TRIED

Roman.

 

Haadstik 4.

De earstfolgjende dagen ferrûnen yn frede. Iede prate mei alle minsken op 'e boekhâlding en liet himsels geandewei ynskeakelje yn it deistige wurk. Mei Voogd bleau de ferhâlding saaklik. Iede mijde de man in bytsje.
Freeds gong Gryt mei nei Trie. Se dronken kofje op Iede syn kantoar, doe brocht er har nei it sintrum fan it plak. Yn de foargeande dagen hie er hjir en dêr fernommen wer't de fernaamste makelders sieten, en mei dat listke gong se op stap.
Doe't se elkoar om fjouwer oere wer seagen hie se sân huzen besjoen en dêr trije útkiesd. Twa dêrfan beseagen se noch even fan de bûtenkant. It tredde koe se net mear fine. Ienkear thús siet se der noch fol fan. Iede tocht dat as er no sizze soe dat er net mear yn Trie bleau, dat se dan al lilk wurde soe. Hy seach mei niget hoe't se yn in wike tiid feroare wie, sa't se no al útseach nei it aventoer. Se prate der wiidweidich oer, hokker hûs harren it bêste passe soe en se woe daliks in makelder skilje dy't it âlde hûs ferkeapje moast. Se sei ek dat se moandei har baan by it Griene Krús opsizze soe dêr't se sa skjin har nocht fan hie.
Fjirtjin dagen letter hiene se in kreaze nijachtige wenning yn Trie kocht en wie it hûs yn Reasyl ferkocht. Gryt hie it allegearre foarinoar brocht. Iede hie allinne de hypoteek mei de bank fan Baakman regele. Salmink hie soarge foar in koarting op de rinte.
Yn it begjin fan 'e simmer ferhuzen se. Iede hie tsien wiken op en del riden en hy wie tige bliid dat dat ôfrûn wie. Koart nei de ferhuzing gongen se fjirtjin dagen op fakânsje. Doe't se werom wiene fûn Gryt yn de koartste kearen in healtiidsbaan yn in winkel yn frouljusmoade. Jikke koe in wike letter oan 'e gong yn in blommewinkel. Alles wie foarinoar as hie it nea oars west. Iede hie it gefoel dat syn karriËre by Baakman op dat stuit wierlik begong.

It betsjutte dat hy Harmke no folle minder seach. Hy wie ûnwennich fan har. Hy koe har fansels net elke pear dagen nei Trie komme litte of sels nei Reasyl gean. Faak praten se wat oer de telefoan tusken fiven en healwei seizen, as de measte minsken al nei hûs wiene. Sa't Harmke al sein hie, it wie net goed genôch mar se moasten it der mei dwaan. In pear wike nei't er yn Trie begongen wie, hie Iede har in dei meinommen. Sa't er tsjin Salmink sein hie, mei it doel om Harmke op 'e hichte te bringen fan de administrative praktyk fan Baakman. Foar himsels wie it it fernaamste dat sy yn 'e kunde kaam mei Salmink sels en mei Voogd, en dat se him fertelle koe wat se fan dy mannen fûn. Mei harren beiden praten se in healoere mei Salmink en dêrnei in lang skoft mei Voogd. Dy wie sa't er de lêste dagen meastentiids wie, saaklik en net ûnfreonlik, mar altyd op ôfstân. Doe't se wat sieten te iten by in Sinees sei se:
'Dy Voogd falt mei einliks net ôf. It is wat in aparten ien mar hy wie wol fatsoenlik, fûn ik.'
'Ja, dat wie sa, dat is er meastentiids,'sei Iede. 'Mar soms is er ynienen dwêrs, dan kin der neat as ik him wat freegje. Hy wit it net, hy kin it net fine of hy hat it net oan tiid. Dat begryp ik net.'
'Is it in frijfeint?'
'Ik soe it net witte, hoe sa? Omdat er sa rûch yn 'e klean is?'
'Ja. Sa te sjen hat er net ien dy't op him past.'
'No ja, miskien wol,' sei Iede. 'It giet my fansels neat oan.'
Se skodde de holle. Hy koe wol sjen dat se der noch net út wie mei Voogd.
'Der binne noch in pear dingen dy't ik fan 'e moarn net goed begrepen ha. Kinne wy it dêr fan 'e middei noch mei him oer ha?'
'Tink ik wol,' sei er. 'En Salmink, wat seist dêr fan?'
'Dat is in hiel spesjale man,' sei se. 'It is ien dy't him rêde kin, yn elke sitewaasje. Hy is freonlik, toant belangstelling, ek persoanlik. Der ûntkomt him neat. In skerp mantsje.'
'Soest him fertrouwe?'
'Nee, beslist net.'
'Wêrom net?' frege er.
'Hy praat te maklik. It is sa’n man dy't alles rjocht prate kin dat krom is. Stil mar, ik wit watst sizze wolst.'
'Wat woe ik dan sizze?'
'Och, lit mar. Hy hoecht it dêrom noch net te dwaan, woe'st sizze. Do begrypst it net.'
'Wat begryp ik net?'
'Dit is in man dy't it docht, dat rjochtpraten.'
'O.'
'Moatst net freegje wêrom as ik dat tink. Ik wit it net. Mar ik bin der wis fan. Iede, pas op mei dy man. Hy ferrifelt dy wêr'st by stiest.'
'Mar wêr moat ik dan foar oppasse? Ik kin dochs gewoan myn wurk dwaan?'
Se tocht even nei.
'Witst noch datst my ferteldest dat Piter Welling dy frege om de winst fan ferline jier wat op te peppen?'
'Ja?'
'Ik doar te wedzjen datst tsjin Piter sein hast dat dat net sa hearde, en dat Piter dat einliks mei dy iens wie.'
'Ja.'
'As dizze menear Salmink dy dat freegje soe, dan soe er it dy sa útlizze datst do leaudest dat it sa hearde.'
'Do mochst wol wat heger by my opsjen.'
'Wier, Iede, dy man praat elkenien fan 'e sokken.'
'Dy ek?'
'Miskien ek wol,' sei se. Se seach nei har iten. 'Mar ik sil him de kâns net jaan.'

Doe't se wer op de saak wiene gongen se mei harren beiden by Voogd lâns.
'Ha jo noch even tiid, no of strak, Voogd?'
'Hjoed net mear.'
'In healoere?'
'Nee, dat sei 'k dochs?'
Iede en Harmke seagen elkoar oan. Dizze Voogd wie in hiel oare man as earder op 'e dei. Hy siet mei in reade holle yn syn stoel. Syn buro wie sawat leech. Iede helle de skouders op. Hy hie gjin sinne oan bongeljen. Harmke en hy gongen nei syn keamer. Doe't de doar ticht wie sei se:
'Sa, dat riedsel is teminsten oplost.'
'Hoe woe'st sizze?'
'Rûkst dat net? Dy man is dronken.'
'Nee dochs?'
'It is grif altyd middeis as hy sa lêstich is.'
'No datst it seist, dat leau 'k al, ja.'
Hy stoarre foar him út en hy wie nidich op himsels dat er dat net opmurken hie. Hy mocht noch bliid wêze, tocht er, dat it Harmke wie dy't it fernommen hie en net Salmink, bygelyks. Wat soe dy sizze?
'Wat bist fan plan, Iede?' frege Harmke sunich.
'Dit kin fansels net. Om my mei elk safolle drank brûke as er wol, mar op kantoar kin it net. Dy man docht de rest fan 'e dei neat mear, en dêr wurdt er net foar betelle.'
'Silst mei him prate moatte.'
'Ja. Wolst leauwe, de earste kear dat ik him seach by dy kantoartún, doe tocht ik noch, miskien is it better dat dy man syn eigen keamer krijt Mar as er alkoholist is, dan sil dat net folle helpe,' suchte er.
'Nee, dat is seker.'
Se sei fierder neat mear, en Iede wie har tankber. Hy wist sels ek dat er mei de man prate moast, mei njoggentich persint kâns dat it neat holp en dat er nei in healjier praten noch krektlike fier wêze soe. Mar der wie neat oan te dwaan. Se praten der net mear oer doe't se letter op 'e middei nei hûs riden.

De oare deis liet er Voogd op syn keamer komme, en spruts him oan op syn drinken. Voogd joech ta dat hy de foarige dei yn it middeisskoft wat drank nommen hie omdat er pine yn 'e mûle hie. Hy die it oars nea, sei er. Mar doe't Iede him frege om ta te sizzen dat it net wer barre soe sei er steil dat it Iede net paste om soks te freegjen oan ien dy't tsien jier âlder wie as himsels.
Hy gong der út en Iede helle de skouders op. Foarearst koe er oars net dwaan as it hâlden en dragen fan Voogd yn it each te hâlden. Hy wie wend om elke dei, moarns en middeis, in pear kear troch de kantoartún te gean en mei de iene of de oare even te praten. Hy hoegde allinne mar wat geregelder by Voogd lâns te gean. Dat hie er oan no ta net dien, omdat hy de man wat mije woe.
De earste dagen gong it goed. Ek om healwei fiven fernaam Iede neat oan him. Hy begong suver al wat hope te krijen dat it probleem oplost wie. Mar it duorre net lang. Nei in goed wike wie it hielendal yn 'e war. Iede seach hoe't Voogd him yn syn stoel oan de earmsteunen fêsthold. Hy sei tsjin him dat er nei hûs gean moast en de oare moarns om njoggen oere op syn keamer te ferskinen hie.
De oare moarns sei de sekretaresse dat Voogd him siik melden hie. Hy bleau twa dagen wei. Doe't er der wer wie rôp Iede him ta ferantwurding. Voogd hie diskear earne oars pine hân, sei er, en fierder woe er der net oer prate. It duorre wer in wike oant it hiele spul opnij begong. Iede warskôge him dat as it nochris barde, dat dat dan gefolgen ha soe. Voogd woe witte hokfoar gefolgen, mar Iede liet him yn it ûnwisse.
Doe't it wer barde, de oare deis al, sei er him daliks oan dat hy Salmink op 'e hichte bringe soe. Hy hie tocht dat Voogd dêr kjel fan wurde soe. Mar dat wie net sa. Voogd gniisde der om. Iede sei it nochris tsjin him de oare moarns doe't Voogd wer nochter wie, mar dy luts de skouders op en sei dat it him bêst wie.
Iede die wat er sein hie. Hy gong nei Salmink en fertelde wat er mei Voogd belibbe hie. Dy liet him útprate.
'It is goed dat jo dêrmei by my komme,' sei Salmink. 'Ik hie hope dat ús maat syn probleem ûnder de knibbel hie, mar dit falt my dus goed ôf.'
'Dan wisten jo al dat Voogd oan 'e drank wie.'
'Ja. Achternei sjoen hie ik it jo sizze moatten. Dat ha ik net dien omdat ik tocht dat hy it ûnder kontrôle hie. Ik bedoel dat hy teminsten gjin drank op kantoar brûke soe.'
'Thús dan wol, tinke jo?'
'Och, jo witte hoe't it is mei sokke minsken. Ik moat jo earlik sizze dat ik nea folle hope ha dat se der hielendal ôfreitsje. Mar jo kinne yn alle gefallen besykje om se sa fier te krijen dat se noch in bytsje macht oer harsels hâlde. En wat er thús docht, dat is syn eigen saak...'
'Salang as er de oare moarns de holle mar wer helder hat, woene jo sizze.'
'Sa sit it. Ik hâld it der op dat dat foar ús en foar him noch de bêste oplossing is, salang hy der net hielendal ôfbliuwe kin. Hy is op 't lêst de measte tiid nochter en dan is der op syn wurk neat oan te merken, sa fier as ik wit. Dat is dochs sa?' frege Salmink.
'Ja, dat is sa,' sei Iede. Hy hie heal en heal hope dat Salmink him in útwei oanjaan soe. Dat koe er dus ferjitte. Foarearst moast er him der sels mar mei rêde. Salmink hie fansels ek gelyk yn Voogd syn belang. As jo de man oan syn lot oerlieten wie dat slimmer foar him as wannear jo him yn syn wearde lieten. Teminsten salang er himsels noch in bytsje yn 'e hân hie.

Yn dyselde snoarje wie Iede op in moarn mei Salmink en Voogd nei Knol BV yn Reinwerd riden. Salmink hie der ûnderweis wat oer ferteld. Knol wie ek in technyske gruthannel, noch lytser as Welling, mar mei in spesjale ekstra hannel. Foar harren sels en in tal lytse grossierderijen wie Knol de sintrale ynkeaper fan tried. Op dat mêd hie Knol de bêste relaasjes mei fabrikanten troch de hiele wrâld. Troch de massa krige it bedriuw folle mear koarting. Foar lytse grossiers wie it foardielich om, as se tried nedich hiene, dat net sels yn te keapjen, mar it oer Knol rinne te litten. Welling hie ek wolris saken dien mei Knol, wist Iede. It bedriuw wie sawat like âld as dat fan Welling. De âlde hear Knol libbe noch mar hy hie twa jier lyn it bestjoer fan de saak oan Salmink oerdien. Theo Salmink wie syn skoansoan. In skoft letter hie Knol syn oandielen oan Baakman ferkocht.
Iede kaam yn 'e kunde mei de boekhâlder Zwik, in lange, jonge man. Fierder sieten der noch fjouwer froulju. Mei-inoar holden se de deistige boekhâlding by. Se beskikten oer in pear tige moderne kompjûters, nijer en swierder as der yn Trie stiene. It hiele kantoar wie trouwens lúks ynrjochte mei in protte royale keamers, dy't foar in part leech stiene. It stuts frijwat ôf tsjin de loadsen en oare gebouwen fan Knol dy't der achter stiene. Dy liken mear op it âlde suvelfabryk dêr't Welling yn siet, yn Reasyl. En, hoe koe it treffe, it hie ek in bûterfabrykje west, lang lyn, fertelde Zwik. Hy die wakker gemiensum tsjin Salmink. Hy prate tsjin him oft hy syn gelike wie. Ien kear flústere er Salmink wat ta nei't er him earst wat by Iede wei laat hie. En wylst se mei harren trijen oan ien tafel sieten te teedrinken seach Iede hoe't er in kompjûterskyfke út 'e bûse helle en dat Salmink taskode.
Tsjin Voogd die er oft dat syn feint wie. Voogd sei trouwens hast neat. Op in inkelde fraach fan him antwurde Zwik dat er him dêr noch oer skilje soe as er it moarn even útkaam. Op in oar stuit stuts er him de gek oan, tsjin Salmink oer. Salmink hie al tsjin Iede sein dat Voogd de ferbining tusken de boekhâldingen fan Baakman en Knol wie en dat it it bêste wie dat dat foarearst sa bleau. Wis, as it der op oan kaam hie Iede it foech om him der mei te bemuoien, hie Salmink sein. Dat siet yn syn funksje besletten. Mar it rûn goed, sa mei Voogd der tusken. En se moasten Voogd yn syn wearde litte, mei alle swierrichheden dy't er hie.
Dizze Zwik wie in apart gefal, snapte Iede. Hy hie Iede fansels de hân jûn doe't se der yn kamen, mar fierder hie er hast net in wurd tsjin him sein. Hy prate allinne tsjin Salmink, en ûnderwilens seach er wat temûk nei Iede. Iede hie him al wat dingen frege mar dan wie it meast Voogd dy't it antwurd joech. It wie dúdlik foar Iede dat Zwik noch net wist wat er mei dizze Iede Hommes oan moast.
Likemin as Iede it, oarsom, wist. Hy fûn it allegearre tige nuver. It wie te sjen dat der tusken Zwik en Salmink in bysûndere ferhâlding bestie. Salmink wie fansels noch altyd direkteur fan Knol BV. Hy siet der alle wiken in pear dagen. Dat Zwik as boekhâlder fan Salmink goed mei him fertroud wie, dat lei foar de hân. De jonge striele in grut selsbetrouwen út, en bretalens. It oerkaam Iede net faak dat er ien fuortdaliks net fertroude. Dizze man al. Hy hie it net begrepen op sa’n opskepper. Hoe soe Salmink werklik oer Zwik tinke? Harmke hie sein dat Salmink oars wie as er like mar it wie yn alle gefallen in man dy't tsjin elkenien altyd freonlik en fatsoenlik en gewoan die. Hy moast in droktemakker as Zwik dochs net lije meie, tocht Iede. Mar wat Salmink der al fan fûn, dat koe Iede net fernimme.
Iede wie der wis fan dat Salmink woe dat hy fan Knol BV ôfbleau, yn alle gefallen de earste tiid. Wêrom koe er net betinke. Hy koe der in punt fan meitsje, mar as Salmink it sa ha woe, dan skeat er der neat mei op. Hy siet noch mar krekt by Baakman en Salmink. Dêr hie er it mei troffen, fûn er. Hy hie der gjin ferlet fan om wurden te krijen om in kwestje dêr't miskien neat achter siet.

 
EIN fan Haadstik 4.

Fierder nei Haadstik 5.

 
 
 
Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT