Roman
Haadstik 3.
Hy gong goed sân oere fan hûs en wie kertier oer achten yn Trie. Salmink helle him op yn de resepsje en naam him mei nei syn kantoar. Se dronken in kop kofje en doe gongen se nei it kantoar fan menear Baakman. Zwier Baakman wie in lange meagere man mei in skiere kleur en tsjok, weagjend wyt hier. Iede skatte him op begjin sechtich. Hy hie in kreas pak klean oan dat him as getten om 'e lea siet. Hy joech Iede de hân en sei dat er wolkom wie yn Trie, en dat hy ferwachte dat it Iede goed foldwaan soe. Hy liet Iede in pear minuten oer himsels fertelle en winske him doe alle súkses.
'Ik sjoch jo strak, om healwei tsienen.'
Werom yn it kantoar fan Salmink sei dy dat it altyd sa gong. Dat menear Baakman nea folle tiid nedich hie om minsken te taksearjen. Hy lei Iede alfêst wat dingen út dy't strak op de stêfgearkomste oan 'e oarder kamen, en hy neamde de nammen fan de minsken dy't der by wêze soene. It haad fan de ynkeap, Steen, de twa ferkeaplieders Tekelenburg en Groot Koerkamp en de sjef logistyk Hurkmans, de man dy't stie foar it magazyn en de oan- en ôffier. En fansels menear Baakman, Salmink as ûnderdirekteur en Iede as haad fan de administraasje, fan hjoed oan.
'As ik jo ien ding riede mei,' sei Salmink, 'dan dit, dat jo soargje dat jo op tiid binne. Menear Baakman is in man fan de klok. Kom mar, dan geane we der hinne.'
Iede fûstke mei de mannen en gong sitten op it plak dat him oanwiisd waard, nêst Salmink. Presys op tiid kaam menear Baakman der yn mei in sekretaresse. Dy dielde in wurklist om mei fjirtjin punten.
De gearkomste ferrûn sa't Iede mar selden meimakke hie. Menear Baakman siet rjochtop, op in hege stoel mei de rêch nei it finster. Hy joech de mannen ien foar ien it wurd en moanne se sadree as se mar in millimeter fan it ûnderwurp ôfwykten. Hy wie net ûnfreonlik of hûnsk en hy lei se net leech. Hy spile net de iene tsjin de oare út. En hy hearde mei grut omtinken nei alles wat der sein waard. Dy't wat nuttichs te melden hie krige de romte om it útien te setten, mar dy't itselde sei as ien fan syn foargongers waard nei in heale minút betanke. Stimd waard der net. De gearkomste wie oars net as it rieplachtsjen troch Baakman ear't hy, en oars net ien, in beslút naam. Dat die er dan ek, daliks of hy sei dat dyjingen dy't it oangong, it dan en dan hearre soene. Om tsien foar tolven wiene alle punten fan de wurklist behoarlik ôfwurke. Baakman slute de gearkomste en der kamen broadsjes en drinken.
Iede wie wend oan de gearkomsten ûnder de ûndúdlike lieding fan Piter Welling dêr't elkenien alle kanten útkletste. Dy gearkomsten waarden net ôfsletten mar se ferrûnen. De iene nei de oare moast fuort en dan sei Piter: 'Nije wike mar fierder.' De metoade fan Baakman wie krekt oarsom. Alles wie ôfhannele. Elkenien wist wat der ôfpraat wie en koe oan it wurk. Foar Iede hie it tige de muoite wurdich west. Oan it begjin hie Baakman him oan de minsken foarsteld. By in mennich punten fan de wurklist hie er Iede mei inkelde wurden meidield wêr't it om gong. Iede hie yn ien moarnsskoft in macht wittenskip oer de saak opdien, mar ek, en foaral, field wat de ynstelling fan syn nije firma wie. Hy hie in protte notysjes makke en hy wie djip ûnder de yndruk. In bedriuw lyk as dit moast it allegearre goed foar elkoar ha. Hy rekkene der op dat dat ek foar de boekhâlding jilde, dêr't hy sels de kommende tiid de ferantwurding foar krige te dragen.
Dat lêste sei er ek tsjin Salmink, doe't se op dy syn keamer sieten te wachtsjen op Frits Voogd, de twadde man fan de boekhâlding. Salmink sei dat it neffens him net sa min draaide mar dat der fansels altyd wat oan te ferbetterjen wie. Wat er dêr krekt mei bedoelde koe Iede net mear freegje, want Voogd kaam der yn. It wie in man fan om 'e sechtich, like Iede ta, mei in keale holle, in read gesicht en frijwat rûch yn de klean.
'Moai, dêr wiene jo al,' sei Salmink. 'Dit is him dan, menear Hommes fan Welling BV yn Reasyl. Ik ha jo freed al ferteld dat hy de nije haadboekhâlder is.'
'Goeie,' sei de man. 'Ik bin Frits Voogd.'
'Goeie, menear Voogd.'
'Gean sitten, mannen,' sei Salmink. Der kaam kofje en tee en Salmink frege Iede om fan wâl te stekken. Iede hie him der oer beret wat er freegje moast. Hy hie besluten dat er it bêste begjinne koe oer it personiel, de minsken dy't op de boekhâlding wurken, en dan oergean nei de organisaasje. Voogd joech, tige koart, in oersjoch oer de minsken en wat se diene. Doe't er dêr klear mei wie brocht Iede it praat op it wurk sels. Hy frege wat oer de wurkwizen. Voogd neamde in pear algemiene dingen dêr't fierder neat oer te sizzen foel. De man hold him tige op 'e flakte. Hy sei al twa kear dat se alle dingen dienen sa't it yn in grossierderij hearde, en dat it net oars koe.
Iede seach nei Salmink. Dy stoarre it finster út en die oft er neat hearde. Wat Voogd sei skeat Iede neat mei op. Mar as er dat no sei dan wie der in grutte kâns dat er daliks al spul mei Voogd krige. Hy betocht dat de man der wierskynlik op rekkene hie dat hy it haad fan de administraasje wurde soe. En as dat al net sa wie, dan moast Iede dochs rekkenje mei de eigensin fan de fakman. Dy hold it der graach op dat it wurk net better dien wurde koe as sa't hy it sels die.
Spul mei Voogd wie it lêste dêr't hy ferlet fan hie. De lêste sneons dy't er mei Harmke tegearre west hie, hiene se der djipgeand oer praat. Der wie in grutte kâns dat hy yn in fyannich fermidden belânje soe, en it wie ferstannich om dêr mar fan út te gean, sei se. Hy stie der ommers folslein allinne foar. Hy hie sein dat Salmink achter him stie, mar Harmke sei: 'Tink der om, as it him net útkomt wynt er him der út, krekt sa't Piter Welling dat ek altyd docht.' Se hie fansels gelyk, tocht Iede. Hy woe yn alle gefallen besykje dat er de meiwurking krige fan de twadde man. Fan dizze Voogd, dus. Harmke hie sein dat er dêr mar net op rekkenje moast.
Hy wie der net wis fan wat dizze Voogd foar in man wie. Minskekennis wie syn sterkste punt net, dat wist er. Hy betocht dat er Harmke ris in skoftsje mei Voogd prate litte moast, sy seach folle better as him troch de minsken hinne.
'Och, it is net it belangrykste, dy sifers,' sei er. 'It wichtichste is fansels dat wy der as boekhâlding foar soargje dat de klanten ús op tiid betelje. En dat der gjin guod weiwurdt en dat de leanen op tiid betelle wurde. Ja, no?'
'Ja,' sei Voogd. Iede fernaam dat Voogd him foar gjin stoer fertroude. Neat oan te dwaan, tocht er. Goed dat Harmke him der foar warskôge hie.
Hy gong mei Salmink en Voogd nei de boekhâlding. Iede joech alle minsken de hân en sei dat er yn de kommende dagen mei harren mei-inoar en mei elk fan harren apart prate woe. De minsken fan 'e boekhâlding sieten yn ien grutte seal, in kantoartún. Voogd hie in ôfsketten hoekje, mar botte frij siet er der net. As der oer fertroulike dingen praat wurde moast, dan koe dat hjir net, tocht Iede. As er ris hinnegong en regelje foar Voogd in eigen frije keamer, soe dat miskien helpe? Mei de tiid mar ris sjen.
Doe't se klear wiene wiisde Salmink Iede syn eigen keamer oan. In grutte keamer, mei in buro en in kast en in tafel mei stuollen foar gearkomsten en sa. Op in sydtafel in kompjûter. Iede en Voogd gongen even sitten en Salmink fertelde noch in pear dingen. Op 't lêst sei er:
'Ik soe sizze dat ik jimme beiden no genôch yn 'e kunde brocht ha. Ik winskje jimme súkses mei de gearwurking. As jimme my nedich ha, dan hear ik it wol.'
Hy gong de doar út. It wie healwei trijen.
'Sa,' sei Iede. 'Wat kinne wy noch dwaan, fan 'e middei?'
'Ik ha gjin tiid mear,' sei Voogd.
'Drok?'
'Ja.'
'Wêr binne jo mei dwaande, as ik freegje mei?'sei Iede.
'Allerhande dingen.' Voogd wie al stean gongen.
'Jo ha dochs noch wol fiif minuten, net?' besocht Iede.
'Wat is der dan noch?'
'Kinne jo my de ferslaggen fan de lêste jierren even oanrikke?'
'Ik wit net oft ik dy oan jo jaan mei,' sei Voogd. 'Dat moat ik earst oan menear Salmink freegje.'
Iede wist net wat er hearde. Dit die de doar ticht. Geandewei wie er ûnder it petear fan de lêste minút al nidich wurden, mar hy hie it net fernimme litten. Hy hie er der rekken mei holden dat de stimming ôfwachtsjend en ôfstânlik wêze soe. Men soe de kat út de beam sjen, hie er ferwachte. Mar dit wie hiel wat oars. Voogd wie fuort mei de oarloch begongen.
Iede pakte de telefoan en draaide it nûmer fan Salmink.
'Hjir is menear Salmink,' sei er tsjin Voogd. 'Freegje it him.'
Voogd beweegde him net.
'Salmink hjir. Wa is dêr?' klonk it út de telefoan.
'Mei Hommes, menear Salmink. Hjir is menear Voogd, hy moat jo wat freegje.'
Hy seach noch krekt dat Voogd de doar út skeat.
'Ja, wat is der oan, Voogd?' frege Salmink. Iede hearde wat gerommel, doe: 'Hea, ik tocht dat ik jo oan de telefoan hie...' De hoarn waard dellein.
Yn syn wurksume libben hie Iede fansels wolris faker kwestje hân mei ien dy't net om 't lyk woe. Mar sa’n oanfarring, fuort op de earste dei, noch gjin minút nei't se allinne litten wiene, dat wie dochs wat oars. Wat soe Harmke dwaan, tocht er. En hy wist it daliks. Harmke soe it ûnderste út 'e sek helje, en gjin genede kinne.
De telefoan gong.
'Ja, Salmink hjirre. Kinne jo hjir even komme, menear Hommes.'
'Nee. Stjoer Voogd hjir mar hinne, mei de ferslaggen.'
'Rêstich, menear Hommes, rêstich oan. Voogd is in bytsje oerspand, hy hat it de lêste tiid drok hân.'
'Dêr ha ik gjin boadskip oan,' sei Iede grimmitich. Hy hie it idee dat er oan it winnen wie. Hy lei de hoarn del.
Voogd kaam der yn en lei in pear mappen op 'e tafel. Doe draaide er him om en soe wer fuort.
'Wolle jo de doar even ticht dwaan, oan dizze kant?' frege Iede.
De man die it.
Iede sei: 'Ik hoopje dat dit de lêste kear wie. Ik bin hjir komd om mei elkenien yn goedens te arbeidzjen. Ek mei jo. Ik stel foar dat wy dizze middei ferjitte. Moarnier begjinne wy alhiel op 'e nij. Sille we dat ôfprate?'
De man seach nei de muorre en sei: 'Ja.'
'Okee,' sei Iede. 'Dan sjoch ik jo moarnier wer.'
'Sjoch ris oan,' sei Iede tsjin himsels. 'Ien nul.'
Hy hie him deljûn yn de stoel fan syn foargonger. De earste slach hie er wûn. Der soene wol mear komme, mar hy wie der wis fan dat men yn alle gefallen net de gek mei him ha soe. Ek Salmink net. It wie fansels riskant, wat er tsjin Salmink sein hie, dat er wegere hie om te kommen. Mar as er al gongen wie, hie it like dat er help socht om Voogd oan te kinnen. It hie net oars kind. En seker net yn dit hûs, tocht er. Dyselde moarns noch hie menear Baakman sjen litten dat wa't baas wie dat ek mar toane moast. Mar Salmink soe der fansels op werom komme, en dan moast er syn ein fêsthâlde.
Hy begong de ynhâld fan it buro en de kast nei te sjen. Folle oarder koe er der net yn fine, mar hy wist fansels noch net alles fan it bedriuw. Hy makke in laad fan it buro en in planke yn de kast leech om dêr syn eigen dingen yn op te bergjen. Hy sette de kompjûter oan en beseach wat der op de skiven stie. Dêr koe er net folle mei, murk er. It like der op dat hy hiel wat fan de grûn ôf opbouwe moast.
Hy seach de mappen yn mei de ferslaggen fan de lêste jierren. Baakman BV hie goed jild fertsjinne, seach er. Mar der stie net safolle ynformaasje yn as hysels by Welling altyd op papier sette.
Mei Salmink hie er ôfpraat dat er jûns om fiif oere fuortgean soe, as der teminsten neat bysûnders wie. Doe't er wat dingen yn syn tas die om dêr thús ris nei te sjen, kaam Salmink der yn.
'Dat gong fan 'e middei even ferkeard, leau 'k,' sei er.
'Voogd hat by my west,' sei Iede. 'Wy ha ôfpraat dat we moarnier op 'e nij begjinne en dat we de dei fan hjoed ferjitte.'
'Dat docht my deugd. Voogd is oars wol in fakman, hear. Ik ha altyd goed op him oankind.'
'Dat wol ik graach leauwe mar it moat al wurkje,' sei Iede.
'Dêr ha jo gelyk oan. Jo binne leau 'k net sa mijen, wol?'
'Dat falt wat ta. Mar jo ha my de ferantwurding jûn en dêr til ik swier oan. En ik tink dat it better is dat de ferhâldingen dúdlik binne. Fan it begjin ôf.'
'Ja, wis,' sei Salmink. 'Voogd hie dêr wat better om tinke moatten. Mar ik sis it noch ris: it is in goede wurker dêr't ik hiel wat respekt foar ha. Menear Baakman trouwens ek.'
Iede knikte. Salmink winske him in goede reis en gong de doar út.
De hiele dei gong nochris oan Iede foarby, ûnderweis nei Reasyl. Hy hie by Welling wolris spannende dagen meimakke mar safolle nije dingen yn noch gjin njoggen oeren wie dochs apart. De rúzje mei Voogd hie fansels it yngripenst west. Hy hie de slach wûn en Salmink hie him gelyk jûn. Mar dy syn lêste wurden wiisden der op dat dy Voogd in posysje hie dêr't er rekken mei hâlde moast.
Gryt frege hoe't it gongen wie en hy fertelde oer menear Baakman en de mannen fan de stêf. En dat er mei de twadde man Voogd praat hie. Wat er werklik mei dy man belibbe hie hold er him mar stil oer.
De auto koe er freed krije, hie Salmink sein. Gryt sei dat se dan mei him nei Trie ride woe, dan koene se moai de middeis beide auto's meinimme. Dan koe se dêr ris om har hinne sjen, en miskien by in makelder oanrinne. 'Prima,' sei er en hy glimke achter de hân. Noch even en Gryt soe noch sinne oan ferhúzjen krije.
Hy hie dy deis noch net mei Harmke praat. Yn it foarste plak omdat er der hast gjin tiid foar hân hie, en yn it twadde plak om hiel wat oars. Sy hie him ris ferteld dat se eartiids, foar't se by Welling kaam, earne in skoft telefoaniste west hie. As dêr in nije meiwurker kaam moast se der om tinke wêr't dy mei skille en wat der sein waard. Iede en sy koene better mar foarsichtich wêze mei de telefoan. Hielendal yn syn posysje as ien, dy't net by elkenien wolkom wie.
Hy hie der grut ferlet fan om Harmke syn ûnderfinings fan de dei te fertellen. Hy gong even nei it kantoar fan Welling, dêr't er de nachtkaai fan holden hie en skille Harmke har nûmer. Mar der waard net opnommen, en hy koe syn ferhaal dy jûns net mear kwyt. En har ek net freegje hoe't sy tocht dat it hâlden en dragen fan Voogd fierder ferrinne soe.
Underweis nei hûs kaam er Jan Hoekstra tsjin. Hy sei dat er him wat nijs fertelle moast en Jan gong even mei nei Gryt om in bakje kofje.
'Ik bin bang dat ik in probleemke foar dy ha,' sei Iede. 'It liket der op dat wy ynkoarten út Reasyl wei geane. Wy moatte nei Trie ferhúzje want dêr bin ik no oan it wurk. Fan hjoed ôf.'
'Wat seiste,' sei Jan Hoekstra. 'Sitst net mear by Welling?'
'Ja en nee. De saak fan Welling is oernommen troch de konkurrint, dat is Baakman yn Trie en se ha sein dat ik dêrhinne moat. Neat oan te dwaan. It is ynienen opkaam, ik koe it dy net earder fertelle. Do moatst der trouwens noch even net oer prate, want it mei noch net bekend wurde.'
'No, moai is dat,' sei Jan. 'Wêr helje ik sa gau in nije skriuwer wei?'
Jan Hoekstra wie de foarsitter fan de skaakklup fan Reasyl en Iede wie de skriuwer/ponghâlder. De klup dreau op harren beiden. It wie net sasear in baantsje dêr't jo dei en nacht mei yn 't spier wiene, mar it moast dochs even waarnommen wurde. Se wisten allebeide dat der fan de oare fiifentweintich leden gjinien wie dy't der sinne oan hie. De manlju en froulju kamen allinne om te skaken. As se bestjoere woene wiene der wol spannender klups yn Reasyl.
Iede hie it skaken al jong leard. Hy wie net in grut talint mar yn de klasse dêr't se yn spilen koe er aardich meikomme. Hy hie nocht oan it spul. Troch de jierren wie er net faak weibleaun op de woansdeitejûnen, as de klup yn in sealtsje byelkoar kaam. En oan toernoaien yn 'e omkriten die er meast ek mei. Gryt sei it skaken neat, en Jikke hie besocht om it te learen en se koe it in bytsje, mar folle nocht hie se der net oan.
'Wurdst tink lid fan in klup yn Trie,' sei Jan.
'Ja, dat is it doel al, mei de tiid.'
'Moatst sjen datst dêr yn it bestjoer komst. Dan kinne jimme ús moai útnoegje foar in toernoai. Op jimme kosten fansels.'
Se praten noch in skoftsje oant Jan nei hûs moast. Iede rûn even mei nei de dyk.
'Wat seit Harmke der fan, Iede?'
'Se is der net bliid om.'
Jan Hoekstra wie neffens Iede de ienige dy't fan syn ferhâlding mei Harmke ôfwist, fan it begjin ôf. Iede hie it him ferteld omdat er sa fol siet fan har, dat er it oan ien kwyt moast, en Jan wie syn bêste freon. Harmke en Jan wiene in bytsje famylje. Jan hie him troch de tiid no en dan dutsen as er noch even nei Harmke gong nei't se op 'e klup in fluch potsje spile hiene.
'Do kinst har net meinimme, tink.'
'Nee, dat sit der net yn, yn alle gefallen foarearst net. Mar wy bliuwe fansels yn ferbining. Se bliuwt myn filiaalhâldster, sis mar. En rekkenje der mar op dat ik faak foar oerlis en tafersjoch yn Reasyl wêze moat.'
De oare moarns sette er syn tas op syn keamer en kuiere nei Voogd.
'Moarn. Komt it jo gelegen?'
'Moarn,' sei Voogd. 'Dit even ôfmeitsje, dan bin ik der klear foar.'
Hy blêde in mapke mei papieren troch dêr't er parafen op sette. Doe't it klear wie joech er it spul oan in frou yn 'e kantoartún en sei tsjin Iede:
'Sa, dat wie dat. Wêr sille we, hjirre of op jo keamer?'
'Ik tocht einliks hjir mar,' sei Iede. Dit is op 't lêst it hert fan 'e boekhâlding.'
'We moatte der even om tinke dat we net te lûd prate,' sei Voogd. 'Oars hearre se miskien mear as goed foar harren is.'
Hy krige in steapel papieren út in kast en begong se mei Iede troch te nimmen. De man fertelde dúdlik wêr't it oer gong. Hy die it koart mar sûnder tebekhâlden. Iede skreau en siet ûnderwilens mei fernuvering nei him te hearren en te sjen. Der wie gâns ferskil tusken de Voogd fan juster en dy fan hjoed. Sa ôfhâldend en fyannich as er doe wie hie, sa saaklik en praktysk en iepen wie er no. Der ûntkaam him net in wurd fan foarbehâld tsjin Iede oer. Mar dat wie it dan ek. Fierder as dat er net ûnfreonlik wie, gong it net. As Iede earne op ynfrege joech er der behoarlik antwurd op, mar hy frege net ien kear oft er dúdlik genôch wie.
Nei twa oeren, om healwei alven fernaam Iede dat er de gedachten der net mear byhâlde koe. Hy wie oan syn taks fan wat er achterinoar opnimme koe. Hy betanke Voogd, naam noch in pear mappen mei en gong djip yn gedachten werom nei syn keamer. Mei wat er allegearre heard en sjoen hie koe er no al sizze dat er it fernaamste oer de boekhâlding fan Baakman BV te pakken hie. Hy moast it allinne oarderje. Dêr woe er it fierdere dei foar nimme. Hy moast trouwens ek in petear ha mei guon fan de oare stêfmannen, dat wie al ôfpraat.
Voogd. Dêr draaide it om. It wie yndied in man om rekken mei te hâlden. Hy woe daliks leauwe wat Salmink sein hie, dat Voogd in goede fakman dêr't er respekt foar hie. In man dy't jo om in boadskip stjoere koene. Iede soe mei him gearwurkje moatte, en dat betsjutte dat hy Voogd wat romte tastean moast. Ek yn dingen dy't er sels it leafst oars ha woe. Mar it wie fansels net nedich om dêr in protte haast mei te meitsjen.
Der wie net ien dy't him frege hie om mei nei de kantine te gean om syn brochje op te iten. Dêrom bleau er mar op syn keamer. Doe't er lykwols begjinne soe te iten kaam Hurkmans, de man fan de logistyk, syn keamer yn en joech him by him del. De deis tefoaren hie Iede him al troffen, yn de gearkomste mei Baakman. Hurkmans hie in tromke mei bôleguod en in flesse molke by him.
'Reitsje jo al in bytsje wend?'
'Och, wat sil ik sizze,' sei Iede. 'It is fansels allegearre wat oars as yn Reasyl. Ik woe besykje om der hjir stadichwei wat yn te groeien.'
'As ik jo wie soe ik mar opsjitte,' sei Hurkmans. 'Ik wol my der net mei bemuoie mar der leit ien en oar op jo te wachtsjen.'
'O, ja?'
Iede wie benijd wêr't Hurkmans hinne woe. Dy hie fansels neat oer de boekhâlding te sizzen. Mar as hy der ynkaam en him fuortdaliks fertelde dat der wat barre moast, dan bedoelde er dêr grif wat mei.
'Ja. En ik sil jo daliks mar sizze hoe en wat. Sjoch, wy fan de logistyk, de ynkommende en útgeande produktstreamen, hawwe al jierren in kompjûtersysteem dat goud koste hat. Dêr komt alles út wat wy en jimme nedich ha. Mar op de boekhâlding dogge se der neat mei. En dat soe my oars noch neat skele kinne. Mar witte jo wat der bart? Op de boekhâlding besykje se om alles wat wy al yn 'e kompjûter ha, noch in kear op te skriuwen. Meast kloppet dêr neat fan en wa tinke jo, wa't dêr dan de skuld fan kriget?'
'Ik snap wat jo bedoele,' sei Iede.
Hy die de hannen achter de holle en lake Hurkmans freonlik ta.
'Mar jo moatte my fansels al in lyts bytsje tiid jaan.'
Hurkmans ûntspande him.
'Och ja, fansels. Jo ha gelyk, it is net fatsoenlik om jo fuortdaliks oan 'e kop te seuren mei myn problemen. Litte we it mar earne oars oer ha. Trouwens, myn foarnamme is Mels.'
'Ik hjit Iede.'
'Sille wy mar do en dy sizze?'
'Ja, graach.'
'Dêr woe 'k hinne. Wolkom yn Trie, Iede. Ik tink dat wy goed mei elkoar wurkje sille.'
Mels Hurkmans wie in meagere man fan tuskenbeiden lingte, mei gielich, slûk hier. Hy moast in jier as fyftich wêze, taksearre Iede. It like in man dy't wist wat er woe. Dat moast fansels ek, oars holden jo it nea fol yn in baan lyk as dy fan him, dêr't alles altyd daliks moast en gjin dei lyk as de foargeande wie.
'Rûn it noch wat yn Reasyl, de lêste tiid?' frege Mels. 'Ferline jier wie it net bûtengewoan, ha ik heard.'
'Och, de earste moannen fan it jier is it altyd wat stil yn ús hannel,' sei Iede. 'Dat sil hjir ek wol sa wêze. Wy hiene dochs aardich oarders yn 'e hûs.'
'Minder as ferline jier.'
'It skeelt net safolle, tocht ik,' sei Iede. 'Mar do hast gelyk: it koe better. Hoe witte jimme dat trouwens?'
Mels Hurkmans glimke. 'Dêr ha wy hjir in kommisje foar. Dat is Theo Salmink syn útfining. Dy is der mei begongen doe't er oardel jier lyn by ús komd is. En earlik is earlik, jo steane fersteld wat jo allegearre achterhelje kinne as jo it goed oanpakke.'
'Wêr komt Salmink einliks wei?'
'Hat er dat net ferteld? Hy is meikomd doe't wy dy firma Knol yn Reinwerd oernommen ha. Hy wie dêr direkteur, trouwens, dat is er noch altyd. Hy sit dêr ek in protte, twa of trije dagen wyks.'
'Ik tocht dat jimme hjir út Trie wei de saken fan Knol BV bestjoerden,' sei Iede.
'Nee, dat dogge wy net. Dat wie leau 'k earst al it doel fan menear Baakman, mar oan no ta is der neat bard. Theo Salmink moat fansels ek wat te dwaan ha.'
'Soe er dat oars net ha?'
'No, ik wit net. Sjoch, wy sieten hjir yn Trie net op him te wachtsjen. Menear Baakman woe him de baas meitsje fan de hiele ynterne tsjinst, dat wol sizze fan de administraasje en fan de logistyk.'
'Fan dy dus ek.'
'Ja.'
'En is dat net trochgongen?'
'Nee. Ik ha tsjin menear Baakman sein dat ik dêr net oan meiwurkje woe. Doe hat menear Baakman der fan ôf sjoen.'
'Soa!'
'Ja. Do hast menear Baakman juster al meimakke. In autoritêrder man silst net gau tsjinkomme, mar ast dyn wurk goed dochst, dan heart er wol nei dy. En hy ken my al fiifentweintich jier.'
'Dat is goed om te hearren,' sei Iede. 'Mar de administraasje is dus wol ûnder Theo Salmink komd.'
'Ja. Ik leau dat dyn foargonger it in goed idee fûn. Dy wie deabenaud foar menear Baakman. En Theo Salmink kin noch safolle oan mankearje, it is net in rare man yn it oankommen.'
It lei Iede op 'e lippen om te freegjen wat der dan oan Theo Salmink mankearre, mar hy betocht dat jo tige oppasse moasten mei rabberij. Uteinlik koe er dizze Mels Hurkmans noch mar ien dei.
'Do hiest it der oer,' sei er, 'dat jimme in kommisje hiene.'
'Ja. Theo Salmink sei dat hy dat by Knol ek al hie, dat hy dêr alles wat er oer de konkurrinten gewaar wurde koe, byhold. It is fansels sa, as je witte wolle wat de konkurrint docht, dat der dan mooglikheden genôch binne. It is net sa’n grutte wrâld, de technyske grossierderij. Jo kinne de mannen, jo witte wêr't harren kracht en swakkens sitte. Der binne advertinsjes, katalogussen en priislisten, de klanten fertelle ûngemurken wolris wat, de fertsjintwurdigers treffe inoar. By de fabrikanten kinne jo hiel wat gewaar wurde. En der steane dingen yn de fakparse en oare kranten. En neffens de wet moatte alle bedriuwen jierliks in tal sifers melde oan it Hannelsregister, dat is iepenbier.
'Dit soarte fan dingen ha fansels altyd bestien. Mar Theo hat der yn syn kompjûter in skema foar en dat is nij, tink ik. Wy ha in kommisje, dat binne gewoan de mannen fan de stêf, Tekelenburg, Groot Koerkamp, Steen en iksels. En Salmink fansels. Ien kear yn it fearnsjier makket Salmink in presintaasje en dêr studearje wy dan mei-elkoar in middei op. Oer wat al en net mei-inoar strykt, en wat wy mei ús fiven fierder noch betinke kinne. En dan stean ik faak wer fersteld wat wy allegearre boppe wetter krije.'
'Brûke jimme soms ek spionnen dy't by dy konkurrinten wurkje?' frege Iede.
'Nee, fansels. Snapst wol dat dat taboe is, sokke dingen prate jo net lûdop oer. Mar ik ha wol ris tocht, hoe soe Salmink oan dy en dy feiten komd wêze. Likegoed, ast it my fregest is dat al de reden wêrom't menear Baakman, yn alle gefallen offisjeel, neat mei ús kommisje te krijen ha wol.'
'Is menear Baakman dan sa rjochtlinich?'
'Ja, rjochtlinich is er ek. Mar it is fansels hiel ferstannich. Hy sit sa faak te fergaderjen mei de direksjes fan ús konkurrinten, dan kin er better syn hannen skjin hâlde. En hy kin him ek net ferprate.'
'Mar Salmink sil him dochs fertelle wat jimme kommisje útfûn hat.'
'Dat tink ik wol. Menear Baakman wit yn alle gefallen wat ús kommisje docht, dat hat er tsjin my sein. Ik ha it him frege, want oars hie ik der net oan meidien. Mei Theo Salmink witte jo it nea, oft dy it net foar eigen doelen brûkt.'
'O? Hokker eigen doelen?' frege Iede.
'Dat soe 'k net witte,' antwurde Mels. 'Miskien hie ik dat net sizze moatten.'
Hy en Iede seagen inoar in skoftsje oan, hifken inoar. Iede betocht dat Mels grif ynseach dat er einliks te folle sein hie. Hy soe itselde tinke as Iede niis, dat hy de oare lang net goed genôch koe om him yn betrouwen te nimmen.
'Diene jimme dat ek mei Welling BV?'
'Ja, hear. Do soest der fan opsjen wat wy allegearre fan jimme wisten.'
'Neam ris wat,' sei Iede.
'Okee,' sei Mels. 'Mar beslist binnen dizze fjouwer muorren. Do hast it net fan my heard.' Hy wachte even, mar Iede sei neat, seach him allinne oan.
'Ferline jier draaiden jimme ferlies. Net folle mar likegoed. Dat kaam foar it grutste part fan trije dingen. Yn it foarste plak omdat ien fan jimme grutste klanten, Sterkenburg, fallyt gong. Yn it twadde plak hawwe jimme oan dy grutte oannimmer Woltman fier ûnder de priis levere. Oan oaren ek mar by Woltman it measte. En yn it tredde plak sitte jimme mei fierste hege foarrieden fan dy Belgyske leverânsier Witteman dy't jimme noch net foar de helt fan de kostpriis kwyt kinne. Dêr moasten jimme dik op ôfskriuwe. Jimme ha trouwens in protte guod yn 'e katalogus dêr't gjin hannel yn sit.'
Iede wie ferbjustere. Hy hie wol tocht dat se net gek wiene by Baakman BV, mar dat se safolle wisten waard er kjel fan. Want it wie allegearre wier, sa't Mels Hurkmans it opneamde. Dit wiene yndied de swakke steeÎn fan Welling, dizze trije ôfdijers. En dat hie Salmink, en menear Baakman grif dus ek, allegearre witten doe't se mei Piter en Gelf Welling praten oer it oernimmen fan de saak. En se hiene witten dat de winst, sa't Iede dy op oanstean fan Piter útrekkene hie, gewoan net wier wie. It swit bruts him suver út. Wat hie dat dan mei dy akkountants west dy't sa froed mei Piter en him sitten hiene te praten oer de sifers. Foar Pyt Snot, sa't no blykte. In moai figuer fan him, om dêr yn Trie mei yn te kommen. Hy koe fuort wol ophâlde. Lyk as juster, in grutte bek tsjin Salmink, jawol. Achter syn rêch waard der smaaklik om him lake.
Hy seach Mels oan en skodde stadich de holle.
'Ik bin bang datst der nochal kjel fan wurden bist,' sei Mels. 'Mar do hoechst it dy sels net oan te lûken. Do bist der op 't lêst net ferantwurdlik foar dat Welling achterútbuorke, de lêste jierren.'
'Nee. Nee, dat net, sa net,' sei Iede. 'Mar dat jimme... Dat hie 'k nea tocht, dat begripe jo dochs.'
'Do,' ferbettere Mels him. 'Sil ik dy ris wat sizze, Salmink sei in pear dagen lyn dat hy dy der by ha woe, yn de kommisje. Do bist in man dy't wit hoe't de ekonomy fan de technyske grossierderij ynelkoar sit. Dit hast net fan my heard, hear!'
Iede wist gjin antwurd. Woe dy Salmink him dêr ek noch by ha. Koe er him noch fierder deltriuwe.
'Kom,' sei Mels. 'Mar ris sjen oft elkenien oan it wurk is. Wy moatte alris wer prate. It sit hjir oars noflik, hjir by dy.'
Hy gong oerein en stapte de doar út.
'Harmke, ik moat mei dy prate, jûn.'
Hy hie har skille, fuort nei't Hurkmans der út gongen wie. Wat koe it him noch skele oft der yn de sintrale ien meiharke of net.
'Wol it wat, dêre yn Trie?'
'Dêr moat ik it oer ha mei dy. Ik wit it net mear.'
'Is it sa slim, jonge?'
'Ik wit net oft it slim is. Ik moat witte watst do fynst.'
'Ik bin thús,' sei se.
Hy besocht wat te lêzen yn rapporten dy't er yn de kast fûn hie, mar hy koe de gedachten der net byhâlde. Dochs waard er wat rêstiger, yn it foarútsjoch dat er jûn syn ferhaal yn alle gefallen kwyt koe. En dêrmei koe er wer wat better tinke. Dy akkountants, bygelyks, soene dy einliks weet hân ha fan dat ferlies dat dy kommisje útfûn hie? Hy helle him foar de geast wêr't dy akkountants it oer hân hiene. Se hiene net folle idee hân wêr't it yn in grossierderij op oan kaam, hie er doe fuort al tocht. Der wie praat oer it fallissemint fan Sterkenburg. Mar oer Woltman, dy't se fierstefolle koarting jûn hiene, net in wurd. En dy grutte foarrie guod fan Witteman, dy't Welling nea wer foar jild kwyt reitsje soe, dêr hiene se ek net in wurd oer sein.
Mar al wisten dy akkountants nearne fan, Salmink en menear Baakman wisten dus dat de sifers dy't Piter Welling harren jûn hie, net doogden. Hy, Iede, hie dy sifers opsteld, mar se hiene him der net op oansprutsen. Soene se it der mei Piter oer hân ha? En as dat sa wie, soe Piter him de skuld jûn ha? Dat woe Iede net oan, dat hie Piter earder ek nea dien. En trouwens, as Piter soks al sein hie, soene Salmink of Baakman dan net oan him frege ha, hoe't it siet?
Yn de fjirde wike fan jannewaris hie Iede syn foarriedige sifers foarlein oan Piter Welling. De sifers wiisden in ferlies oan, lyk as Iede yn syn foargeande rapporten al foarsein hie. Piter hie der in skoft op om stind. Doe hie er Iede frege om, foar dizze iene kear, de sifers in bytsje te bewurkjen, op sa’n manier dat der in winst fan om en by trijehûnderttûzen gûne útkaam. Iede hie sein dat er dêr net folle aardichheid oan hie. It betsjutte dat it ferlies trochskood waard nei de takomst. Takomme jier soene se mei itselde probleem sitte. Mar Piter sei dat it him fanwege syn persoanlike belesting it bêste útkaam om dit jier noch in winstútkearing op te nimmen. Takomme jier spile dat net mear, sei er. Op it lêst hie Iede de skouders ophelle en tocht, Piter wie de baas, hy moast it mar sizze. En hy hie wat poetst en dien en der wie in winst fan f 293.778,02 op papier komd.
Thús, nei iten, sei er tsjin Gryt dat er nei de saak fan Welling moast en dat it let wurde koe. Hy liet dêr de auto stean en op in âlde fyts gong er nei Harmke har hûs, achterom. Sa die er it faker.
Hy fertelde Harmke wat der him de earste twa dagen yn Trie allegearre oerkomd wie. Se sei der net folle op. Se knikte doe't er fertelde hoe't er de kwestje Voogd oanpakt hie. En se wie like ferbjustere as himsels oer wat Hurkmans sein hie fan wat der mis wie by Welling.
'Wat tinkst, soe dy Hurkmans witte fan spionnen by ús? Do hast it him frege mar hy hat der einliks gjin antwurd op jûn, wol?'
'Ja, no'st it seist, hy hie it sizze kind mar hy hat er net dien. Wa soe dat dan wêze kinne?'
Se neamden elkoar de nammen fan minsken dy't wat mear wisten, mar dat wiene mar in pear, en se koene net leauwe dat dy soks dwaan soene.
'Mar as ik Hurkmans goed begrepen ha, giet it net om minsken dy't in protte witte. Hy hie it oer allerhande minsken, dêr't de iene dit en de oare dat fertelt en docht. En in protte nijs komt by oaren wei, bûten de saak om, leverânsiers en klanten en sa. Litte we der mar oer ophâlde.'
'Ja,' sei se. 'Mar likegoed sil ik dochs de eagen iepen hâlde. Dat der dochs ien is dêr't jo net op oan kinne... En do moatst tige oppasse mei dy Salmink, Iede. In man dy't sokke dingen betinkt, dy is net te betrouwen. As ik dy wie soe ik net yn dy kommisje fan him sitten gean.'
'Dat bin ik net mei dy iens,'sei Iede. 'As ik witte wol wat der allegearre spilet, dan moat ik my der wol by jaan. Ik bedoel, Theo Salmink is no ienkear myn baas. Ik ha der sels belang by om te witten hoe't er syn dingen docht. In warskôge man telt dûbeld, of net soms.'
'Pas mar op datst dyn fingers net brânst en yn dingen bedarrest dêr'st lijen mei krijst.'
'Dêr bin ik sels dochs by, net? En trouwens, ik bin ek nijsgjirrich hoe't soks wurket. It is dochs wat oars as oars.'
'No ja, do moatst it sels witte, mar ik die it net,' wie har lêste wurd. Hy liet it mar.
EIN fan Haadstik 3.
Fierder nei Haadstik 4.
| Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT |