Roman
Haadstik 10.
'Goeie, Iede' sei Salmink.
'Dach, Theo.'
'Al wiken lyn. It wurdt heech tiid dat wy wer ris even byprate.'
'Prima,' sei Iede. Dat wie net earlik. Hy hie der hielendal gjin ferlet fan om mei de man te praten dêr't elkenien it de lêste wiken tsjin him oer hân hie. Mar jo setten wol ris in moai gesicht by in min spultsje. En Theo Salmink wie op 't lêst noch altyd syn baas.
'Fan 'e middei, healwei twaÎn?'
'Goed.'
It wie de tiisdei nei de tongersdeitemiddei dat er lang mei Harmke yn 'e auto sitten hie. Yn it wykein hiene hy en Gryt yn Reasyl west, by har heit dy't syn jierdei fierde. Hy hie gjin rêst hân, sa ticht by Harmke en sa ûnberikber. Miskien wol foar de earste kear hie er in momint nidich west op syn skoanheit. Hy hie sein dat er even benzine helje soe en doe sei de âldman, ik gean even mei, de hiele dei by dy froulju, even de frisse loft yn. Dêr gong syn ienige kâns op in kertierke by Harmke. Hy hie har net iens thús skilje kind. Pas moandei koe er har even berikke op kantoar. Se hiene even praat oer saaklike dingen en it behingjen. Se wie tige op 't skik mar dat wie se oars meast ek. Hy fernaam neat bûtengewoans oan har, as hiene se fjouwer dagen lyn nearne oer praat.
Middeis by Salmink praten se earst in skoft oer de deistige dingen yn Trie, de hannel en de boekhâlding. Underwilen spile Iede de tsjinstelling troch de holle tusken dizze freonlike, flotte ferskining en de benaudens dy't elk foar him hie. Dat aardige fan de man wie fansels syn sterkste wapen. Jo moasten oan ien wei op jins iepenst wêze. Mar dat wie net sa maklik, it praat kuiere sa rêstich fuort. Ear't jo der erch yn hiene ûntkaam jo wat. Letter begrypten jo pas dat jo earne yn meigongen wiene dat jo einliks net woene.
'Hoe giet it mei de nije kompjûter?' frege Salmink. 'Ik begryp oan elkenien dat jimme al opsjitte. Baakman seit it, en Harmke hie it der juster ek oer. Sa is der wol aardichheid oan. Ik fyn it jammer dat ik der sels net by wêze kin, mar Welling en Knol fergje al myn tiid. Jimme kinne it wol oan. Ik sjoch de papieren fansels en ik kin it folgje. Fertel der ris wat oer.'
Iede begong út te lizzen hoe't se it oan no ta dien hiene en wêr't de grutste swierrichheden leine. Salmink harke mei oandacht. Tuskentroch fertelde er oer ûnderfinings dy't hy froeger sels yn it fak opdien hie. Hy wist hoe't sokke grutte karweien ferrûnen. Hoefolle tiid der yn sitten gong.
'De lêste tiid bin ik de measte jûnen thús dwaande om it gewoane wurk by te hâlden,' sei Iede. 'As Harmke der net wie om by de nije kompjûter te helpen, dan wist ik net hoe't ik de holle boppe wetter hâlde moast. Yn dy pear dagen dat se hjir is ferset se in berch wurk.'
'Dat wol ik leauwe,' sei Salmink. 'In poerbêste kracht.'
It praat kaam op it personiel op de boekhâlding. It rûn nei de ein fan it jier, ynkoarten moasten de nije salarissen wêr fêststeld wurde. Se namen de list troch. De lêste wie neffens it abc, Frits Voogd.
'Hoe giet it mei de man?'
'Net goed. Einliks kin it sa net mear. Hy is elke wike wol in dei ûnbekwaam. Ik praat soms tsjin him, mar it helpt neat. Ik bin dêr de man net foar, bin ik bang.'
'Dêr is gjinien de man foar,' sei Salmink. 'Neffens myn ûnderfining kinne faklju, terapeuten, bedoel ik, der meast ek net folle oan dwaan. Withoefaak hearre jo dat sokke minsken earst yn 'e goate bedarje. Sommige komme der dan wer út, mar guons net. Do hoechst it dysels net te ferwiten, Iede.'
'Ik ha der mei Baakman oer praat. Dy seit dat ik mar ris omsjen moat oft der net in plakje te finen is dêr't er gjinien ta lêst is. It giet noch om in goed jier. Ik ha it der al mei Hurkmans oer hân, yn it magazyn.'
'Dy sil der net op sitte te wachtsjen, tink.'
'Nee, dat net. Mar Hurkmans sil net gau nee sizze as Baakman it graach wol. Hy soe ris omsjen, hat er sein.'
'En dan moatst dochs in opfolger foar him ha. Sitst ek noch mei it ekstra wurk mei de kompjûter. Hast in idee?'
'Foarearst ferdiel ik it wurk. In part nei mysels en in part nei ûnderen. Ik wol earst ris sjen hoefier we dêrmei komme.'
Salmink sei: 'Ik tink datst fêst rinst, en dan sitte we mei de earmoede. As ik dy wie helle ik Harmke Vigon nei Trie. Om 'e kosten hoechst it net te litten. Dy binne oan har altyd goed bestege.'
Dêr ha jo it al, tocht Iede. Hy hie it ferwachte, mar sa gau net. Hy wist mar ien ding te sizzen.
'Dan ferpleatse wy it probleem nei Reasyl.'
'Dat kinst gerêst oan my oerlitte.'
'Hoe dan?'
'Zwik. Dy hat de saak yn Reinwerd goed foar elkoar. Ien, heechstens twa dagen kin er wol frijmeitsje. Ik fyn dochs al dat Harmke yn Reasyl net ta har rjocht komt. Se kin folle mear.'
Iede besocht te laitsjen. 'No, dan kin ik krektlike goed sizze dat se te swier is om hjir yn Trie de twadde man te spyljen.'
Salmink lake werklik. 'In betûft antwurd. Mar do moatst der mar ris oer nei tinke. Foar jimme wurk oan de nije kompjûter wurdt it ek allegearre folle makliker. It is fansels gjin kwestje fan hjoed of moarn. Ik kom der ynkoarten op werom.'
Dat wie dúdlik. Salmink wol it sa ha en hy sil it trochdriuwe, tocht Iede. En as Harmke net meiwurkje wol, dan wrot er har der út. Hy betocht dat er sizze koe dat Baakman Harmke yn Reasyl hâlde woe. Dêr wie it te gau foar, hold er himsels foar. Mar hy doarde ek net. Stel dat Salmink sels al mei Baakman praat hie en dat dy it goedkard hie.
'Wat oars,' sei Salmink. 'Zwik sei dat hy in pear wike lyn hjir yn Trie by dy west hat om oer de sifers te praten. Voogd wie de lêste twa kear net bekwaam, sei er. It hie him wol goed foldien. Dy ek?'
'Ja,' sei Iede. 'Ik leau dat it better is as ik sels mei Zwik praat. Wy kamen der prima út.'
'Net folle bysûnderheden, tink? Safolle bart der yn Reinwerd ek wer net.'
'Nee, it wie allegearre it bewende paad lâns.'
'No, dan is dat yn alle gefallen regele,' sei Salmink. 'It is jammer, mar mei Voogd wurdt it neat mear. Neat oan te dwaan.'
Hy tocht in skoftsje nei.
'Einliks is der hiel wat foar te sizzen dat do en Zwik goed mei elkoar yn 'e kunde komme. Silst murken ha dat hy in man is dy't hiel wat mânsk is.'
'It is in betûft man, leau 'k ,' sei Iede. 'Hy kin syn saken. Wy ha hiel noflik praat. Fan 'e wike komt er wer. Ik sjoch der suver al in bytsje nei út.'
'Moai,' sei Salmink. 'Dan leau 'k dat wy klear binne. As der wat bûtengewoans is, dan hear ik it wol. Komst ynkoarten noch yn Reasyl?'
'Dat tink ik net. Wat der geande is hear ik wol. En ik ha hjir yn Trie tiidkoarting genôch.'
'Ast al komst, lit it dan even witte. Dan kinne we it der even oer ha mei Harmke, hoe't it fierder giet.'
'Okee,' sei Iede. Fan syn libbensdagen net, tocht er.
Dy jûns gong er nei de skaakklup en hy ferlear it iene potsje nei it oare. Hy koe de gedachten der net byhâlde.
'Drok op 'e saak?' frege de foarsitter.
'Ja. Even tefolle dingen op ien stuit, dat is it einliks.'
'Jammer. Pas op datst net oerspand rekkest,' sei de man. Hy wie learaar Dútsk yn it fuortset ûnderwiis, hie er al ris tsjin Iede sein. Iede mocht him wol lije. It wie in man dy't in kombinaasje fan gesach en humor útstriele. In âldere man mei libbenswiisheid. Neffens Iede soe er syn klassen wol ûnder kontrôle hâlde kinne.
'Dat oerkomt mei net sa gau,' sei er. 'Ik kin dingen tige goed fan my ôfsette, as it moat.'
'Hoe dochst dat?'
'Ik skift út wêr't ik neat oan dwaan kin, en dat set ik my út 'e holle. Myn beppe hie yndertiid in sekretêre, do witst wol, sa’n meubel mei in klep mei laadsjes der achter. Ik ferbeeldzje my dat ik swierrichheden dêr't ik net daliks wat oan dwaan kin, dat ik dy elk yn sa’n laadsje triuw. En dan de klep omheech.'
'En rêdst dat altyd?' frege de foarsitter.
'Soms. Net altyd. Mar ik besykje it al.'
'Hast it ek te drok om tongersdeitejûn even by my thús te kommen? Der komt in goekunde fan dy, in skaakfreon.'
'Jan Hoekstra, út Reasyl?'
'Ja. Hy skille justerjûn. Hy wol in partij tusken dyn âlde en dyn nije klup, sei er. Om de Iede Hommes wikselbeker.'
Iede foel de mûle iepen. 'Sei er dat werklik? Wat in dogeneat. Ik wit fan neat.'
'No, kom der dan even by, tongersdeitejûn. Kin er it dy fuort even útlizze.'
Iede koe en woe net wegerje en tongersdei om acht oere fûstke hy mei Jan Hoekstra.
'Tsjonge, do yn Trie. Ik bin net ûnwennich, mar ik bin elke kear bliid as ik in Reasylster sjoch. Ik woe allinne datst it my even earder ferteld hiest.'
'Ik ha de hiele snein besocht om dy te skiljen,' sei Jan Hoekstra. 'Do wiest der net. Wêr sietst?'
'Ik siet yn Reasyl, ferdoarje, by skoanheit. En ik koe net in poat fersette. Do witst hoe't it mei jierdeis giet.'
Se laken der mei elkoar om.
Iede sei: 'Wat is dat foar in ferhaal, dat fan in wikselbeker?'
'In grapke, ju,' sei Jan. 'Mar likegoed, is it net in idee?'
'Ik fyn it klearebare sjantaazje,' sei Iede.
'Prachtich,' sei de foarsitter. 'Sjantaazje is it moaiste dat der is, foaral as jo oan 'e goeie kant sitte. It hoecht net sa’n grutte beker te wêzen. En wy winne him dochs wol.'
'Dan kinne jo de Reasylsters net,' sei Jan Hoekstra. 'Mar likegoed, betanke, Iede.'
Iede sei der mar neat mear oer. Se praten in skoftsje oer de ûnderlinge partij, se studearren op de regleminten fan it skaakbûn en kamen ta in útdragen saak. Se krigen in buorrel en goed healwei tsienen stiene Iede en Jan by dy syn auto.
'Hast it noch even oan tiid?'
'Even by Gryt oan?'
'Nee, even ûnder mânlju,' frege Iede.
'It komt my net op in healoere oan,' sei Jan Hoekstra.
Yn de bar fan in hotel fûnen se in stil hoekje.
'Wat is der te rêden, Iede? Harmke?'
'Ja.'
'Dêr wie 'k al bang foar,' sei Jan Hoekstra. 'Se sil it dy wol sein ha, dat wy ferline wike in skoft by elkoar sitten ha, by de brulloft fan Sjirk en Wimke.'
'Nee, dêr hat se net oer praat.'
'No ja, se hie har moed net, sei se. Elk dy't dêr wie, dy wie der mei har partner. Se sei, ik wit hoe striemin guons mei elkoar kinne. En ik ha in freon dêr't ik nea skeel mei ha, en ik sit hjir allinne. We ha in skoft earne apart sitten. Se is slimmer oerstjoer ast miskien tinkst, Iede. Binne der spanningen op it wurk?'
Iede knikte. 'Se hat in nije baas dy't net te fertrouwen is. Der spylje dingen dy't net maklik op te lossen binne.'
'Ik sei, do moatst Iede kieze litte. Ik ha sein dat se dy foar it blok sette moast.'
'Se hat my ferline wike al foar it blok set,' sei Iede.
'Okee, mar do hast net in protte tiid mear. It is Gryt of Harmke.'
'Dat seist do. Dan wist ik it wol. Mar dat wol se net. Se wol net dat ik by Gryt wei gean. Se seit dat se dêr de skuld net fan ha wol. Se wol in bern.'
'En oars?'
'Dan giet se fuort. En ik wol har net kwyt.'
'No, dan hast gjin probleem mear,' sei Jan.
'Hoe bedoelst, gjin probleem?'
'Ik bedoel, ast har net kwyt wolst moatst har kieze. Hoe'st it allegearre oan Gryt en Jan en alleman útlizze moatst, ja, dat is fansels in probleem, mar dat is dyn eigen.'
'Tinkst dat dat sa maklik is.'
'Ferhip, Iede, begjin no net te seuren datst sa’n lijen hast wylst it dyn eigen skuld is. Do bist sels by Harmke op bêd krûpt. Do hoegdest net, wol? Moatst my goed begripe. Ik misbillikje net datst omgong mei har hast. It hie foar elkenien better west fan net mar it is ienkear in feit. En dêrom sis ik datst do stean moatst foar watst yn dat fanke har gemoed oanrjochte hast. En alle gedonder datst dêr troch krijst hast it sels nei makke en dêr moatst mar mei rêde.'
Iede swijde in lang skoft. Der wie neat nijs oan wat Jan sei. Hy hie it sels al lang betocht. Hy hie allinne hope, mar net ferwachte dat Jan noch in oare útwei oanwize koe.
'Jimme hiene praat?' frege er.
'Wol in oere. Se woe it kwyt, murk ik. Wy binne nei myn auto gongen om frij prate te kinnen. Se hat my ferteld dat jimme it der de jûns tefoaren oer hân hiene. En doe tocht ik, ik moat mei dy prate. Mar sa't ik sei, ik koe dy net berikke en doe ha ik de foarsitter fan dyn klup opskille mei dy smoes.'
'Hiest dy de muoite besparje kind,' sei Iede. Hy seach Jan Hoekstra rjocht yn 'e eagen. Hy fûn dat er no geandewei genôch leksum krigen hie.
'Hoechst net bang te wêzen dat ik der foar wei rin. Harmke en ik binne it al fiif jier iens en wy binne it no ek iens. En sa bliuwt it ek.'
Jan Hoekstra hie rjochtop sitten op de bank en skode no achterút. Hy hie syn âlde freon grif goed begrepen. Se bestelden noch wat drinken en brochten it praat wer op it skaken en de klup fan Reasyl. Doe't se in skoft letter de jas oandiene sei Jan:
'Ik bin bang dat ik dy net freonlik behannele ha. Ik hie dy net sa út 'e tinte lokje moatten. It hie noch better west as ik my der hielendal net mei bemuoid hie. Mar ik waard sa kjel fan wat Harmke sei, dat ik miende dat ik wat dwaan moast.'
'Ik begryp it. Ik hie itselde dien.'
'Okee. Like goede freonen.'
Se rûnen nei Jan syn auto. It wie in bytsje froastich, moai stil waar. Jan stuts de kaai yn it slot.
'Jan?'
'Ja?'
'Soe se dat werklik miene, in bern fan my?'
Jan draaide him om.
'Ik hie hieltyd al ferwachte datst dat freegje soest. Hast der lang tsjinoan skoarre.'
'No?'
'Se mient it. Tink der goed om. Se hat der hiel lang oer neitocht. Al sûnt de tiid dat it in kear mis gong.'
'Dat hat se tsjin dy sein?'
'Ja. Ik sei dochs dat se flink oerstjoer is? Se hat har hert útstoarten by my. Ik ha har der wier net om frege. Tinkst der om dat se oars net ien hat?'
'Ja, dat wit ik,' sei Iede. 'Ik bin sa bliid as wat dat se it der mei dy oer ha doarde. Mar wêrom hast dat fuort net sein?'
Jan hong mei de rêch tsjin syn auto.
'Omdat ik fernim datst do ek op de úteinen fan dyn senuwen rinst. It sil wol komme omdatst in tik meikrijst fan al dy dingen dy't net sa maklik op te lossen binne, sa'st seist. Ik wist net hoe'st it opnimme soest.'
'Ik kin alles opnimme. Ik bedoel, alles wat Harmke docht nim ik op, en fan dy hast alles.'
'Pas op, jonge,' sei Jan. 'Ik wol my net mei dyn libben bemuoie, mar alle oerspande minsken dy't ik kind ha seine presys itselde. Se tinke allegearre dat se alles tagelyk oankinne. Sil ik dy ris wat sizze? Neffens my hast do fierstefolle swierrichheden tagelyk. Do moatst dyn libben ienfâldiger meitsje. Jou de iene syn sin en skop de twadde de doar út. En steur dy net oan wat de tredde tinkt of seit of docht. Gewurde litte.'
Iede seach foar him del. Jan gniisde.
'Miskien falt it noch ta, mei dy. Ast do gewoan oerspand wiest, dan hiest no al lang sein: do kinst maklik prate. Do rêdst it wol. En do hast Harmke ek noch. Ast dy oan dyn kant hâldst, hoechst nearne bang foar te wêzen.'
Jan stapte yn 'e auto en ried de nacht yn. Iede rûn de oare kant út. Nei hûs ta wie in kertierke, geandefoets. Yn syn holle spoeke alles trochinoar. Moai skema sa't Jan it oandroech. De filosoof fan de ôfdieling bou fan de gemeente Reasyl. Set se gewoan op in rigeltsje. Ien syn sin, twa der út, trije opfleane. Ien: Harmke. Twa: Voogd en Piter. Trije: Zwik en Gelf en Baakman. Klear. Allinne, wêr stoppe er Salmink yn? Jikke? En de alderslimste, Gryt? Hors catégorie, kaam him yn it sin. Frânsk foar bûtensoarte. De heechste bergen. Dêr kaam it op oan. Oer de lytskes knoffele elkenien wol hinne. Mar Gryt, Jikke, Salmink. Dat wiene de echte cols, de heechste hichten. Dêr hiene se gjin weet fan op it gemeentehûs fan Reasyl, dêr't de peallen fierder yn 'e grûn stutsen as it dak yn 'e loft.
'Och, barst dochs,' sei er lûdop yn it tsjuster. 'Harmke en ik binne hors catégorie. Wy binne de ienigen dy't oer alle bergen hinnefytse. Al dy oaren sjogge sels mar wêr't se ôfstappe wolle, by de ien, de twa of de trije. Wy binne dan al lang boppe.'
Zwik kaam de freedtemoarns mei de sifers fan de lêste moanne. In pear wike lyn wie er komd omdat Iede him ûntbean hie. Doe hie er sa min mooglik dokuminten meinommen. No kaam er mei in dikke tas fol. Hy struts del mei syn wenstige poaze. Hy die syn jaske út, makke de strik los, pakte in steapel papieren út syn tas en sei:
'Sille we mar út ein?'
Iede hie wol niget oan sa’n man, al moast er net folle fierder gean. Mar dat die Zwik net. Hy gedroech him net as mindere mar as gelike, en krekt net as baas. En omdat Iede dêr gjin lêst fan hie, waard it in goed petear. Se praten earst oer de gewoane sifers. Zwik liet dizze kear folle mear sjen as de foarige kear hoe't er it allegearre berekkene hie. Doe't se dêr mei klear wiene begong Iede, wat foarsichtich, oer de spesjale triedhannel dy't se yn Reinwerd diene. Hy ferwachte dat Zwik net folle loslitte soe, mar dat foel ta. Dy gong der ris goed foar sitten, krige in skriuwblok en stuts fan wâl. Hy tekene út wa't de fabrikanten, de tuskenpersoanen en de grossiers wiene en hoe't se ûnderling ferkearden. Wa't belang by wa hiene. Hoe't de gewoanten by dy hannel yninoar sieten. It kaam der op del dat it in barren wie dêr't jo fan bûten ôf mar min trochhinne seagen.
Iede wie ferraske. Twa kear hie er besocht om fan Salmink wat gewaar te wurden oer dizze hannel, mar dy hie der beide kearen oerhinne praat. No fertelde Zwik folle mear as Iede oait oan fragen betinke kind hie. Wêrom docht er dat, tocht Iede. Der sit grif in stik opskepperij by, mar hy wit fansels tige goed dat Salmink, syn baas, der gjin ferlet fan hat dat ik dit allegearre wit. Wat wol Zwik?
Harmke soe wol wer gelyk ha. Zwik socht kontakt mei him omdat er him yndekke woe tsjin Salmink. Mar der ûntkaam Zwik dizze kear ek net in ferkeard wurd oer syn baas, dat it bleau spekulaasje. Sil ik it him freegje, tocht Iede. Dit is no de tredde kear dat Zwik him fan dizze kant sjen lit, earst by my, doe by Harmke, no wer by my. Dit is gjin tafal mear. Hy seach oer wat Zwik oan sketsen op papier smiten hie. Der wie in tekening by fan de ferhâldingen, it netwurk. Hy wiisde der op en sei:
'Wêr sit Salmink yn dit skema?'
Zwik seach him oan, tocht tsien sekonden nei. Doe gniisde er tsjin Iede. Hy naam syn skerpe potlead en stuts it midden yn it blêd.
'Dêre. Hy is de grutte man fan de wrâld fan it tried.'
'Hoe is er dat wurden? In pear jier lyn hie er der noch nea fan heard.'
'Dat wit ik sa seker net.'
'Ik tocht dat er pas in pear jier by Knol wie.'
'Ik kin Theo al fan sân jier lyn,' sei Zwik. 'Hy siet by de selde kompjûtersaak as my. Hy hie doe al de namme dat er alles koe. Der wie gjin swierrichheid sa grut of Theo fûn noch in útwei. En hy koe doe ek al elkenien fan 'e sokken prate, op sa’n manier dat se it sels net yn 'e rekken hiene. Hy is in fenomeen.'
'Binne jimme soms tagelyk nei Knol gongen?'
'Nee. Dat is folslein tafal. Sawat in jier nei't ik by dy kompjûtersaak kaam, gong Theo fuort. Nei it bûtenlân, waard der sein. Ik ha it him letter in kear frege wat er dien hie, mar dêr woe er net oer prate. Hy lake wat en hy sei dat er syn tiid net fergriemd hie. Trije jier lyn dûkte er wer op, oan 'e earm fan Klaasje Knol. Doe is er yn 'e saak komd en winliken hat er fuort de lieding krigen, nommen. Wy seagen der beide fan op dat wy elkoar wer troffen. Klear tafal.'
'Mar jo wisten dus fuort dat der in hiel betûfte figuer yn kaam,' sei Iede.
'Ja. En ik bin net teloarsteld. Hy hat al hiel wat foarelkoar brocht en der komt noch folle mear, as er de tiid krijt.'
'Wat dan?'
'Oer fiif jier is Theo Salmink de ienige dy't yn de technyske gruthannel fan it Noarden noch wat betsjut.'
'Dan moat der noch hiel wat barre,' sei Iede.
'Dat bart der ek. Ha jo al ris fan syn kompjûter-program heard, dêr't hy de konkurrinten mei yn 'e rekken hâldt?'
'Ja. Hy hat myn syn kommisje belutsen.'
'En tinke jo dat dat in spultsje is, in smoute tiidkoarting?'
'Nee,' sei Iede. 'Dat tink ik net. Ik ha fernommen dat it bloedige earnst is. Mar om foarelkoar te krijen wat jo sizze ha jo in protte gelok nedich.'
'Salmink stjoert syn eigen gelok,' sei Zwik.
'Hoe woene jo sizze?'
Zwik sei even neat. Hy seach foar him del. Hy siet dúdlik te twiveljen. Doe die er de eagen omheech nei Iede.
'Doe't Theo by Knol kaam wist er alles al oer de triedhannel. Hy koe ek elkenien. Neffens my wist er der noch mear fan as Knol sels. Wie it net slim tafallich dat hy no krekt Klaasje Knol treffe moast?'
'Jo sizze dêr noch al wat,' sei Iede.
'Ik sis neat,' sei Zwik. 'Ik sis allinne mar dat Theo altyd op it goede momint skynt te witten wat er witte moat. Wêr't er wat mei kin. En dat docht er dan ek.'
'En wy witte neat fan him.'
'Jimme net,' sei Zwik.
'Jo wol?'
Zwik gniisde en sei neat. Hy seach op syn horloazje en sei dat er om ien oere wer yn Reinwerd wêze moast. Iede woe graach fierder prate mar hy hie it gefoel dat Zwik op dit stuit alles sein hie wat er kwyt woe. Dy garre syn papieren by elkoar. De sketskes oer de triedhannel liet er lizze. Se fûstken ôf.
'O ja,' sei Zwik. 'Okkerdeis ha ik jo twadde kracht út Reasyl troffen. Wy hiene ôfpraat om ris wat better yn 'e kunde te kommen. In alderaardichst frommes.'
'Dat docht my deugd,' sei Iede. 'Ik tink dat dat in goed idee fan jimme wie. As kollega's moatte wy witte wat wy oan elkoar ha.'
'Krekt,' sei Zwik.
Wat witst do allegearre noch mear, dogeneat, tocht Iede.
Zwik gong de doar út. Djip yn gedachten stoarre Iede it finster út. Zwik rûn it parkearplak op. Yn ien fan de reservearre fakken stie in nije, djoere auto. Zwik stapte der yn en ried it stek út.
EIN fan Haadstik 10.
Fierder nei Haadstik 11.
| Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT |