TRIED

Roman.

 

Haadstik 5.

Begjin septimber seach de wrâld fan Iede Hommes der út sa't er tocht dat it de earste jierren bliuwe soe. It hie slimmer útpakke kind. Te hûs yn in kreaze wenning, frou en dochter tefreden. In baan by in goede saak, tusken reedlike minsken. It ienige wat der oan mankearre wie de deistige omgong mei Harmke. Se skillen elkoar om de pear dagen en om 'e oare wike wiene se wol even by elkoar. Mar djip yn syn gemoed fielde er dat de ôfstân yn kilometers al útwurke yn in ôfstân yn mienskip. Yn Reasyl, by Welling dielden se elke dei elkoars persoanlike ûnderfiningen en gedachten. No, nei fjouwer moanne, leaude er dat syn byld fan har feroare, dat it slite. De haadfoarm wie noch deselde mar de rântsjes en kleurkes fan earder waarden dizenich.
Hy besocht der net oer te tinken. Hoe't it oer in jier wêze soe hold er fan him ôf. Mar soms, as er by har wei ried, waard er bang dat der in leechte komme soe op it plak yn syn geast, dêr't sy sa lang wenne hie. Hy doarde net oan har te freegjen oft sy itselde gefoel hie. As it net sa wie, soe er har sear dwaan. En as sy al itselde fielde, dan makken se it foar elkoar allinne mar slimmer.

Op in tiisdeitejûn gong er nei de skaakklup fan Trie. Hy wie tige wolkom, se wiene optein mei in nij lid dy't it spul ek noch aardich koe. Hy die de rûnte by de manlju en froulju, de nammen waarden neamd mar hy ferstie se net allegearre like goed. De foarsitter en hy spilen in potsje, dat Iede wûn. Doe begong er, mei swart, oan in spul tsjin in jongachtige man, midden tritich, taksearre Iede. De man spile sterk op 'e oanfal, mar Iede bleau oerein. Doe't der net mear yn siet as remise, besluten se om mar op te hâlden. Se praten noch in hoart nei, doe sei Iede:
'Ik leau dat ik jo namme niis net goed heard ha, wolle jo it noch even sizze?'
'Welling,' sei de man. 'Gelf Welling.'
Iede ferskeat yn syn drinken.
'Welling? Binne jo...' Hy hold him yn, hy hie freegje wold oft hy de broer fan Piter Welling wie, mar dat koe ommers net, by dy famylje. Welling holp him.
'Wolle jo wol leauwe dat ik ek it idee ha dat ik jo al ris earne sjoen ha? Mar de namme Hommes seit my neat. Wêr kamen jo al wer wei?'
'Reasyl.'
'Ja, fansels. Dat moat it wêze,' sei Welling.
'Kin it west ha, trije fjouwer jier lyn, doe't jo mem...'
'Ja. Doe wie it, tink.' Hy suchte. 'En in healjier letter, doe't heit begroeven waard.'
Se swijden in skoftsje. Iede murk no pas dat Welling him ek bekend foarkaam. Dat er dat net earder sjoen hie.
'Wurkje jo by de saak?'
'Ja,' sei Iede. 'Dat wol sizze, oant fjouwer moanne lyn. Ik bin oerpleatst nei Baakman, hjir yn Trie. Dy hat de saak oernaam. Mar dat witte jo fansels.'
'As der ien is dy't dat wit, dan sil ik dat wol wêze, ja. Soa, dan ha ik jo dus ferkocht. Ik hoopje dat jo my dat net kwea-ôf nimme.'
'Nee,' sei Iede. 'Dat doch ik seker net. Ik tink dat de saak der oan ta wie.'
'En dan sitte jo no by Baakman. Wat diene jo foar wurk yn Reasyl? Itselde as no? En is it foar jo in goede feroaring?'
'Ik bin haad fan 'e boekhâlding. Dat wie ik yn Reasyl, al trettjin jier, en dat bin ik no wer, hjir yn Trie.'
'Ik wit net krekt wat dat ynhâldt,' sei Welling. 'Mar it heart goed. Foldocht it jo by Baakman, of is it dêr noch te gau foar?'
'Oan no ta falt it my net ôf.'
Welling seach op syn horloazje.
'Ik bin bang dat ik nei hûs moat,' sei er. 'Tsjonge, dit is oars wol in ferrassing. Wy moatte al ris fierder prate. Komme jo nije wike ek? Jo ha nocht oan it spul, leau 'k.'
'Ja, hear. Jo ek? Ja, foar my is it ek tige apart, dat ik jo hjir tref.'
'Sille wy nije wike mar wer tsjin inoar? Ofpraat. Mar ik moat no fuort, ik bin al let. Oant takomme tiisdei, Hommes.'
'Goejûn, menear Welling.'
'Op dizze klup binne wy gjin menear. Dach, Hommes.'
En fuort wie Welling. Iede bleau djip yn gedachten sitten. De foarsitter kaam by him.
'Koene jimme elkoar?'
'Nee, wy koene elkoar net, oan no ta, mar ik wist fan syn bestean. Hy is dominy, net?' frege Iede.
'Ja, yn Speint. Dêr stiet er no al in jier as wat. Hy sil ynkoarten wol ris wer beroppen wurde. Jonge dominys ferfarre ornaris om 'e safolle jier. Ik hoopje dat er hjir yn 'e buert bliuwt, dat er lid fan ús klup bliuwe kin. Wêr kinne jo him fan?'
'Ut Reasyl. Syn broer wie myn baas. Fan 'e maitiid ha se de saak ferkocht oan Baakman, hjir yn Trie. Ik koe him einliks net, hear. Hy kaam net faak yn Reasyl, leau 'k,' sei Iede, foarsichtich.

Hy fytste nei hûs. Gryt en Jikke sieten nei de televyzje te sjen.
'Hoe wie it op it skaken?'
'Ik tink dat it in aardich selskip is,' sei er. 'Jimme riede nea wa't ik troffen ha.'
'Sis it mar.'
'Gelf Welling.'
'Dy broer fan Piter? Dy dominy? Wennet dy hjir ek? Wat docht dy op in skaakklup?'
'Hy is dominy yn Speint. Hy komt om te skaken, fansels. Tochtst dat er te preekjen kaam?'
'No nee, mar dat ferwachtsje jo dochs net fan in dominy. Hast tsjin him spile?'
Hy fertelde hoe't er, poer tafallich, tsjin Welling oer terjochte komd wie en hoe't se mei elkoar yn 'e kunde komd wiene.
'Wat is it foar in man, Iede? Liket er op Piter?'
'Nee. As ik it net wist soe 'k nea leauwe dat se famylje wiene. Uterlik yn alle gefallen net. It is in lange man, net meager mar ek net dik. Ast dy grouwe Piter dêr neist sjochst. Jimme soene it tink in kreaze man fine.'
'Do dan net?'
'Dêr ha ik gjin ferstân fan. Mar yn it earste oankommen is it in freonlike man.'
'Oars as Piter?'
'Piter hat foar my altyd in freonlike baas west. Mar dizze man liket, hoe sil ik it sizze, in ein iepener. Ik bedoel, as jo wat tsjin Piter seine, dan wisten jo faak net oft er it heard hie. Syn broer liket folle direkter. Ik koe it ek fernimme oan 'e manier sa't er skaakte. Hy falt oan, sûnder omslach. Sûnder foarbehâld, sis mar. Hy komt sa't er is. Mar pas op, ik ha net mear as in pear minuten mei him praat. Ik kin hielendal mis wêze.'
'Komt er dêr elke wike?'
'Dat tink ik,' sei er. 'Yn alle gefallen sei er dat wy takomme wike ris wat fierder prate moasten.'
'Moatst goed oppasse watst seist,' sei Gryt. 'Witst it nea mei sokke minsken. It bliuwt in Welling.'
It wie wer sa’n wiisheid yn 'e romte, dy't er fan har wend wie. Mei in inkeld wurd bedoar se de aardichheid oan syn yngeande ûnderfining fan 'e jûn. Hy hold him yn.
'Ik gean op bêd,' sei er. 'Moarn is der wer in dei.'
Ledich praat koe er sels ek wol betinke.
'Sliep lekker, heit,' sei Jikke.

Hy seach mei wat spanning út nei de earstkommende tiisdei, as er dominy Gelf Welling wer treffe soe. Hy wie benijd wêr't dy oer prate woe. It moast gean oer de saak yn Reasyl. As Gelf al wat witte woe oer Piter syn hâlden en dragen, dan koe Iede net oer de holle sjen, dat Piter in fatsoenlike baas west hie. As it gean soe oer de âlde Welling, dan wie dat slimmer. Want it lei fansels net op syn wei om in man dy't al trije jier dea en begroeven wie nochris smoarch te meitsjen.
Doe't it wer tiisdei wie sei Welling him freonlik goejûn mar liet him fierder gewurde. It wie fansels ek goed dat Iede earst better yn 'e kunde kaam mei de oare leden fan 'e klup en dat Welling net alle beslach op him lei, dat hearde net sa. Iede spile potsjes tsjin trije spilers, en it wie pas om healwei alven dat Welling op him ta kaam en frege oft se noch even earne in glês bier drinke koene.
'Ik ha gauris oan jo tocht, de lêste dagen,' sei Welling. 'Ien ding foarop, ik bin de jongste fan ús beiden, mar ik stel foar dat wy inoar by de foarnamme neame en do en dy sizze. It praat wat makliker. Is dat goed?'
'Goed.'
'No, hoe sil ik it sizze,' sei Gelf. 'Doesto seist datsto al dy jierren yn Reasyl de boekhâlder fan de saak west hiest, kaam der by my ien en oar nei boppen. Ik bin sels net iens in Reasylster, lyk as do. Wy komme fan Snits, en doe't se nei Reasyl ferhuzen wie ik by in muoike yn 'e kost, en dêr bin ik bleaun. De saak ha ik nea gedoente mei hân. Doe't ik fan 'e maitiid myn oandiel ferkocht, tocht ik dat dat haadstik foar altyd ôfsluten wie. Mar eigenaardich, de lêste tiid tink ik dat ik der miskien te min omtinken oan jûn ha.'
Iede hie skerp nei him heard en hy hie murken dat Gelf Welling geandewei stadiger prate. It like as wie de man der mei ferlegen. Oft er twivele oft er fierder gean moast. Wylst er prate hie er heal en heal by Iede lâns sjoen. No seach er him yn 'e eagen.
'Sprekt it dy in bytsje oan, wat ik bedoel?'
'Ik leau fan wol,' sei Iede. Hy sei it automatysk, sa't jo antwurdzje as jo net nee wolle en net ja witte. Gelf helle djip siken.
'Koest do myn broer goed?'
En doe snapte Iede it ynienen. Gelf hie oer de saak praat mar werklik hie er Piter bedoeld. En miskien syn heit ek.
'Ik kin Piter sa goed en sa’n bytsje as de minsken him kinne. Ik kin him goed as baas. Yn dat opsicht sil ik net in ferkeard wurd fan him sizze.'
'Mar partikulier kinst him net.'
'Nee,' sei Iede. 'Sa fier as ik wit hat er gjin húslike freonen op 'e saak. Mar oan 'e oare kant ken ik net ien dy't in hekel oan him hat.'
'Mei myn heit wie dat oars, net?'
'Ja, jimme heit wie in oare man.'
It wie even stil.
'As ik it útrekkenje hast do in jier as tsien ûnder myn heit wurke. In lang skoft.'
'Ja, lang,' sei Iede. 'Hiel lang.'
Wer in heale minút stil.
'Ik sil der net fierder omhinne draaie,' sei Gelf. 'Wat âlder ik wurd, wat mear ferlet ik der fan krij om dy man te begripen. Dit taffeltsje yn in herberch is net it stee om oer sa’n eksistinsjele kwestje te praten. Skik my yn, dat is in te slim frjemd wurd. Ik bedoel dat ik witte wol wêrom ik wurden bin dy't ik bin, wêr't ik weikom, wat myn heit en myn broer foar my betsjutten ha. De earste fyftjin jier ha dy myn libben útmakke. En yn de tweintich jierren dêrnei ha ik se fan my ôfskood, mar ik bin se nea kwytrekke.
'It is tiid om klearrichheid te krijen, fyn ik, om skjin skip te meitsjen. Ik bin fan de saak ôf, en no wol ik ek fan it ferline ôf. Fan myn neiste famylje is der, op Piter nei, net ien mear oer. Do bist de ienige, dy't ik ken, dy't myn heit en myn broer lang meimakke hat. Wolst do der ris mei my oer prate, ûnder fjouwer eagen?'
Wat kin ik sizze, tocht Iede, oars as ja. As soks oan jo frege waard koene jo net nee sizze. Hy woe antwurd jaan mar Gelf wie him foar.
'Ik freegje dy wol wat. Do witst dingen. Mar ik ha it gefoel datst do de dingen begrypst.'
Hy helle syn aginda út 'e bûse.
'Yn myn fak binne jo altyd oan it fergaderjen,' sei er. 'Mar as it wêze moat dan moat der mar wat ferskood wurde. Kinst ris in jûn by ús yn Speint komme? Nim de frou mei, Tine fynt dat grif ek plezierich.'
It ûntkaam Iede net dat Gelf him de kâns net liet om nee te sizzen. It moast de man heech sitte, dat er him, Iede, hast twong om mei him te praten.

Op de moandeitejûn dêrnei rieden Gryt en hy nei Speint, in kilometer as tsien. Tine, Gelf syn frou wie noch jonger as har man, net ûnsjoch, mar mei in bytsje soer gesicht. Se wie freonlik mar wat ôfstânlik, like Iede ta. Oft se de besite werklik plezierich fûn, sa't Gelf sein hie, koe er net fernimme. Hy tocht einliks fan net. Dominys ha dochs al sa’n oanrin, en mei trije bern, de âldste seis jier, de jongste acht moanne, moast se in drok libben ha.
Nei in tweintich minuten frege Gelf oan Iede om mei te kommen nei syn studearkeamer, sa't er it neamde. It wie hielendal op 'e souder.
'Do sjochst it, wy groeie út dit hûs wei. Doe't wy hjir kamen wiene we noch mei ús trijen, doe wie it rom genôch. Mar ik ferwachtsje dat ik takomme jier wer beroppen wurd. It is no de muoite net mear wurdich om hjir yn Speint noch te ferhúzjen. Ha jimme in aardich hûs fûn, yn Trie?'
'Ja, hear, dat wie samar klear. Gryt wit yn dat soarte fan dingen krekt wat se wol en der wie genôch oanbod.'
'Dat docht my deugd. Mar dêr woe ik it fierder net oer ha,' sei Gelf. 'Sjoch, ik bin bang dat ik dy ferline wike oerfallen ha mei dizze útnoeging. Ik leau dat ik dy net de kâns jûn ha om nee te sizzen. Dat hie ik net sa dwaan moatten.'
'Ik ha begrepen dat it dy heech siet,' sei Iede.
'Ja, dat is sa. Ik ha fragen dêr'st do miskien antwurd op jaan kinst. Mar foardat ik dêr mei kom moat ik dy earst fertelle fan myn eigen skiednis. Dat bin ik oan dy skuldich.'
'Do hoechst dysels om my net op 'e snijtafel te lizzen, hear.'
'Sa fier woe ik net gean,' sei Gelf. 'Mar do moatst in bytsje begripe kinne wêrom ik dy guon dingen freegje.'
Hy stuts fan wâl. Dat hy as lytse jonge al in lêzer wie en yn de earste klasse fan de middelbiere skoalle al wist wat er letter studearje soe. Rjochten, tocht er doe. Hy wie jong ryp en op syn fyftjinde begrypte er hiel wat fan 'e wrâld, alteast folle mear as de oare jonges fan syn jierren. En troch dat er in skerpe tinker wie en syn wurden goed kieze koe, hie er in protte rúzje mei syn heit. Syn heit hie in bûtengewoan grutte mûle en hy wie ek net dom, mar de soan seach hielendal troch him hinne en fersloech him mei syn wurden. Gelf sei it sûnder falske beskiedenens, en Iede wie der wis fan dat hy folslein de wierheid spruts. Mei syn mem koe er wol goed oerwei. Doe't er noch jonger wie, waard er soms lilk op har omdat se sa oer har hinne rinne liet troch heit. Letter krige er mear begryp foar minsken dy't striid út 'e wei geane omdat se wizer binne. Mei Piter, syn broer fan trije jier âlder hie er nea waarme kontakten hân. En einliks ek gjin koele. Piter wie in jonge dy't sterk op himsels wie en him nea earne mei bemuoide, ek net mei Gelf. Yn alle gefallen hie er syn jongere broer net folle pesten, dat stie him te priizgjen. As Gelf en syn heit wer ris tsierden gong Piter de keamer út. Piter gong nei de Mavo en Gelf nei it Atheneum. Dêrtroch libben se yn ferskate rûnten fan freonen en kunde. Nei de Mavo wie Piter by heit yn 'e saak komd. Piter en syn heit koene trochstrings goed oerwei, mar dat kaam foaral omdat Piter nea wat werom sei. Op skoalle, dêr't in protte jonges in skelnamme hiene, waard er Piter mûdhûn neamd. In fette, wat sleauwe fisk dy't syn kost yn 'e blaumodder by-inoar skarrelt.
'Doe't ik sechtjin wie bin ik út 'e hûs gongen. Wat der doe bard wie, dat wie te slim. Ik woe myn heit en Piter nea wer sjen. Ik wie al fêst fan plan om, as ik mearderjierrich waard, om dan plechtich ôfstân te dwaan fan myn erfskip. Mar jo wurde ek wol ris wizer. As it safier is kinne jo altyd noch wat nuttichs dwaan mei jild, dat jo samar ta falt, net?'
'Tink ik wol,' sei Iede.
'Dat is no hast tweintich jier lyn. Mem ha ik troch de jierren frij geregeld sjoen. Sy hie in suster yn Snits, deselde dêr't ik taflecht fûn hie. Dêr útfanhûze se jierliks in kear en dan gong ik der altyd hinne. Wy praten nea oer heit. Se wist wêrom ik út 'e hûs gongen wie. Ik tink dat se fûn dat ik gelyk hie. Se woe net oer har eigen libben prate. Se woe allinne mar witte hoe't it mei my gong. In healjier foar't se stoar ha ik noch mei ús âldste by har west, en letter noch ien kear, yn it sikehûs. Muoike Anne is trouwens koart nei mem weirekke.
'Piter ha ik troch de jierren in pear kear troffen, hjir en dêr, mar nea ûnder fjouwer eagen. Ik ha him ienkear frege oft wy net ris in kear prate moasten, mar hy hold him op 'e flakte. Syn libbenshâlding fan altyd.
'Myn heit ha ik mar ien kear noch in pear wurden mei praat, dat wie by de begraffenis fan mem. Hy hie it dêr doe slim muoilik mei en ik krige meilijen mei him. Ik wie fan plan om him nei in moanne as wat te skiljen en te besykjen om frede te sluten. Ik hope einliks in bytsje dat hy de earste stap sette soe. Mar hy hat it net dien, en ik ha sels te lang wachte. Doe is er omkomd yn in auto-ûngelok.'
Hy suchte, en seach in skoft foar him út.
'Dat binne de nochteren feiten. Ik hie dy einliks net iens mear sizze wold, mar ik leau datsto net goed oardielje kinst as ik dy net fertel wat der barde, dat ik út 'e hûs moast.'
'Ik bin hjir dochs net om te oardieljen?' frege Iede. 'Wêr soe ik oer oardielje moatte? Oer Piter of oer dyn heit, dy't der net mear is?'
'Oardieljen hie ik miskien net sizze moatten,' sei Gelf. 'Do hast gelyk, do hoechst net te oardieljen. Winliken wol ik allinne mar datst myn skiednis oanhearst en yn dy opnimst. En ast dat dien hast hoechst neat te sizzen. Mar ast al wat sizze wolst dan sil ik goed nei dy hearre.'
Iede sei: 'Ik moat dy sizze, yn alle earlikheid, dat ik my sels nea in grut minskekenner fûn ha. Ik wit dat ik dat net bin. Ik ha in goekunde, ien dy't ik hiel goed ken en dy't my noch better ken. As ik my dêr mei fergelykje, dan bliuw ik nearne.'
'Begrypst watst dêr sa krekt seist?' antwurde Gelf. 'Do seist datst do dysels goed kenst, en ik leau dat folslein.'
Iede die syn hannen omheech. Oer sokke dingen ferlearen jo it altyd fan in dominy.
'Foar't heit yn technyske ûnderdielen begong te hanneljen, wie er fytsmakker,' gong Gelf fierder. 'Hy hie gjin sint fan himsels. Alles wat er hie kaam fan mem. Har broer, omke Sybren, hie de pleats fan harren heit oernommen en hy hie tsien jier lang goed buorke. Om syn sûnens moast er it spul ferkeapje. Heit bekoarde him om him wat jild foar syn hannel te lienen. Geandewei groeide de saak en omke Sybren moast der hieltyd mear jild yn stekke. Nei fiif jier hie er neat mear op 'e bank. Alles wat er hie siet yn de BV Welling. Alteast, dat tocht er. Mar heit hie it jild dat omke Sybren oan 'e saak liend hie, der wer úthelle en op in aparte rekken fan himsels set. De saak dreau yn werklikheid op jild fan 'e bank. Dy woe wol, want de rekken mei it jild fan omke Sybren tsjinne as ûnderpand. Heit hie it him gewoan ûntstellen.
'Omke Sybren hie fansels better oppasse moatten. Hy wie âldfeint en sa goed as koeke. Mar hoe gong dat, heit betelle de rinte op tiid, en jierliks krige omke in kreas oersjoch fan de saak dêr't syn tegoed yn stie. It stie der lykwols sa beskreaun dat it nei twa kanten útlein wurde koe. Hoe koe dy man dat witte? It kaam net yn him op dat er de man fan syn suster net fertrouwe koe. Hy hie it jild net nedich en hy tocht dat it yn goede hannen wie.
'No, en doe barde it. Hy krige in tafal en koe net mear op himsels libje. Hy lei in skoft yn it sikehûs en doe kocht er in flat by in fersoargingshûs. Hy frege heit om in part fan syn jild. Heit sei dat er it jild net misse koe. Omke woe doe mar ôfsjen fan de flat en gong nei de notaris. Dy liet er it lêste oersjoch fan de saak sjen. De notaris sei dat der neffens dat oersjoch jild genôch wie. Omke frege heit om útlis mar krige allinne in grutte mûle. Doe waard er lilk en hy naam in advokaat yn 'e earm. Dy sei, jou my de skuldbekentenissen mar even. In moanne earder hie omke se noch yn hannen hân, mar no wiene se fuort. Dan kin ik neat foar jo dwaan, sei de advokaat.
'Heit hie my ferbean om mei omke Sybren te praten en dus gong ik nei him ta. De stumper lei op bêd te gûlen. Hy woe earst neat sizze mar op 't lêst fertelde er my wat der bard wie. Ik gong nei heit en easke in ferklearring. It duorre lang. Ik brûkte alle truuks dy't ik op de debat-klup fan it Atheneum leard hie. Heit raasde en tjirge, mar nei in oere hie ik him plat. Ik krige in brief fan him oan de bank, dat de rekken op 'e namme fan omke Sybren oerskreaun wurde moast. Ik krige de skuldbekentenissen ek. Doe't omke yn it sikehûs lei, hie heit Piter nei syn hûs stjoerd om se dêr út 'e kast te heljen.
'Mem en omke Sybren hiene noch in suster, in widdo sûnder bern, dy't ek yn Snits wenne. Dy selde deis bin ik by har wenjen gongen. Ik ha omke Sybren sein dat de rekken op syn namme stie. Mear hoegde er net. Hy is in pear jier letter stoarn. Ik ha it nea oan in oar ferteld. Do bist de earste.'

Gelf swijde. Iede ek. De keamer op 'e souder hie in grutte koekút. It wie al tsjuster. Se hiene gjin ljocht op en se seagen nêst elkoar oer de huzen hinne nei de bosken achter Speint. It wie hast trije minuten stil.
'Dit is myn ferhaal, Iede. Wat fynst der fan?'
'It is net om ien ta te winskjen. Do silst der wol lêst fan hân ha.'
'Ja. Mar net altyd, hear. Net oan ien wei. De earste jierren oerhearske it gefoel dat ik yn alle gefallen it probleem reedlik oplost hie. En letter kaam de stúdzje, earst rjochten mar nei twa jier bin ik omswaaid nei teology. It rjocht hie my altyd oansprutsen, mar dan yn syn skjinne foarm, sis mar. Doe't ik der mei dwaande gong seach ik de praktyk fan it rjocht. Jo ûntkomme der net oan dat jo jo ferdjipje moatte yn de smoarchste dingen dy't minsken elkoar oandogge. Ik seach it al foar my dat ik misdieden lyk dy fan myn heit ferdigenje moast. As dominy, tocht ik, komme der grif ek in protte slimme dingen op jin ta, mar dan hoege jo se net goed te praten.
'Doe't ik yn it amt kaam hie ik foarearst hielendal gjin tiid mear foar omtinken oan it ferline. It is my wer neier op 'e hûd komd doe't mem weirekke. En it waard noch sterker doe't heit in healjier letter omkaam.'
'Ik kin it my allegearre yntinke,' sei Iede.
'Ik ha dy ferline wike bepraat om hjir te kommen. Ik hie ferskate fragen foar de geast. Mar ik ha der oer neitocht. It foarneamste dat ik dy freegje woe, dat wie oft ik gelyk hie mei wat ik dien ha. Hoe't ik heit oanpakt ha, bedoel ik. Ik woe allinne mar datst my gelyk joechst.
'Ast it freegje wolst, sil ik antwurd jaan,' sei Iede.
'Nee,' sei Gelf. 'Dat sil ik net dwaan. Ik ha mar ien fraach oerholden. Mei ik dy neame?'
'Sis it mar.'
'Tinkst do dat heit selsmoard begongen hat?'
'Ja.' sei Iede. 'Ik tink dat dat wier is.'
'Hast reden om dat te tinken, Iede?'
'Nee, dat net. It is in gefoel. Ik bedoel, lit ik earlik wêze, jim heit wie net in maklike baas. Mar jo wisten min ofte mear hoe en wat, mei him. It lêste jier wie er slim fan it iene yn it oare, hy wie eins net mear oan te sprekken. Elkenien besocht út syn buert te bliuwen. Der wiene doe al minsken dy't seine, it komt net goed mei him.'
Gelf hold de hân foar de eagen. Iede ferwachte heal en heal dat er fierder freegje soe, mar Gelf hold him stil. Nei in skoftsje sei er:
'Sille we mar nei ûnderen? De froulju binne miskien wol útpraat.'
'Liket my raar ta,' sei Iede.

Se rieden nei hûs mei Gryt oan it wurd en Iede yn gedachten. Gryt prate oer de bern fan de dominy en Tine, twa famkes en in jonge, en oer Tine har drokke libben.
'Wat hie hy allegearre te fertellen? Jimme ha gâns in skoft mei elkoar oan 'e praat west.'
'Och, ditten en datten.'
'Dat leau ik net. Tine sei dat hy de lêste dagen ûngeduerich wie. Hy woe it mei dy earne oer ha, sei er. Mar hy woe net sizze wêr't it om gong.'
'O nee?'
'Iede, sit net te klieren. Wat woe er fan dy?'
'Ik wol der ek net oer prate. It gong oer froeger, oer de saak fan Welling.'
'Wat frege er dan?' hold se oan.
'Ik tink dat hy it net goed fynt dat ik der oer praat,' sei Iede.
'Hat er dat sein?'
'Nee,' sei er, wat lûder. 'Dat hat er net sein, mar ik wit it seker. En no sis ik der net in wurd mear oer.'
Se hold har stil oant se hast thús wiene. Doe sei se:
'Sy hat my frege oft ik miskien no en dan ris by harren húswarje kin. Sy en har man moatte soms trije jûnen wyks fan hûs. Se ha in pear famkes yn 'e buert dy't oppasse wolle mar dy kinne lang net altyd.'
'No, moai, ast se dêr mei gerive kinst. Do hast de auto by hûs, dat do kinst der maklik hinne.'
'Ik ha sein dat Jikke miskien ek wol ris oppasse wol.'
'Ja, dat kin bêst ris wêze. Dat fyn ik in prima idee,' sei er.

 
EIN fan Haadstik 5. 
 
 
Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………16………LINKS