Roman
Haadstik 12.
Fjirtjin dagen letter, begjin maart, doe't de dagen langer waarden en de fûgels wer songen, seach er mei nocht om him hinne. Alle earmoede like fier fuort. It lêste trelit, Jikke har aventoeren yn Speint wiene yndied ôfrûn sa't er hope hie. Gryt hie sa't it skynde besluten dat it in saak tusken froulju wie dêr't hy him dochs net oer opwine soe. Op in tiid dat hy der net by wie, hiene se der wierskynlik flink oer tsierd. In dei as wat hiene se neat tsjin elkoar sein en no like alles wêr normaal. Der hie fansels ek neat mear oer te sizzen west as wat se dy jûns al tsjin elkoar roppen hiene. Foar Iede wie de wrâld freonlik en blier en hy wreau him yn 'e hannen oer wat er yn it kommende jier foarinoar bringe soe.
Voogd wie de earste dy't syn wille bedoar. It hie him persoanlik fansels net holpen, op Hurkmans syn ôfdieling. Oan Mels Hurkmans hie it net lein. Dy koe him al salang er by Baakman wurke. Hy hold Voogd de hân boppe de holle mar dy waard wat langer wat dwêrser. Teminsten, as er der wie. De dagen dat er hielendal weibleau, wiene de bêsten noch, sei Mels tsjin Iede. Se sieten mei in kop kofje op Hurkmans syn keamer.
'Wêr sit er sokke dagen?' frege Iede.
Hurkmans sei: 'Hy sil wol op bêd lizze. Ik leau dat er him letterlik deasûpt.'
'En dêr kinne wy neat oan dwaan.'
ânee. Hy is net oan te sprekken. Hy is mei net ien fertroud.'
'In widner, de bern in ein fuort. Dy sjogge fansels ek net heech by him op,' sei Iede.
'Och, hoe giet dat, dy ha harren eigen soargen. It is in lot. En as ien it net troffen hat, dan is it Frits Voogd wol.'
'Do kinst him better as my,' sei Iede, fiskjend.
'Yn Frits syn jongesjierren wie it de oarloch. Syn folk wiene in bytsje oan 'e Dútske kant, teminsten de earste jierren. Letter net mear, mar doe hiene se de namme al. Ienkear fout, in libbenlang fout.'
'Koest him doe al?'
ânee, ik sels net. Ik bin fiif jier jonger as him. En yn 'e stêd kenne jo de jonges fan oare skoallen net. Heit en mem fertelden der wol ris oer, letter, doe't de Dútsers der net mear wiene. Hy is midden yn 'e oarloch fan de ULO komd en doe is er yn Dútslân bedarre, as arbeider. Nei de oarloch hat er in hiel skoft wei west, mar yn 'e fyftiger jierren kaam er wer boppe wetter. Hy waard fertsjintwurdiger by Baakman en letter is er boekhâlder wurden.'
It lêste dat Hurkmans fertelde hie Iede al fan Baakman sels heard, mar hy woe net ûnderbrekke. Hurkmans gong fierder:
'It skynt dat Zwier Baakman en Frits Voogd elkoar al fan skoalle ôf koene, mar ik leau net dat se freonen wiene. It liket der earder op dat se oan ien kant elkoar safolle mooglik mije, en oan 'e oare kant net yn 'e steek litte. Gjinien fan beiden ha ik oait in ferkeard wurd oer de oare sizze heard, mar einliks ek nea wat goeds. Se dogge as sjogge se elkoar net. Hoe dan ek, Frits is troud, doe wie er al net sa jong mear. Sy ha jierren yn Speint wenne. Dêr wie er wol yn oansjen, ha ik heard. Se hiene in pear bern, dy binne dêr opgroeid. Mar doe hat er syn frou ferlern en is er it stjoer kwytrekke. Hy wennet no wer yn Trie, poer allinne.'
'Hat it doel dat do en ik noch ris ien kear goed mei him prate?' frege Iede.
'Wêr soe dat goed foar wêze?'
âno, as dat neat opleveret, en dat sil, bin 'k bang, wol net, dan skriuwe we dat goed op en dan stjoere wy him yn de syktewet oant er ienensechtich is, dan kin er yn de vut. Oer in lyts jier.'
'Dan giet er nei de bliksem, Iede. Dan hoecht er hielendal syn bêd net mear út. Dan lit er it der hielendal by sitte.'
'Ja, dat sit der yn,' sei Iede. 'Mar neffens my rekket er dochs yn 'e goate, no of letter. Miskien moatte we him der allinne mei driigje. Ik wit werklik net wat we der oars mei oan moatte.'
âno ja, in kear prate is fansels nea wei. Ik kin net sizze dat ik der in protte sinne oan ha, mar do silst wol gelyk ha,' sei Hurkmans. 'Wannear dogge we dat?'
'Is er op 'e saak?'
'Ik leau it wol. Litte we it fuort mar dwaan, dan binne we der ôf. Lit my it wurd mar dwaan, wy kenne elkoar al fiifentweintich jier,' sei Hurkmans.
Hy rôp oan syn assistinte om Voogd te heljen. Frits Voogd hie dúdlik al ta de flesse west. Hy wie noartsk. Hurkmans frege hoe't it mei him gong en late it der hinne dat Voogd winlik siik wie en dat er him behannelje litte moast.
'Dus do trapest my der út,' rôp Voogd.
'Ik traapje neat,' sei Hurkmans. 'Ik sis allinne datst nei dokter gean moatst.'
'Earst in skop fan Baakman en Salmink en no fan dy. En hy dêre stekt ek net in hân út.' Hy wiisde nei Iede.
'Dat is net rjocht,' sei Hurkmans. 'Dizze man hat foar dy pleite datst do hjir op myn ôfdieling yn 'e lijte sitte kinst, oant kommende winter, ast yn 'e vut kinst.'
'Hy woe my kwyt,' sei Voogd. 'Ik wist te folle.'
Iede gong rjochtop sitten. Hurkmans gebearde mei de hân dat er him stil hâlde moast.
'Dat moatst útlizze, Frits. Wat witst do dat Iede net gelegen komt?'
'Dat sis ik net.'
'De doar is ticht. Gjinien bûten Iede en my heart it. Wy sille der net in wurd oer prate. Mar do kinst Iede net beskuldigje en dan net sizze hoe en wat.'
Voogd wachte in skoft mei in antwurd. Hurkmans trune him noch in kear oan.
'Wat der geande is yn Reinwerd.'
'Wat is dêr dan geande?'
'Do witst net heal, wat der allegearre spilet,' sei Voogd. 'Do hast gjin idee wat dy boppe de holle hinget.'
'Wat hinget my boppe de holle?'
'De ûndergong fan Zwier Baakman. En de macht oan Salmink en dy smearlap út Reinwerd, dy Zwik.'
'Hoe komst do yn 'e goedichheid op sokke healwize ideeÎn.'
'Freegje him mar.' Voogd knikte nei Iede.
Hurkmans draaide de holle nei Iede. Dy wie der slim ferlegen mei. Voogd hie gelyk, yn alle gefallen mei dy macht oan Salmink. Dat fan de ûndergong fan Baakman wie wol kras, mar wa koe it witte? Wat te sizzen? As er Hurkmans in bytsje fertelde soe er alles fertelle moatte. Mar fansels net salang as Voogd der by siet. It wie net oer te sjen wat dy mei dy wittenskip dwaan soe.
'Voogd koe wol ris in bytsje gelyk ha. Der spylje by Knol en by Baakman BV guon dingen dy't ik net allegearre snap.'
'Do bedoelst Salmink mei syn kommisje?' frege Hurkmans.
'Under oaren. Mar wat dat mei de ûndergong fan menear Baakman te krijen hat, dat sjoch ik net.'
'Kinst dat útlizze, Frits?'
'Salmink wit wat út Baakman syn libben, dat op in ramp útdraait, as dat útkomt.'
'Wat dan?'
'Dat kin ik net sizze,' sei Voogd.
'Wêrom net? Ek net tsjin my allinne?' frege Hurkmans.
Voogd skodde de holle. Hy die de bril ôf en struts oer syn eagen. It like hast as fage er triennen ôf.
'Jimme ha gjin idee hoe gefaarlik dy Salmink is. Wêr't er yn Reinwerd, by Knol, mei dwaande is. Hy liket sa freonlik mar hy is ta alles yn steat. Alles. En dy Zwik is syn útfierder. Dy docht alles wat Salmink him opdraacht.'
'Zwik, dat is de man dy't de ynljochtings oer de konkurrinten sammelt, is it net?' frege Iede.
'Ja,' sei Voogd. 'Oer de konkurrinten en oer de minsken.'
'Hat hy dat ferline yn Baakman syn libben ek útfûn?' frege Hurkmans.
Voogd knikte en sei neat mear. Hurkmans en Iede seagen elkoar oan. Iede murk dat Mels Hurkmans twivele. Krekt as himsels. Soene se Voogd freegje wêr't Zwik dat fan heard hie. Winlik wisten se it beide. It moast by Voogd sels weikomd wêze. Dy hie Zwier Baakman fan jongs ôf kend. Mar wêrom hie er dat ferret, tsjin Zwik oer? In man dy't er út noch yn net lije mocht?
Hurkmans kuchte sunich. 'Hat er dy dêr op oansprutsen, Frits?'
Voogd knikte. 'Hy hie wat heard, sei er. Hy woe allinne mar witte oft ik dat wol ris heard hie. It wie nei de middei en wy hiene lang te iten west.'
Hurkmans wachte in momint, doe seach er op syn horloazje.
'Och heden, it is al ien oere. Ik moat noch te iten. Om healwei twaën komt der in sollisitant. Betanke Frits. Lit it mar ris yn dy omgean, oft it net better is om in skoftsje lins te nimmen en nei in dokter te gean. Wier, Iede en ik tinke dat dat it bêste is. Do hast in protte op 'e bealich hân, de lêste jierren. In goeie dokter kin grif mear foar dy dwaan ast no tinkst.'
Voogd gong der út. Mels Hurkmans sei neat. Iede begrypte dat hy wat út te lizzen hie.
ânei fjouwer oere ha ik alle tiid,' sei er.
Hurkmans gniisde. 'Ik bin net nijsgjirrich, hear. Mar achter op 'e middei ha ik wol ris ferlet fan in praatsje.'
Goed fjouwer oere kaam Mels Hurkmans der yn. Iede hie besluten om iepen kaart te spyljen, alteast oer de dingen dy't Hurkmans wol riede koe. Hy fertelde dat hy in ferhâlding mei Harmke hie en dat Salmink him fiele litten hie dat hy dat wist. Hy neamde Zwik ek, dat hy tige op syn hoede wie foar de man en tagelyk in lichte hope hie dat Zwik sels bûnsgenoaten socht.
'Zwik is de kaai. Hy is de ienige dy't mear oer Salmink wit.'
'Soe it sa slim wêze as Voogd seit? Ik bedoel, oer de macht gripe en de ûndergong fan Baakman sels?'
'Gean dêr mar fan út.'
'En hokker rol spilest do dêryn?' frege Hurkmans.
'Ik bin der yn bedarre. Ik ha wol hûndert kear tocht, wie ik mar yn Reasyl bleaun. Mar no sit ik hjir, en fan de ien hear ik dit en de oare fertelt my dat en it komt allegearre op itselde del. Elk warskôget my foar Salmink. Altyd hiel foarsichtich. Voogd. Piter Welling. Zwik. En Baakman.'
'Baakman ek?'
'Ik kin it net oars begripe, wat er tsjin my sein hat. Hoe foarsichtich as er is oangeande Knol yn Reinwerd. Doe't ik Voogd fan 'e moarn hearde oer in mooglik ferline fan him, doe begrypte ik it fuortdaliks. Baakman wit dat Salmink it wit, dêrom draait er der om hinne. Hy doart him net ta ferantwurding te roppen. Hy wol dat ik besykje om gewaar te wurden wat der yn Reinwerd om en ta giet.'
'Mar hy hat Salmink krekt noch yn Reasyl beneamd?'
'Hy hat grif net oars kind. Hy woe Piter Welling dêr wei ha. Der moat ien en oar oprêden wurde yn Reasyl. En Salmink is fansels net in stumper, dy kin wol wat. En no wol Baakman dat Harmke Salmink dêr yn 'e rekken hâldt. En ik moat der foar soargje dat Salmink har der net útwurket.'
'Ik kin it hast net leauwe,' sei Hurkmans. 'It moat wol slim wêze. Zwier Baakman is net in hillige man, dat der kin bêst wolris wat west ha. Mar benaud ha ik him noch nea sjoen.'
'Hy is benaud, Mels. Dêr twivelje ik net oan. It liket dat hy in protte te ferliezen hat.'
'Dat kin fansels bêst wêze. Hy hat in grut maatskiplik oansjen, polityk en tsjerklik. Silst wol ris heard ha dat guon him de sechde wethâlder fan Trie neame. Hy is wat idel yn dy dingen, leau 'k.'
'Kwetsber.'
'Ja, kwetsber is tink it goede wurd,' sei Hurkmans. 'Mar wêrfoar, ik soe it net witte.'
Se seagen elkoar oan.
'Wêr ha wy it einliks oer, Iede? Wat hat Salmink ús dien?'
âneat, oan no ta. Wolst leauwe, dat ik dat de lêste tiid gauris tocht ha? Sjoch, ik soe it spitich fine as Baakman it fjild foar him romje moast, mar as er de saken fan de ûndernimming gewoan fuortset, dan kin it my fierder neat skele. Ik ha al ris in kwestje mei Salmink hân, mar dat betsjutte neat bûtengewoans. Dat ha jo soms, as boekhâlder, dat ha ik faker meimakke. Neitiid wie er wer fatsoenlik en korrekt. Dat ik tink wol ris, wat wolst no.'
âno, dan,' sei Hurkmans.
'Ik kin der neat oan dwaan dat elkenien tsjin mei oankletst oer dy man. It komt op my ôf. Ik freegje gjinien om my ris krekt te fertellen wat er bedoelt. Ik kin it net helpe dat ik it hear en dat ik it ûnthâld. Mar hokker boadskip ik der oan ha moat, dêr bin ik noch altyd net út.'
Hurkmans gong fuort. Iede bleau yn gedachten sitten. In pear moanne lang hie er neat fernommen oer alle kwestjes om Salmink hinne. No hie Voogd it allegearre wer op 'e tafel lein. Alles wie der noch. It bleau oppassen foar Salmink, al wist er, as it der op oan kaam, net wêrom.
De oare moarns waard er wizer. Om tsien oere skille Baakman, oft er even komme koe.
'Moarn, menear Baakman.'
'Moarn. Gean sitten.' Baakman siet achter syn hege tafel. De tafel wie leech.
'Ik begrypte oan Hurkmans dat jimme juster in skoft mei Frits Voogd praat ha. Binne jimme ta in útdragen saak komd?'
ânee, net mei safolle wurden. Hurkmans hat hast allinne it wurd dien. Hy hat syn bêst dien om Voogd by te bringen dat dy nei de dokter gean moat. It komt net goed mei him.'
'Tinke jo dat it holpen hat?'
'Ik wit it net. Earlik sein sjoch ik it tsjuster yn.'
'Ja,' sei Baakman. 'Hy skille my justerjûn thús op. Dat hat er noch nea earder dien. Wy binne gjin bysûndere freonen, mar wy kinne elkoar al hiel lang. Hy wie slim fan 'e wize. Hy hie it der oer dat jo en Hurkmans him in ultimatum steld hiene. Ik ha fan 'e moarn daliks Hurkmans skille, mar dy moast fuort. Dat as jo my sizze kinne, wat der bard is?'
'Sa't ik sei, Hurkmans en ik binne net fierder komd as him op it hert te binen om nei dokter te gean. Wy ha gjin datum steld of him earne mei drige.'
'Goed. Dat moat ek net.'
Iede sei: 'Dêr binne Hurkmans en ik it oer iens, mar it is fansels sa dat hy, sa't it no giet, siik is op ús kosten. En der is net ien dy't him helpt mei syn probleem.'
ânee,' sei Baakman. 'Mar alles by inoar, sis ik: lit him mei rêst. Ein fan it jier is it ôfrûn, dan giet er yn 'e vut.'
'Okee, dan sis ik dat tsjin Hurkmans,' sei Iede. 'Dan litte we him syn frede.'
'Hy hie ek in ferhaal oer de ûndergong fan de saak en fan my ek, leau 'k, mar dêr koe ik gjin wiis út wurde. Op 't lêst siet er hast te gûlen. Hat er dêr ek tsjin jimme oer praat?'
'Ja, hy seit dat Salmink jo ûndergong noch wurdt,' sei Iede.
'Hat er sein wêrom?'
ânee. Hy sei dat wy gjin idee hiene hoe gefaarlik Salmink wie. Mar doe't wy him fregen hoe en wat, doe woe er neat mear sizze. Wy woene him der net fierder op oanstean, hy wie al oerÈmis genôch.'
Baakman swijde. Iede tocht, sil Baakman noch fierder freegje? Neffens Voogd wit gjinien better as hy wêr't it om giet. Baakman hoecht it fan ús net mear te hearren. Hy hie it goed taksearre.
'Wat oars,' sei Baakman. 'Ik moat even witte wat jo mei Salmink ôfpraat ha oer Harmke Vigon.'
'Bedoele jo dat oerpleatsen nei Trie, dêr't er it ferline jier oer hie?'
'Ja, dat bedoel ik.'
'Ik ha neat ôfpraat,' sei Iede. 'Dat ferhaal fan ferline jier, dêr ha ik neat mear oer heard. En Harmke ek net, leau 'k. Dan hie se it my ferteld, nim ik oan.'
'Dat nim ik ek oan,' sei Baakman. 'Se fertelt jo alles, begryp ik.'
Iede waard read om 'e holle fan lilkens. Begong Baakman no ek al? Barst mar, tocht er.
'Bedoele jo dat ik in ferhâlding mei frou Vigon ha? Ja, dat is sa. Ha jo dêr lêst fan?' Hy sei it lûd, de lêste fiif wurden rôp er hast.
Hy hie gjin idee hoe't Baakman reagearje soe, en it koe him ek neat mear skele. Goed trije moanne lang hie er gjin lêst hân fan alle kwestjes dy't der spilen, mar likegoed hie it him nea út 'e gedachten west. Hy hie sa hope dat er op iene of oare manier ferlost wurde soe fan al dat gedonder mei de firma Baakman. No't Baakman him ynienen mei syn persoanlike saken begong te bemuoien rûn it him oer de fûst. Hy wie lilk en hy hie it fernimme litten.
'Hommes, myn ekskús,' sei Baakman. 'Ik ha gjin rjocht om dat te sizzen. Ik hoopje dat jo oannimme wolle dat it my muoit. Ik ha my even meinimme litten troch wat ik krekt heard hie.'
Iede seach him oan. Hy wie der reedlik wis fan dat Baakman earlik miende wat er sei. Hy knikte.
'Salmink skille my fan 'e moarn, út Frankryk wei. Der wiene wat dingen dy't wy even ôfstimme moasten. Op in momint hiene wy it oer Reasyl, doe sei er dat hy de boekhâlding yn hannen jaan soe fan dy man út Reinwerd, dy Zwik. Ik frege wat der mei frou Vigon barre soe, en hy sei dat dy nei Trie gong. Hy hie it der mei jo oer hân, sei er. En hy sei, Hommes sliept mei har, ik doch harren der beide in deugd mei.'
Hy seach op Iede del, fan syn hege stoel.
'Ik tink dat jo sels útmeitsje kinne wat jo in deugd is. Jo kinne myn ekskús ek oerbringe oan frou Vigon, as jo dat nedich fine.'
Iede knikte wer. Se wachten beide.
'Kinne jo Zwik?' fege Baakman.
'Ik tref him geregeld. It is in tige tûke man. It is dreech om hichte fan him te krijen. Hy is yn alle gefallen tige freonlik. Ik doch myn bêst om in goede ferhâlding mei him op te bouwen.'
'Slagget dat?'
'Ik hoopje fan wol. Oan no ta giet it goed, leau 'k. Trouwens, Harmke Vigon hat ek in lang petear mei him hân. Sy hat ek har bêst dien om him, no ja, yn te pakken, sis mar.'
'Hoe sa, ynpakke?'
'Hy is nochal eigenwiis. Hy fertelt lang net alles wat er wit. As er dat yn 'e takomst al ris wol, dan hoopje wy, dat er it tsjin ús seit. En dêr komt by, it is in hiel oannimlike fint, sa frijmoedich as er is.'
'Jo binne foarsichtich, hoopje ik,' sei Baakman.
'Wy binne tige foarsichtich.'
'Kinne jo der foar soargje dat Harmke Vigon yn Reasyl bliuwt?'
'Ik kin der neat oan dwaan as se de doar net mear ynkomme mei.'
'Jo moatte wat betinke. Hâld my op 'e hichte, as der wat bart,' sei Baakman.
Iede seach foar him del. Wat wie it, dat Baakman, dy grutte baas, sels net tsjin syn twadde man sizze doarde dat er Harmke gewoan oan it wurk litte moast. Dat er syn safolste man, syn boekhâlder, frege om dêrfoar te soargjen.
Hy gong werom nei syn keamer en skille Harmke. Se koe feilich prate, want Salmink siet yn Frankryk, hie er krekt heard. Hy fertelde har wat er krekt fan Baakman heard hie. Se sei dat se Salmink al hast in wike net sjoen hie, en dat dy ek nearne oer praat hie.
'Wat dogge wy no?' frege se.
âneat, tink ik. Hy komt der mar mei, as er wat wol. Ik ha hjir even frege oft er noch komt mar it fanke wit it net. Miskien wit Zwik it. Dy komt hjir oaremoarn, tongersdei.'
'Sil ik him ris freegje,' sei se. 'Miskien lit er wat los.'
'Kinst besykje.'
'Ik doch it daliks. Ik skilje dy werom.'
Twa minuten letter wie se der al wer.
'Hy is der net. Hy is mei Salmink op reis.'
âno, dan wit hy tongersdei yn alle gefallen wat der geande is. As der nijs is skilje ik wer,' sei er.
It wie net in bûtengewoan drokke dei en dat wie mar goed ek, tocht er. It wie in toer om de holle by it wurk te hâlden. Hy gong goed op tiid nei hûs, even yn 'e krante sjen, ite, dan in rêstich potsje skake by de klup, dat wie syn idee. Hy hie de jas noch net út as Gryt rôp út 'e keamer wei dat er Gelf Welling skilje moast.
'Hie it haast?'
'Hy sei fan al. Foar seizen, as it koe.'
Hy gong nei boppen om wat frijer prate te kinnen, jo wisten mar net wêr't it oer gong. Gelf frege oft er dy jûn op 'e klup kaam, want hy woe beslist mei him prate. It koe gjin útstel lije, sei er. Iede sei dat er op tiid nei de klup gong.
'Einliks gong ik it leafst hielendal net te skaken, mar sochten we earne in plak om rêstich te praten,' sei Gelf.
Iede suchte djip, yn 'e telefoan.
'Hast in minne dei hân, tink,' sei Gelf.
'Och, soms ha jo soks. Ik hie my taret op in pear noflike potsjes, net te dreech, net te lang.'
'Ik wit der alles fan,' sei Gelf. 'Mar ik moat it der beslist mei dy oer ha.'
Se praten ôf dat se om healwei achten op de klup fierder sjen soene. Doe't Iede de hoarn dellein hie gong him even troch de holle oft Gelf wat bedoeld hie mei syn: ik moat it der mei dy oer ha. Mar hy fergeat it fuort wer.
Ienkear op de klup wie er dochs nijsgjirrich nei wat Gelf te melden hie. Se praten even mei de foarsitter, se diene beide in gûne yn de boetepot. Doe fûnen se in stil plak yn de hal fan it hotel, dêr't Iede earder mei Jan Hoekstra sitten hie.
'Ik ha fan 'e moarn ien op besite hân dyst do ek kenst. Frits Voogd.' Hy seach Iede oan, mar dy liet neat blike.
'Dy man is yn grutte noed, Iede.'
'Ja. Ik sjoch it oan en ik wit net wat ik der oan dwaan kin. Juster ha kollega Hurkmans en ik lang mei him praat en wy ha beide gjin idee oft dat wat oplevere hat. Wy binne bang fan net.'
'Ik moat dy earst noch wat útlizze,' sei Gelf. 'Ik ha my te hâlden oan myn amtsgeheim. Wat de minsken my tabetrouwe mei ik mei gjinien oer prate. Allinne as se my spesjaal freegje om mei dy of dy te praten, dan moat ik dat dwaan, mar dan moat ik noch hiel foarsichtich wêze. Net mear sizze as nedich is. Ast do my dus wat fregest sil ik dy miskien gjin antwurd jaan kinne. Do hoechst fansels ek net mear te sizzen ast kwyt wolst.'
'Ik bin net sa bûtengewoan nijsgjirrich,' sei Iede.
'Okee. Voogd hat my mei klam frege dat ik mei dy prate moast.'
'Mei my? Sa fertroud binne hy en ik net mei elkoar.'
'Miskien is it myn eigen skuld,' sei Gelf. 'Hy neamde dyn namme en hy wist datst do by myn broer yn Reasyl wei kaamst. Ik sei dat ik dy tafallich koe fan de klup. Doe't er dat hearde woe er dat ik mei dy prate soe.'
Gelf fertelde dat Voogd oant trije jier lyn yn Speint wenne hie. Hy siet doe net mear yn it hek mar earder hie er amtsdrager west. Hy wie nei Trie ferhuze nei't syn frou stoarn wie. Dêr hie er him foar hast al syn eardere kunde ôfsluten. Gelf hie tuskentroch wol heard dat it him net goed gong mar hy wie kjel wurden doe't er him fan 'e moarn melde. Voogd hie einliks twa problemen, sei Gelf. As nei in minne nacht de drank útwurke wie kaam der skuldgefoel. Hy tôge der mei om dat er ferskate minsken tekoart dien en ferret hie. Gelf hie fansels sein dat elk op dizze ierde dat gefoel wol ris hie mar dat jo ek wol ris tinke mochten oan de dingen dy't jo goed dien hiene. Hy hie goed op frou en bern past, tsjerklik aktyf west, syn plichten dien. De standert antwurden.
'Doe sei er, dat wie neat yn fergelyk mei wat er Zwier Baakman oandien hie. Hy woe earst net sizze wat. Hy sei, Baakman hat mear as tritich jier myn baas west. Nea in freon, mar hy hat my ek nea sitte litten.'
'Earst net, mar hat er letter al sein wat it wie?'
'Ja,' sei Gelf. 'En dat kin ik dy net sizze.'
âno, dan wit ik no krektlike folle as ik al wist,' sei Iede. 'Earlik sein, ik bin siik fan al dy heale dingen dy't op my ôfkomme. De iene nei de oare kletst tsjin my oan, fertelt my dit en dat, en as ik freegje wat er werklik bedoelt, dan sizze se, dat giet te fier. Mar likegoed ferwachtsje se dat ik my yn harren problemen bejou. Dyn broer Piter. Baakman. No Voogd wer. Se ha it allegearre oer Theo Salmink dy't de duvel yn minskestal wol liket. Wat ha ik mei dy swierrichheden te krijen? Tinkst dat ik net genôch oan mysels ha? Ik moat sels ek in pear dingen yn it lykwicht hâlde. Ik doch myn wurk, ik besykje mei elkenien yn frede te bliuwen. Dus as Voogd dy freget om mei my te praten, dan wol ik presys witte wat der te rêden is. Oars kin er opfleane.'
'Ik tink datst gelyk hast,' sei Gelf. Hy tocht nei.
'Kin ik der wis fan wêze datst ... Nee, dat mei ik dy net freegje. Ik sil it dy sizze, omdat ik dy fertrou. Dan silst ek begripe dat ik earst wifele.'
Hy fertelde, hiel sunich. Iede knikte no en dan mar liet him útprate. Doe't Gelf klear wie, sei Iede dat it allegearre yn it plaatsje paste. Hy sei net dat er it foar him hâlde soe, dat moast Gelf mar stilswijend oannimme.
âno't ik it dy útlein ha tink ik dat Voogd dat einliks ek woe. Hy doarde it sels net tsjin dy te sizzen,' sei Gelf.
'Ik begryp net wêrom Voogd dit ferhaal oan my kwyt woe. Spesjaal oan my, bedoel ik. Wy binne gjin freonen. Hy hat grif fernommen dat ik him einliks skouderje. Hy fertrout gjin minske, mar my seker net.'
'Voogd seit datst do de ienige bist dy't miskien noch by steat is om Salmink op te kearen.'
'Wêrom ikke?'
'Omdatst do werklik ferstân fan sifers hast. Hy tinkt dat Salmink dingen docht mei jild dêr't allinne in tige krityske rekkenmaster fet op krijt.'
'Dêr hawwe wy akkountants foar,' sei Iede.
'Dat ha ik ek sein,' sei Gelf. 'Doe sei er dat de akkountants fan Baakman al jierren stront yn 'e eagen hiene, dy seagen nea wat. Dat wist er út eigen ûnderfining.'
âno, dat is teminsten wat. Mar wêrom seit dy man dat net tsjin mysels?'
'Dat hat er my ferteld,' sei Gelf. 'Hy wie net wis fan dy. Hy tocht datst do himsels de skuld jaan soest. En hy wie der as de dea foar datst do dy tsjin Salmink of de akkountants oer ferprate soest.'
'Ik tocht oars dat ik wol in geheim bewarje koe.' Hy hold ynienen op. Hy hie it sa mar sein, om oan te jaan dat er it heard hie. Hy hope dat Gelf net tocht dat er dêr Harmke mei bedoelde. Gelf die gelokkich oft er it net heard hie. Letter tocht Iede, hy koe, as dominy, net oars as dwaan dat er nea wat heard hie. Hy hie op 't lêst gjin inkeld foech om Iede it leksum te lêzen.
'Sille we mar ôfrekkenje?' sei er tsjin Gelf.
'Ik bin der noch net,' sei dy.
ânoch mear earmoede?'
'Ik bin bang fan wol, Iede. It spyt my foar dy. Do sitst der yn sûnder datst it helpe kinst. Ik wol dy yn alle gefallen fertelle wat ik hear, as it even kin.'
Iede luts de skouders op. Der wie dochs neat oan te dwaan. Hy wonk in ober en frege om in buorrel. Gelf bestelde fris.
'It is hast net te leauwen, Iede. Mar it is dochs wier. Ik hie Frits Voogd om healwei ienen de doar útprakkesearre en we sieten te iten, doe skille Zwier Baakman. Ik sei dat ik him nei iten werom skilje soe. It waarmiten is de ienige tiid dat ik der allinne foar myn húshâlding bin, behalve by in stjergefal. Mar goed, ik skille werom en hy woe graach even mei my prate, sei er. Ik tocht dat it oer it plakje gong dat ynkoarten yn Trie frijkomt. Der is my al ris yn it ear flústere dat ik miskien op in berop rekkenje mei, dat in praatsje mei Baakman koe gjin kwea, tocht ik. Baakman is hjir in man fan kwizekwânsje. En de gemeente fan Trie is op 't lêst trije kear sa grut as dy yn Speint. Dus ik ferskode in fergaderinkje en om healwei trijen kaam Baakman.'
De ober brocht de fertarringen en Gelf wachte even.
'Hy prate hielendal net oer tsjerklike saken, behalve doe't er de jas al wer oan hie. Hy kaam mei presys itselde boadskip as Frits Voogd. Op ien of oare manier hat er heard dat do en ik elkoar goed kenne. Hy sei dat er in pear jier lyn in man binnendoar krigen hat dy't in bedriging is foar syn hiele ûndernimming. En datst do de ienige bist dy't dat noch opkeare kin. Ik ha him sein dat Voogd my dat dyselde moarns ek al ferteld hie. Hy woe witte oft dy wat oer himsels sein hie. Ik ha antwurde dat ûnder myn amtsgeheim foel. Dat wie goed, sei er.
âno, ik tocht, wat noch mear. En doe waard de grutte Baakman even swak. Ik kin him al in jier as fiif. Altyd behearske, nea it oersjoch ferlieze, wis fan himsels. Hy sei dat dy Salmink syn ûndergong wurdt, dat alles wat er opboud hat, de saak, syn maatskiplike posysje, yn noed stiet. Ik sei, dan jouwe jo dy man dochs in flink bedrach dat er fuort giet. Mar neffens him giet it Salmink no noch net om jild. Hy is noch jong, noch gjin fjirtich. Salmink wol earst macht. Hy wit dat as er macht hat, dat it jild dan fansels op him ôf komt.
'Baakman is der mei oan. Hy komt der net oer gear om maatregels te nimmen. Hy doart Salmink net oan te pakken. Hy hopet datst do noch in útkomst witst.'
'Dêr moat er net te folle op rekkenje,' sei Iede. 'Ik kin as ienfâldich boekhâlder net mear as nei de siferkes sjen. En hy wit skoan dat ik noch altyd gjin tagong ha ta alle boeken. Salmink keart dat op. En dêr docht Baakman neat oan. Wat ferwachtet er dan fan my?'
'Miskien in wûnder,' sei Gelf. 'Afijn, nei in skoftsje waard Baakman himsels wer wat. Hy sei dat er syn bêst dwaan soe om dy te stypjen mar dat syn eigen hannen bûn wiene. Ik moat dy earlik sizze dat er my slim ôffallen is. Ik ha altyd tocht dat it in man wie dy't troch it sterk gong, as dat moast.'
Iede tocht in skoft nei. Dit hiele ferhaal fan Baakman hold foar him gjin nijs yn. Hy woe einliks nei hûs.
'Sil ik mar ôfrekkenje?' frege er.
ânoch even,' sei Gelf. Hy bestelde no ek in buorrel.
'Baakman hat it ek noch oer Piter hân. Hy fertelde dat Piter no yn Trie sit, dat wist ik trouwens wol. Hy skynt der net folle nocht oan te hawwen. Doe frege er ynienen oft ik einliks tefreden wie mei de priis dy't ik foar myn part yn de saak krigen hie. Ik sei, jawol, oars hie ik dochs net tekene? Hy sei, jo ha nochal wat minder krigen as Piter, net? Ik sei ja, want ik tocht dat dat Piter ta kaam. No ja, sei er doe, it giet my fierder net oan. Ik sei, no moatte jo my al fertelle wat jo bedoele want jo sizze dat net samar. Hy sei, nee, dat is sa. It giet net sa goed mei Welling yn Reasyl. Der wurdt hielendal gjin winst makke. En neffens him wie dat al sa doe't ik noch in oandiel yn 'e saak hie.
'Do wist hoe't it gongen is, Iede, do kenst it kontrakt. Piter hat twa kear de winst ekstra krigen. Hat er my oplichte?'
Wylst Gelf noch oan it praten wie fielde Iede dy lêste fraach al oankommen. Dy fraach hie er seis moanne lang al bang foar west. No't it safier wie, wie er suver ferromme.
'Ja,' sei er. 'Piter hat dy foarliigd oer de winst. Der wie gjin winst.'
Gelf sei: 'Ik nim oan datst do der net oer praat hast omdatst fûnst dat it dy net oangong.'
ânee, dêrom net. Ik hie it fuort tsjin dy sizze moatten, dat is wier. Mar ik woe sels mei Piter ôfrekkenje. Ik woe him twinge om it sels op te bychtsjen. Do silst my wol net leauwe.'
'Ik leau dy wol. Wêrom net? Ik fyn it net iens saân healwiis idee,' sei Gelf. 'Hoe woest dat dwaan?'
'Wit ik net. Ik wachtsje op in kâns. As dat net slagget moatte wy him mar mei ús beiden pakke. Teminsten, ast dat wolst.'
De ober kaam en sei dat it tiid wie. Se rekkenen ôf. Op strjitte namen se ôfskie. Iede rûn nei hûs, djip yn gedachten. Wat soe de dei fan moarn, woansdei, bringe? Hy hie de hope ferlern, dat er de swierrichheden fan it foargeande jier kwyt wie. It wie der allegearre wer, en hy seach oankommen dat ynkoarten in mennich dingen ta klearrichheid komme soene. En ynienen begrypte er dat er net langer besykje moast om der omhinne te krûpen, om ôf te wachtsjen. Hy moast sels yn 'e slach gean, sadree as dat nedich wie.
EIN fan Haadstik 12.
Fierder nei Haadstik 13.
| Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT |