Roman.
Haadstik 6.
De oare middei siet Iede in skoft by Salmink om in mennich dingen troch te nimmen. Se koene goed mei elkoarren oerwei. Se wiene oergongen op do en dy en Iede en Theo. It wie al in pear moanne lyn dat Harmke sein hie dat hy oppasse moast foar Salmink, mar oan no ta hie der neat west om erchtinkend te wurden. It ienige dat er frjemd fûn wie de ferhâlding mei dy Zwik, dêre yn Reinwerd, by Knol BV. Iede hie ien kear besocht om fan Salmink wat mear los te krijen, mar dy hie de boat ôfholden. Zwik wie sa't er wie, sei er. Frits Voogd gong der ienkear yn 'e fjirtjin dagen hinne om de sifers nei te sjen, en dat die er goed. Foarearst moast dat mar sa bliuwe.
Oan 'e ein fan it petear sei Salmink:
'Do bist no al wer in moanne as fjouwer fiif by ús, Iede. Ik woe ris in kear tsjin dy sizze dat ik tige tefreden bin mei dy. Do hast dy goed by ús oanpast en de boekhâlding draait prima, fernim ik. Wat fynst der sels fan?'
'It foldocht my bêst by Baakman BV,' sei Iede. 'Ik kin net oars sizze.'
'Dan moatte wy mar goed ús bêst dwaan om it sa te hâlden,' sei Salmink. 'En dan is dit in goed momint om ris te praten oer in projekt dêr't wy hjir al in skoft mei dwaande binne. Ik leau dat wy noch even de tiid ha, dat ik kin it dy no moai even útlizze.
'Yn de noardlike provinsjes is Baakman mei Knol en Welling ien fan de grutte grossierderijen op it mêd fan technyske ûnderdielen. Wy hawwe in aardich part fan 'e merk yn hannen. Dat is goed foar ús want dêr komt it jild út dêr't wy mei-inoar fan besteane. Wy moatte dus soargje dat wy ús part hâlde. En dêrom moatte wy goed om ús konkurrinten tinke. Yn Nederlân binne der in mennich konserns dy't folle grutter binne as ús. Dy ha hjir yn it noarden allegearre in festiging, en dêr ha wy soms lêst fan. Mar wy kinne net folle dwaan tsjin dy konserns, dat moatte wy ús net ynbyldzje. As wy mei grut geweld, mei hege koartingen of in protte reklame tsjin harren yn geane, dan kostet dat ús in berch jild, mar sy wurde der net swakker fan. Nije wike binne se der noch likegoed.
'Wêr't wy benaud foar wêze moatte, dat is dat de konserns harren part fan 'e merk grutter meitsje troch it opkeapjen fan ús lytse konkurrinten. Elk súkses dat se dêrmei hawwe, binne wy foar altyd kwyt. Wy kinne fansels net yn 'e siel fan de eigners fan dy lytse saken sjen, mar as wy de eagen iepen hâlde, dan kinne wy faaks wol fernimme oft se fan de saak ôf wolle. Gelokkich hat Baakman BV dan in pear sinten achter de hân om ris mei harren te praten.
'Dêrom hawwe wy in soarte fan projekt om ús konkurrinten de mjitte te nimmen. Dat dogge wy, koartwei sein, troch alles wat wy sjogge of hearre, by te hâlden. Alles, ek de lytste dinkjes. Dat binne in hiele protte feiten en feitsjes. Gelokkich hat de technyk de lêste tweintich jier net stilstien. Do witst wol dat ik, foardat ik by Knol kaam, in skoft by in firma wurke ha dêr't wy hiel bysûndere kompjûter-programma's makken. Ik mei net sizze foar hokker klanten. Mei dy programma's kinne jo, as jo genôch feiten witte, goed besjen hoe't in saak der foar stiet. En jo kinne in ein hinne oankommen sjen, hoe't de minsken fan dy saak dêr mei omgean sille. Gjin hûndert persint, fansels. Saân programma draaft wolris de ferkearde kant út. En dêr komme de saakkundigen yn it stik. In betûfte boekhâlder, in ynkeaper of in ferkeaper pikt der samar út wat de kompjûter ferkeard sjocht, by wize fan sprekken. Kinst it folgje?'
'Jawol,' sei Iede. Dit wie dus it ferhaal dêr't Mels Hurkmans it oer hân hie, doe't Iede noch mar krekt by Baakman wie. Mels hie der neitiid nea wer oer praat, miskien hie er tocht dat er al tefolle sein hie. Iede hie him der net mear nei frege.
'Der binne op it momint acht firma's dy't wy op dizze manier yn it each hâlde,' sei Salmink. 'It is al wer in pear moanne lyn dat wy in sitting hân ha, dat it wurdt no al wer ris tiid. De fyân sliept nea, gean ik mar fan út. Kinst even sjen ast tongersdeitemiddei wat driuwends hast? De oaren fan ús stúdzjekommisje kinne dan al, dat ast do ek tiid hast?'
'Gjin probleem.' Hy woe Salmink freegje hoe't sa’n programma yn elkoar siet, mar hy rekkene der op dat er dat tongersdei hearre soe. Ut himsels joech Salmink al it antwurd.
'It rint wat te fier om hielendal út te lizzen hoe't dat programma wurket,' sei er. 'Mar der binne in pear haadsaken dêr't it op oankomt. Winliken bestiet it út twa ûnderdielen. Yn it earste diel stiet in rekkenmodel fan it bedriuw dêr't it oer giet. Dêr stopje wy de feiten yn oer ynkeap en ferkeap, oarders, foarrie, personiel, neam mar op, de hannelsfeiten, sis mar, dy't wy troch ferskate kanalen sjogge of hearre. Us fertsjintwurdigers en ynkeapers bygelyks meitsje fan elke besite in rapportsje. Dêr stiet in protte nijsgjirrige ynformaasje yn. It programma kontrolearret oft ien en oar mei elkoar strykt. As it net goed by elkoar past, freget de kompjûter om dat út te sykjen. Dat binne de dingen dêr't de leden fan ús kommisje meast wol útkomme, troch ús saakkundigens.
'It twadde ûnderdiel is spekulativer, dêr sit mear gok yn. De skiednis stiet der yn, fan it bedriuw en fan de minsken dy't it foar it sizzen ha. Hoe't se der foar steane, jildlik en yn sûnens. Oft se dryst of foarsichtich binne. Wa't se lije meie en wêr't se rúzje mei ha. Hokker kontakten se ha. Wat se fan Baakman fine en fan oare konkurrinten. Koartom, in protte dingen dy't al nei de omstannichheden op de iene of de oare manier útpakke kinne. Mar as jo se yn in skema sette, dan komt dêr faak in patroan út, dêr't jo wat mei kinne. Foaral trochdat jo byhâlde wat se yn it ferline, ûnder lyksoartige omstannichheden dien ha. As se dingen no oars dogge as earder, dan kin dat in reden ha. De kompjûter makket foar ús in mennich sketsen fan wat se de kommende moannen dwaan of net dwaan sille. Dêr prate wy yn 'e kommisje oer en ik kin dy fertelle dat wy dêr faak in hiele protte wille mei ha. Soms blykt dat wy der de foarige kear hielendal neist sieten, no, dat is dan ferfelend. Mar wy ha ek wol ris mei-elkoar in dryste gok dien, dy't achternei dochs alhiel kloppe. Ik tink datst do dêr ek aardichheid oan ha silst.'
Hy seach Iede glimkjend oan.
'Ik bin bliid datst mei dwaan wolst. Hast no noch fragen?'
'Ik bin einliks tige benijd,' sei Iede. 'Ja, ien fraach. Hiene jimme Welling foarôf ek taksearre? En kloppe dat?'
'It kloppe, hast hûndert persint,' sei Salmink. 'Welling wie hiel trochsichtich.'
Op syn keamer begong er te mimerjen. Hie it wiis west om Salmink bretaalwei te freegjen hoe't it by Welling útpakt wie? As dy ris sein hie dat se fuort yn 'e rekken hiene dat hy in winst fan hast trijehûnderttûzen gûne op papier setten hie dy't der hielendal net wie? Salmink hie it sizze kind. Hy hie Iede gewoan sparre. Hy koe it ommers altyd noch tsjin elkenien sizze, as Iede ris lestich wurde soe. No't er it net sein hie, stie Iede by him yn 'e skuld. Hiel trochsichtich, Welling BV, hie Salmink sein. Of bedoelde er Piter Welling? It kaam der net iens op oan.
'Pas op mei dy man,' hie Harmke sein. Gjin momint hie er der oan tocht om te freegjen wêr't Salmink al dy feiten weihelle. En foaral, hoe kaam er oan al dy persoanlike wittenskip oer dy minsken? Harren sûnens, harren kontakten, harren rúzjes. Grif ek noch wêr't se by sliepten. Dat koe dochs oars net as mei spionnen? En dat hie er allegearre mar froedwei sitten oan te hearren, as waard him lij wetter yn it ear getten. As in snotjonge hie er it him oanprate litten. Harmke hie gelyk hân. Sy hie it al lang oankommen sjoen. Se koe him sa goed, stikken better as hy himsels koe.
'Ik woe dat ik yn Reasyl bleaun wie,' sei er tsjin syn skriuwtafel.
Mar it waard tongersdei en om twa oere siet er by Salmink op dy syn keamer. Mels Hurkmans wie der, en Tekelenburg en Groot Koerkamp, de ferkeapsjefs, en Steen, de ynkeaper. Salmink hie in kompjûter mei in grut skerm dat se allegearre goed lêze koene. Ien foar ien liet Salmink de stân fan saken fan elk fan de acht konkurrinten sjen.
Krekt sa't er al sein hie, ferskynde der op it skerm soms in fraach. Bygelyks dat by ien firma der lêsten twa fertsjintwurdigers dien krigen hiene, mar dat der wol in nije frachtauto bykomd wie. Groot Koerkamp sei dat se ûnder syn mannen oan it werven wiene, dus se sochten om minsken. By in oare firma waard klage oer de lange levertiid fan artikels dy't se neffens harren advertinsjes spesjaal op foarrie nommen hiene. Steen sei dat de fabrikant ferkeard guod levere hie. Sa losten se de measte fragen op. Salmink tikke it fuort yn 'e kompjûter.
Der wiene ek fragen dêr't se net út kamen. Ien firma bea in wichtich artikel oan, dêr't grutte fraach nei wie, mei fierstefolle koarting. Hiene se tefolle op foarrie? Nee, sei Mels Hurkmans, dat guod komt út Spanje en wy ha ek lijen om genôch te krijen. Ha se dan folle mear betelle? Dat past net by harren, se binne de skerpste ynkeapers fan ús allegearre. Dêr kamen se net út en it fraachteken bleau stean.
Nei't se de hannelsfeiten besjoen hiene kamen de bestjoerlike saken fan de acht firma's oan 'e beurt. By ien wie der in nije ûnderdirekteur komd. De foargonger, in omkesizzer fan de eigner wie fuortrekke nei't er in protte jild stellen hie. Sa folle dat it harren in grut part fan de winst koste hie. By in oaren wie in âlde erfskipkwestje tusken de twa eigners, sweagers, noch slimmer wurden omdat de suster fan de iene, frou fan de oare, fuortrûn wie en skieding easke. De oare seis firma's wie neat by feroare.
Doe liet Salmink fan elk fan de firma's sjen hoe't de saak der foar stie, teminsten as it allegearre wier wie en as de bestjoerders fan de firma's it seagen sa't de kompjûter it seach. En foaral, oft it no oars wie as de foarige kear, doe't Iede der noch net by west hie. No wiene der trije grossierderijen dêr't wat feroaring komd wie sûnt juny.
De mannen gongen langút sitten. Twa diene de strik los. Yn 'e keamer mei de gerdinen in eintsje ticht stoarren se nei it opljochtsjende skerm. Iede seach nei harren, benijd wat der yn harren omgong. Dit wiene gjin domme minsken. Se hiene harren goedbetelle baan krigen omdat se de eagen iepen hiene en wisten wat der yn 'e wrâld omgong. Ek oan ferkearde dingen. Se wisten allegearre dat guon ynformaasjes dy't Salmink yn syn kompjûter tikke hie, dat er dy nea lâns rjochte wegen krije kind hie. Mar se seine it net. Tochten se dêr einliks noch oan? Hjir, yn gearspanning ûnder elkoar lieten se har hielendal meinimme troch it aventoer, troch de sport fan de spekulaasje oer saken en minsken. As se dy minsken fan oansjen net koene, dan wiene se har geandewei al bekend wurden, troch de hieltyd werhelle presintaasje fan Salmink syn kompjûter. Sa praten se der ek oer. Se seinen dingen dy't jo oars allinne mar tsjin goed fertrouden sizze. Wiene se einliks sa fertroud mei elkoar? Of kaam it troch it twingjende skerm fan 'e kompjûter dêr't se de eagen net ôfhâlde koenen, dêr't se tsjin praten, mear as tsjin elkoar? Dat skerm dat neat werom sei, net moanne of ferbettere of remme, net sei fan: miene jo dat werklik?
Iede wist it net. Hy seach hoe't Salmink, achter syn buro, glimkjend, no en dan wat opskreau. Soe alles wat jo hjir seine, tsjin jo brûkt wurde kinne? Pas op foar dy man, tocht er, hâld dy stil. Mar de lêste firma, dy't op it aljemint kaam, dêr koe er de eigner fan, famylje fan famylje. Hy hearde wolris oer him praten. En foar't er der erch yn hie, hie er al sein dat dy man minder jild fan himsels hie as de oaren tochten. Hy waard kjel, mar it wie der al út.
No bin ik ek mandÈlich, tocht er.
Tongersdeitejûns stiene Gryt en Jikke beide yn 'e winkel, dat hy koe frij mei Harmke skilje. Hy fertelde wat er belibbe hie. En hoe twingjend dy kompjûter op him en syn maten oerkomd wie. It relaas foel him swier, mar sy wist hoe't se lústerje moast.
'Do hiest noch mear gelyk ast sels tochtst, dat Salmink alles mei jo dwaan kin wat er wol. Ik siet al yn 'e falle foar't ik der erch yn hie. Wat is dat foar in man?'
'Dat komt omdat er sa reedlik oankomt, sa gewoan. Hy makket it sa maklik. Hy hat dy allinne mar frege om mei te dwaan oan in spannende spekulaasje, mear net. Do hoechst allinne mar te tinken en te praten, hoechst neat ferkeards te dwaan. Alles spilet yn in tichte keamer, datst frij prate kinst. En dan seist samar mear ast fan plan wiest. Dy Salmink makket gjin ferskil tusken goed en ferkeard. Ast it my fregest, dan tink ik dat er dat ferskil ek net fielt. Dat it foar him itselde is. Wat jo betinke kinne, dat kinne jo dwaan. Heechstens moatte jo even oppasse dat guon dingen maatskiplik net goed lizze. Spionnearje bygelyks. Dat neame jo dan net, dêr prate jo net gewoan net oer.'
'En ast der dan nei fregest?'
'Ik tink datst dan in ferhaal krijst fan: hoe sa, hoe komst op dy gedachte? Fynst it sels hast net in bytsje ûnfatsoenlik om te tinken dat wy soks dwaan soene? Do witst krektlike goed as my dat dat net heart.'
'Ik begryp it,' sei er. 'Dan moatst wol hurd op 'e hûd wêze om it nochris te freegjen.'
'Ja. En dat dochst net want do witst datst a: gjin antwurd krijst en b: dat hy op 't lêst ek noch dyn baas is.'
'Dus ik koe net oars.'
'Nee, jonge,' sei se. 'Do sitst yn dat boatsje en do moatst mei. It is allinne jammer datst dat sein hast, fan dy man, dat dy sels net safolle jild hie.'
'Ik moat my stil hâlde, bedoelst.'
'Teminsten oer dingen dyst do allinne mar witst.'
Der foel in stilte. Wat se sein hie, dat wie it, tocht er. Hy wist dat se, oars as in hiele protte froulju, it nea nedich fûn om in wierheid te werheljen. Mar se hie noch in fraach.
'Ha ik dat goed begrepen, dat jimme alles fan de kompjûter ôflêsden?'
'Ja, hoe sa?'
'Dan ha jimme dus nea in bewiis op papier, wêr't jimme it oer hân ha.'
'Nee, dat is sa,' sei er. 'No datst it seist, tiisdei sei er noch, sa by de noas lâns, dat ik neat opskriuwe hoegde. It hie hast net kind, as ik hie in bloknoat op 'e knibbel hâlde moatten. Hy siet oan syn tafel en wy sieten allegearre yn 'e rûnte om 'e kompjûter hinne, mei de rêch tsjin 'e muorre.'
'Wat seist dat goed,' sei se. 'Wat in slûchslimme man.'
'En hy hat my yn 'e macht, Harmke.'
'Oerdriuwst no net in bytsje?'
'Hie ik doe mar nee sein, doe't Piter Welling frege om dy winst op te poetsen,' sei er. 'Dan hie ik wol spul mei him krigen, mar as ik de kop der foar holden hie, dan hie Piter grif net trochset. Dat hat er nea dien, as er wearstân krige.'
'Nee,' sei se. 'Dat tink ik ek net. Mar ik ha noch altyd net begrepen wêrom as er dat einliks woe. Ik tink dat der dochs ien of oar ferbân is mei it ferkeapjen fan 'e saak oan Baakman. Mar ik snap net hoe.'
'Ik ek net. It hat him yn alle gefallen neat holpen, want se wisten krekt hoe't it siet.'
'Ja. Moatst no sa bang wêze datst der lijen mei krijst, by Salmink? Baakman hat der ommers hielendal gjin skea fan hân.'
'Dat is sa, mar begrypst net dat myn posysje as ûnôfhinklike boekhâlder op it spul stiet?'
'Wier, Iede, do oerdriuwst,' antwurde se. 'Sokke boekhâlders binne der net folle, tink ik. Fier en fierwei de measten soene krekt itselde dien ha as do. Do hoechst dochs net roomsker as de paus te wêzen. Set it dy út 'e holle. Do hast njoggenennjoggentich persint kâns datst der nea wer wat fan hearst.'
De oare deis kaam de wrâld Iede in ein freonliker oan. Sa min seach it der op 't lêst allegearre net út. Hy hie goed wurk dêr't er him frij yn bewege koe. De saken fan Baakman BV rûne as it spoar. Oer in pear wike wisten se de winst oer it ôfrinnende fearnsjier en hy koe, mei syn kundichheid, no al sjen dat dy poerbêst útkomme soe. Mei de minsken koe er goed oerwei, ek mei Voogd. Middeis mijde er him mar wat, mar it waard ek net minder mei de man. Geandewei wie er begongen om mei Voogd te praten oer ferbetteringen yn de manier fan wurkjen, en Voogd wie net ûnwillich. Hy wie dwaande om in begrutting foar it kommende jier op te setten en hy hie oer help net te kleien. Dat as er it fan dy kant beseach, dan hoegde er net ûntefreden te wêzen oer himsels. Dat hie er him de foarige jûns ek foarnommen, nei it petear mei Harmke. Se hiene noch in skoft fierder praat. Hy hie oan har net fernimme kind dat se soargen hie oer de takomst fan harren ferhâlding, en dêr wie er wat gerêster fan wurden.
Om tsien oere skille Piter Welling. Iede hie him de lêste moanne in pear kear troffen, omdat Piter nei de simmer ek útnoege waard by de stêfgearkomsten op moandeitemoarn. Piter siet dêr wat ûnwennich by, de manier sa't menear Baakman de gearkomste foarsiet wie foar him hielendal nij. Hy sei net folle, allinne as it oer Welling BV gong die er de mûle iepen. Mei elkoar praat hiene hy en Iede einliks net, omdat nei ôfrin de iene of de oare wol in ôfspraak hie.
'Hast it drok, Iede?'
'Ik ha net wurk te min, mar ik ha der wol aardichheid oan.'
'Komst dizze kant wer ris út? De lêste wiken ha ik dy hjir net sjoen, leau 'k.'
'Ik hie net folle boadskip yn Reasyl. Mar kin ik wat foar dy dwaan?'
'Do kenst Baakman no al wat fan binnen út. Ik woe ris mei dy prate oer wat dingen. As it dy oerdei net út komt, dan kin it by need op in jûn.'
'Och, ik bin aardich frij om myn aginda sels yn te foljen. Krektlyk as yn Reasyl, trouwens. Takomme tongersdeitemiddei, past dat?' frege Iede.
'Ofpraat. Alfêst betanke.'
Wat soe Piter wolle, tocht er. Hy hie him net frege wêr't it oer gong omdat er tocht dat Piter ûnder fjouwer eagen prate woe. En dan wie it nearne goed foar om dat earst yn 'e telefoan te roppen.
Hy sette him alle mûzenêsten út 'e holle en gong flot oan it wurk. It wykein kaam en gong. Dy moandeis wie der gjin stêfgearkomste en sa hie er tiid om goed op te sjitten mei syn begrutting.
Dy tiisdeitejûn waard der wer skaakt. Gelf Welling hie der de foarige wike net west, mar no wie er der al. Se seine elkoar goejûn en spilen elk tsjin ferskate oare leden. Mar om tsien oere kaam Gelf achter him stean, krekt doe't Iede besocht om net te ferliezen fan ien fan de sterksten fan de klup. It slagge net, nei de fjouwerentritichste set moast er it oerjaan. Hy seach achterom.
'Hoi, Iede. Dochst noch in potsje of hast dyn nocht?'
'It is gelokkich mar in spultsje,' sei Iede.
'Hiest it dochs leaver wûn, tink? Mar hark ris, hast it noch even oan tiid?'
'Jawol.'
'Wolst noch even meigean nei Speint? Ik wol dy graach noch wat freegje.'
'Ik bin op 'e fyts.'
'Lit dy mar even stean. Ik bring dy werom.'
'Okee, dan gean ik mei.'
Se stapten yn Gelf syn auto en rieden nei Speint. Tine, de frou, wie al op bêd en se gongen yn 'e keamer sitten. Underweis hie Gelf net sein wêr't it oer gong. No helle er in map mei papieren fan boppen en die dy iepen.
'Ik wol dy earst nochris betankje datst ferline wike nei my hearre woest. It wie in ferhaal dat ik fierste lang foar mysels holden hie. Ik moast it oait ris oan ien kwyt. Mar dan oan ien dy't wist hoe't de ferhâldingen leine. Dy't it ynfiele koe. Begrypst wat ik bedoel?'
'Dat leau ik wol,' sei Iede.
Hy ferskikte wat op syn stoel. Hy naam oan dat Gelf bedoelde dat syn frou der te fier ôf stie. De libbensrûnten fan syn jeugd, de hate fan doe en it begrutsjen fan de lêste jierren wiene min te begripen foar wa't de Wellings net kend hie. Mar om no noch mear bychten oan te hearren hie er net folle ferlet fan.
'Do silst begripe,' sei Gelf, 'dat ús petear fan ferline wike my net út it sin rekke is. Sa't it mei heit ôfrûn is. Do tinkst it en ik tink it. Ik ha it altyd al tocht. Alles wiist der op. Ik moat oannimme dat it in feit is.
'Heit is der no net mear. Mem ek net. Omke Sybren net en muoike Anne ek net mear. De ienige dy't noch oer is fan myn hiele famylje, dat is Piter. Ik ha leau 'k al ris tsjin dy sein dat ik skjin skip meitsje wol. Ik wol mei Piter yn it kleare komme. Dat fan tweintich jier lyn, doe mei omke Sybren, dat hat west en moat net mear telle.'
Hy seach Iede in skoftsje oan.
'Ik wol de hân útstekke. Dat ha ik al ien kear dien en ik sil it wer dwaan, as it nedich is. Oant Piter en ik wer bruorren binne.'
Iede krige it gefoel dat er wat sizze moast.
'Is Piter dêr dan net op yn gongen, doest do de hân útstutst?'
'Ik wit it net, Iede. Sjoch, ik ha der oan meiwurke doe't hy de saak ferkeapje woe. Sûnder my koe er dat net. Ik hie fyftich persint fan de oandielen fan heit erfd. Dat wie mear as ik op rekkene hie. Ik tocht dat er my yn syn testamint ûnterve hie, teminsten safier as dat koe. Dat hie er roppen doe't wy útinoar rekken. Dat kaam der op del dat ik net mear as in treddepart fan it besit krije soe. Doe't it erfskip dield waard ha ik de notaris frege oft der net in testamint wie. Hy sei dat heit dat in moanne foar't er omkaam, ynlutsen hie. It telde dus net mear.
Ik hie der sels gjin belang by om de saak te ferkeapjen. Piter past der goed op, tocht ik, it bliuwt der wol. Ik ha net sa’n ferlet fan jild. In dominys traktemint is net de top, sa't men soks seit, mar jo kinne der fan bestean. En as de bern oer in jier as fyftjin oan studearjen takomme, och, dan tocht ik dat ik dat, mei in bytsje stipe fan Tine har folk, ek wol rêde soe.
'Ik wist fansels, dat de saak, en dus myn oandiel fan fyftich persint, ien en oar wurdich wie. Mar ik hie myn heit en Piter ôfwiisd, en dêrom woe ik sa min mooglik mei harren affêren te krijen ha. Achterôf tink ik dat ik de saak, dy BV Welling, ek in part fan de skuld joech. De saak en myn heit, dat wie ommers ien en itselde.
'Fan 'e winter, ik leau begjin jannewaris, waard ik opskille troch in advokaat. Hy sei dat er út namme fan Piter freegje moast oft ik meiwurkje woe om de saak te ferkeapjen. Neffens Piter wie de saak te lyts om op 'en doer selsstannich te bliuwen, en wie it wizer om stadichwei om te sjen nei in gadingmakker. Ik sei, ja, yn begjinsel wol. Der wiene in pear goede kandidaten, dy't graach prate woene. Net dat der al fêst jild bean wie mar der wie útsjoch op in goede opbringst. Ik sei, Piter moat it mar regelje. It duorre in pear dagen, doe skreau de advokaat dat der in keaper wie, in konsern út Utert, leau 'k. Se beaden trije miljoen gûne, foar my dus oardel miljoen. Ik wie fan doel om in bryfke te skriuwen dat it goed wie. Doe waard ik skille troch de firma Baakman yn Trie. In sekere Salmink sei dat er heard hie dat ik oandiel hie yn de BV Welling en hy stie my der op oan om it net te ferkeapjen foar't ik mei him praat hie. Binnen in oere stie er foar de doar. Ik liet him der yn en hy sei dat Baakman ek belangstelling hie. Oer de priis koe praat wurde. Ik frege him noch hoe't er wist dat de saak te keap wie mar dêr gong er net op yn. Ik skille Piter. Ik krige him oan 'e telefoan, freonlik en wol. Ik sei tsjin him dat ik graach woe dat er mei de firma Baakman prate. Foaral omdat der mear as tweintich minsken út Speint by Baakman wurk hiene. Hy sei dat Baakman wolkom wie, mar wol gau, oars koe er net mear ûnder oare ôfspraken út.
'Twa dagen letter hearde ik fan de advokaat dat Piter it iens wurden wie mei Baakman. Dy betelle mear as dat konsern bean hie. De advokaat stjoerde in foarstel foar it kontrakt. Dat ha ik lêzen en ik ha der even oer twivele. Piter hie syn eigen belang der net alhiel bûten litten. As ferantwurdlik direkteur hie hy rjocht op in kromke ekstra, wie syn stelling. Dat like my net ûnreedlik omdat er it goed dien hie, en ik ha tekene. En oardel wike letter hie ik goed oardel miljoen op myn bankrekken.
'No stiet Welling BV dus net mear tusken Piter en my yn. Piter hat de saken fatsoenlik en yn alle iepenens ôfmakke. Dat priizgje ik. Ik hie wol wold dat er, al wie it mar ien kear, my sels opskille hie, ynpleats fan dy advokaat. Mar dat is allegearre foarby. No is it tiid dat hy en ik alle kwestjes út 'e wrâld helpe.'
Gelf seach Iede oan en dy seach werom.
'It is altyd moai,' sei Iede foarsichtich, 'as jo âlde kwestjes oplosse.'
'Kinst do it kontrakt trouwens?' frege Gelf.
'Nee,' sei Iede. 'Ik ha it nea sjoen. Sokke dingen geane meast bûten de boekhâlder om.'
'Ja, dat sil wol,' sei Gelf. 'Trefst do Piter noch wol ris?'
'Ja, regelmjittich.'
'Soest do my helpe kinne, om mei him yn ferbining te kommen?'
'Dêr twivelje ik oan. Yn de goed trije jier, dat hy myn baas is ha wy nea oer wat oars praat as oer saaklike dingen. Dat gong trouwens altyd poerbêst, dat wie it punt net. Op it mêd fan persoanlike saken, sa't ik him kin, soe er my prate litte, mar gjin blyk jaan, dat er it heard hie.'
'Ik woe dy freegje om him in bryf fan my te jaan. Do hoechst net foar my te pleitsjen. Mar as er al wat freget, dan bist do de ienige man, dy't de ferbining tusken him en my foarmet. Al is it dan troch in grut tafal. Do hast ús heit kend. Dêr hat ús libben om draaid, myn't en Piter sines. En dyn't ek, foar in part teminsten, ha ik begrepen. As der ien is dy't Piter en my helpe kin, bist do it.'
Der wie gjin ûntkommen oan.
'Ast tinkst dat ik dy helpe kin, dan wol ik dyn bryf wol oan Piter jaan. Tafallich ha ik tongersdei mei him ôfpraat.'
Gelf knikte.
'Ik tink dat it, foar alle dúdlikens, goed is as ik dy ek even it kontrakt mei jou, datst sjen kinst wat der beskreaun is oer it ferkeapjen fan 'e saak. Miskien stiet der foar dy net folle nijs yn. Mar as ik dy freegje om foar my sa’n wichtich boadskip oer te bringen, dan moatst ek alles witte.'
Hy lange Iede it mapke mei it kontrakt oer. Iede woe noch sizze dat it net hoegde, mar hy wie der einliks ek wol nijsgjirrich nei. Dat hy sei tankjewol.
'Tongersdei, seist, datst mei Piter praatst? Dan moat ik noch opsjitte. Kin ik de brief moarntejûn even by dy bringe?'
'Dat is goed,' sei Iede. 'Moarntejûn bin ik thús.'
Se rieden werom nei Trie. Yn 'e auto kaam it praat op Baakman.
'Menear Baakman ha ik inkeld wol ris troffen. Hy sit nochal yn it tsjerklike libben, en yn Trie yn ferskate oare bestjoeren. Lyk as iksels hjir yn Speint. Der is wolris oerlis en sa bin ik him in pear kear tsjinkomd. In steile man, net?'
'Ja, no,' sei Iede. 'Mar ik mei dêr wol oer, hear.'
Hy fertelde Gelf hoe't de stêfgearkomsten ûnder de lieding fan Baakman ferrûnen. Dat se net allinne op tiid begongen, mar dat se ek op tiid ôfrûnen. En dat hy, Iede, noch elke kear in protte opstuts, dat er oars miskien pas nei in jier snapt hie.
'It is in man dy't hiel krekt mei de tiid en de dingen omgiet. Mei minsken trouwens ek. De oare mannen fan de stêf sjogge heech by him op. Dy binne allegearre al hiel lang by de saak. Ik ha heard dat der troch de tiid ek minsken fuortgongen binne om Baakman. Dy koene net oer dat sekuere. Hy komt fansels wat koel oer. Ik leau net dat it in ûnferskillige man is mar hy lit him net gau blike. Earlik sein wit ik noch net sa folle fan him. Mar in skoftsje lyn hat er sein dat er ynkoarten in goed petear mei my ha woe. Ik bin benijd. Miskien komt der wat út dat ik noch net wit.'
'Ik hie itselde idee fan de man. Folslein earlik, tink ik.'
'Dat nim ik oan,' sei Iede.
Gelf seach fansiden.
'Bist dêr net fan oertsjûge?' frege er.
'Och ja, einliks wol. Mar der wurdt in protte praat yn sa’n bedriuw. Jo hearre dingen dy't jo net goed ynskatte kinne. Oan no ta ha ik sels gjin dingen meimakke dy't tsjin Baakman sprekke. Ik woe dêr no leaver net fierder oer prate.'
'Dat begryp ik,' sei Gelf. 'Jo moatte tige oppasse mei fan hearren en sizzen.'
Apart, tocht Iede. Gelf wie nijsgjirriger as er ferwachte hie. Syn lêste wurd like mear op útlokjen as op ôfsluten. Of kaam dat gewoan fan syn berop? By syn ferskate sollisitaasjes fan froeger hie Iede him soms fernuvere oer guon personielsjefs. Hoe streekrjocht dy trochfregen oer de eigen dingen dy't jin even ûntkamen. Ek as it alhiel net fan belang like foar de nije baan. Dan tocht er dat der teminsten in part gewoane nijsgjirrigens by siet. Sa ek by Gelf, like it. Hy hie dochs neat mei Baakman út te stean? Iede hie der gjin sinne oan om mei Gelf syn soargen oer de spesjale kommisje fan Salmink te dielen. Dy't Baakman dochs mar bestean liet en dêr't er ek gebrûk fan makke. Sjoch mar hoe't er de ynformaasje oer Welling BV brûkt hie. Dat moast by Salmink syn kommisje weikomd wêze.
As hie Gelf syn gedachten lêzen:
'Salmink is in hiel oare man, net?'
'Ja,' sei Iede. 'In ein jonger.'
Gelf hie it ûntwiken fan Iede syn antwurd grif murken, hy glimke teminsten, mar hy gong troch.
'Jonger en liniger.'
'Salmink is hiel linich, dat hast goed sjoen. Foar my is hy dochs in tige freonlike sjef. Ik kin goed mei him prate.'
'Hy hat de ûnderhannelingen mei Piter fierd, ha ik heard fan de advokaat.'
'Ja, dat leit yn 'e reden,' sei Iede. 'Hy is der betûft genôch foar. Mar hy sil dochs neat dien ha sûnder de ynstimming fan Baakman.'
'Nee. Wat tinkst, Iede, soe Piter tsjin him opwoeksen west ha?'
Ungemurken wiene se wer by it lokaal komd dêr't Iede syn âld fyts tsjin 'e gevel stie. Bûten wie it kâld en it wie wiet wurden. Yn it autootsje siet it noflik en der wie gjin aardichheid oan om der út. Mar wêr draait dit petear op út, tocht Iede. Dit giet fierste fier. Daliks sis ik hjir dingen oer myn baas dy't ik allinne mar tink, en dêr't ik gjin inkeld bewiis fan ha. Hy waard ynienen in bytsje nidich op Gelf. Wat die dy him fragen te stellen dêr't hy allinne mar lijen mei krije koe as er sei wat er tocht. Wat hie hy der mei nedich oft Salmink snoader wie as Piter, of oarsom? As Gelf dat witte woe, liet er dat dan mar oan Piter freegje, of oan Salmink, of oan Baakman. Dit moast ophâlde.
'Salmink is betûft, en Piter is goed útsliept, Gelf. Ik soe it net witte, wa't de snoadste is. Kom, ik gean it waar yn. As ik nijs ha, dan skilje ik dy daliks.'
'Wolterêsten,' sei Gelf. 'Dy brief bring ik dy moarntejûn wol even.'
'Goenacht, Gelf. Betanke foar it op en delriden.'
Hy treau it mapke mei it kontrakt yn 'e binnebûse fan syn jas en stapte de auto út. Wylst er nei hûs fytste betocht er hoe frjemd it wie. Trettjin jier hie er by de Wellings wurke en nea hie er ek mar ien húslik wurd fan se heard. No't er net mear mei harren te krijen hie, kamen harren persoanlike swierrichheden op him ôf. Slimmer noch, Gelf hie him in rol tatocht by de oplossing. As er net goed oppaste, siet er ynkoarten sels oan 'e hals ta yn harren getsier. Gelf kin my wat, tocht er. Dy brief jou ik oan Piter mei syn groetnis, en fierder sykje se it mar mei harren beiden út.
Thús hong er de jas oan 'e kapstok. It kontrakt liet er yn 'e bûse sitte. Moarn soe er it wol ris lêze.
De oare deis liet er de jas thús. Dy jûns om in oere of acht brocht Gelf de brief dy't er foar Piter skreaun hie, yn in iepen slúf. Hy kaam der net yn, hy moast daliks wer fuort. Iede gong nei syn eigen keamer en die de brief yn 'e tas. Hy prakkesearre der net oer om te sjen wat der yn stie.
Hy lei it kontrakt foar him op syn tafel. It wie koart en dúdlik, mar sechtjin artikels. Hy lêsde it troch. Doe lêsde er goed, wat der stie. En dêrnei lêsde er artikel tolve op 'e nij en wer en nochris.
"De keaper betellet oan de ferkeapers mei-inoar f 3.850.000,-- (trije miljoen achthûndertenfyftichtûzen gûne). Oan de ferkeaper Piter Welling foarop in bedrach fan twa kear de winst oer it ferline jier fan f 293.778,02 neffens it jierferslach fan Welling BV, dat is f 587.556,04. Fierder oan elk fan de beide ferkeapers de helte fan it oerbliuwende, dat is oan elk f 1.631.221,98. Op grûn hjirfan sil de keaper op de dei fan ûndertekenjen fan dizze oerienkomst op de troch de ferkeapers te neamen bankrekkens oermeitsje:
- oan Piter Welling f 587.556,04 + f 1.631.221,98, dat is f 2.218.778,02;
- oan Gelf Welling . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . f 1.631.221,98."
Hy sloech de hannen foar it gesicht. Piter hie dus hast seishûnderttûzen gûne mear krigen as syn broer. Twa kear de winst. Dêrom hie er Iede fan 'e winter frege om de útkomst oan te passen. Om syn broer oplichtsje te kinnen. Hy, Iede, wie mei Piter skuldich oan de misdied. Al hie er net witte kind wêrom Piter it frege, hy hie dien wat in boekhâlder nea dwaan mei. Hy hie falske sifers opjûn. Foar it ferlies dat der werklik west hie, hie hy winst opskreaun.
Moarn moast er nei Piter. Ut namme fan Gelf moast er besykje om de frede tusken de beide bruorren in bytsje tichterby te bringen. Wat moast er tsjin Gelf sizze? It wie noch in gelok, tocht er dat er it kontrakt net earder lêzen hie. Wat hie er sizze moatten, jûn, doe't er Gelf te wurd stien hie?
Wat moast er moarn tsjin Piter sizze? Syn earste gedachte wie om neat te sizzen, dwaan oft er nearne fan wist. Oer in jier as wat soe elkenien it fergetten wêze. Dan wie it ferjierre, om sa mar te sizzen. Mar sa koe it net. Hy koe Gelf dochs nea mear ûnder eagen komme as er net besocht om it rjocht te setten. Hy moast der mei Piter oer prate, dêr wie net oan te ûntkommen. Al wie der heechstwierskynlik neat mear oan te dwaan. Gelf hie ommers tekene, hy hie it goed fûn dat Piter seishûnderttûzen gûne mear krige as him. Mar Gelf hie it Piter gund omdat er tocht dat dy it sa goed die. De boekhâlder fan Welling BV hie ommers in moaie winst berekkene. As Gelf witten hie dat der hielendal gjin winst west hie, soe er dan sa royaal west ha? Nee, fansels. Sa ûnnoazel wie dy dominy werklik net.
Hy soe it opbychtsje moatte tsjin Gelf oer. En dan tegearre mei him besykje om Piter ynskikke te litten, dat dy Gelf dochs noch syn part joech. Mar soe Gelf noch boadskip oan Iede Hommes ha? En Piter seach harren oankommen. Dy koe bêst ris sizze dat hy Iede nea frege hie om winst te skriuwen. En bewiis dan mar ris dat Piter liigde. Soe Salmink of miskien menear Baakman noch wat dwaan kinne? Welnee, dy wisten dochs presys hoe't dat siet mei dy winst fan him, en dêr hiene se harren doe ek net om bekroade. Hy lêsde nochris wat der stie yn artikel tolve, hoe't it der stie. Wy betelje mei-inoar safolle, punt. As jimme dat ferdiele wolle neffens jimme eigen jierferslach, dan stoarte wy it sa op jimme bankrekkens. Sa stie it der. Krekt sa't Baakman en Salmink der tsjinoan seagen. It wie harren kwestje net.
Hy bruts him de holle om in útwei te finen mar hy bleau yn it selde rûntsje omdraaien. Om healwei ienen kaam Gryt yn syn keammerke en frege wêr't er mei dwaande wie. Hy sei wat dizenichs oer drok en sa, mar neat oer de Wellings. Se sei dat er no wier op bêd komme moast en se hie gelyk. Hy tocht dat er de hiele nacht gjin wink yn 'e eagen krije soe, mar it foel ta. Hy wie sa sleau wurden dat er daliks yn sliep foel.
De oare moarns op 'e saak skille er Harmke en sei dat er har om tolve oere ophelje soe om earne wat te iten. Yn it ythûs fertelde er har syn nije probleem.
'No stean ik by alleman te pronk, by Theo Salmink, by menear Baakman, by Piter en ynkoarten ek noch by Gelf Welling. Ik woe dat ik Trie nea sjoen hie,' suchte er. 'Wie ik mar yn Reasyl bleaun.'
Se wie noch oan it útsykjen fan in miel iten en seach him oer de kaart hinne oan.
'Dat ha ik ek sein, witst noch? Mar it koe net oars, seist do doe.'
Hy murk har koele toan op en sei neat werom. Se wonk de ober en se bestelden wat se ite woene. Doe lei se de earmen op 'e tafel en seach him oan.
'Iede, sa komt it net goed. Do hast meilijen mei dysels. Dêr kin ik net oer. Ik wol dy graach stypje en helpe om der út te kommen, mar dan moast sels ek fjochtsje wolle.'
'Ik wol wol fjochtsje,' sei er wat sullich.
'O ja? Ast do fjochtsje woest, dat hiest no sein: ik sil dy ferrekte Piter krije. Ik wit noch net hoe, mar hy giet der oan. Dat hie ik fan dy ferwachte.'
'Dat wol ik ek.'
'Wêrom seist dat dan net?'
Hy seach foar him del en wist net wat er sizze moast. Se sparre him. Se hie sein wat se sizze woe en se fûn dat genôch, blykte. Se swijden in skoftsje, doe sei se:
'Wy witte einliks neat fan Piter. No ja, watst do lêsten ferteldest fan tweintich jier lyn doe't er by syn omke de skuldbekentenissen út 'e kast snipte. Dêr kinne wy no neat mear mei, dat is te lang lyn. Fierder neat. Ik ha nea heard dat er him misdroegen hat, of sa. Dat it is net sa maklik om him yn in hoeke te krijen. Mar dat moat al. Dêr moatte wy op oan stjoere, mei alle macht. Der is grif wat. Piter is in man dy't him nea yn syn kaarten sjen lit, dat witte wy. Mar as do en ik der goed ús bêst op dogge, dan pakke we him in kear.'
Iede siet nei har te sjen en hy fernaam hoe't se har pratendewei ynlibbe yn in opjefte oan harsels. En oan him, fansels.
'Miskien lit er fan 'e middei wat los,' sei er. 'Hy hat net sein wêr't er it oer ha woe. Hy hie in toan fan: wy moatte ris prate oer myn nije sitewaasje, by Baakman, as ik it goed oanfield ha.'
Hy tocht even nei.
'Do moatst alle papier, kladsjes en wat ek, by elkoar sykje oer it jierferslach fan ferline jier, dat ik makke ha. Wy moatte bewize kinne dat ik earst in ferlies útrekkene hie en dat ik dat letter feroare ha, omdat Piter dat woe. Begrypst wat ik bedoel?'
Se lake bliid en joech him in tik op syn wang.
'Ja,' sei se. 'Sjochst, wy kinne wol wat.'
'Strak sil ik oppasse wêr't er him bleat jout.'
'Hy seit grif wat, dêr't wy wat mei kinne. Mar witste...'
'Wat dan?'
'Oer dy Gelf. Piter hat him bestellen, okee. Mar tink der om, dat is net dyn earste soarch. It wie yn it foarste plak troch dy man syn eigen sleauwens dat er der ynstonken is. Hy wist goed genôch dat syn broer in dogeneat is. Hy wist wat er wei joech. As er dat net wold hie, dan hie er mânsk genôch west om it te feroarjen. Dat hat er froeger wol bewiisd. Meitsje dy net te drok om dy Gelf. Dyn earste probleem is dat Piter dy, Iede Hommes, ferrifele hat. Dêr giet it om. Dêr moatte wy Piter foar werom pakke. En no wol ik ite. Nimst do de bakte ierpels, dan nim ik dy Pariser knikkertsjes, dêr bin ik gek op.'
Se skepten yn, en ieten. Se seine net folle mear. Doe't se oan de kofje ta wiene sei se:
'Ik hie dat better net sizze kind.'
'Wat net?'
'Dat ik dat sein hie, fan Trie en dat dat net oars koe neffens dy. Dat wie gemien fan my.'
'Sa ha ik it net field.'
'Ik hie dat net sizze moatten.'
Hy seach dat se triennen yn 'e eagen krige.
'Ik woe dat wy wat betinke koene foar ús sels, Iede. Ik fiel my sa iensum. Ik mis dy folle mear as ik oait tocht hie.'
Se gong oerein en frege de ober wêr't de húskes wiene. Hy seach har nei en koe neat betinke. Doe't se werom kaam prate se der net fierder oer.
Iede gong op 'e stoel sitten dy't er noch goed fan earder koe. Piter wie heal oerein komd om him de hân te jaan, en doe wer swier delploft. Hy wie noch dikker wurden. Se sûnfregen.
'Hoe foldocht it yn Trie, Iede?'
'Goed. Ja, hear.'
'Net ûnwennich?'
'Soms. Jo litte in protte minsken achter dêr't jo troch de jierren goede ferbiningen mei hiene. Saaklik en privee. En oan nije minsken moatte jo earst even wenne, en oan de sfear ek. Mar ik ha neat te kleien.'
'De sfear, seist. Ik ha no in pear kear by jimme stêfgearkomsten west. Is dat de sfear fan it hiele bedriuw?'
'Bedoelst dat tempo, dat koart om 'e hoeke? Nee, dat is mear de persoanlike styl fan menear Baakman sels. Tusken de mannen is it allegearre wat nofliker.'
'Ik ha it idee krigen dat jimme mei-inoar deabenaud binne foar Baakman.'
'Nee, dat is sa net, hear. Se ha allegearre respekt foar him. Mar benaud, nee. Zwier Baakman is net in man dy't jo meinimt nei in kroech. Jo sjogge him ek net folle yn it bedriuw. Mar hy is wol beskikber foar dy't him nedich hawwe. En se sizze allegearre dat hy dan alle tiid nimt en goed nei harren heart. Hy wurdt ek nea lilk of raar as der wat mis rint.'
'In evenredige man.'
'Ik soe earder sizze, in tige behearske man,' sei Iede. 'Jo kinne net yn in oar syn siel sjen, mar ik tink dat hy him altyd ynhâldt, ek as er in skerp oardiel hat.'
'Koel.'
'It is mar hoe't jo it neame. Ik ha begrepen dat hy yn Trie yn frijwat maatskiplike bestjoeren sit. Dêr sil er meast ek foarsitter wêze en dan sil er grif besykje om op te sjitten.'
Piter stoarre in skoft foar him út. Wêr't er hinne woe koe Iede net betinke. Oan no ta koe er der neat mei.
'Baakman hat my frege oft ik yn Trie komme wol. De ynkeapsjef, menear Steen, giet ynkoarten yn 'e vut. Dat soe ik oernimme moatte. Wat tinkst, moat ik dat dwaan?'
Iede betocht dat it foar it earst wie dat Piter soks oan him frege. Alles dêr't mar in skyn fan persoanlik belang oan siet, prate er nea oer. Net mei Iede, en safier as dy wist ek net mei ien oaren yn it bedriuw. It koe wol ris wêze dat hy oars net ien hie om it oan te freegjen. Mar wat moast er sizze? Hoe hiene hy en Harmke de grutste kâns om him yn it each te hâlden? Dêr draaide it om.
'Wat bart der hjir mei de saak, ast do nei Trie giest?' frege er.
'Welling BV komt ûnder Salmink,' sei Piter. 'Dat skynt it doel te wêzen. It komt der op del dat ik nei Trie gean kin of hielendal út 'e saak.'
'Kin dat sa mar?'
Piter helle de skouders op.
'It giet dit jier net sa goed mei ús. Do hast it sels oan de sifers oer it earste healjier sjoen. De omset wol mar net omheech. Ik sjoch oankommen dat der dit jier in ferlies útkomt. En wy sille ek noch ekstra ôfskriuwe moatte op de foarrie, dat ha wy ferline jier miskien wat te min dien. Dat ferlies fan dy ôfskriuwing komt der noch oerhinne. Baakman hie ferwachte dat wy dit jier in behoarlike winst meitsje soene, lyk as ferline jier.'
'En no biedt er dy in treastpriis oan, yn Trie.'
'Ja, sa kinst it neame.'
'En ast dat net wolst, dan krijst dien. Hy sil dy dochs in bedrach mei jaan, in hândruk?'
'Dat sit der net yn, bin ik bang. Yn myn kontrakt stiet dat ik by ûntslach allinne rjocht ha op in fergoeding, as der winst makke is. Dêr bin ik nei it oernimmen akkoart mei gongen. Ik hie miskien better oppasse moatten.'
It skeat troch Iede hinne dat Piter al hiel gau yn syn eigen kûle fallen wie. De falske winst dy't er Iede ferline jier skriuwe litten hie, dy moast yn it nije jier wer ôfskreaun wurde. En dêr waard er no sels de dupe fan. It koe net moaier, tocht Iede. Dien krije sûnder fergoeding. Prachtich! Dat wie al in hiele treast, al wie Iede sels noch net lyk mei him. It wie dúdlik wat er sizze moast.
'As ik dy wie, gong ik nei Trie,' sei er. 'Do silst wol wenne moatte datst wer in baas krijst. Mar sa't ik sei, Baakman is in tige korrekte man. Hy wit wat er wol, hy nimt flot besluten, mar dan jout er syn minsken in protte romte. Hy sjocht se net op 'e fingers. Dat sizze se allegearre. Der binne minder bazen.'
Piter gong in swym fan in glimke oer it gesicht.
'Do bedoelst myn heit?'
'Do wiest better baas as dyn heit, lit ik it sa mar sizze,' sei Iede.
'Ik bin der noch net út,' sei Piter. 'Ik bin noch mar achtentritich, en ik ha nea wat oars dien as by de saak. Ik bin te jong om te rintenierjen, dat ik sil wat om hannen ha moatte. De hiele dei op it hiem omstrune, dat sjoch ik net foar my. Ik bin fansels net earm, dat snapst wol. Mar de bern wurde grutter en djoerder en ik wol net yn 'e earmoede. Oan 'e oare kant, ferhúzje en dan mar sjen oft it foldocht, dat is ek in risiko.'
'Dat snap ik,' sei Iede. 'By Baakman hast fansels al foar datst it fak kinst. Do kinst de measte fabrikanten dy't ek oan Baakman leverje. Ik bedoel, do stapst net yn in frjemde wrâld. En Baakman sil tink wol sizze wat de grutte linen binne, hoe't er dy ha wol, mar do kinst it foar fiifennjoggentich persint sels ynfolje. Saân plak fynst bûten Baakman net gau, tink ik. Ast wat oars oannimst, moatst miskien ek ferhúzje.'
'Dat sit der yn, dêr hast gelyk oan,' skikte Piter yn. Hy wachte even, doe sei er:
'As ik der fan út gean dat ik yn Trie bedarje, dan kinst do my miskien wat dingen fertelle hoe't it dêr om en ta giet, dingen dy't ik yn alle gefallen witte moat.'
Hy hie in listke makke mei in tal fragen oer de organisaasje. Iede joech positive antwurden sa goed as er koe. Piter soe al nei Trie, as it oan him lei. Hy betocht dat as Piter in goede freon west hie, dat er it him dan like fûl ôfret hie as er it him no oanprate. Hy wie der wis fan dat it op neat útdraaie soe. Piter wie maklik en lui, krekt oarsom as Baakman it ha woe. Hy wie der wis fan dat Baakman dy stêfgearkomsten op moandeitemoarn hold om de mannen nei it wykein wer op skerp te setten. Piter hie der in pear kear by west en Iede hie goed fernimme kind dat it foar him gjin noflike tiidkoarting wie.
Oan 'e ein fan dizze fragen wie der net folle mear om oer te praten. Iede betocht dat Piter oer elkenien frege hie, behalve oer Salmink. Piter seach op syn horloazje.
'Moatst tink wer werom nei Trie? Of sjochst noch even op 'e boekhâlding?'
'Ja, dat wie ik al fan doel. Mar ik moat dy noch even om in pear minuten freegje. Yn Trie ha ik dyn broer troffen. Klear tafal. Ik hie my opjûn by de skaakklup fan Trie en dêr is hy ek lid fan. Hy koe my noch in bytsje fan in pear jier lyn, doe by de begraffenis. Wy ha even oan 'e praat west. Ik hie sein dat ik dy hjoed treffe soe. Justerjûn kaam er by my mei in brief. Dy moast ik dy jaan. Ik moast dy freegje oft jimme elkoar net ris moetsje moatte. Hy wol frede, sei er. De saak is no ferkocht, dat dêr kinne gjin tsjinstellingen mear út fuortkomme.'
Hy helle de brief út syn tas en lei dy foar Piter op syn tafel. Piter seach der in kwart minút nei, doe sei er:
'Sis mar tsjin Gelf dat ik syn brief lêze sil.'
Lyk as altyd joech er Iede gjin flau idee oer syn gedachten.
Iede gong nei de boekhâlding en joech him by de minsken del. Sûnt er nei Trie gongen wie, hie er al faker werom west yn Reasyl, en alle kearen hiene se even mei-inoar praat. Sa no ek. En lyk as de foargeande kearen kaam wer de fraach, hoe komt it mei ús. Bliuwe wy hjir, of moatte wy nei in oar plak? Of hoege wy ynkoarten nearne mear hinne? frege ien fan 'e âldere froulju.
'Ik wit it net. As ik it wist soe ik it sizze. Ik kin heechstens sizze wat ik tink. Sa't it der no útsjocht bliuwt Welling foarearst yn Reasyl. Ik ha net ien plan heard om dat te feroarjen. As se al wat fan plan binne, dan duorret dat noch in hiel skoft, want de kompjûter fan Baakman rint noch lang net sa't it heart.'
Ensafuorthinne. Foar Iede wie it alle kearen in swier ferhaal. Hy seach der tsjinoan, mar hy woe der net foar weirinne. Hy koe him de soargen fan de minsken goed yntinke, en hy koe neat sizze. Alle kearen fertelde er likernôch itselde, nei eare en gewisse. Mar hy koe net sizze wêr't er bang foar wie. Dat wiene syn kollega's yn Trie, de sjefs dy't ûnder elkoar mei it grutste gemak oer Welling praten. Hoefolle jild se net oerhâlde koene as se alles gewoan byelkoar goaiden. Yn Trie fansels. In treast wie dat er sok praat nea fan menear Baakman of fan Salmink heard hie. Iede hie al ris sein dat it foardielich wêze koe om in part fan de hannel fan Baakman nei Reasyl te bringen, yn in flinke nije loads. Dêr moasten de mannen smaaklik om laitsje. Der wie net ien dy't omtinken hie foar harren Reasylster meiwurkers, dy't ek foar it Baakman-konsern oan it wurk wiene. Dy koenen se net. Iede koe se allegearre, dat wie it ferskil.
Op syn âlde keamer prate er wer mei Harmke. Hy fertelde wat er fan Piter heard hie en wat er sels sein hie. En dat se ynkoarten in nije baas krige, Salmink.
'Hoe wol dy man dat dwaan, Iede? Bliuwt hy de direkteur fan Knol yn Reinwerd, en ek noch dyn baas yn Trie? Kin er dat allegearre behappe?'
'Ik tink dat er dat kin. Hy hat it net sa drok, hear. Om te begjinnen, mear as twa oeren yn 'e wike is er net oan my kwyt. Yn Reinwerd hat er it leau 'k aardich foarinoar, dêr hat er syn minsken. No, en hjir yn Reasyl, hjir ha wy ús minsken ek, dy't sels witte wat se dwaan moatte. Hy kin it wol oan, dêr bin ik wis fan. En as er it al slim drok krijt, no, dan kin er dy net ta lêst wêze.'
'Salmink hat it der noch net mei dy oer hân, wol?'
'Nee, dan hie ik it dy al earder sein. Piter hat it net mei safolle wurden frege, mar it moat fansels noch even stilholden wurde. Oant er sels út 'e rie is.'
'Wat tinkst, soe er it dwaan, nei Trie?'
'Dat tink ik wol. Mei Piter witte jo it nea, fansels. Piter is net dom. Hy snapt grif dat it op 'en doer neat wurdt. Mar sa lang as er net wat oars hat, kin er by Baakman wei noch in skoft om him hinne sjen. Kin er syn eigen tiid kieze. Dat ferhúzjen stelt er gewoan in skoftsje út. Hy rydt earst wat op en del.'
'Krijt er it sa dreech by Baakman?'
'Ja, dat wol. Mar tink derom, Piter hat tweintich jier ûnder syn heit wurke. Dêr hat er in almachtich tsjokke laach yl op syn siel fan oerholden.'
'We sille it wol sjen,' sei se. It hie healwei seizen west. Se rêde har tafel op. Hy siet nei har te sjen en waard muoilik. Doe't se klear wie glimke se him oan.
'Ik sil even sjen oft se alle kompjûters útset ha. Se ferjitte wol ris ien,' sei se.
Se gong de keamer út. Hy krige de telefoan en tikke in nûmer yn Trie.
EIN fan Haadstik 6.
Fierder nei Haadstik 7.
| Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT |