TRIED

Roman

 


Haadstik 9.

In wike letter achter op tiisdeitemiddei, kaam Piter Welling der yn.
'Goeie, Iede.'
'Goeie, Piter. Ik wist net datst do op 'e saak wiest.'
'Ik wie it fjild yn, hjir yn 'e buert en ik hie tocht dat Steen der noch wêze soe. Mar hy is fuort, sei it fanke en se wist net oft er noch werom kaam.'
'Ik prate fan 'e moarn even mei him, doe hie er it der al oer dat er fuort moast. Sil ik noch even om kofje sjen?'
'Jonge, ja,' sei Piter. Hy joech him noflik del. Iede skille nei de boekhâlding oft ien fan harren noch wat regelje koe.
'Foldocht it dy noch wat?' frege Piter.
'Ja hear. Ik ha it leau 'k troffen.'
Se seagen elkoar oan. Iede tocht, moat ik Piter no freegje oft it him ek sa goed foldocht, of begjint er der sels oer. Piter glimke.
'Och, wat witte jo der fan,' sei er. 'Miskien sis ik dat oer in jier ek. Of net, fansels.'
'Dan bist fuort, tink.'
Piter knikte.
'Salmink, dat is dyn baas, net?' sei er. 'Kinst it mei him rêde?'
'Hoe woest sizze, oft ik mei him oerwei kin?' frege Iede. 'Jawol hear. It is in reedlik man dêr't ik goed mei prate kin. Hy begrypt hiel wat fan boekhâlden.'
'Hy is noch altyd direkteur fan Knol, yn Reinwerd, net?'
'Ja.'
'Witst do wat er dêr docht?' frege Piter.
O wee, tocht Iede. Wer ien dy't it oer Salmink ha wol, dy't fisket wat ik fan dy man fyn. En ek noch ien dy't ik net iens fertrouwe kin.
'No ja, hy is dêr direkteur,' antwurde er. 'Do witst sels folle better as my wat dat ynhâldt.'
'Dat bedoel ik net,' sei Piter. 'Ik bedoel, hoe docht er it dêr yn Reinwerd? Do witst dat se dêre dy spesjale hannel yn tried ha. Hoe giet it dêr einliks mei?'
'Ik tocht fan goed. Neffens wat ik der fan sjoch kin it wol út.'
Piter sakke wat ûnderút.Hy seach ôfwêzich nei it kofjekopke dat er krekt leech dronken hie. Dy't him net koe soe tinke dat it him allegearre net folle skele koe. Iede koe him wol. Hy wist dat as Piter sa die, dat hy sels dan op syn iepenst wêze moast.
'No, dat is dan mar moai,' sei Piter. 'Ast do de finger goed oan de pols hâldst, kin der net folle mis gean. Dat is dy wol tabetroud.'
Mear sei er net. Mei it kin op it boarst stoarre er foar him út. Iede wist dat er siet te wachtsjen op in reaksje. Piter wist fansels al, dat Iede hielendal gjin ynsjoch by Knol hie. It hie mei Salmink te meitsjen, mar it wie miskien ek in soarte fan warskôging.
'It hat myn oandacht,' sei Iede. In deadwaner, krekt genôch om blike te litten dat er Piter heard hie. Dy knikte ien kear. Hy makke gjin risselwaasje om fuort en se praten wat oer de saken yn Reasyl. Salmink hie it fjirtjin dagen lyn yn hannen naam. De minsken hiene gjin betrouwen yn him, sei Piter. Dat koe fansels net oars. Elk dy't út Trie kaam waard mei skeane eagen oansjoen. Salmink hie tsjin it personiel sein dat net ien soargen hoegde te hawwen.
'Wat tinkst do, Piter?' frege Iede. 'Soe er it miene?'
'Och, wêrom net? Hy hat der dochs gjin ferlet fan om de boel op te heffen? Ik tink dat hy de saak leaver útwreidzje wol as ynkrimpe.'
'Mar hy moat dochs soargje foar mear winst?'
'Ik tink dat hy de nije produkten dêr't noch jild by moat, der daliks út goait. Op de âlde produkten kin er noch in pear jier winst meitsje. Underwilens sjocht er om nei nije hannel dy't fuort winst opleveret.'
'Mar dat moat Baakman dan goed fine,' sei Iede.
Piter syn eagen waarden noch lytser en hy sakke fierder út.
'Neffens my lit Baakman him syn eigen gong gean,' mompele er. 'Theo Salmink docht wat er wol. Hjir yn Trie moat er noch in bytsje rekken mei Baakman hâlde. By Knol en yn Reasyl hielendal net. Dêrom hat er der belang by dat Reasyl, lyk as Knol, folslein selsstannich bliuwt.'
'De boekhâlding ek?' frege Iede.
'Krekt de boekhâlding, Iede. Tink der mar ris om. Oer in jier witst do neat mear fan wat der yn Reasyl omgiet.'
'Harmke Vigon is der ek noch.'
'Net lang mear.'
Hy swijde. Iede seach it finster út. Wat Piter no sein hie, hie hy sels ek al ris tocht. Salmink koe begripe dat Iede alles hearre soe wat der yn Reasyl barde, salang as Harmke dêr siet. As hy woe dat Iede gjin ynfloed oerhold, dan soe er Harmke der tuskenút helje moatte. En der is altyd in stok om in hûn te slaan, al soe it him by Harmke net tafalle.
Wêrom warskôget Piter my, tocht er. Harmke hat hy gjin belang by, en by my ek net. Hy seit it net by ûngelok. As der ien is dy't syn mûle ticht hâlde kin, dan is it Piter. Siket er stipe om't er bang is, dat Salmink him dochs oan Gelf ferriede sil, dat er dy bestellen hat?
'Dat kin him wol ris raar ôffalle,' sei Iede. 'Harmke lit har der sa mar net útsmite.'
Piter helle de skouders op.
'Do kinst har it bêste. Hast miskien gelyk. Ast har sjochst, sis dan dat se yn alle gefallen oppasse moat foar dy jonge út Reinwerd, dy Zwik.'
'Kinst do dy, dy Zwik?' frege Iede.
'Ik ha him wol ris troffen, hjir en dêr. It is Salmink syn man, tink dêr goed om.'
Iede liet yn him omgean oft er Piter plan-út freegje soe wêrom dy oan Gelf ferteld hie oer syn ferhâlding mei Harmke. Hy woe einliks ek graach witte hoe't Piter dêr achter komd wie. Mar hy moast der op rekkenje dat dy nidich waard omdat Gelf him ferklikt hie. Dat koe Iede fierder neat skele, mar hy soe grif ek tichtslaan oer Salmink, en dat moast net. Piter soe miskien noch mear oer Salmink loslitte. It koe bêst wêze dat er oer in pear dagen wer ris kaam. Hy hie op 't lêst yn Trie oars ek gjin oanhâld. Noch even wachtsje, Iede, sei er tsjin himsels. Ik moat dy noch brûke. Wat yn it fet sit, dat fersuorret net.
Piter kaam stinnend oerein. Bûtendoar wie it al tsjuster.
'Ik bring de auto nei Reasyl,' sei er.
Hy wie der noch mar krekt út doe't Iede it nûmer fan Harmke yn Reasyl al draaide.
'Hast al mei Zwik praat?'
'Ja,' sei se. 'Juster.'
'Wat hat er sein?'
'Is der wat?'
Hy betocht dat er miskien better in bytsje foarsichtich wêze koe. De telefoan wie dochs net sa geskikt om fertroulik te praten.
'Nee, einliks net. Ik tocht allinne, ast him noch net hân hiest datst dan even in boadskip oerbringe koest. Mar it kin oant tongersdei wachtsje, dan komst hjir dochs, yn Trie, foar de kompjûterklup.'
Se snapte it.
'Ik fertel it dy tongersdei wol, ast my fan it stasjon hellest. It wie tige boeiend, hear. It is in smoute prater.'
'Do makkest my al nijsgjirrich.'
'Tongersdei, dan fertel ik it dy. Ik moat fuort, Iede.'
Hy hearde dat se in tút op de hoarn joech.

Se stapten yn 'e auto en hy ried rêstich de stêd út. Se wie in oere earder komd en se fûnen in herberch om wat te iten en te praten. Iede sei dat hy har tiisdeitemiddei in bytsje yn panyk skille hie omdat Piter Welling mei safolle klam foar Zwik warskôge hie. Harmke lake.
'Tinkt er dat ik net op mysels passe kin?'
'Ik tink dat er bedoelde dat Zwik dy fan dyn stoel skowe wol. Yn opdracht fan Salmink.'
'Ja, miskien wie er dat fan plan,' sei se. 'Mar miskien no net mear.'
'Fertel it ris.'
Zwik hie der al west doe't se it restaurant ynkaam. Hy siet yn 'e hal op har te wachtsjen mei in prachtich bosk blommen. Hy droech in flot eigentiidsk pak klean en hy rûkte ek noch lekker, sei Harmke. Se hie ferwachte dat hy oan 'e tafel frijwat swee slaan soe, mar dat die er net. Hy bestelde gjin apart iten of djoere wyn. Allinne oan 'e ein, by it dessert, hie er har bepraat om it alderlekkerste, en dus wat prizige gerjocht te nimmen. Hy wit hoe't it heart, sei Harmke.
Se hie ferwachte dat Zwik wat út 'e hichte dwaan soe, fan fertel my mar wat ik foar dy dwaan kin. Mar dat die er net, al like er tige wis fan himsels.
'Hy prate oer de firma Knol as wie hy dêr de baas fan. En einliks tink ik dat hy dat ek is. Ik bedoel, as Salmink der net is, dan is hy de man dy't de saken regelet. Ik hie ek ferwachte dat er oer syn boekhâlding prate soe, mar hy hie it folle mear oer de hannel as oer de sifers. Hy komt ek by de gruttere klanten, en by oare grossierderijen. It skynt dat hy wol ris by ús west hat, ferline jier noch.'
'Hoe lang sit er dêr al, by Knol?'
'Fjouwer jier. Hy kaam der in pear kear om in kompjûter te ferkeapjen, doe siet er noch yn dat fak. Hy foel sa goed yn 'e smaak dat Knol him oanbea om yn tsjinst te kommen, as spesjale ferkeaper. As dat goed foldie, dan siet der noch mear yn foar him.'
'En doe kaam Theo Salmink ynienen foar it ljocht,' rette Iede.
'Ja, sa is it gongen. De dochter fan Knol krige ferkearing mei him en dy twa binne troud. Knol hie gjin oare opfolger yn 'e famylje en Salmink kaam yn de saak as direkteur. In skoft letter hat Knol de saak oan Baakman ferkocht en sûnt dy tiid is Zwik sawat alles tagelyk, bedriuwslieder, ferkeaper, boekhâlder. Teminsten, dat sei er.'
'Ik tink dat it kloppet. Mar as it nypt sil Salmink it sels wol sizze. Dy lit him net oan 'e kant skowe.'
'Nee,' sei Harmke. 'Dat sei er ek. Hy sei, Salmink is in freonlike en geskikte man, mar ast it him net nei it sin dochst, dan is er spikerhurd, hast gefaarlik. Dêr moast ik goed om tinke. Ik sei, oerdriuwst net wat? Hy sei, do kinst it der better net op oankomme litte. Ik leau dat dy Zwik foar gjinien bang is, mar foar Salmink hat er al respekt.'
'Hat er dy ek frege oer Welling?'
'Ja seker, oer de firma, hoe't it by ús gong en oft Salmink al in protte dingen oars die as Piter Welling. En hy wie tige nijsgjirrich nei Piter sels. Wat ik fan him fûn, as persoan, hoe lang ik tocht dat hy it yn Trie úthâlde soe en mear sokke dingen. Ik ha my fansels op 'e flakte holden. En ik ha hieltyd it praat wer op Salmink brocht, wat hy bygelyks tocht dat dy by ús feroarje sil. Hy sei, hy goait alles der út dat net daliks winst opbringt. En hy sei: faaks komt er mei nije hannel oan, dy't op it earste gesicht net by jimme yn Reasyl past. Mar op 'en duer komt dat wol goed. Moatst der net tefolle achter sykje.'
'Wat soe er achter Piter sykje?' frege Iede.
'Dat woe er net sizze. Ik ha it him frege, ik sei, Piter bliuwt net lang by Baakman, dy hat gjin betsjutting mear. Doe sei er: ik ha dy Piter Welling in pear kear troffen, by jimme op 'e saak. En ik tink, as der op 'e wrâld ien is dy't tsjin Theo Salmink opwoeksen is, dan is dat Piter Welling. It is de slûchslimste man dy't ik oait meimakke ha. Ik sei, do hast it oer in man dy't foar my alle jierren in earlike baas west hat. Hy sei, dat sil wol, mar nim fan my oan, hy hat likemin in gewisse as Salmink.'
'Hy doart wol wat oer syn baas te melden. En dat tsjin ien dy't er noch mar in oere kin.'
'Ja, dat sei ik ek,' sei Harmke. 'En hy joech itselde antwurd as my. Hy sei: Theo Salmink Ìs al trije jier in prima baas foar my. Ik mei him graach lije. Wy geane der wol ris mei ús beiden op út, ek wol nei it bútenlân en dan ha we faak in protte wille. Jo kinne tige mei him laitsje.'
'Neffens my hat Zwik ek gjin gewisse,' sei Iede.
'Nee,' sei se. 'Dêr hoechst net op te rekkenjen. Mar as ik earlik bin, ik fyn him einliks in aardige fint. Net te fertrouwen, mar tige sjarmant.'
'Hast in idee krigen wat er einliks woe?' frege er.
Se lake. Se die de holle foaroer en seach him troch har eachteisters oan.
'Earst net. Mar doe't wy de kofje dronken wist ik it wol.'
Hy wie der oan wend dat se him soms pleage. Hy knypte har yn 'e knibbel en sei:
'Wa net? Mar serieus.'
'Ik tink dat hy witte woe wat er oan my hie. Of miskien, wat er oan my ha kin. Hy sit dêr yn Grinslân op himsels. Hy is benaud foar Salmink. No ja, benaud is miskien net it goede wurd. It is mear dat hy him ôfhinklik fielt fan Salmink. Hy seit dat hy goed mei him oerwei kin en dat leau ik ek. Hy sei ek gjin ferkearde dingen oer him, behalve dat fan gjin gewisse. En dêr sit hy net mei. Mar hy fertrout Salmink foar gjin sint en hy hâldt der rekken mei dat er op 'en duer problemen mei him krijt.'
'Hokfoar problemen?'
'Ik ha gjin flau idee,' sei se. 'Mar hy sjocht om nei minsken dy't er brûke kin as hy yn swierrichheden rekket. Hy wol him yndekke. Lêsten hast my ferteld hoe't it gong doest do him yn Trie komme liest. Doe besocht er dochs ek om in ferbining mei dy te lizzen, net?'
'Ja. Hast gelyk. Dat die er. Nije wike komt er wer.'
'Hy jout himsels net bleat. Wat er presys fan Salmink fynt wurdst net gewaar. Hy besiket al om der achter te kommen wat wy fan him fine.'
Hy rekkene ôf. Se rieden nei Trie sûnder folle te sizzen. Op it parkearterrein seach er dat se it noch even oan tiid hiene.
'Wêrom wine wy ús einliks sa op?' sei hy. 'Wat kin dy Salmink ús einliks skele. Okee, hy wit dat wy fan elkoar hâlde en hy kin ús ferriede. My ferriede, moat ik sizze. Mar oan no ta hat er my gjin kwea dien, en wêrom soe er ek. Hy wit fan in protte oaren in hiel soad, en dy kinne dêr noch genôch lijen mei krije, mar wat giet ús dat oan?'
'Dêr ha ik hieltyd oer prakkesearre. Wêrom komme se by dy en my? Zwik. Piter. Lêsten seist dat menear Baakman dy kant ek útprate. Se sizze, de iene noch foarsichtiger as de oare, dat se Salmink net fertrouwe. Gjinien seit presys wat er bedoelt of wat er wit. Se lykje allegearre benaud foar Salmink. Wêrom? Ja, Piter. Dat witte wy. Dy hat syn broer bedondere, dat kin Salmink ferklappe en dan kostet it Piter jild. Mar Zwik? Of menear Baakman? Gjin idee. It liket dat se tinke datst do der wat dwaan kinst.'
'Wat kin ik dwaan oan dingen dy't ik net wit?'
'Ik tink dat it om dingen giet dy't wy no noch net witte. Se hoopje datst do Theo Salmink de nekke omdraaist.'
'Ik? Ik wit neat fan dy man en ik ha net iens in protte beswier tsjin him. Lêsten wie er ris ferfelend, omdat er der net oer koe dat ik it net mei him iens wie. Mar dêr hat er letter nea wer oer seurd. Wêrom soe ik him de nekke omdraaie moatte? Ik ha minder bazen meimakke.'
Se knikte, en skodde de holle.
'Leave jonge, ik kin it ek net ferklearje. Ik tink dat se allegearre sa benaud binne dat se it net iens sizze doare. Zwik en Piter en menear Baakman, se wolle dy allegearre brûke sûnder dy te fertellen wêrfoar.'
'Ik ha sa myn nocht.'
Se joech him in tút.
'It is tiid. Kom mar, dan fergaderje we gesellich oer dyn kompjûter. Ik sil se wol fertelle hoe't it moat.'

De gearkomste duorre net lang, want Baakman hie de lieding. Hy hie him hielendal ynwurke yn de swierrichheden. Krekt as de earste kear joech er Harmke alle romte om útien te setten wat der barre moast. Winliken liet er har it hiele proses bestjoere.
Doe't se om healwei fjouweren klear wiene, frege hy har en Iede om mei te kommen nei syn keamer. Se praten noch even nei en doe frege hy har om wat oer harsels te fertellen, foaral wêr't se har wittenskip oer kompjûters wei hie. Se antwurde dat sy en Iede it harren sels leard hiene, yn de praktyk en op kursussen, skriftlik en by ynstituten.
'Piter Welling hat ús altyd tige oanmoedige om ús te ûntwikkeljen,' sei se.
'As ik jo sa waarnim, dan hat er himsels dêr in protte jild mei besparre,' sei Baakman. 'As jo dêr minsken fan bûten foar ynhiere kostet dat bergen jild. Hommes en jo witte sels hoe't jo it oanpakke moatte. Oan no ta giet it my tige nei 't sin.'
'Tanke wol,' sei se.
'Jo moatte al soargje dat jo by bliuwe. Jo fansels ek, Hommes. As jimme wat sjogge dat jimme fan belang fine om by te bliuwen, dan hear ik it wol.'
'No, graach,' sei se bliid. Iede knikte stimmich. Harmke hie it wer foarelkoar. Se hie fuort de oanbieding pakt. De kommende dagen soene se yn de faktydskriften in moaie kursus útsykje. Kar genôch.
'In hiele feroaring foar jo, tink,' sei Baakman. 'Welling fuort en Salmink der foar yn 't plak. Binne jimme al oan elkoar wend?'
'Ja, hear. Dat wol sizze, ik sjoch him net faak. Hy is in protte ûnderweis. Ik soargje dat de boekhâlding by is en dêr hat er gjin oanmerkings op.'
'Goed,' sei Baakman. 'As der al ris in swierrichheid komt, dan kinne jo fansels werom falle op Hommes.'
'As ik wat sizze mei,' sei Iede. 'It wol noch al ris foarkomme dat ik op Harmke weromfal ynpleats fan sy op my.'
'Lyk as mei de kompjûter.'
'Ja, krekt.'
'Wêr noch mear mei?' frege Baakman.
Iede seach nei Harmke. It like oft se suver in bytsje glimke. Baakman hie him te pakken. Hy wist net wêr't de grutte baas op oan woe. Hie er heard fan harren ferhâlding of bedoelde er it saaklik? Gelokkich kaam him wat yn 't sin.
'Bygelyks oer Voogd. De earste wiken wist ik net wat ik mei him oan moast. Ik hie gjin idee fan syn problemen. Doe wie Harmke hjir op in dei en sy hat mei Voogd praat. Se hat mear minskekennis as my, dat wit ik. Sa bin ik der achter komd.'
'Och, is dat sa. Wat tinke jo, frou Vigon? Kin it noch wer wat mei him wurde?'
'Dat is min te sizzen. Ik bedoel, swierrichheden mei drank sit faak in persoanlik probleem achter. En dêr wit ik neat fan, by dy man.'
'As jo it noch even oan tiid ha, dan kin ik jo der wol wat oer fertelle.'
Se seach nei Iede. It lûd fan Baakman wie justjes oars as earst, in bytsje mylder.
Iede makke in gebear fan: lit mar ris hearre. Se knikte.
'Ik kin Frits Voogd al fan de legere skoalle ôf. Wy wiene gjin neiste freonen mar wy hiene ek gjin kwestjes. Wy gongen tagelyk nei de ULO, krekt foar de oarloch. Yn '43 ha wy eksamen dien. In pear jier letter trof ik him wer. Hy wie doe los arbeider yn 'e bou. Ik wie yn dy tiid fertsjintwurdiger by myn heit. Heit hie in saak yn kappersartikels. Tafallich koene wy in man brûke yn it magazyn en heit naam Frits oan. In pear jier letter ha ik hjir yn Trie foar ien gûne de grossierderij Ebenezer oernommen, dy wie fallyt, mar der wiene noch in pear klanten. Dat wie it begjin fan ús bedriuw. Frits ha ik meinommen en dat hat my nea spiten, want hy hat my alle jierren goed tsjinne. Neiste freonen binne wy nea wurden. It is in man mei, sis mar, oare ideeÎn oer minsken en maatskippy. Wy ha dêr nea spul oer hân al praten we der wol ris oer. Ik ha lang lyn noch in skoft mei him yn 'e selde tsjerkeried sitten mar dan mijden wy elkoar wat. Ik leau dat hy it net bot troffen hie yn syn houlik, mar dat sil ek wol oan himsels lizze. Hy is neffens my sa mistrouwich dat er fan gjinien oannimme wol dat dy it goed bedoelt. Hy stiet alhiel op himsels. Miskien is er dêrtroch oan 'e drank rekke. Wat tinke jo?'
'Ja, dat kin wêze,' sei Harmke. Iede tocht dat se der net folle sinne oan hie om dy man, dêr't se fierder neat mei te krijen hie, sielkundich út elkoar te nimmen. Baakman begrypte it sa't it like ek.
'Dy drank is trouwens pas in goed jier in probleem. Foar de tiid naam er ek wol yn, wit ik wol, mar swierrichheden wiene der doe nea. Doe is syn frou weirekke en is it misgongen. Ik ha him der ien kear op oansprutsen mar hy waard nidich en koart en ik hie gjin sinne oan argewaasje. Dat ik ha it mar sitte litten. Hy is hoe dan ek myn earste wurknimmer. En hy hat troch inoar goed wurk levere. Hy hat boekhâlden leard, hy hat ek jierren de wei op west en no't er yn 'e nederklits sit wol ik him net los litte. Ik begryp dat Hommes dêrtroch wat ekstra problemen hat. As it al te lestich wurdt moatte wy mar ris sjen oft we net wat oars fine kinne. Trouwens, lang duorret it net mear. Oer in jier kin er yn 'e vut. Wat docht er de lêste tiid, Hommes?'
'Hy sit allinne noch op de boekhâlding,' sei Iede. 'Reinwerd docht er net mear. Ik ha mei de boekhâlder Zwik ôfpraat dat dy ienkear yn 'e moanne nei Trie komt om de sifers mei my te bepraten. Voogd bliuwt faak wei, dan meldt er him siik en dan wit ik hoe let it is. Ik ha fansels besocht om mei him te praten mar hy docht oft er doof is. Ik sil de geskikte man wol net wêze.'
'Ik tink net dat ien fan ús him helpe kin,' sei Baakman. 'It sil de baas wêze dat jo syn wurk foar in part sels oernimme en foar it oare diel ûnder de minsken ferdiele. Der is einliks net in goede waarnimmer, wol?'
'Nee. Ik ha hjir net in Vigon.'
'Wiene jo soms fan plan om har út Reasyl wei te heljen?' Baakman gong noch rjochterop sitten.
'Dêr ha wy it net oer hân. Soene jo...'
'Abslút net. Hoe krap as jo it hjir ek krije.'
Hy seach Harmke djip yn 'e eagen.
'Jo binne myn ienige garânsje dat wy fet hâlde op Welling BV. Jo bliuwe yn Reasyl, wat der ek bart.'
Se knikte earnstich. Baakman ferskikte in bytsje op syn stoel.
'Jimme hâlde dit binnendoarren, nim ik oan. Ik sil jimme fierder net ophâlde. Betanke foar jimme tiid. Noch in noflike jûn.'

Op 'e weromreis nei it stasjon seine se net folle mear. Se wiene oan 'e betide kant en se bleaune salang yn 'e auto sitten. Se seagen út oer in grêft. It wie ûnlijich waar. Der kletsten grouwe drippen út in beam wei op it dak fan 'e auto. Oan 'e oare kant fan it wetter swabberen yn de skimerjûn wat minsken op 'e fyts yn 'e wyn op. Mankeliker koe it hast net, tocht Iede.
'Sille wy moarn nei in waarm lân fleane?'
'Goed,' sei se.
'Litte se harren oarloch sels mar útfjochtsje. Fan 'e middei ek wer, splitst Baakman dy it probleem Salmink yn 'e mage.'
'Ja,' suchte se.
'Earne oan it strân in ythúske. Do betsjinje, ik doch it smoarge wurk. Moarns fan it bêd ôf even de see yn. Dan do nei de merk om yn te keapjen en ik rêd de boel op en set alles wer klear.'
'Wannear dochst de boekhâlding?' frege se.
'Boekhâlde dogge we net mear. Wy libje fan 'e iene dei yn 'e oare.'
Se skoden tsjin elkoar oan.
'Hoe faak dogge wy it?'
'Elke nacht. En elke middei, as der gjin klanten binne. Wy wenje boppe de saak.'
Se laken. Se seagen elkoar oan en se skodde de holle.
'Moarn kin ik net. Ik moat it útfanhûzerskeammerke behingje,' sei se. 'En ik moat moarntejûn op brulloft by Sjirk en Wimke, dy binne fiifentweintich jier troud.'
'Ik kin ek net. De auto moat nei de garaazje.'
Se swijden in skoft.
'Wy sitte yn 'e falle,' sei er. 'Komme we der oait út?'
'Ja,' sei se, hiel beslist. 'Wy komme der út. Wy losse it op.'
'Ik sil it sizze. Jûn.'
'Ik wol datst Gryt der bûten litst.'
'Hoe dan?'
Fan it begjin ôf hiene se nea oer Gryt praat. Hy fûn dat sy genôch oan har eigen swierrichheid hie, in ferhâlding dêr't se net foar útkomme koe. Sy hie der nea oer klage, op ien kear nei, oardel jier lyn. Se hie in iere miskream hân. Se hie it noch net iens tsjin Iede sein omdat se noch net wist oft se it komme litte woe. Se melde har siik oer de telefoan en woe net sizze wat der wie. Hy gong nei har hûs. It wie de ienige kear dat er har yn 'e lytse loege sjoen hie. Dy moarns hie se, foar it earst en it lêst, har hart útstoart oer de hopeleazens fan harren ferhâlding en oer har iensumheid. Ien freondinne hie se, dêr't se har geheim oan ferteld hie. Mar dy wenne yn Frankryk en se koe mar inkeld mei har prate. Hoe't it fierder moast wist se net, mar se koe net sûnder him. Se makke him gjin ferwyt. Dat wie it alderslimste. Hy fielde him skuldich. Dy iene skaakjûn, trije moanne lyn, doe't der wat mis gongen wie. Hy siet der ferslein en ferlern by en wist net in wurd te sizzen. Doe't se wat rêstiger waard sei er dat er fan Gryt skiede soe. Se sei, nee, dat wol ik net. Dêr komt sa’n opskuor en heisa fan, dêr wol ik de skuld net fan ha. Se liet him frij, sei se. Hy sei dat hy nea wer frij fan har wêze woe.
De oare deis sei se dat sy der mar in skriemerich toanielstik fan makke hie en dat hy it ferjitte moast. Hy sei dat er der fierder oer prate woe, dat se ta in beslút komme moasten. Mar se hie it der net mear oer ha wold.
'Der binne mear manieren.'
'Hoe dan.'
'Wy kinne út elkoar gean. Ik bedoel, ik gean nei Frankryk, nei Akke. Se seit dat se wol wurk foar my fynt. Dan rin ik dy net mear foar de fuotten.'
'Dat mienst net. Dat kinst my net oandwaan.'
'Do wenst der oan. Dat rêdst do wol.'
'Wenst do der sels oan?' frege er.
'As ik moat, dan moat ik.'
'Dat is gjin antwurd. Do moatst net en ik wol it net. Dan bin ik alles kwyt, wat ik ha.'
'Ik ha no al hast neat.'
'Ik kom by dy. Ik meitsje der jûn noch in ein oan, mei Gryt. Ik krij oars dochs gjin frede.'
'Ik wit noch wol wat,' sei se, noch sachter.
Hy waard kjel. Se hie har dochs gjin idee yn 'e holle helle om harren ferhâlding op in dramatyske manier foar ivich ôf te sluten. Hy doarde net te freegjen. Se wachte in heale minút.
'Lit my in bern krije.'
Hy koe net in antwurd betinke. Se huvere.
'Kinst de kachel net oansette? Ik wurd kâld.'
Hy starte de motor en draaide de oanjager op heech. Se drukte har tichter tsjin him oan.
'Ik wol in bern ha. Dan bin ik net mear allinne.'
Dêr binne bern net foar, woe er sizze. Mar hy sei it net, want hy wist seker dat se sizze soe: wêrfoar dan wol. Moast er dan sizze dat se by ûngelok hearden te kommen? Of út leafde, hoe't jo dat dan mar útlizze woene?
'Do bist dyn libben lang bûn ast in bern hast.'
'Dat wol ik ek. Dan ha ik teminsten in doel om foar te libjen. Begrypst dat dan net, Iede?'
Hy knikte. 'Ik begryp it.'
'Wolst do wol?'
'Do moatst my tiid jaan. It oerfalt my.'
'Net te lang mear,' flústere se. 'Lit my net lang wachtsje. Nei fiif jier witst no wol watst oan my hast.'
Se bleaune sitten sûnder te bewegen, de earmen om elkoar hinne. Nei in lang skoft suchte se djip.
'Myn trein is al lang fuort. Oer tsien minuten komt der wer ien. Sille we mar nei it stasjon gean?'
Hy draaide de auto en ried der hinne. Op it perron wachten se ûnder de kap, hân yn hân. Se praten net oars as oer it minne waar en dat op It Hearrenfean de lêste bus wol fuort wêze soe en dat se mar in taksy nimme soe. Doe't de trein der stie tuten se, se stapte yn en wiuwde achter it finster nei him. Hy bleau stean oant er de trein net mear sjen koe. Mei de hannen yn 'e bûsen slofte er werom nei syn auto.
It iene of it oare. Se hie gelyk. It wie tiid om te kiezen. Se joech him noch even de tiid om te kiezen, mar net lang mear. Oars wie se fuort. Hy hoegde himsels net wiis te meitsjen dat sy him fêst setten hie, dat hie er sels dien. Hy hie al folle earder rekken mei har hâlde moatten.
Hy ried nei hûs troch de neare nacht. De kachel die er út. Hy hie it idee dat er dan helderder tinke koe. Doe't er thús wie, wie er oan de bonken ta kâld en hie er gjin nije gedachten fûn. Foar in goede boekhâlder, wend oan ôfstreekjen fan winsken en mooglikheden, koe de kar net sa dreech wêze. Hy tocht dat er it wol wist. Hy koe him rêstich deljaan. Mar doe't er op bêd lei duorre it oant fjouwer oere ear't er yn 'e sliep rekke.

 
EIN fan Haadstik 9.

Fierder nei Haadstik 10.

 
 
 
Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT