Roman
Haadstik 7.
De oare deis frege menear Baakman him om de kommende moandeitemiddei tiid te meitsjen om ris by te praten. Doe't it safier wie siet dy achter syn hege tafel. Iede moast him deljaan op in lege stoel. Trochdat er net sa grut fan stâl wie seach er mar krekt oer de tafel hinne. It wie dúdlik in trúk fan Baakman, wat âlderwetsk, fûn Iede.
'Jo binne no in moanne as fiif by ús yn Trie. Yn de stêfgearkomsten ha ik murken dat jo jo saken kinne. Salmink is tefreden oer jo. De oare mannen hearre nei jo, fernim ik. Dat is in goed teken. Jo ha jo goed ynpast. Wat fine jo der sels fan?'
'Ik bin ek tefreden,' antwurde Iede. Baakman woe him yn alle gefallen op syn gemak stelle. Dat er frij út prate soe.
'Dat is moai. Mar ik woe einliks fan 'e middei ris fan jo hearre wat jo fan ús bedriuw fine. Ik soe sizze, begjin mar mei de boekhâlding.'
Iede stuts fan wâl. Hy sette útien hoe't de ferskate systemen wurken en wat er tocht dat better koe. Hy prate der tsjin Baakman oer as wie dy ek in fakman. Dat blykte goed út te pakken. Baakman frege no en dan earne op yn, it hie syn hiele oandacht. Hy woe krekt witte hoe't it siet.
'Dus jo fine dat ús kompjûter net goed wurket?'
'Ik tink dat it better kin, dat wy der mear oan ha koene.'
'Hoe goed draait it yn Reasyl, by Welling?'
'Earlik sein fyn ik, dat it systeem fan Welling wat better by de tiid is,' sei Iede foarsichtich. 'Sjoch, by Welling binne wy pas twa jier lyn begongen, en wy ha doe in nij model oanskaft. It hat fansels in skoft duorre ear't wy it oan 'e praat hiene, mar no foldocht it goed.'
'Hoe ha jimme dat foarelkoar krigen? Ha jimme dêr minsken fan bûten foar brûkt of ha jimme it sels dien?' frege Baakman.
'It measte ha wy sels dien, leau 'k.'
'Wa, jo sels?'
'Ik hie in hiele goede help. Dy hat in protte bydroegen.'
'Wat binne jo fan plan, menear Hommes? Wolle jo it systeem fan Reasyl oerbringe nei Trie?'
'Dêr ha ik noch net bot oer neitocht,' sei Iede.
'Dan moatte jo dêr no fuort mar mei begjinne,' sei Baakman. 'Ik wol jo wol sizze dat ik net tefreden bin, sa't it no by ús rint. It kin better en as jo dêr de wei foar witte, dan wol ik jo plannen sjen. Ik sil it tsjin Salmink sizze. Dy help yn Reasyl, seine jo, kinne jo dy man hjir ynskeakelje?'
'It is in frou. Harmke Vigon. Ik woe har der graach by ha, as dat kin om it wurk yn Reasyl. Dat moat ek trochgean.'
'Dat regelje jo dan mar,' sei Baakman. 'Kinne wy trouwens de boekhâlding fan Reasyl net better nei Trie oerbringe?'
It wie de fraach dêr't Iede al den tiid al bang foar west hie. Wat hie er tsjin de minsken yn Reasyl sein, ferline wike? It is noch lang net sa fier, want de kompjûter yn Trie rint net goed. Dat hie er sein. En no hie er opdracht krigen om dat foarelkoar te meitsjen en dan mocht er ynkoarten syn eardere kollega's yn Reasyl dien jaan. Hy hie it sels útlokke. Wat moast er sizze?
'Jo sizze neat,' sei Baakman. 'Wat is it probleem?'
Iede helle djip siken. It kaam him yn it sin wat Mels Hurkmans sein hie. Ast dyn wurk goed dochst heart Baakman nei dy.
'It probleem is dat myn âlde kollega's harren baan dan kwytreitsje. De measten fine nea wer oar wurk.'
'Ik ha noch nea minsken dien jûn allinne omdat der gjin wurk mear wie,' sei Baakman. 'Wy ha it yn Trie altyd oplost en we sille it yn Reasyl ek oplosse.'
Hy swijde even en seach Iede oan.
'It is goed dat jo it sa dúdlik sein ha. Ik sil der foar soargje. Geane jo mar achter de kompjûter oan.'
'Ha jo al ris by Knol, yn Reinwerd west?' frege Baakman.
'Ik ha der ien kear west, mei Voogd en Salmink. Wy litte de ferbining mei de boekhâlding fan Knol oer Voogd rinne.'
'Giet dat goed?'
'Safier as ik besjen kin, ja,' sei Iede.
'Jo witte fansels dat Voogd in sekere swierrichheid hat.'
'Ja. Net sa maklik. Mar oan no ta docht er syn wurk meastentiids goed.'
'Wy moatte him de hân mar wat boppe de holle hâlde. Sa lang as it giet. Hy hat himsels al hiel wat lijen tabrocht, mei dy drank. Jammer. As er dat probleem net hie..., no ja.'
Baakman wie even stil. Iede hope einliks dat Baakman noch wat oer Voogd sizze soe mar hy gong in oare kant út.
'Knol is in apart bedriuw, mei dy sintrale hannel yn tried, fansels. Wat tinke jo, ha jo dêr genôch sicht op?'
'Ik wit net alle bysûnderheden, dat net,' sei Iede. 'Ik krij de ferslaggen dy't Voogd makket út de boekhâlding fan Knol. Ik sjoch se nei oft dy sifers ûnderling gearhingje. As ik fragen ha dan krij ik antwurd fan Voogd. Inkeld nim ik se wol ris troch mei Salmink sels. Dy wit der as direkteur faak noch wat mear fan. Wy komme der altyd út.'
'Jo sjogge de boekhâlding fan Knol sels net.'
'Nee.'
'Soe dat einliks net moatte?'
'Ja, wat sil ik sizze?' sei Iede. 'Gewoanwei is dat fansels sa. Mar it is no ienkear sa groeid, begryp ik, en ik sit net om wurk ferlegen.'
'Ha jo it der wolris mei Salmink oer hân?'
'Nee, mei safolle wurden net. Salmink sei dat it foarearst better bliuwe koe sa't it wie. Der spile by him ek mei dat hy om de eigenwearde fan Voogd tinke woe. Foar Voogd is it leau 'k wichtich dat hy in eigen ferantwurding hat. Mar ik sil it foar de geast hâlde.'
'Goed,' sei Baakman. 'Lit it earst mar sa. Salmink is ynearsten ferantwurdlik foar de yndieling fan jo wurk en hy wit wat er docht. Mar as der him al ris wat foar docht dat jo net alhiel dúdlik is, dan wol ik it witte. Ik bedoel, as jo der net útkomme mei Salmink, fansels.'
De telefoan gong. Baakman pakte him op, sei ja, in momint. Tsjin Iede sei er:
'Bliuw mar sitten, ik gean even nei de sydkeamer. It duorret net lang.'
Iede bleau allinne sitten. Hy begong nei te tinken oer de lêste dingen dêr't Baakman it oer hân hie. It wie sa klear as wat dat de gong fan saken mei de boekhâlding fan Knol, Baakman net nei it sin wie. Dat er net tsjin Iede sei dat dy him der streekrjocht mei bemuoie moast, dat wie te begripen. Baakman koe Salmink, de direkte sjef fan Iede, net oerslaan. Mar as Baakman it dan oars ha woe, wêrom sei er dat dan net tsjin Salmink? Baakman wie dochs de baas? It like oft er Salmink mijde, der gjin kwestje om ha woe. Yn de fiif moanne dat Iede him meimakke yn de stêfgearkomsten hie Iede lykwols fernommen dat Baakman seker net benaud wie om elkenien te sizzen wat er tocht. Ek Salmink. Of miskien Salmink dochs wat minder? Iede besocht foar de geast te krijen oft Baakman yn al dy gearkomsten wol ris in hurd wurd tsjin Salmink sein hie. Hy koe yndied gjin gefal betinke.
Baakman kaam werom, seach even foar him út, doe sei er:
'Yn Reasyl komme jo tink wol faker, net? Wat tinke jo der fan, hoe giet it dêre?'
'Ik ha it idee dat der net folle feroare is sûnt fan 'e winter.'
'It giet net sa goed mei de hannel fan Welling. Dat sjogge wy elke moanne oan 'e sifers. Hoe is de sfear yn it bedriuw?'
'Jo sille begripe dat der ûnwissichheid is oer de takomst,' antwurde Iede. 'Der binne mar in pear minsken dy't weet ha fan de jildlike útkomsten, mar der is in gefoel dat der feroaringen komme.'
'Spilet Piter Welling dêr ek in rol yn?'
'Nee, dat leau 'k net. Hy docht it net oars as in healjier lyn, altyd wat op in ôfstân. Gjinien kin oan him fernimme wat er tinkt. Dat wie altyd al sa.'
'Jo koene goed mei him, net?' frege Baakman.
'Ja. Piter wie in geskikte baas, foar elkenien.'
'Jo wiene sels ek geskikt foar him, as boekhâlder, bedoel ik.'
Iede begrypte fuort wêr't Baakman hinne woe, op itselde momint dat dy it sei. Hy hie hope dat it net barre soe, mar by in man as Baakman moast it ien kear komme. In skoft lyn hie er al besluten wat er sizze soe.
'Ik ha it ferkeard dien, fan 'e winter, mei dy winst fan Welling. It spyt my.'
Baakman seach him string oan, fan syn hege stoel ôf.
'Jo binne fierste maklik mei it oanlûken fan it boetekleed. Jo ha in earnstige flater makke, dy't jo net oerkomme mocht. Ik wol oannimme dat jo net út josels winst fan ferlies makke ha, mar it past net by in man yn jo posysje. Bin ik dúdlik?'
'Ja, menear Baakman,' sei er hiel sunich. It wie de slimste útbrander dy't er yn al syn wurksume jierren krigen hie.
'Mear wol ik der net fan sizze,' sei Baakman. 'Foar de fusy mei Welling hat it gjin gefolgen en de motiven fan Piter Welling geane my net oan.'
Baakman swijde in skoft. Iede seach foar him del. Baakman kaam oerein.
'Miskien ha jo it al heard, mar der komt yndied feroaring yn Reasyl,' sei er. 'Piter Welling lûkt him werom as direkteur. Salmink nimt syn funksje oer, ynearsten teminsten. Dat woe ik jo noch even sizze.'
Gewoanwei liet er de doar fan syn keamer altyd iepen stean mar no die er him ticht. Hy hie wol wat ferwachte oer dy winstberekkening fan Welling mar sa’n opdonder net. Hy wie yn 'e war. Hy gong op syn stoel sitten en tocht nei. It wie in leksum dat hy nea wer ferjitte soe. Net dat er earder nea in skrobbearring krigen hie. By de âlde Welling wie der gjin wike foarby gongen sûnder tjirgjen oer ien of oare kwestje. Mar dat wie wat oars. Foar Welling hie er nea respekt hân en foar Baakman wol, dat wie it ferskil. As Welling rôp wie it njoggen fan de tsien kearen net terjochte of slim oerdreaun. Dit wie de earste kear dat Baakman him geweken nommen hie en hy koe der neat tsjinyn lizze. Baakman hie gelyk, punt. Dit sil my nea wer oerkomme, tocht er.
En doe begong er him ferromme te fielen. Sûnt syn twadde dei yn Trie, doe't Mels Hurkmans him ferteld hie dat se alles wisten oer it ferlies fan Welling, hie it him pleage. No hie syn heechste baas, menear Baakman sels, him der op oansprutsen. En dêrmei it ûnderwerp ôfsluten. Hy hoegde net mear bang te wêzen dat ien him der noch op pakke soe. Salmink bygelyks of wa dan ek. Hy wie der ôf. It wie even slokken oer de wierheid dy't Baakman him tamjitten hie. Mar al hie er gjin genede krigen, hy hie wer skjin skip.
Wat hie Baakman sein? Dat er it nea wer dwaan moast. Ek net al stie syn baas him der nochsa op oan. Syn baas! Soe Baakman Salmink bedoeld ha? Wie dat it wat er mei syn "Bin ik dúdlik?" sizze woe? Of koe Iede der mar better neat achter sykje? En it der op hâlde dat Baakman elkenien en gjinien yn it bysûnder bedoelde?
Der kaam him yn it sin dat Baakman begongen wie mei te sizzen dat hy him goed ynpast hie, dat betsjutte dochs ek wat? En dat hy opdracht krigen hie om de kompjûter by de tiid te bringen. Mei help fan Harmke. Hoe't er dat krekt regelje koe, dêr moast der goed oer neitinke. As Salmink mar gjin roet yn it iten smiet, no't dy de baas fan Welling yn Reasyl waard. Hy moast it der ynkoarten mei him oer ha.
Salmink wie him foar. Twa dagen nei't Baakman mei him praat hie sei Salmink dat se dy middeis nei Reasyl moasten. Underweis fertelde Iede wat Baakman oer de kompjûter sein hie. Yn Reasyl praten se earst in skoft mei Piter Welling. Dy fertelde dat hy yndied yngongen wie op de oanbieding om yn Trie sjef fan 'e ynkeap te wurden. Salmink sei dat hy net fan doel wie om de saak op 'e kop te setten. Hy woe earst sels sjen hoe't it allegearre ynelkoar siet.
Doe gongen Salmink en Iede nei in sprekkeamer en se fregen Harmke om der by te kommen. Salmink fertelde har dat hy fan nije wike ôf de direkteur wie. Dizze middei wie ornearre om mei harren trijen oer de boekhâlding te praten. En dat sy ek noch tiid frij meitsje moast om yn Trie te helpen mei de kompjûter. Harmke hearde it oan mei in stielen gesicht, se hie it fansels allegearre al fan Iede heard.
'Dan kom ik wol krap yn 'e tiid te sitten,' sei se. 'En ik ha tsjintwurdich net mear in auto, dat op en del nei Trie mei de trein en de bus, dêr giet in protte tiid yn sitten.'
'Miskien kinne jo yn alle gefallen in pear dagen achter elkoar komme. Der binne in pear behoarlike hotels yn Trie. Jo en Iede regelje dat wol mei jimme beiden, net?'
Iede waard kjel. Hy seach nei Harmke en wie der wis fan dat sy itselde tocht as him. Salmink soe dochs gjin aan ha fan harren ferhâlding? Hy is beslist net te fertrouwen, hie Harmke al ris sein, it is in man dêr't jo alles fan ferwachtsje kinne. As dy it wist, dan krige er macht oer harren, ferkearde macht. Wer in soarch der by, tocht er.
'We sille der wol in oplossing foar fine,' sei Harmke.
'Goed,' sei Salmink. 'Hoe leit it mei de boekhâlding hjir yn Reasyl?'
'Ik tocht fan goed,' sei Harmke. 'Ik sjoch gjin swierrichheden. Jo sjogge sels dat wy altyd op tiid binne mei ús sifers. De begrutting foar it kommende jier is klear. Dy ha ik makke yn gearwurking mei Piter Welling, fansels. Jo sille dêr wol nei sjen wolle. Ik sil him even krije, dan kinne jo him meinimme.'
Se helle it wurkstik op en sy en Salmink bûgden harren der oer. Iede hold him der bûten, it wie har wol tabetroud. Salmink wie it net iens mei de útkomst fan de begrutting. Dat wie te ferwachtsjen. Piter hie it op in lyts bytsje winst útkomme litten en dat wie Salmink net nei it sin. Der moast mear winst komme. Hy sei dat er yn de kommende wike mei Harmke oerlizze woe hoe't it oars moast. Hy betanke har foar alle wurk dat se al dien hie. Doe gong er mei Iede noch in slach troch it bedriuw en om fjouwer oere stapten se wer yn 'e auto.
'In baas frommes,' sei Salmink.
'Ja,' sei Iede. 'Wat ik kin, dat kin sy like goed, en guon dingen noch better. Do silst it noch wol fernimme.'
'Se hat dyn diploma's net.'
'By de ûnderfining fan har is dat net mear fan belang.'
'Ik nim it graach oan,' sei Salmink. 'Jimme kinne goed oerwei, leau 'k?'
'Ja,' sei Iede. Wer in spjeldeprip. No moat ik neat mear sizze, tocht er, oars sis ik te folle. Mar gelokkich gong Salmink der net op troch.
'Hoe giet it mei ús freon Voogd, de lêste tiid?'
'Matich,' sei Iede. 'It wurdt der net better op. Yn de lêste fjirtjin dagen ha ik him al wer in pear kear trappearre. En ferline wike, doe't er by Knol yn Reinwerd west hat. Dêr is er mei sifers wei komd dêr't ik net folle fan begryp. Ik moat der noch mei him oer prate. Mar ik bin bang dat er syn ferstân der net goed by hân hat. Om sa mar te sizzen.'
'Just,' sei Salmink. 'No ja, ik woe it fan dy hearre. Zwik, ús boekhâlder by Knol, hie it ek al fernommen. Jammer dat ik dy dei sels net yn Reinwerd wie, dan hie ik der wat oan dwaan kind, dat de sifers dúdlik wiene. Mar fansels, ast der mei him net hielendal út komst, dan kinst altyd by my terjochte.'
'Ja, dat wit ik,' sei Iede. 'Dit wie no ien kear, mei de sifers fan Knol, en dan midden yn it jier. Dêr kin ik foar ien kear mei libje. Mar oan 'e ein fan it jier kin ik dit net ha, dan moat it goed barre.'
'Seker, dat bin ik hielendal mei dy iens,' sei Salmink. 'Ik ha wol ris noed dat it net goed komt. Mar sa lang as it giet moatte we Voogd der tusken hâlde. Hy wit der op 't lêst in protte fan, fan Knol, bedoel ik.'
'Stel dat it hielendal speak rint, wat dogge wy dan?' frege Iede.
'No ja, dan is dat spitich foar de man, mar as er it net foarelkoar hâlde kin, dan moat it fierder sûnder him. Safier is it noch net. Ik sil moarn ris goed mei him prate.'
'En as dat net helpt?'
'Dan silst do it sels mei Zwik regelje moatte.'
'Foar my gjin beswier, hear,' sei Iede. 'Reinwerd is de wrâld net út.'
'Zwik wit goed genôch wat de bedoeling is. Hy kin it spul elke moanne klearmeitsje en it oan dy opstjoere. Ast dan noch wat te freegjen hast, der is telefoan. By need litst him even komme. Dan nimt it dy gjin tiid.'
Wat is dat dochs, tocht Iede. Salmink wol my út noch yn net yn Reinwerd ha. Wêrom einliks net? Wat is dêr te rêden? Salmink like syn gedachten te rieden.
'Wy moatte elkoar net ferkeard begripe, Iede,' sei er. 'Do en ik drage de ferantwurding foar de hiele boekhâlding fan alle Baakman-bedriuwen. Foar Trie bist do as earste oanwiisd. Wat Welling oangiet is it ek dúdlik. Do kinst it bedriuw it bêste, do seist hoe't it moat. Punt. Foar Knol leit it oarsom. Dêr wit ik no ienris alles fan. It is logysk dat ik dêr de earste ferantwurding foar nim. Ik soargje dat Zwik dy alles goed en op tiid oanleveret. Op al syn sifers kinst my oansprekke. Sa is de sirkel rûn, net?'
Iede hie in dizenich gefoel dat de redenearing fan Salmink net kloppe, dat der in lek yn siet. As ik no ja sis, tocht er, dan kin ik foarearst net mear nee sizze. Mar hy koe sa gau it gat net fine. Hy seach it rút út. It wie wat Harmke sein hie, Salmink prate sa maklik. Wat er sei like sa gewoan, sa foar de hân lizzend. Sljochtwei, gjin finger tusken te krijen. Hy skodde hast ûngemurken de holle.
Salmink knikte. 'Wy losse it probleem Voogd wol op, Iede. It is lêstich, mar ek net mear as in man dy't even net goed op himsels past. Dat komt faker foar, dêr komme we mei elkoar wol út.'
'Ja,' sei er. Salmink hie him wer foar west. Hy die oft Iede it mei him iens wie oer de boekhâlding fan Knol en brocht it praat wer op Voogd. Wat koe er oars sizze as ja, as er gjin rúzje mei syn baas meitsje woe?
Se stoppen in pear kear foar in read ljocht op in rotonde. Doe't se wer op 'e rjochte wei riden sei Salmink:
'We moatte ynkoarten wer ris in gearkomste fan ús kommisje hâlde. De lêste kear is noch net sa lang lyn, mar der binne wat ûntjouwings dêr't wy goed om tinke moatte. De konserns sitte net stil, ha ik begrepen. Se binne aktyf yn it noarden. We ha it der einliks nea oer hân, mar sprekt it dy oan, sa't wy it dogge?'
'It is in manier,' antwurde Iede. 'Wat tinkst, soene der mear wêze dy't sa fier geane as ús?'
'Hoe wolst sizze, sa fier?'
'No ja, it beheljen fan de persoanlike omstannichheden fan minsken yn it saaklike, en sa.'
'Ast de saak fan ien oernimme wolst, dan moatst witte hoe't dy persoan ynelkoar sit. Foar elk dy't syn bedriuw ferkeapet is it de grutste hannel dy't er oait dien hat of dwaan sil. Hy hat der lang oer neitocht en der mei ompakt. Dêrom is syn persoan der op syn djipst by belutsen. Leau mar fan my dat elk dy't in bedriuw oernimt, syn bêst docht om earst yn 'e siel fan de ferkeaper te sjen. As er dat net docht, dan is er in amateur. Neat op amateurs tsjin, hear, mar trochinoar betelje se tefolle of se keapje in kat yn 'e sek. Sokke flaters meie wy net meitsje, wy binne de faklju. Ik bedoel, it sil my noch wol ris oerkomme dat ik in ferkearde hannel doch. Mar as it even kin, dan net, omdat ik net alles wist wat ik witte kind hie.'
'Ja,' sei Iede. In besteklik antwurd. Allinne net op syn fraach. Salmink soe grif begrypt ha wat er bedoelde en no prate er der wer oerhinne. De twadde kear dy deis al. Hy waard in bytsje nidich.
'Ik bedoel, hoe komme wy oan dy ynformaasje?'
'Dat ha 'k dy sein, fan ferskate kanten, ús eigen minsken, klanten, leverânsiers, kranten, neam mar op.'
'Wa hie dat ferteld, lêsten, dat ferhaal oer dy neef dy't mei in protte jild útnaaid wie en dêr't in nije ûnderdirekteur foar yn it plak komd wie?'
'O, dat wit ik net út 'e holle. Hoe sa, tinkst dat it net wier wie?'
Iede fernaam dat Salmink justjes stadiger begong te riden.
'Ik ha der nearne wat oer heard of lêzen.'
'Dat seit fansels net safolle,' sei Salmink. 'Ik kin sels ek lang net alles byhâlde.'
'Ik ha oars in goed ûnthâld. Ik lês de kranten ek goed. Wy krije noch altyd de krante út dat doarp en dêr hat neat yn stien. Jo kinne fansels begripe dat dy famylje sa’n ding stilhâldt. Dat dan tink ik: hoe witte wy soks?'
'No, sis do it mar. Sis mar watst tinkst,' sei Salmink. De freonlike toan wie fuort. De feart fan 'e auto sakke noch in bytsje. Salmink siet rjocht foar him út te sjen. Iede fernaam dat er oer in drompel stapte.
'Ik tink dat der ien yn dy saak sit dy't geheime dingen oan ús fertelt.'
'Wat bedoelst mei: oan ús? Oan my?'
'Ja, of oan ien dy't it wer oan dy fertelt.'
'En wat dan noch?' sei Salmink. 'As dat al sa wêze soe, ik sis: as, moat ik it dan net heard ha? Wêr wolst einliks hinne? Woest soms besykje om my te sizzen wat ik dwaan en litte moat?'
'Ik woe wol ris witte wa't soks docht, yn sa’n bedriuw. En wêrom as er it docht', sei Iede. Hy helle djip siken.
'Ik woe dat ik wist wa't jimme fan 'e winter al dy dingen oer Welling ferteld hat. Jimme wisten sa goed as alles wat der by ús geande wie. Ek de dingen dêr't Piter Welling en ik allinne fan wisten. Dat tochten wy. Mar der moat dus noch ien west ha. It is my al den tiid slim yn 'e wei bleaun dat soks barre koe.'
'Ast dyn ferstân brûkst dan prakkesearrest dêr fan no oan nea wer oer,' sei Salmink. 'Dat boek is ticht. Baakman hat Welling oernommen. Do bist der sels net minder fan wurden.'
'Likegoed...' begong Iede. Salmink draaide him nei him ta.
'In pear dingen. Ien, ik wol hjir fierder gjin praat oer hearre. Twa, do bist in goede boekhâlder by de firma Baakman. Soargje dat dat sa bliuwt. Trije, dizze auto is ticht. Ik ferjit wat ik fan dy heard ha en do praatst mei gjinien oer wêr't wy it oer hân ha. Ek net mei dyn freondinne. Sa ôfpraat?'
Iede waard fjoerread om 'e holle. As er net ja sei dan wie it oer en foarby mei him.
'Okee,' sei er sunich.
Salmink gong nofliker sitten en joech wat ekstra gas. Oant tichteby Trie waard der neat mear sein. Yn it sicht fan Baakman sei Salmink op syn gewoane, freonlike toan:
'Ik tink dat wy mei ús stúdzje-kommisje noch wol in skoftsje wachtsje kinne. Der komt de earste tiid in protte oar wurk op ús ôf. Mei de tiid kom ik der op werom.'
Hy sette de auto foar it kantoar. De doar wie noch los, der wiene noch minsken oan it wurk. Se rûnen nêst elkoar de trep op. Boppe oan sei Salmink:
'Even sjen oft der noch wat leit, en dan moat ik noch nei Reinwerd. In goeie jûn, Iede. It hat in drege dei west, mar ek in goede dei.'
Dy jûns moasten se noch nei Speint, nei de Wellings. Jikke gong ek mei. Koart te foaren hie Gryt al ris in jûn op 'e bern past. It hie elkenien goed foldien, de bern, Gryt en Tine, de dominys frou, ek. As it Gryt net út kaam dan koe Jikke faaks ynfalle. Sy hie oars net folle ferdivedaasje en woe ek wol ris yn Speint sjen.
Gelf Welling hie Iede frege oft er noch even tiid foar him hie. Iede seach der tsjinoan. Hy siet der mei dat er him skuldich fielde oan de ferfalsking fan de sifers fan Welling, dy't Gelf safolle jild koste hie. Hy doarde it net tsjin him te sizzen salang as er neat dien hie om it te ferbetterjen. Mar dat hong fan Piter Welling ôf, oft er dy goed genôch yn 'e skjirre krije koe. En sa fier wie it noch lang let. Hy wist net iens oft er dat fan syn libben foar elkoar krije soe. Wylst se nei Speint rieden tocht er der oer om Gelf it hiele ferhaal mar te fertellen. Dan hie er it allegearre yn ien wike achter de rêch. Moandeis in wan bruien fan menear Baakman en woansdeimiddeis fan Salmink. Wêrom jûn fuort ek mar net fan Gelf Welling? Dan hie er skjin skip. Of hast skjin. As er Gryt fannacht ris fertelde oer syn ferhâlding mei Harmke. Dan wie er yn ien wike hielendal lyk! Yn it tsjuster fan 'e auto, achter de rêch fan Jikke, lake hy der yn himsels om. It moast mar net, ornearre er.
Se teedronken mei harren fiven en doe gongen Gelf en Iede nei boppen, nei syn studearkeamer, sa't Gelf it neamde.
'Sneon hat Piter my skille,' sei Gelf.
'Dat is fluch.'
'Ja, dat fûn ik ek. Sa gau hie ik it net ferwachte. Ik wie der net iens wis fan oft er wol skilje soe.'
'No, moai,' sei Iede.
'Wolst net witte wat er sei?' frege Gelf.
'It is in saak fan jimme famylje. It past my net om dêr oer te freegjen.'
'Hast gelyk,' joech Gelf ta. 'Myn skuld. Mar ik moat ien ha om der oer te praten. Hiest do myn brief oan Piter noch lêzen? Ik hie him mei sin iepen litten.'
'Nee, ik ha der net yn sjoen. Ik ha him tichtplakt en oan Piter jûn.'
'Do witst hoe't it heart, mar do hiest der wol yn sjen mocht, hear. Goed, ik ha Piter oanbean om alle dingen oant en mei de dei fan hjoed te bedobjen. As der noch wat út it ferline wie dêr't hy oer prate woe, dan woe ik him wol oanhearre, ha ik ek noch skreaun. Hy skille sneontemiddei, sa't ik sei. Hy sei dat der ien ding wie dêr't er nochris oer prate woe. It hong gear mei it ferstjerren fan mem en heit, sei er. Ik sei, goed, wannear? Hy stelde foar tiisdeitejûn, justerjûn, yn in restaurant hjir yn 'e buert. Dêrom wie ik der net, by it skaken.'
'Ik miste dy al.'
'No, dat wie it dus. Wy ha dêr oardel oere sitten. Wat is hy swier wurden, net?'
'Ja. Hy moast wat better om syn sûnens tinke. Hy krijt te min beweging.'
'Ja. Juster iet er ek fierstefolle. Mar dat moat er sels witte.'
Gelf fertelde dat Piter begongen wie mei sûnfreegjen. Hy prate, sei Gelf, oft se de ferrûne tweintich jierren gewoan mei-inoar ferkeard hiene. Piter hie der grif ek ferlet fan dat Gelf en hy fierder yn frede libje soene.
Gelf hie it praat op it ferstjerren fan earst mem en, in healjier letter, fan heit, brocht. Piter hie wol heard dat Gelf noch mei ien fan syn bern by mem yn it sikehûs west hie. Mar it wie net oars, it minske wie weirekke troch kanker, neat oan te dwaan. Piter hie ferteld dat syn heit nei har ferstjerren net mear de âlde west hie. Selsferwyt dat it foar ivich te let wie om goed te meitsjen wat er har tekoart dien hie? Wat oars? Hoe dan ek, de man hie it ferstân der net mear by, sei Piter. Piter wie sawat de ienige dy't al de jierren min ofte mear mei him oerwei kind hie. Piter fielde altyd wol oan wat der yn de man omgong. Yn it lêste healjier wist hy it lykwols ek net mear.
'Piter sei dat heit yn dy tiid wer oer my begong te praten. Achttjin jier lang wie myn namme nea út syn mûle komd. Ik hie ûngelyk hân, sei heit. Ik hie my bemuoid mei dingen dêr't ik my as snotjonge net mei te bemuoien hie. It hie mis west dat hy dêr oan tajûn hie, sei er. It kaam troch my dat mem sa’n fertriet hie. Ik hie it hûs net útrinne mocht. Mar twa dagen letter hold er tsjin Piter in preek dat it fûle stribjen nei jild altyd útrûn op minsklike skieding en oars neat. En dat der by rúzje altyd twa skuld hiene. Hy hie in pear kear tsjin Piter sein dat er mei my wer yn goedens komme woe. Mar dan moast ik al de earste stap dwaan.
'Piter sei dat er oankommen seach dat it mis rinne soe mei heit. De man koe, fan it iene momint op it oare, folslein feroarje. Dan wist er net wat er die. Piter sei: ik bin der wis fan dat hy dy middeis net fan plan wie om der in ein oan te meitsjen. Hy wie ûnderweis nei in klant foar in grutte oarder dêr't er de foargeande wike in hiele protte wurk yn stutsen hie. Neffens Piter hat er, doe't er dy grutte trekker oankommen seach, ynienen it stjoer omgoaid, yn in ympuls. Sûnder tinken. Wat tinkst do, Iede? Soe it kinne?'
'It kin bêst wêze dat Piter gelyk hat,' sei Iede. 'Jim heit wie folslein ûnfoarsisber, it lêste healjier.'
Hy frege him ôf wêrom Gelf sa nijsgjirrich wie hoe't it krekt mei syn heit ôfrûn wie. De man wie dea, tocht Iede, wat makke it noch út, wêrom en hoe. Hy wie wurch. It petear mei Salmink, as dat in petear hjitte mocht, lei him noch swier op 'e mage. Der oer eamelje hoe't dy âlde rotsak fan in Welling omkomd wie, dêr hie er hielendal gjin ferlet fan. Hy seach Gelf oan.
'Ik wit net oft ik noch in protte oer jim heit sizze wol. Ik hie myn eigen reden om him út myn holle te setten en dat ha ik dien.'
'Okee,' sei Gelf. 'Ik snap it.'
Se seagen, krekt as de earste kear dat Iede boppe west hie, nei de Speinter bosken, oer de huzen hinne. Iede betocht dat Gelf eins neat nijs ferteld hie, of frege. It wie fansels prima dat Piter en hy wer op goede foet stiene, mar wat koe him dat skele. Dat koe dochs net it ienige wêze dêr't Gelf him foar komme liet.
'Ik ha Piter frege wêrom hy fan 'e winter besluten hie dat er de saak ferkeapje woe. Dat hat er my útlein. Hy sei dat de ûndernimming yn dizze tiid te lyts wie, te kwetsber. Om út te wreidzjen soe er safolle jild fan de bank brûke moatte, dat er net mear baas yn eigen hûs bliuwe soe. Dêrom wie dit it goede momint om te ferkeapjen. Dan wie er net mear eigen baas, mar hy hie de noed ek net mear.
'En hoe foldocht dat no, as setbaas ûnder Baakman, frege ik him. It wie him net tafallen, sei Piter. Hy hie der gewoan gjin aardichheid mear oan. Hy sei: ik ha noch wol de ferantwurding, mar ik wit net mear wêr foar. Wat Baakman mei de saak wol wit ik net. Miskien wit er it sels net. Mar de minsken yn Reasyl sjogge allegearre nei my. Ik doch de hannel oan no ta sa't ik it de lêste jierren wend wie. Mar it rint net mei, de winst falt ôf, fan 't jier. En dat is te min, seit Baakman. Hy makket der hieltyd mear drokte oer. Dêrom prakkesearret Piter der al in skoftsje oer om der mar mei op te hâlden, yn Reasyl. Hy sei dat hy der mei Baakman oer praat hie om yn Trie in baan oer te nimmen.'
'Ja,' sei Iede. 'Dat hat er my ferline wike ek ferteld. En ik ha hjoed heard dat dat ek oangiet. Hy wurdt haad fan 'e ynkeap fan de firma Baakman. Menear Salmink, dyselde dêr'st do fan 'e maitiid mei praat hast, sil de saak yn Reasyl beheare.'
'Dat wist ik noch net. Dus hy komt dizze kant út. Yn alle gefallen foar syn wurk. Hy woe net ferhúzje, sei er, de frou prakkesearre der net oer.'
'Dat wurdt dan in hiel gereis. Ik ha it in pear moanne dien, dêr ha jo gau jo nocht fan.'
'Piter is net fan plan om it lang te dwaan, sei er. Hy sjocht om wat oars, tichter by Reasyl. Hy sei dat er no al wist dat er it net lang mei Baakman en Salmink úthâlde soe. Hy frege my hoe goed ik harren koe.'
'Wat hast sein?' frege Iede. It ferhaal oer Piter hie er net folle belang by, mar alles oer Baakman en foaral oer Salmink gong him oan.
'Ik sei dat ik Baakman wolris trof yn tsjerklike rûnten, en dat ik ien kear mei Salmink praat hie. En doe sei Piter wat dat ik net ferwachte hie. Hy sei, bliuw se út 'e wei. Se binne beide net te fertrouwen. Ik sei, is it sa slim en hy sei, ja, ast do meimakke hiest wat ik meimakke ha, dan wiest it mei my iens. Leau nea wat se sizze, sei Piter letterlik, gjin ien fan beiden.'
'Ik hie net tocht dat it him sa heech siet,' sei Iede.
'No, nim it mar fan my oan,' sei Gelf. 'Wy ha noch in skoft trochpraat oer oare dingen, mar doe't er fuortgong sei er it noch in kear. Pas op foar harren. Ik ha him noch frege, wêrom giest dan nei Trie? Do kinst it dochs wol in hoart úthâlde sûnder baantsje, do bist dochs frij man? Dêr gong er net op yn. Wat fynst do, Iede, binne Salmink en Baakman sa ûnbetrouber?'
'Gjinien fan beiden hat my tekoart dien,' sei Iede.
'Wêrom seit Piter dat dan? Ha se him soms te pakken nommen?'
'Net dat ik wit. Ferline wike ha ik lang by him sitten mar hy hat nearne oer praat. Fan 'e middei ha ik mei Salmink by him west. Ik ha neat oan harren fernommen. Se diene hiel gewoan tsjin elkoar.'
Iede hie der noch by sizze kind dat er gjin idee hie wêr't Piter op doelde. Mar dat hie net wier west. Hy wie der wis fan dat er it wist. Piter wie benaud dat Baakman of Salmink tsjin Gelf it ferhaal dwaan soene oer de falske winst. Dat soe him in protte jild kostje. Wat ûnnoazel, einliks. Mei sok praat soe er dochs krekt twivel oproppe. Hy krige in domdryste gedachte.
'Hat er dy ek tsjin my warskôge?'
'Ja. Ik woe it net tsjin dy sizze. Begrypst do wêrom er dat seit?'
'Nee,' liigde Iede. Ja dus. It wie sa klear as in klontsje. Mar wat in smoarge streek. Him min meitsje wylst hy krekt de persoan wie dy't him holpen hie by syn bedroch. No pak ik him fuort, tocht er. Ik fertel Gelf it hiele ferhaal. Hy die de hân yn 'e binnebûse om it kontrakt te pakken dat er werom jaan woe.
'Der is noch wat, Iede,' sei Gelf sunich. 'Ik tink dat ik dy oarsom warskôgje moat tsjin Piter. Doe't wy de jas hast al oan hiene sei er noch wat oer dy. It giet my net oan oft it wier is, dat is dyn eigen saak. Mar ik moat it dy meidiele. Piter sei datst do al jierren in ferhâlding hast mei ien fan 'e froulju fan it kantoar yn Reasyl. Neffens him wit gjin oarenien der fan.'
Iede seach it finster út. Hy koe net mear tinke. Heech yn 'e loft knipperen de ljochtsjes fan in fleantúch stadich fan links nei rjochts. Hy folge it oant it weiwaard achter it kezyn. Gelf liet him gewurde. Nei in skoftsje sei er:
'Kinst dy foarstelle hoe't ik nei hûs riden bin? Ik miende dat wy dy jûns in nij begjin makken. Dat Piter en ik as gewoane bruorren mei elkoar omgean koene. Grutte freonen soene wy net wurde, dêr rekkene ik net op. Dêrfoar rinne wy te fier útien. Mar oare famylje ha ik net en mei him soe ik teminsten ien ha om ris mei te oerlizzen. Oer dingen dêr't in frjemdenien neat mei te krijen hat. Myn jild, bygelyks, hoe't jo dat belizze. Ik neam mar wat. En doe, yn 'e lêste fiif minuten sei er dat oer dy. Hy is neat feroare, tocht ik. It is noch deselde leffe fint. Unferskillich oer oaren. Wat belang hie er der by om ien dy't foar my in boadskip dien hie, by my swart te meitsjen? Ien dy't himsels jierren lang goed tsjinne hie. Alles wat wy yn de foargeande oardel oere tsjin elkoar sein hiene, hie neat betsjutten. Op it parkearfjild ha ik him de hân jûn sûnder wat te sizzen. Ik wol Piter nea mear sjen.'
Nei in skoft sei Gelf dat se mar nei ûnderen gean moasten. Yn 'e keamer hearden de beide mannen noch in kertierke nei de froulju. Gryt en Tine praten drok tsjin elkoar. Jikke siet der wat stil by en glimke út en troch nei de mannen.
Doe't Jikke harren nei hûs ried siet Iede wer achter har. Wat er de hinnereis tocht hie: fertel Gryt fuort ek mar even fan Harmke, wie in ein tichterby komd. Hy koe der net mear om laitsje.
Hy sliepte de nachts nei Speint better as er ferwachte hie. No wist er wat it fernaamste wie dat him te dwaan stie. Piter. Ferline wike hie Harmke him oanfjurre om wraak te nimmen omdat Piter him as boekhâlder misbrûkt hie. Dat wie in technyske, fakmjittige flater. It besoarge him in minne namme, mar ek net slimmer as dat. Dêr kaam er wol wer oerhinne. Minsken ferjitte, en hy krige genôch kânsen om sjen te litten dat hy in betroude boekhâlder wie. Hy hie Harmke gelyk jûn en hy miende it ek, mar as it der op oan kaam hie er der gjin haast mei. Wat Gelf him no ferteld hie, dat rekke him fol, as in fûst yn syn gesicht. Syn ferhâlding mei Harmke wie syn grutste besit, it ienige dat syn libben winliken ynhâld joech. Dy't dêr oan kaam, kaam oan syn alderneiste.
Hoe kaam Piter trouwens oan dy wittenskip? Hy moast harren hjir of dêr ris in kear sjoen ha. Of hie Iede himsels miskien ferret? Piter hie him en Harmke in pear kear mei harren beiden nei in kompjûter-kursus yn in fier hotel stjoerd. Miskien hie er it oan de rekkentsjes sjoen. Tsien gûne foar it optsjinjen fan it moarnsiten op de keamer fan de hear en mefrou Hommes hie der bygelyks in kear stien. Piter hie der sûnder in wurd syn hân ûnder set. Mar it joech fansels ek neat wêr't er it wei hie. Hy wist it. It waard him ynienen dúdlik wêr't Salmink syn ynformaasje wei hie. Ek fan Piter. Koene dy twa sa goed mei-inoar dat se al oer soksoarte dingen praten?
Wat belang hat er der by om my dat te fertellen, hie Gelf him ôffrege. Begrypte er dat net? Iede hie der gjin twivel oer. Piter hie in middel om him ûnder de tomme te hâlden. Dat hy him tsjin Gelf stilhâlde soe oer dy ferfalske winst. Mar as it wurkje soe moast Iede dat fansels wol witte. Dêr hie Piter syn broer foar brûkt.
En it is him ek noch slagge, tocht Iede. Dizze kear teminsten. Mar net lang. As it moat fertel ik it sels oan Gryt. Komt der fan wat der komt, mar dan kin Piter my net mear bedriigje. En Theo Salmink ek net! Mei dy gedachte joech er him del.
EIN fan Haadstik 7.
Fierder nei Haadstik 8.
| Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT |