, dat kin ik fernimme. Dat is presys wêr't ik ferlet fan ha. De gearkomste begjint om healwei tsienen. Ik wol foar de tiid noch even mei jo by menear Baakman lâns.'
਀ 'Ik sil ik der op tiid wêze.'

਀ ਀ Hy wie om healwei seizen thús en fertelde Gryt wat der bard wie en wêr't er foar tekene hie. Se waard der tige kjel fan dat it allegearre al útiten wie. It wie har hielendal net nei 't sin dat sy der sels neat oer te sizzen hie. Hy begrypte har, mar hy wist dat der neat te kedizen wie, foar himsels net, lit stean foar har. Sa siet de wrâld yninoar, dat moast Gryt begripe. Hy die wat er tocht dat de measte manlju dwaan soene. Tiid winne, ôfliede, sizze dat der in hiele protte dingen wiene dêr't se sels yn alle rêst oer beslute koene hoe't it moast. Har wenne litte oan wêr't se dochs net oan ûntkomme koene.
਀ Se rekke noch earder yn it gliden as er tocht hie.
਀ 'Ast do in auto fan 'e saak krijst, dan wol ik de Peugeot hâlde.'
਀ 'Natuerlik. Wy hâlde de Peugeot.'
਀ 'Ik wol elke wike in middei nei ús heit en mem. En dan moatst net seure oer de benzine en sa.'
਀ 'Dat doch ik nea, dat witst. Do bist de baas oer dyn eigen tiid. En ús jild is fan ús beiden. Ik fyn it prima.'

਀ ਀ De oare moarns wie er om sân oere al op 'e saak. Hy en Harmke namen de saken nochris troch. Einliks wie der mar in bytsje dat se net wist. Dat wiene de dingen dy't ticht by Piter Welling leine. Hy fertelde har wat se dêrfan witte moast. Dêr wie ek by hoe't hy de winst fan it foargeande jier oppoetst hie, omdat Piter dat sa ha woe. Doe gongen se mei har beiden nei Piter syn kantoar om him mei te dielen hoe't it fierder rinne soe mei de administraasje. Iede betocht dat it foar Piter in eigenaardich momint wêze moast. Hjir sieten twa minsken dêr't hy jierren lang de baas fan west hie en dy't no ynienen de saken yn opdracht fan in oar regelen. As it der op oan kaam hie er neat mear oer harren te sizzen. Mar oft Piter al sa fier wie, dat er dat begrypte, koe Iede net oan him fernimme.
਀ Se lieten it foarkomme dat se de hiele sneon noch nedich hiene. It wie ynearsten de lêste kâns om in dei mei har twaÎn te wêzen. Sa faak oerkaam dat harren net. Piter Welling hie se inkeldris nei in kursus yn in fier hotel gean litten, foar in kompjûterkursus of sa. Oft Salmink harren deselde romte gunne soe moasten se mar ôfwachtsje.

 
਀ ਀ EIN fan Haadstik 2.

਀ ਀ Fierder nei Haadstik 3.

 
 
 
਀ ਀
Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT

਀ ਀ ਀