TRIED


Roman

 

Haadstik 11.

Nei de mâlste oktober en novimber dy't Iede oait belibbe hie waard it yn 'e winter stil. Harmke prate net mear oer de jûn dat se yn 'e auto sa yngeand praten hiene. Iede hie in kear besocht om te fernimmen hoe't se der no ûnder stie, mar se hie allinne mar sein: 'Letter, Iede.' Hy wist dat se it net fergetten wie, mar se woe him dúdlik de tiid jaan.
Op de saak like it ek oft gjinien him mear lêstich falle woe. Voogd hie er nei syn kollega Hurkmans yn it magazyn skood. Sa't er al tocht hie, hie dy dêr gjin ferlet fan, mar omdat Zwier Baakman, de grutte baas, it graach woe, socht er in plakje foar Voogd. Fierder skynde elk syn eigen dingen te dwaan. Zwik kaam ien kear yn 'e moanne by him. Dan praten se by oer de deistige saken, en Salmink en de triedhannel kamen net mear oer de tafel. Piter Welling seach er praktysk nea, likemin as Salmink. Harmke sei dat dy net mear mei har oer har baan praat hie. Gelf kaam yn desimber mar ien kear op 'e skaakklup. Nei de hjeldagen wie er der wer geregeld.
Krysttyd hie er noch in kear mei Jikke nei de tsjerke yn Speint west. Dizze kear woe Gryt mei. It wie in feestlike en rommelige tsjinst mei in protte gedraaf fan bern om in krystbeam mei echte kersen. Hoe helje se it harren yn 'e holle, tocht er, op 'e muorren nei is alles hjir fan koarkdroech hout. Mar dat gong him fansels net oan. Nei ôfrin praten se noch even mei Tine. Gelf seagen se net mear. Dy hie it te drok mei syn gemeente. Guons seach er fansels allinne mar mei krysttyd. Doe't se nei hûs rieden sei Gryt dat se it prachtich fûn hie, al dy ljochtsjes en de âlde lietsjes fan froeger. Se begong Gelf geandewei wat aardiger te finen. Iede siet nêst Jikke foar yn 'e auto. Se seagen elkoar even oan en neffens him tochten se beide itselde. It hie wol moai west, hear. Mar dy kear yn oktober, rêstich binnendoar mei de hurde wyn bûten, dêr't elk fan harren de eigen gedachten frij gean litten hie, dat hie op harren folle mear yndruk makke. No, by dizze krysttsjinst, hie er der om tocht hoe't Jikke har gedroech. Hy wie der net gerêster fan wurden. Earst al, doe't se krekt sieten, hie se Gryt bepraat om fan plak te ruiljen. Sa kaam se yn it folle oansicht fan Gelf te sitten. Hy koe har net foarby sjen. Iede hie doe pas murken dat se har dêr op kleid hie. It skeat him troch it sin dat Gryt, doe't se fan hûs soene, sein hie oft se dat no wol drage soe. Praat dêr't hy nea acht op sloech. Jikke hie de hiele tiid gjin each fan Gelf litten. Wêr moat dit op útrinne, tocht er.
Mar it wie krysttyd en âld en nij en hy hie der gjin sinne oan om yn syn frije dagen mei swierrichheden om te pakken. Hy skode it fan him ôf, hy treau it yn laadsjes. Troch de hjeldagen bleau der in protte wurk lizzen dat er yn jannewaris ynhelje moast. It die him goed, hy hie it te drok om oer syn ûnderfinings fan it foargeande jier te prakkesearen. Yn febrewaris slute er de boeken ôf en hie wie bliid dat er in moaie winst foar de BV Baakman útrekkenje koe.

Mids jannewaris lieten hy en Harmke harren troch Baakman nei in leargong fan trije dagen yn Nijmegen stjoere.

Begjin febrewaris wie Gryt op in jûn nei Speint riden om op de dominysbern te passen. Meast gongen Gryt en Jikke op freedtejûn om en om, as de Wellings in fêste gearkomste mei ien of oare tsjerklike kommisje hiene. It waard meast net sa let, se wiene der foar tsienen meast al wer. Gryt bleau dan meast noch even sitten, dat waard dat de lêste tiid koarteroan. Iede siet of lei sokke jûnen noflik op 'e bank foar de televyzje, dêr't er meast by yn sliep foel. As Gryt fuort wie siet Jikke inkeld by him, mar folle prate diene se nea. Meast siet se op har keamer by har eigen televyzje of se draaide platen, dêr't Iede oan fernimme koe dat hy âlder waard. Dizze jûn wie se by him yn 'e keamer bleaun. Hy liet har de kanalen l’ns ljeppe want it ynteressearre him allegearre neat. Se hie kofje makke en nei it twadde bakje liet er de eachlidden sakje.
'Heit?'
'Ja?'
'Fynst do der wat oan, hjir yn Trie?'
'Ik bin hjir foar myn wurk. Dêr ha ik genôch oan, yn alle gefallen yn dizze tiid fan it jier. Dat is net oars as yn Reasyl. En op 'e skaakklup hjirre foldocht it my ek goed. Aardige minsken.'
'Mar mist do dyn maten en pake en beppe en al dy oare minsken dan net?'
'Nee. Net sa bot. Dêr siet ik yn Reasyl ek net sa faak by. Dêr krijst elke kear deselde ferhalen en rabberijen te hearren en al dy dinkjes ha my nea folle skele kind. Mar ik ha it fansels maklik. Ik ha in macht wurk te dwaan. En op kantoar praat ik de hiele dei mei in protte minsken. Ik ha gjin tiid om ûnwennich te wurden.'
'Ik wol. Ik ken hjir net ien dy't my wat skele kin.'
'By de winkel ek net?'
'Dêr hielendal net,' sei se.
Hy wist net wat er fierder sizze moast. As er sei wat er tocht kaam der allinne mar spul fan. Foar himsels wie it sa dúdlik as wat. Do joust dy der net by, tocht er. It leit oan dy sels en oars net ien. Gryt bygelyks, dy wie yn har moadewinkel al mei in pear froulju goed yn 'e kunde rekke. En no siet se by harren bridgeklup en dêr hie se wer oare kunde krigen. Se hie al in aginda keapje moatten om by te hâlden wêr't se hinne moast, wa har jierdei der oan kaam, dy dingen. Soms hie se it mar min oan tiid om nei Reasyl, nei mem en heit, dêr't se fan miende dat se dy slim misse soe. Se wie sa thús as wat yn Trie. Iede wie dêr bliid om.
Mar Jikke, dy hie in probleem. In jonge frou mei in moai gesicht en in prachtich lichem. Yn dy grutte blommesaak kaam se minsken genôch tsjin, kollega's mar ek fêste klanten dy't jo wol helpe woene om jo wei te finen. In thús dêr't se stean en gean koe sa't se woe. Genôch jild om hannen, in auto as it nedich wie. Mar in ûnfermogen om kontakten te lizzen en te hâlden. Se moast it fan him urven ha, tocht er. Hy wie sels net in man dy't maklik mei elkenien omgong, wat om praat ferlegen, gauris. Allinne, hy hie troch ûnderfining leard hoe't jo jo ûnder de minsken bewege moasten sûnder argewaasje te krijen. En tefreden te wêzen mei jins eigen beheinde fermogens. Jikke wie dat net. Se ferwachte fan oaren dat dy har oandacht en waarmte joegen, mar sels wie se hast altyd op in ôfst’n. En de inkelde kear dat se al in fertrouwensb’n mei ien like te krijen stoarte se har dêr sûnder foarbehâld yn. Dan ferwachte, easke se dêr safolle fan dat de oare dêr net oan foldwaan koe en har skou waard, nei koarte tiid.
En dan dy opstiging oer Gelf. Teminsten as dat al sa wie, wat Iede miende dat er opmurken hie. De lêste wiken hie er der neat fan fernommen, mar dat koe fansels ek komme omdat er him der foar ôfsluten hie. Mei Gryt hie se der in pear kear oer tsierd wa't oan bar wie om op te passen, mar se wiene sa faak deilis en hy die altyd syn bêst om der net nei te harkjen. En as se yn Speint húswarre, wat hie se dêr dan oan? In kertier, heechstens in healoere mei Gelf prate mei dy syn frou der by. Dêr waard se dochs net wizer fan. Miskien, tocht er, is dat de bêste manier om fan har healwize idee ôf te reitsjen. Giet it wol oer as it mar wat tiid krijt.
'Wat fynst do fan Gelf Welling?' frege se ynienen. Hy waard der kjel fan. Hie er slûgjendewei dy syn namme neamd of rette se syn gedachten?
'No, hy is my wol goed,' sei er.
'Do praatst nochal ris mei him, net? Wêr ha jimme it dan oer? Hy sit net mear yn 'e saak yn Reasyl, dochs?'
'Hy freget my soms oer guon famyljesaken, dingen dy't mei syn heit en syn broer te krijen ha. Neat bûtengewoans, juh.'
'Mem fynt him no ek hiel aardich,' mimere se.
'No ja, dat wol ik wol leauwe. It is in oannimlike man. Fatsoenlik en evenredich.'
'Mem sjocht noch mear yn him,' sei se.
Hy draaide de holle nei har ta. Se siet sabeare ôfwêzich nei de televyzje te sjen dêr't se it lûd fan ôfset hie.
'O ja?'
Se knikte. Se hifken elkoar, wa't de folgjende stap dwaan soe. It duorre mar hy hold de kop derfoar.
'Kin dat dy neat skele?' frege se.
'Wat?'
'Dat se fereale op him is. Wêrom tinkst dat se hieltyd wer nei Speint giet? Se hat der in hekel oan om yn it tsjuster te riden, dat witst wol. Mar nei Speint, dat smelle dykje l’ns, nea in probleem, hear.'
Hy murk dat har stim, dy't foar in frou oan 'e lege kant wie, no suver wat skril wie. Hy gong rjocht oerein sitten.
'Ik fyn datst do sokke praatsjes foar dy hâlde moatst,' sei er wat lûder as er gewoan prate.
'Mei de wierheid soms net sein wurde,' antwurde se. 'Do hast nea wat yn 'e rekken. Hast it altyd mar drok mei dy Baakman en sa, en wat der ûnder dyn eagen bart, dat sjochst net.'
'Do kletst. Ik leau der gjin barst fan en al wie it sa, dan moatst do dy der noch foar skamje om der oer te praten. Mar der is gjin miter fan wier. Jim mem fynt him in aardige fint, no en. Dat fynst do ek, en iksels ek. Dy't dêr wat achter siket moat him skamje.'
Hy murk dat er himsels begong te werheljen, dat er sa gau gjin oare wurden fine koe om itselde te nochris te sizzen.
Se helle de skouders op en luts de hoeken fan 'e mûle fier nei ûnderen.
'It is myn saak net, hear. Ik fyn...'
'It is seker dyn saak net,' sei er, noch lûder. 'En ik wol der neat mear oer hearre. Do...'
Hast hie er noch in kear sein dat se har skamje moast. Hy wist dat se it lêste wurd sizze soe en hy wachte der op.
'Moatst letter net sizze dat ik dy net warskôge ha.'
Se gong de doar út, de trep op. Hy hearde de muzyk fan har platespiler.
It idee dat Gryt wat spesjaals fiele soe foar in man as Gelf fûn er healwiis. Se ferwiet himsels withoefaak dat hy mei syn wurk troud wie yn stee fan him. Mar se soe grif ek begripe dat dat mei in dominy noch helte slimmer wie, teminsten as er syn fak bedreau op de manier dêr't er foar betelle waard. En hy wie sels miskien net sa'n romantyske knaap, tocht er, mar Gelf seach er it fjoer hielendal net oan ôf. Hy hie al murken dat Gryt har achting foar Gelf geandewei heger wurden wie. De earste tiid hie se it net op him begrepen. Minsken mei jild wiene net te fertrouwen, dat hie se fan hûs meikrigen, al wiene se dominy. Oer Tine, de dominysfrou, wie se earst better te sprekken. Mar stadichwei hie se har nocht wat krigen fan har ûntefredenens, har soere gesicht, har earmoedzjen dat se altyd mar klear stean moast. De frou hie in freesliken hekel oan Speint en alles wat dêr mei mank wie. Se woe nei de stêd. Dêr soe se nei har idee har eigen libben ha. As dominy yn in flinke stêd soe hy amtliker wurkje kinne, mear op oere en tiid, net altyd alles sels dwaan hoege. Hy soe mear tiid foar syn húshâlding ha, en sy mear frijdom. En dêr siet se, neffens Gryt, har man hieltyd mei op te jeien. Mar dy hie der wol aardichheid oan om yn in doarp te stean, dêr't er al syn minsken koe. Hy hie net sa'n ferlet fan in grut plak. Om it jild hoegde er it net mear te dwaan. Hy hie sein dat as er al yn 'e stêd bedarre, dat er syn amt net oars útoefenje soe as no yn Speint. Gryt sei dat se soms bittere rúzje hiene. En it wie meast Tine har skuld, neffens Gryt.
Dat wie Iede opfallen. As Gryt it yn Reasyl oer ûngemak tusken in frou en har man hie, dan wie it sûnder mis de man syn skuld. Nea de frou, nea beide. Mar begryp foar Gelf syn húslike swierrichheden wie noch hiel wat oars as ferealens. Hy koe it him fan Gryt net yntinke.
Wat besiele it fanke mei har ferhaal? As it wier wie wêr't hy bang foar wie, dat sy sels fereale wie op Gelf, woe se dan in konkurrinte útskeakelje? Mar hoe kaam se op it idee dat har eigen mem har konkurrinte wie? Hie sy mear oan Gryt fernommen as hy? It koe fansels. Froulju hiene dêr faaks mear each foar as manlju, en hysels wie miskien ûnferskilliger foar soksoarte dingen as in protte oaren. Mar dan noch. Wat ferwachte se fan him? Dat er pûrrazend by de doar stean soe om fan Gryt tekst en útlis te freegjen? Se moast dochs goed genôch yn 'e rekken ha dat it houlik fan har heit en mem net mear foarstelde as in regeling om elkoar net sûnder need it libben soer te meitsjen? Of woe se wraak nimme op har mem? Dat koe ek noch, tocht er. Gryt hie neffens him faak fierste kritysk west. Se fûn Jikke eigenwiis, dat se nea nei har hearre woe. Se seach net dat Jikke in oare persoanlikheid wie as sy, gjin standertmodel om sa mar te sizzen. Jikke wie fierste ûnwis fan harsels. Se wie oerdreaun gefoelich foar krityk. Dat wie hiel gewoan as jo tolve, trettjin, fjirtjin wiene, mar dêrnei saksearre it by de measten. Dan begongen jo te begripen dat jo de skouders ophelje en jins eigen wei gean moasten om mem der oan te wennen dat se ûnderweis wie om beppe te wurden. Jikke hie dat nea leard, sa't it like.
Hy wist it net. Hy prakkesearre der ek net oer om him der foarearst drok oer te meitsjen. Stel as it al wier wie, no, om him mocht Gryt wol in skoftsje achter in yllúzje oandrave. Uteinlik paste it him ek net, fansels, om der beswier tsjin te meitsjen, hy mei syn ferhâlding fan jierren mei Harmke. Hy joech him wer del op 'e bank en die de eagen ticht. Wat soe ik dwaan as ik Gelf wie, mimere er. Soe ik sa skjin myn nocht ha kinne fan myn frou, dat ik leaver dominy ôf waard as dat ik by har bleau? Teminsten, dat tocht er, in dominy dy't frou en bern ferliet moast in tige goed ferhaal ha as er yn it fak bliuwe woe. Gelf koe fansels wol mear. Hy hie jild genôch om bygelyks in pear jier frij te nimmen en syn rjochtenstúdzje wer op te pakken en ôf te meitsjen. Dan koe er advokaat wurde of sa. Miskien syn ropping net, mar frijdom koe him ek wat wurdich wêze. Iede gniisde yn himsels. As Gelf syn frijdom hâlde woe, dan moast er him net oan 'e heak slaan litte troch types as Gryt of Jikke. Dan koe er krektlike goed by Tine bliuwe. Ast net ien as Harmke achter de h’n hast, tocht er, bliuw dan mar frijfeint. Mar hy leaude net dat Gelf syn amt loslitte soe. Hy soe, lyk as de measte koele minsken, syn ferlies nimme. Ien kear de ferkearde kar, spitich. Noch in kear, dat is dom.
Hy hearde de auto fan Gryt en die de doar foar har iepen. Se hong de mantel op en hy sette wetter op foar noch in bakje tee.
'Alles goed gongen?'
'Ja, hear.' Se plofte op 'e bank del en lei de fuotten op it taffeltsje. Hy makke tee en geat yn.
'Moai op tiid,' sei er. 'Wiene se al sa gau werom?'
'Ja,' sei se. 'Om my hiene se langer weibliuwe mocht as se dan wat frediger thúskomd wiene.'
It wie in útnoadiging om fierder te freegjen, hoe en wat, mar it koe him te min skele. Wat er yn it foargeande kertier, slûgjend op 'e bank betocht hie, dat hie gjin doel oan út te sprekken. Dan moast er him ek noch ferdigenje. Hy wachte oft se noch mear sizze soe. Fansels.
'Sis do no ris, wêrom kinne dy minsken sa min mei elkoar? Se ha alles dochs? Leave bern, wurk, jild genôch.'
Hy luts de skouders omheech. 'Op elkoar útsjoen, tink,' sei er.
Se draaide de holle nei him ta.
'Tinkst dat hy in oarenien hat?'
'Gjin idee. Nea by stilstien. Sy miskien?'
'Och, hâld op. Sy? Mei har soere gesicht?'
'No, ja, ik ha gjin ferst’n fan sokke dingen,' sei er. 'Mar tinkst do dat werklik, dat hy oer de hage sjocht?'
'Hoe bedoelst, oer de hage sjocht?'
'By wize fan sprekken. Niget oan in oar frommes hat, sis mar.'
'Ik wit net,' sei se. 'Mar ik tink it soms. It liket oft it him neat mear skele kin dat se net mear fan elkoar hâlde.'
'Har dan wol?'
'Sy lijt der ûnder mar se docht der neat oan. Se jout him altyd de skuld.'
'No, dan hat hy gelyk dat er him der net mear drok om makket,' sei Iede. 'Ik kin my yntinke dat er nei in oare frou útsjocht dy't him better begrypt.'
'Mar hoe komt it dan mei syn húshâlding? En as dominy, dat kin dochs net.'
'Hy kin it fansels stikem dwaan. Dan hat gjinien der lêst fan,' sei er. Hy ried no op tin iis.
'Ja,' sei se. 'Sa sil dat wol gean, by in dominy. It skynt foar te kommen.'
Noch ien streek, tocht er. En dan hâld ik op.
'Net allinne by dominys.'
Se sei neat en bleau yn gedachten sitten. Soe se heard ha wat ik sei, tocht er. Hy gong oerein, seach oft de doarren op slot wiene en rêde de kranten en tiidskriften op. Hy sette de koppen en pantsjes op 'e tafel.
'Ik gean op bêd,' sei er. Se kaam oerein en kontrolearre alles wat hy dien hie, lyk as altyd. Oant se op bêd lei sei se neat mear. Hy betocht krekt oft er dat lêste miskien better net sizze kind hie, dat er har op in idee brocht hie.
'Ik tink dat hy net ien hat om mei te praten,' mimere se yn it tsjuster. 'Mei dy ek net, wol?'
'Asjebleaft net. As ik earne net geskikt foar bin, dan dat wol.'
'Nee,' sei se sunich. 'Dat binne dingen dêr't jimme gjin gefoel foar ha. Wolterêsten.'
'Wolterêsten.'

Iede hope derop dat Gelf syn soargen net op syn board dellizze soe, mar hielendal ûntrinne koe er him fansels net. Oardel wike letter, nei ôfrin fan it skaken, spruts Gelf him yndied oan. Se wiene hastich nei de auto draafd fanwegen it minne waar doe't Gelf wonk om even te kommen. Iede skeat by him yn 'e wein.
'Wat in waar. Noch fjirtjin dagen, dan is it teminsten maart.'
'Ja,' sei Iede. 'Hoe giet it oars, yn Speint? Drok, of is it wat stilder, yn dizze tiid fan it jier?'
'Yn myn fak hast it sa drok ast sels wolst. Alde en sike minsken, minsken dy't net oer tsjustere dagen kinne, swierrichheden oer jild, de l’nlike organisaasje fan 'e tsjerke. En foar de leafhabbers binne der altyd noch wol in pear teologyske problemen. Mar foar al dy dingen bin ik ynhierd. Ik ha net te kleien.'
'Prima,' sei Iede.
'Freedtejûn wie Jikke wer by ús om op te passen. We ha neitiid noch in hiel skoft sitten te praten. Se sei dat it har net sa goed foldie yn Trie.'
'Dat hat se lêsten ek al tsjin my sein. Mar Reasyl hie se har nocht ek fan. Se is frij om te gean wêr't se wol, dat ik kin der net folle fan sizze.'
'Se wit sels leau 'k net wat se wol,' sei Gelf. 'Op in momint frege se my oft se net better werom gean koe nei It Hearrenfean of dêr yn 'e buert. Hat se dêr einliks oanhâld?'
'Net dat ik wit. Net spesjaal, tocht ik. Of it moast dy jonge wêze dêr't se in skoft mei wenne hat. Ik ha har der net oer heard,' sei Iede. Hy hope dat Gelf der net oer trochseure soe. Hy wie hielendal net fan plan om him te ferantwurdzjen.
'It is net in maklik fanke,' sei Gelf. Hy seach in skoftsje foar him út. 'It rûn ek net sa plezierich ôf.'
'Hoe sa?'
'Ik hie der miskien better net oer begjinne kind, tsjin dy. Se hat op 't lêst de jierren. Mar se rekke nochal oerstjoer en ik bin der slim kjel fan wurden. Sjoch, doe't wy thús kamen is Tine daliks nei boppen gongen. Meast prate we mei ús beiden even nei mei Jikke of mei Gryt, as dy der is, oft de bern har goed deljûn ha of sa mar, foar de geselligens. Mar Tine har holle stie der net nei. No ja, komt wol ris foar. Jikke makke noch in kop kofje en doe begong se oer harsels te praten. Hoe iensum as se wie, dat gjinien tiid en omtinken foar har hie. Ik hie dêr earlik sein net folle aardichheid oan. Ik siet der net op te wachtsjen, sis mar. It hie al net sa'n noflike jûn west. Mar jo bliuwe fatsoenlik, en ik wit dat se werklik in muoisum libben hat, al docht se it har foar it measte sels oan, bin ik bang. Dat ik hearde nei har en ik sei no en dan wat werom. Sa sieten wy súntsjes te praten doe't se ynienen oerein skeat en nêst my op 'e bank plofte, deun tsjin my oan. Se pakte myn h’n beet. En doe gong de doar iepen en kaam Tine der yn.'
'Kristus,' sei Iede. 'Sorry.'
'Ik tink dat se har oankommen heard hat,' sei Gelf. 'Ik hie har wol slaan wold. Ik bin net sa'n wrâldfrjemde dominy ast miskien tinkst. Sy is net de earste, it bart faker yn dit amt. Ik hie al lang yn 'e rekken dat se healwize ideeÎn oer my hie. Do hast der tink neat fan murken hoe't se harsels yn de krysttsjinst etalearre. En yn oare tsjinsten, earder, doe'st do der by wiest en letter, as se allinne kaam, okkersneins noch. Mar dêre, yn myn eigen húskeamer, do snapst wol, in grut trelit. Tine op ien ein en Jikke der tsjin yn, dat sy better op my passe soe as sy, en sa. Och, do hast dyn eagen net yn 'e bûse, do hast ek wol fernommen dat Tine en ik net yn alles by elkoar passe. Mar ik ha der abslút gjin ferlet fan dat ien dêr tusken komt. Ik rêd der sels mei, en ast tinkst dat ik myn eigen libben net op oarder hâlde kin, dan bist mis.'
'Ik tink neat,' sei Iede.
'Sorry. Ik bedoel dy net. Do en Gryt binne krektlyk de dupe. Jikke is neffens my noch lang net wiis genôch dat se snapt hoefolle kleuren der tusken wyt en swart yn sitte.'
Wat moat ik hjir no yn 'e goedichheid op sizze, tocht Iede. Alles wat Gelf oer Jikke seit leau ik daliks. Dat it yn syn eigen houlik net hûndert persint is, wat is dat foar nijs yn dizze wrâld? Wêrom soe in dominy yn de frouljuslotterij heger prizen lûke as in boekhâlder? En, al sloech it nearne op, wêrom soe sa'n dominy it op den duer mei syn bern better treffe as my? Jo bringe jo bern knoffeljend en stroffeljend grut en jo binne al lang bliid as jo it net minder dien ha as jo heit en mem eartiids. Ik ha myn bêst dien en Gryt hat har bêst dien, wy beide op ús eigen manier. Ik ha der gjin ferlet fan om op Jikke har hâlden en dragen oansprutsen te wurden. Ik wol net iens lije dat Gryt der op oansprutsen wurdt, al bin ik it faak net mei har iens. Jikke moat mar âld en wiis genôch wêze om harsels te gedragen. En as se dat net docht, dan moat, dy't dêr lêst fan hat, him der mar mei rêde. Ik ha der gjin boadskip oan.
'Hoe is it ôfrûn?' frege er.
'Ik bin der útgongen. Se tjirgen tsjinelkoar en ik tocht, it is myn skuld net, ik jou my der net tusken. Ik bin op bêd gongen. Net sa flink einliks, mar ik hie der gjin sinne oan om mei te tsieren. Alles wat jo sizze wurdt tsjin jo brûkt. It himd fan de wize is de dwaze syn mantel. Even letter hearde ik de foardoar ticht slaan. Der ried in auto fuort mei in protte leven, mar ik ha my omdraaid en beard dat ik sliepte.'
'Ik kin it my hielendal yntinke,' sei Iede. 'Yn alle gefallen is se heel thús komd, freedtejûn. Se hat der mei gjin wurd oer praat, teminsten tsjin my net. En tsjin Gryt ek net, tink, want dan hie ik it heard. Mar it sil de baas wêze dat se net mear by jimme komt om op te passen.'
'Nee. Dêr sil Tine wol foar soargje. Ik wit net iens oft se Gryt noch sjen wol.'
'Gryt kin it net helpe. Mar dat moatte de froulju mar útsykje. Ik ha genôch oan myn eigen soargen.'
'Tine hat sneon en sneintemoarn net folle tsjin my sein. Ik ha har betsjûge dat ik út mysels gjin h’n útstutsen hie en ik leau dat se dat oannimme wol, al bliuwt der altyd wat fan hingjen. Leaust do my trouwens?'
'Ik tink datst do in earlik man bist. Mar as Jikke mei in oar ferhaal komt, dan moat ik dêr ek nei harkje.'
'Ja. Hast gelyk.'

De folgjende dagen siet er yn spanning oft Jikke wat sizze soe mar se prate nearne oer. De earstkommende freedtejûn wie it Gryt har beurt om nei Speint en se gong der ek hinne. De dominysfrou hie dus grif betocht dat Gryt der neat oan dwaan koe. Iede hie wat dingen mei nei hûs nommen en dêr siet er op syn keammerke oan te wurkjen. Jikke hie in skoftsje ûnder by de televyzje sitten mar se wie al betiid op bêd gongen. Doe't Gryt thús kaam murk er daliks dat se op 'e hichte rekke wie. Se smiet mei de doarren en rôp nei boppen dat er daliks komme moast. Se wie read om 'e holle en stuts fuort fan wâl.
'No skop ik har de doar út. Se giet mar werom nei Reasyl of nei It Feen. Ik ha myn nocht. Altyd is der wat mei dat fanke.'
'Mar dat helpt dochs neat? Dêr kin se ek dwaan en litte wat se wol.'
'Dan wurd ik der teminsten net op oan sjoen.'
'Pas mar op,' sei er. 'Yn Reasyl binne der mear minsken dy't dy kinne as hjir yn Trie. En trouwens, wa sjocht dy der op oan? Tine? Gelf? As dat sa wie hiene se dy jûn net mear yn Speint komme litten.'
'Se woene it my fertelle, fansels. Oars hiene we der net iens fan witten.'
'Ik hie der al in bytsje oer heard, fan Gelf,' bychte er op. Hy hie al in pear kear tocht dat er har better fertelle kind hie wat er fan Gelf heard hie. Mar hy fielde oankommen dat se oerÈmus wurde soe en dêr seach er tsjinoan. Hy hie hope, tsjin better witten yn, dat Tine der om ien of oare reden net oer prate soe. Of dat se Gryt miskien koart en goed ôfsizze soe as húswarster. Gryt skeat oerein.
'Hat Gelf dy dat ferteld? Tiisdei? Wêrom hast dat net tsjin my sein?'
'Ik hie net tocht dat it sa heech rinne soe,' ûntwykte er. 'Do hast gelyk, ik hie it sizze moatten mar ik tocht...'
'Do tochtst fansels dat it my neat oangong, hen? Dat dochst do altyd, do fertelst my nea wat. No, it is myn dochter en alles wat sy docht giet my oan. Wêr is se? Is se fuort?'
'Se is betiid op bêd gongen,' sei er. 'Se wie net lekker,' liigde er der achteroan.
'Ik helje se op,' rôp se. 'Se mient dat se alles mar úthelje kin.'
'Doch dat no net,' besocht er it hege wetter op te kearen. In skelderij op 'e lette jûn wie nearne goed foar. As Gryt der mei alle geweld mei Jikke oer stride woe dan op in momint dat hy sels útnaaie koe.
'Wachtsje no even oan moarn ta. Lit har no mar mei rêst.'
'Se hat my noch nea mei rêst litten. Alle jierren al net. Ik ha skjin myn nocht.'
'Ja, ja, hast gelyk. Mar dat kin moarn miskien ek noch wol, dochs?' Sljochtsjende wurdsjes. Miskien. Ek. Noch. Wol. Dochs. Hy besocht al te betinken hoe't er him der de kommende sneontemoarn, middei, jûn by need, útwine soe. Oerwurkje op 'e saak, dêr moast it wol op útdraaie. Mar yn 'e goedichheid no net, liet it asjebleaft wat tiid krije. Gryt hie fansels gjin poat om op te stean. Jikke wie sa frij as elk dy't de jierren hat. Heechstens koe Gryt har it hûs útjeie, mar hoe't Jikke har libben ynrjochtsje woe, dat wie har eigen saak en oars net ien harres. Hy seach de hiele film al foar him. Jikke liet Gryt har earst tjirgje oant se trije kear itselde roppen hie, dan sei se dat se it no wol wist en dat se har eigen wei gong. En dan luts se har werom op har keamer en die se fierder neat. Dan stimen se fjirtjin dagen tsjin elkoar en dêrnei wie it libben wer gewoan. As it op rúzje meitsjen oan kaam wie Jikke folle koelder as Gryt. De learling snoader as de master, tocht Iede. As hy sels wat sei dan rôp de iene of de oare en faak allebeide dat hy der neat fan snapt hie. En dêr hiene se ek noch gelyk oan, tocht er, soksoarte rúzjes gongen oer neat en laten ta neat. De measte minsken begripe net dat wierheden nêst elkoar steane, faker as tsjin elkoar.
Hy hie gelok. Hy hie it net hoopje doard mar Gryt beslute om earst mar op bêd te gean en har argewaasje oer Jikke noch mar even foar harsels te hâlden. Iede wie noch lang net klear mei syn wurk, sa't er dat foar de geast hie, mar hy sei daliks dat er nedich oan 'e sliep ta wie. Hy wist hiel goed dat er der noch lang net ôf wie, mar foarearst hie er de wapenstilst’n, foar dizze jûn alteast, oerein holden.

 
EIN fan Haadstik 11.

Fierder nei Haadstik 12.

 
 
 
Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT