TRIED

Roman

 


Haadstik 8.

Hy stoarte him op syn wurk. Fan Baakman sels hie er opdracht krigen om in plan te meitsjen foar de kompjûter. It wie ien fan dy kânsen om sjen te litten wat er koe. Hy wurke der oerdeis en jûns oan, prate mei in protte minsken. Hy liet Harmke in dei komme om it troch te nimmen. Oardel wike letter hie er de haadsaken op papier. Hy gong der mei nei Salmink. Dy lêsde en priizge it. Doe stjoerde er it nei Baakman. De oare deis moast er komme.
'Ik ha jo plan lêzen. Hat Salmink it sjoen?'
'Ja. Hy sei dat er it in goede basis fûn.'
'Moai. Salmink hat der ferstân fan. Hy hat earder yn de kompjûterwrâld wurke. Ik wol it my sels eigen meitsje. Jo begripe wêrom. Kompjûters kinne in ûnbidigen jild kostje as jo it net hiel goed oanpakke. Ik wol der sels stap foar stap yn meidwaan. Ha jo it no even oan tiid? Goed. Blêdside ien.'
Se wiene mear as in oere dwaande om it hiele plan foar foaren nei achteren en werom troch te wurkjen. Iede seach der fan op hoe krekt Baakman alles witte woe, ek de lytste dingen. It like in eksamen. De útkomst fan it eksamen wie lykwols geunstich. Doe't er klear wie sei Baakman dat er it dúdlik foar eagen hie en dat Iede it sa útfiere moast. Dat hâlde yn dat er de minsken dy't it oangong by elkoar roppe moast en dat Baakman dêr by wêze soe. En dy Harmke Vigon út Reasyl fansels ek.
'Salmink ek?' frege Iede.
'As er it oan tiid hat is er wolkom,' sei Baakman. 'Mar yn dit karwei jouwe jo oan my streekrjocht ferantwurding.'
Hy seach in skoftsje foar him út, doe sei er:
'Fuortoan wol ik sels elke moanne alle sifers mei jo trochprate. Oan no ta dogge jo dat mei Salmink en dy besprekt se dan mei my. Mar Salmink krijt it hieltyd drokker en dêrom sille wy it ienfâldiger dwaan.'
'Ek de sifers fan Knol en Welling?'
'Ja, dy hearre der ek by. Dy hearre der seker by.'
Oan syn eigen tafel tocht er der oer wat Baakman syn bedoeling wie, mei dy sifers. Woe er him koart hâlde, dat Iede net wer in flater meitsje soe lyk as yn Reasyl? Of woe er Salmink better ûnder kontrôle hâlde? Miskien allebeide, tocht er. As ûnderdirekteur koe Salmink yn Reasyl en Reinwerd ommers dwaan en litte wat er woe. De boekhâlding moast der foar soargje, dat Baakman fan alles op 'e hichte bleau. Wat Reasyl oangong wie dat maklik. Dêr soe Harmke op passe. Knol, yn Reinwerd, dat wie syn eigen probleem. Salmink hie him sein dat Iede him der net streekrjocht mei bemuoie moast. Mar as hy Baakman goed begrypt hie, dan bedoelde dy dat wol. Hy moast kieze. Of einliks hie er neat te kiezen. Hy soe dwaan wat Baakman sei. It kaam him wol it bêste út as er net fuortdaliks yn oanfarring rekke mei Salmink. Uteinlik hie dy sein dat er by need Zwik komme litte koe. Sa moast it dus, dêr koe er neat tsjin ynbringe.En Voogd moast der mar oan in bytsje ûnder lije, as it net oars koe.
Oer in pear dagen wie it safier. Moarn gong Voogd wer nei Reinwerd, oaremoarn hie er de sifers. Der kaam Iede wat yn 't sin. Hy tocht even nei, doe gong er oerein en stapte nei de sekretaresse fan Salmink. Ien minút letter wist er wat er witte woe.
Twa dagen letter kaam er moarns mei spanning nei syn wurk. Om njoggen oere skille er Voogd.
'Kinne jo even komme?'
'Ik bin krekt dwaande mei de sifers fan Knol,' sei Voogd. 'Dêr ha ik fan 'e moarn noch wurk oan.'
'Kinne jo dochs even komme? Nim it hiele spul fan Knol mar mei.'
'It leit hjir allegearre útelkoar.'
'Dan pakke jo it mar even by elkoar. Ik wol jo wol even helpe.'
'Nee, nee,' sei Voogd. 'Fiif minuten, dan bin ik by jo.'
'Ik wol graach dat jo daliks komme.'
'Ik kom,' sei Voogd.
Iede gong hurd oerein en rûn nei Voogd syn plak. Doe't er de doar iepen die seach er dat Voogd in telefoannûmer tikke. Hy gong flak foar him stean. Voogd wifele, waard read om 'e holle, sei: momint, en lei de hoarn nêst it tastel.
'Lis him der mar op,' sei Iede.
Voogd krige de hoarn en lei dy op it tastel. Iede wie der wis fan dat er besocht hie om Zwik yn Reinwerd te skiljen. Voogd syn tafel wie noch leech. Hy hie him wat wiismakke, lyk as Iede al tocht hie. Hindere neat.
'Pakke jo it spul? Ik kin ek wat drage.'
Voogd gong nei in kast, die dy fan it slot en krige in tal mappen.
'Alles?'
'Ja,' sei Iede. 'Nim alles fuort mar mei. Dan hoege jo net hieltyd op en del.'
Se sjouden in stik as fiif ordners en in pear mappen nei Iede syn keamer.
'Gean sitten, Voogd. Hiene jo al kofje hân?' In fanke brocht kofje.
'Wat ha jo juster meinommen út Reinwerd? Lit mar ris sjen.'
Voogd krige in mapke dêr't in pear kladsjes yn sieten. De measte wiene yn in hânskrift dat net fan Voogd wie. Grif fan Zwik.
'Is dat alles? Ik tocht altyd dat jo it ferslach yn Reinwerd al sawat klear hiene. Jo dogge it dochs altyd yn Reinwerd, tegearre mei Zwik, net? Hjir kinne jo net folle mei, soe ik sizze.'
'Ik bin al betiid út Reinwerd werom gongen,' sei Voogd. 'Ik wie net al te lekker.'
'No, witte jo wat?' sei Iede. 'Dan litte wy Zwik even komme, dan dogge we it mei ús trijen.'
Hy draaide it nûmer fan Zwik. Voogd siet him mei grutte eagen oan te sjen.
'Goeie, Zwik. Hark ris, ik ha in swierrichheid. Menear Baakman hat my frege om de sifers fan Knol fan 'e middei mei him te bepraten, mar ik ha se noch net. Voogd sit hjir by my. Hy hat juster yn Reinwerd west en wat oantekens makke, mar dy moatte noch útwurke wurde. As jo der even bykomme, dan binne wy noch op tiid klear, want oars rêde wy it net. Dus doch my in deugd en stap yn 'e auto. Ik ferwachtsje jo om kertier oer tsienen.'
'Jo komme my oer it mad. Ik kin hjir hjoed net wei.'
'Dat sil menear Baakman dan spite,' sei Iede. 'Sûnder gekheid, Zwik, ik wol dat jo hjir komme. Kertier oer tsienen, sa't ik sei.'
'Salmink...'
'Theo Salmink sit hjoed en moarn yn Poalen. Dêr kin menear Baakman net op wachtsje.'
'Ja mar,' besocht Zwik it noch in kear. 'Voogd hat dochs alle sifers. Dy ha ik him juster jûn. Hy hat alles wat jo nedich ha.'
'It is my net dúdlik genôch. Ik wol jo help der by ha. En ik wol dat jo alle ûnderlizzende ynformaasje by jo ha.'
'No, as it sa leit. Mar ik ha it sa drok. Kin it fan 'e middei net?'
Zwik soe alles dwaan om Theo Salmink yn dat fiere lân te berikken, en as er in hiele moarntiid krige, slagge it him miskien ek wol. Iede syn geduld wie op.
'Nee. Jo stappe no yn 'e auto en komme nei Trie. As jo hjir oer in oere net binne, dan ha jo in probleem.'
Hy lei de telefoan del en seach nei Voogd. Dy stoarre foar him, by Iede lâns, it finster út. Iede hie in hoart lyn syn buro en tafel sa draaid, dat hy sels mei de rêch nei it ljocht siet. Dan koe er ien tsjin him oer goed yn it gesicht sjen, en syn eigen gesicht bleau yn it skaad, hielendal op in ljochte dei. Sa die Baakman it, en dy koe dêr bêst ris gelyk oan ha, tocht er. Seker as jo ien ta ferantwurding rôpen.
'Sjesa. No ha wy noch in oere de tiid om ris even troch te nimmen hoe't jo de lêste kear it ferslach makke ha. Wat hiene jo doe en wat ha jo der fan makke.'
Hy hold it der op dat as er strak mei Zwik yn 'e slach gong, dat er dan op syn heechst lêst fan Voogd ha soe. It wie dêrom it bêste om dy foar de tiid te sljochtsjen. Dat hy gjin mûle mear iepen doarde te dwaan. It wie fansels wreed dwaan. Mar meilijen mei Voogd hie er al lang net mear. Dy wie him te faak ôffallen. En as der knokt wurde moast om it bestean, dan gongen jo sels foar.
Zwik soe him mooglik achter Theo Salmink ferskûlje. It wie Iede syn doel om Zwik yn te druien dat dy yn alle gefallen rekken mei him hâlde moast. Omdat Iede in streekrjochte bân mei Baakman hie, dy't Theo Salmink net iens opkeare koe. Hy koe net sa fier gean dat er Zwik alhiel losweakke fan Theo Salmink. Mar Zwik moast al witte dat der mear wiene as Theo Salmink allinne.
Hy twong Voogd om út te lizzen hoe't dy de foargeande kear it ferslach oer Knol gearstald hie. Nei tsien minuten sei Voogd neat mear. It kaam der op del dat er it hast allegearre betocht hie. Ut 'e mouwe skodde. Hy hie gjin grûnslaggen sammele omdat er ûnbekwaam west hie doe't er yn Reinwerd wie. Oer de telefoan mei Zwik hie er der noch wat fan makke. Winlik, tocht Iede, soe ik einliks ien of twa dagen nedich ha om alle foargeande ferslaggen út te sykjen, mar dêr wie no gjin tiid mear foar. Zwik kaam der oan. Dêr riede er him op ta. Voogd siet mei de holle foaroer en Iede liet him mar mei rêst. Dy wie stil. Mar Iede stjoerde him net fuort. Voogd koe ris op it idee komme om Theo Salmink te sykjen. It koe gjin kwea as Zwik strak seach dat hy gjin moederaasje hie. Hy sette yn alle hasten in wurkskema op om Zwik oan te pakken.
Zwik wie der om kertier oer tsienen. Hy kaam der yn mei swier en faasje. Hy hat wol lef, tocht Iede. Net sa maklik te sljochtsjen as Voogd. Mar dat wie er hielendal net fan plan. Earder de oare kant. As er it goed die moast Zwik achternei tsjin Salmink sizze kinne dat se in plesierich petear hân hiene. Salmink moast er, foarearst yn alle gefallen, net tefolle tsjin 'e holle stjitte.
Iede kaam oerein en joech Zwik de hân. Zwik soe him deljaan op in stoel oan it haad fan 'e tafel.
'Jo dêr mar.' Iede wiisde him in plak nêst Voogd oan, dêr't de sinne him yn it gesicht skynde.
'It spyt my dat ik jo út it wurk helje moast, mar jo sille begripe dat it net oars koe. It ferslach sa't Voogd it oan it meitsjen wie foldocht net oan de easken dy't menear Baakman stelt. It foldocht my sels ek net. Dêrom, en omdat der haast mei is, like it my de koartste klap dat jo en ik it foar de tiid goed trochnimme.'
'Ja wis,' sei Zwik. 'Seker. Mar it is net sa’n probleem, hear. Ik kin it jo allegearre foarrekkenje.'
'Dat tocht ik wol. Ik ha hjir it foargeande ferslach fan Voogd. Ha jo dat ek? Nee? Krije jo dat net?'
'Soms wol, soms net. De lêste kear net. Ik ha dêr ek net sa’n ferlet fan. Voogd en Salmink meitsje it offisjele ferslach. Dat falt bûten myn ferantwurding.'
'Is der dan noch in ferslach?' frege Iede.
'Hoe bedoele jo, noch in ferslach?'
'Jo seine: it offisjele ferslach. Is der dan ek in ûnoffisjeel ferslach?'
'Och, in kwestje fan wurden,' sei Zwik. 'Ik bedoel, sa lang as it net úttikke is, is it net offisjeel, no?'
Hy gniisde nei Iede. Wat bist in bretale hûn, tocht dy. Wachtsje mar, jonkje.
'Dit lêste ferslach fan Voogd. Hjirre, sjoch. Kloppet it?'
'As it offisjeel is, dan sil it wol klopje.'
'Kloppet it mei jo boekhâlding?' frege Iede.
'Dat tink ik wol. Mar dat moatte jo oan Voogd freegje, dy hat it makke.'
'Ik freegje it jo,' sei Iede.
'Dat soe ik neisjen moatte.'
'Begjin der mar mei.'
'Ik wit net oft ik alles wol by my ha.'
'Dat is dan net sa bêst,' sei Iede. No hie er Zwik by it nekfel. 'Ik ha jo sein dat jo alle ûnderlizzende ynformaasje meinimme moasten. Okee, lit mar sjen wat jo ha. Pak jo tas mar út.'
Zwik seach him mei iepen mûle oan. Hy seach ek temûk nei Voogd, nêst him. Mar hy hie fansels yn 'e rekken dan er fan dy gjin help ferwachtsje hoegde. Wat soe der yn him omgean? tocht Iede. Soe er belies jaan of de kop derfoar hâlde? Betrouwe op Salmink, dy't fier fuort, earne yn in ûnberikber eastlik lân siet? Of begripe dat er rekkenje moast mei dizze boekhâlder dy't Baakman, de grutte baas, achter him hie.
Zwik lei syn tas op 'e tafel en helle de ynhâld foar it ljocht. Iede lei him de sifers fan it lêste ferslach fan Voogd ien foar ien foar. Fierwei it measte koe Zwik goed ferklearje mei syn eigen papieren. Wat der oerbleau wiene lytse ferskillen, te lyts om drokte om te meitsjen. Einliks wie Iede teloarsteld. Hy hie der op rekkene dat er Zwik hjir en dêr fêst sette soe, mar hy krige de kâns net. Soms hie Zwik in ferklearring dêr't Iede oan twivele, mar Zwik kaam der hieltyd wer út. Wat bist do slûchslim, tocht er. Ik betrou dy net, mar ik krij dy net yn 'e skjirre.Wat kin ik dwaan? Lilk wurde, noch mear ûnder druk sette? Dat helpt net, dêr sjocht dizze man trochhinne. Geandewei krige Iede sels in bytsje respekt foar Zwik, alteast foar dy syn handichheid. Hy begrypte dat er mear tiid, en in protte geduld nedich ha soe om him yn in hoeke te krijen. Yn alle gefallen naam er him foar om fuortoan elke moanne sels mei Zwik te praten. Der siet wat yn fan jinsels te mjitten mei in skerpe geast. Al wie it grif mei in dogeneat, mei alle noed dêr fan. Hy fernaam dat Zwik pratendewei wer wisser waard, de bretalens striele him wer út 'e eagen. Deselde gemiensumens dy't er toand hie tsjin Salmink oer, dy hie er no ek tsjin Iede. Dy hie dêr gjin argewaasje fan. Wat Zwik winlik tocht, koe er net witte. Mar as Iede berikke woe, dat Zwik net mei al te folle tsjinsin nei hûs gong, dan wie dat miskien wol slagge.
Zwik wie it soarte persoan dy't altyd de foarstap nimt. Doe't se om healwei ienen klear wiene sei er:
'Wolle jo wol leauwe, dat it my goed foldien hat, dizze besprekking? Ik fyn dat jo en ik dit fuortoan elke moanne mar sa dwaan moatte. Dy sûplap fan in Voogd sjitte jo neat mei op, en ik ek net.'
It wie mar gelokkich dat Voogd der net mear by wie. Iede hie him om alve oere hinne fuortstjoerd.
'Dat is bêst,' sei Iede. Soe er fuort ek noch sizze dat er dan nei Reinwerd komme soe? Dêr moast it fansels al op útdraaie. Hy wie no wol in ein wizer wurden, mar ynsjoch yn alle stikken hie er noch net krigen. It wie noch te gau, tocht er. Nim mar oan dat Zwik alles oan Salmink oerbringt, en dy wol it net lije. Wie it net folle better om Zwik hjir de foarstap te litten? Hy lake yn himsels. Stel jo foar, dat hy fet op de firma Knol krije soe, tsjin it sin fan Salmink yn, troch de help fan dy syn eigen fertrouling. It wie de muoite wurdich om dat ris even tiid te jaan.
Hy betanke Zwik foar dy syn help. Hy brocht him nei de bûtendoar en winske him in goede reis nei Reinwerd. De man in miel iten oanbiede wie krekt wat te fier gongen, tocht er.

De earste gearkomste fan de kompjûterklup, sa't it neamd waard, wie in wike letter. Neitiid brocht er Harmke nei it stasjon dêr't se it maklikst wei nei Reasyl weromreizgje koe. Hy hie har oer de telefoan al ferteld wat der him de lêste wiken oerkomd wie, en dat eiden se nochris oer. Harmke like der net sa swier oan te tillen dat Piter Welling en Theo Salmink fan harren ferhâlding wisten. Dat lei foar de hân. It wie winlik allinne Iede syn probleem. In saaklike relaasje hiene se, dat seine se altyd tsjin elkoar. As dat wat betsjutte, dan teminsten dat elk fan har beiden sels rêde moast mei de swierrichheden dy't se troch harren relaasje krigen.
Se wiene oan 'e kant fan 'e wei stoppe, se hiene it noch oan tiid. Iede kaam noch even werom op it petear mei Zwik. Harmke sei:
'Zwik skille my juster op, op 'e ein fan 'e middei.'
Hy waard kjel.
'Hat dy soms ek al fan ús beiden heard?'
'Nee, dêr hat er hielendal net oer praat. Hy skille mei in fraach oer in âlde rekkening fan in levering oan ús, al in jier lyn. Ik ha it opsocht en wy ha it probleemke even oplost. Hy wie wakker freonlik. Hy frege hoe't it mei ús gong en sa en doe sei er, do en ik binne kollega's binnen it Baakmanske wrâldkonsern. Sa sei er it. It leit yn 'e reden, sei er, dat do en ik mei de tiid deselde fragen foar de kiezzen krije. Soene wy net ris in kear mei elkoar prate moatte?'
'Wat hast sein?' frege Iede..
'Ik ha sein dat ik dat hielendal net sa’n gek idee fûn.'
'Hast al in ôfspraak?'
'Nee, noch net. Hy sei dat er earst even sjen moast hoe't it yn de skema's paste. Hy sei ek dat er nei It Hearrenfean kaam. It wie earne foar nedich dat ien ús seach.'
'Sei er dat? Wa soe er dêr mei bedoele? My soms?'
'Ik tink dat er Salmink bedoelt,' sei se. 'Dy sjocht er net stean, ju.'
'Betanke.'
'Grapke.' Se knypte him yn 'e hân. 'Hy soe moarn wer skilje. Wat fynst do der fan?'
'Ik bin teminsten sa nijsgjirrich as do,' sei er. 'Pas op, it is in hiele betûfte jonge. Hy hat grif in bedoeling.'
'Bist bang dat ik net op mysels passe kin?'
'Toe no, wês no even serieus. Ik bin net bang dat hy dy bite sil. Ik bedoel datst him goed yn 'e rekken hâlde moatst. Miskien lit er wat los oer Salmink. Dy is al twa jier syn direkte sjef. Zwik is in knaap dy't net folle ûntkomt.'
'Do ferjitst noch wat, jonge,' sei Harmke.
'Wat dan?'
'Dat ik troch dy al in hiele protte fan Salmink wit. Ik kin fan Zwik miskien in pear dingen gewaar wurde oer Salmink sûnder dat hy der erch yn hat.'
'As der ien is, dy't dat kin, dan bist do dat.'
Se rieden fierder, nei it stasjon, en hy brocht har nei de trein. Doe't er werom gong nei Trie naam er har swietrook mei. In wike as wat lyn hie er hast leaud dat har byld yn him oan it sliten wie. Wat in healwizens! Nea hie er sa sterk field dat hy net sûnder har koe. Syn libben hie gjin oar doel.

Iede syn froulju hiene beide nocht oan it húswarjen yn it dominyshûs yn Speint. Fan Gryt hie Iede dat ferwachte. Sy hie noch net folle oanhâld yn Trie en se wie bliid dat se no en dan mei ien prate koe. Op ien of oare manier mocht se wol oer de dochs wat soere frou fan Gelf. As se oppast hie en de dominy en Tine letter op 'e jûn wer thús kamen gong hy meast al gaueftich nei boppen. Gryt bleau dan faak noch in oere of sa by har sitten. Wêr't se it oer hiene fertelde se net folle oer. Ut wat se al sei, begrypte Iede dat Tine en Gelf elkoar net bêst ferstiene. Neffens Gryt wie dat Gelf syn skuld. Hy hie fierstefolle omtinken foar oaren en te min foar syn húshâlding, sei Tine. Miskien wie it wier, tocht Iede. Hy naam oan dat in dominy him yn it foarste plak beskikber hâlde moast foar syn gemeente. De húshâlding soe dêr miskien wol ris ûnder lije. Mar dat hie dy frou ek betinke kind, foar't se mei him troude, sei Iede by himsels. En wat Gryt der mear oer sei gong him it iene ear yn en it oare út. Hoe't dy Gelf syn libben ynrjochtsje woe gong him net oan. Net mear as it omfallen fan in fyts yn Peking, sa't er it ien ris sizzen heard hie.
Hy wie der bliid om dat Jikke ek hjit op it húswarjen. Hy hie nea fernommen dat sy in protte niget hie oan lytse bern. No tsierden sy en Gryt der hast om. Lyk as doe't se noch yn Reasyl wennen, wist er net wat Jikke yn har eigen tiid die. Se prate der net oer en hy woe der net nei freegje. Se sei allinne dat it har yn de blommewinkel better foldie as earder op It Feen. Iede tocht dat se har tige iensum fielde, net oars as yn Reasyl. Sels hie er ek net folle kontakten mei oaren, bûten it wurk en de skaakklup. Mar hy hie dêr gjin ferlet fan. Prate om it praat, dêr't it by in protte minsken op útrûn joech er net om, en hy hie genôch dingen dêr't er oer mimerje koe. Allinne Harmke al. Foar him wie it net dreech om op himsels te wêzen. Wat âlder hy waard, wat better hy der oer mocht.
Wie dat ek sa mei Jikke? Hy hie wolris besocht om it har te freegjen, mar hy wist net goed, hoe. En sy wie der net op yngongen. Miskien fielde se, tocht Iede, dat hy har dêr net by helpe koe. Hy hie der soarch oer. In fanke fan goed tweintich, tocht er, kin noch net leard ha wat ik op myn fiifenfjirtichste wit. Dat de keunst om iensumens te genietsjen jin frijmakket. Om dat te begripen ha jo tiid fan libjen nedich. Op har jierren paste dat noch net. Sy moast it allegearre sels noch ûnderfine. Dy sân moanne húshâlden mei har freon, hie dat al lang genôch west? Hy woe net leauwe, dat Jikke har, op har trijeentweintichste, al deljoech. Dat se alle niget oan minsken no al kwyt wie.
It is in goed teken dat se graach yn Speint oppasse wol, tocht er. Hy hearde har der lykwols nea oer, hoe't it gongen wie. Gryt ferhelle oer alles wat der sa’n jûn bard wie. Jikke sei allinne mar dat der neat bûtengewoans west hie.
Op in freedtejûn brocht er Jikke nei Speint omdat de Peugeot stikken wie. Hy sette har by de foardoar ôf. Hy hie der gjin sinne oan om yn 'e hûs. Tsjin Gelf oer fielde hy him hieltyd wat skuldich. Ien kear soe er him fertelle moatte oer it jild dat syn broer Piter him ôfgnobbe hie, mei Iede syn help. Dêr wie de tiid no noch net ryp foar. Earst moast er Piter skeare. Pas as dat bard wie, tocht er, wie syn gewisse skjin genôch om Gelf rjocht yn 'e eagen te sjen. Hy hie mei Jikke ôfpraat dat er har om healwei alven wer ophelje soe. Dan soe er Gelf trouwens dochs noch wol treffe.
Om kertier oer tsienen, doe't er hast oerein soe om wer nei Speint te riden skille Gelf dat hy Jikke sels wol even nei hûs bringe soe. Iede sei, moai, prima, want hy wie wurch en slûch en bleau like leaf thús. In healoerke letter wiene se der. Gelf kaam der yn om te dachsizzen. Jikke makke kofje en mei harren fjouweren praten se noch in skoftsje. Doe't Gelf fuort wie gong Gryt op bêd. Jikke hie gjin haast.
'Wie it gesellich, jûn?' frege Iede.
'Ja, hear,' sei se. 'Hy hie in aardich boekje lizze litten. Ik ha de televyzje net iens oan hân.'
'In bibel?'
'Nee,' lake se. 'Net de bibel. Koarte ferhalen. Der kaam gjin God of tsjerke yn foar.'
'In dominy is ek mar in minske, fansels,' sei Iede. 'Hy moat op 'e hichte bliuwe fan wat der yn 'e gewoane wrâld omgiet.'
'Ja. As ik it net wist soe ik nea tinke dat hy dominy wie. Underweis ha wy oer fan alles praat. In is in hiel aardige man. Hoe goed kinst do him einliks?' frege se.
'Net sa bûtengewoan. Piter koe ik better, fansels. Mar do hast gelyk, it is in aardige fint.'
'Hy is ryk, net?'
'Ja. Hy hat in moai soad urven fan syn heit.'
'Wêrom is er dan noch dominy?' frege se.
'Dat moatst him sels freegje, ast dat witte wolst.'
'Dat doar ik net.'
'No ja, dêr hast do fansels ek neat mei te meitsjen,' sei Iede. 'Ik ek net, hear. Mar ik tink dat hy gewoan nocht oan syn fak hat.'
'Miskien gean ik sneintemoarn nei syn tsjerke,' sei se. 'Soe er dat goed fine?'
'Do nei de preek? Witst do wol hoe't it yn sa’n tsjerketsjinst om en ta giet?'
'Nee. Witst do it?'
'It is al in moai skoft lyn dat ik gewoan yn in tsjerke west ha, op sneintemoarn, bedoel ik. Ik wit net iens oft it noch itselde giet as doe.'
'Wolst net mei, mei my? Ien kear?'
'Ik? Ik ha der gjin ferlet fan. Ik bin bang dat it my neat seit.'
'Mar it hindert dochs neat?' frege se.
'No nee, dat net. Mar wat hast do dêr foar belang by? Ik bedoel, ik ha noch nea fernommen dat it dy wat skele koe.'
'Miskien sit der dochs wat yn, yn dat geloof. Der binne in protte minsken dy't oan God leauwe. Ik wol dêr wol ris wat fan witte.'
'Om my meist do bêst nei tsjerke gean,' sei er. 'Mar der binne ek tsjerken yn Trie, dochs?'
'Ja, mar dat âlde tsjerkje yn Speint sjocht der sa, eh, sa freonlik út. Ik woe dêr graach ris yn sjen en meimeitsje hoe't it dêr giet. Toe, litte we der ris mei ús beiden hinne gean, no sneintemoarn. Ien kear. Gelf fynt it grif moai as wy der ek ris binne.'
''Witst dat seker?' frege hy. 'Soe er net hiel ferkearde ideeÎn krije kinne, oer ús?'
'Hoe bedoelst dat? Wat is der ferkeard oan, as do en ik in kear by him yn 'e tsjerke sitte?'
Hy tocht in skoftsje nei. It wie sa klear as wat dat se har sin der op set hie om him mei te krijen nei Speint, kommende sneintemoarn. Hy wist dat er dit petear oan it ferliezen wie, lyk as meastentiids, as froulju dêr werklik har bêst op diene. Mar dit wie Jikke, dêr't hy dochs al sa’n muoite mei hie om in bân mei te hâlden. As hy har skikke koe, wêrom net? Se joech him net faak de kâns om wat aardichs foar har te dwaan.
Lykwols fûn er dat er op har lêste fraach in antwurd jaan moast.
'Ik tink dat Gelf twa ferskillende libbens hat. Ik bin part fan ien fan syn libbens. Dat is syn ôfkomst út it laach fan Welling, syn famylje, syn heit, syn broer Piter. Syn jild. Ik ha dêr in rol yn spile en sa sjocht hy my. Oars net. Syn twadde libben is dat fan dominy. Ik tink dat hy dat abslút net ferbine wol mei syn ôfkomst. Hy hat my al ris ferteld dat hy dominy wurden is omdat hy de ûnearlikens lyk as dy fan syn heit en syn broer net ferneare koe. Hy sjocht my as part fan dy harren wrâld. Ik meitsje mysels neat wiis. As ik no mei dy ynienen yn syn tsjerkje ferskyn, wat tinkst wat hy dan tinkt?'
'Dan tinkt er, dat is ús húswarster,' sei Jikke.
Iede wist dat er ferslein wie. Wat skeaten jo op mei betûft redenearjen as jo mei inkelde wurden nêst de rails set waarden?
'Ien ding. Ik skilje Gelf moarnier om te sizzen dat we sneintemoarn komme. Oars wol ik net.'
Se helle de skouders op.
'Mij bêst.'
'As mem ek mei wol?'
'Mij bêst.'
Hy gong op bêd, nidich op Jikke en himsels. Op Jikke omdat se, sa gau as er har har sin jûn hie, fuort wer ôfstân naam. En op himsels omdat hy wer gjin fet op har krigen hie. Gryt sliepte as in barchje. Hoe't er har freegje moast om mei nei de preek yn Speint te gean en wat se dêr dan allegearre tsjin ynlizze soe, dêr besocht er mar net oan te tinken.

Gryt woe sneintemoarn net mei nei Speint. Se hie fan hûs út in hekel oan alles wat tsjerke wie. Se woe al graach witte wêrom Iede en Jikke ynienen nei tsjerke woene. Iede gong der net op yn. Jikke moast it mar útlizze, tocht er. It wie har idee. Mar, lyk as altyd, krige Gryt fan Jikke gjin antwurd. Se helle de skouders op en liet har mem fiskje. Iede tocht dat se ek net mei woe omdat se de dominy net bot lije mocht. Gelf hie gjin beswier makke. Hy hie in moaie preek makke, hie er sein. Hy moast witte dat Iede en Jikke gjin tsjerkeminsken wiene, mar hy frege net nei hoe en wêrom.
Se gongen op ien fan de achterste banken sitten. De tsjerke wie in moai ein hinne fol. Der wiene in stik as tachtich minsken binnendoar. Tine wie der net. Boppe kreake en pipe in âld oargel. By de doar hie Iede in pear lietboeken meinommen, dêr't ek in oarder fan tsjinst yn lei. Dat foel ta, sa wisten se teminsten wannear se stean gean moasten. It begong krekt op tiid. Gelf kaam der yn, yn in griene toga. Hy late de tsjinst en hold in preek fan fiifentweintich minuten. Doe waard der tanke en kollektearre en de segen útsprutsen. Om alve oere wie it ôfrûn. Iede hie der niget oan. Safier as hy besjen koe die Gelf it hiel goed. Hy wie earnstich mar net ûnnoflik, en natuerlik. Hy galme syn preek net mar spruts rêstich en wis, sels mei in lyts grapke oan it begjin. In fakman, tocht Iede, dat is er. Dêr hie hy altyd respekt foar. Hy hie syn bêst dien om de preek te folgjen mar nei tsien minuten koe er syn gedachten der net mear byhâlde. Hy seach foarsichtich wat om him hinne. Syn each foel op Jikke. Se siet deastil, yn de grutste earnst, nei Gelf te sjen en te harkjen. It like oft se alles wat hy sei yn har opnaam en ferwurke. Dat kin net, tocht Iede. Hy wie der wis fan dat sy fan de útlis fan de bibeltekst noch minder snapte as himsels. Foar it earst krige er it idee dat sy mear yn Gelf seach as allinne in dominy. Hy gong nei wat se sa foar en nei oer Gelf sein en frege hie. Hy tocht oan harren petear fan freedtejûn en der waard him in hiele protte klear. Se wie fereale op dy man, dat koe net misse.
Dêr wie er net bliid om. Se koe it fansels net helpe dat se op in man foel, mar it wie al te hoopjen dat se gau foar de geast krige dat dit neat wurde koe. Stel jo foar, in dominy dy't syn fak mei tagedienens útoefene, dy't útsjoch hie op in berop nei in nije gemeente dêr't er grif folle mear minsken hoedzje soe. Saân man koe dochs allinne oerein bliuwe as er him by frou en húshâlding hold en fier bleau fan elk aventoer. Wat moast er hjir no wer mei? Jikke hie de jierren, se koe gean en stean wêr't se woe. Iede koe har net keare. As se nei Speint woe brûkte se de Peugeot, dat koe er har net mear ferbiede. Moat ik Gelf warskôgje? Wat in ûnsin. In heit dy't tsjin ien mei genôch ferstân sei dat er oppasse moast foar syn dochter, dat wie healwiis. En wat soe Gryt net sizze. Altyd al fol mei krityk op Jikke, en no soe dat fanke har ek noch te skande meitsje by de dominysfrou.
Ik moat mei har prate, tocht er. Wa oars? Mar wat moat ik sizze? Ik ha noch nea mei har prate kind, ik ha nea fet op har hân. Se hat, fan har tolfde ôf, allinne nei my heard as ik har gelyk joech, as ik har sin die. Dat wurdt neat, as ik besykje om it har út 'e holle te praten. Se begjint te stymjen en se seit neat werom. Se docht oft se my hielendal net heart.
Der ûntkaam him in djippe sucht. Jikke seach even fansiden en glimke him ta. As it ris net wier wie, tocht er. Gewoan net wier, ik ha my samar wat yn 'e holle helle. Ik sjoch spoek. Wêrom soe my soks oerkomme? Hy hearde dat Gelf syn preek ôfrûne. Der waard in liet songen en Gelf gong foar yn gebed. It stoarme Iede yn 'e holle en hy wie der mar heal by. Ynienen sei Gelf dat der gelegenheid wie ta stil gebed. Yn de minút dat allinne noch de hurde wyn om it tsjerkje hinne te hearren wie tocht er djip, hiel djip: lit it net wier wêze. Doe't de dominy fierder gong kaam it oer him dat er foar it earst yn syn libben bidden hie.
Nei de tsjinst stie Gelf by de doar. De minsken joegen him de hân. Guon praten even. Iede en Jikke wachten oant de measten fuort wiene en stapten doe ek op. Hy liet Jikke foarop gean. Se fûstke mei Gelf en se sei wat, dat Iede net ferstean koe. Gelf lake hertlik en kloppe har op it skouder. Hy sei wat tsjin har dat Iede net goed hearde en se skodde blier de holle dat har moaie hier opwaaide. Unnoazele dominy, tocht er, snapst net hoe'st yn gefaar bist. In tel tocht er, ik sis it him. Mar doe't Jikke trochrûn en hy Gelf de hân joech sei er allinne mar dat hy der niget oan hân hie om in fakman oan it wurk te sjen.
'Ik hie net ferwachte, dat ik dy op nije gedachten bringe soe, yn ien moarntiid,' sei Gelf.
Do moast ris witte, tocht Iede, wat ik allegearre betocht ha, yn dit moarnsskoft. Mar hy hie de macht net mear om in gaadlik antwurd te betinken.
'Ik bin bliid dat ik hjir fan 'e moarn west ha. Tige betanke. Doch myn groetnis oan de frou.'
'Doch ik. Goeie snein.'
Yn 'e auto seine se hast neat mear. Jikke line noflik achteroer nêst him en like fier foar har út te sjen. Hy ried stadiger as gewoanwei, en bruts him de holle om wat sizze te kinnen. Der kaam him neat yn it sin. Lit it net wier wêze, tocht er. Wêrom soe it wier wêze? Pas by it earste stopljocht fan Trie krige er de rêdende gedachte. Wat kin it my skele, as it al sa is. As Jikke har yn in leafde sûnder útsicht stoart. En as dy dominy de slach ferliest en foar de sjarme fan in prachtige, slûchslimme frou beswykt. Wat giet dat my oan? Se binne allegearre folwoeksen, en as se net sa wiis binne as harren jierren, dan moatte se har dêr mei mar rêde. Ik ha gjin ferlet fan in oar syn lijen. Ik ha genôch oan myn eigen soargen. Piter Welling, Theo Salmink. Dat sit it kwea dêr't ik mei rêde moat.
En Harmke. De goede kant fan syn soargen. Wat makket it allegearre út, yn ferliking mei Harmke, tocht er.

 
EIN fan Haadstik 8.

Fierder nei Haadstik 9.

 
 
 
Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT