Roman
Haadstik 13.
De oare moarns om njoggen oere skille Salmink. Hy wie der wer, sei er, koe Iede even komme?
'Ik ha mei Zwik ôfpraat dat hy fan 'e moarn nei Reasyl giet om de boekhâlding oer te nimmen fan Harmke Vigon.'
'Dat hiest wol ris earder tsjin my sizze mocht,' sei Iede.
'Do soest yn Reasyl komme en dan soene we der oer prate. Mar ik ha dy nea sjoen, dat dan moat it sa mar.'
'Ik nim gjin sifers fan Zwik oan.'
'Do krijst gjin oare. En ast do fynst datst net meiwurkje wolst, dan is der foar dy hjir gjin plak mear.'
Iede draaide him om en rûn de keamer út, streekrjocht nei Baakman syn kantoar.
'Menear Baakman is der hjoed net,' sei de sekretaresse. 'Hy is nei in gearkomste, earne yn Amsterdam.'
'Wêre? Wat is it telefoannûmer?' De frou socht it op en skreau it op in kladsje.
'Swierrichheden, Iede?'
'Ja. Besykje Baakman te pakken te krijen. Ik moat him beslist ha. Ik besykje it sels ek. As ik net op myn eigen keamer bin, draai dan Hurkmans.'
Hy draafde nei Hurkmans.
'Mels. Ik ha in probleem, mei Salmink. Ik moat Baakman ha, dy is ûnderweis nei Amsterdam. Wy binne him oan it sykjen. It is oarloch. Mei ik dyn telefoan brûke?'
'Fansels. Kin ik wat dwaan?'
'Even wachtsje.'
Hy skille Harmke en fertelde har hastich wat er heard hie. Se wist fan neat. Zwik hie him noch net melden.
'Wat moat ik dwaan?'
'Moatst mar sjen. As it op fjochtsjen oankomt witst do folle better as my watst dwaan moatst. Ast my hjir skilje wolst en ik bin der net, freegje dan nei Hurkmans.'
'As ik dit sa oanhear, dan tink ik dat Frits Voogd gelyk hie, moandei,' sei Hurkmans droechwei, op 'e achtergrûn.
'Ik sil it dy even útlizze,' sei Iede.
Twa minuten letter sei Hurkmans:
'Dy ûntslaan? Hoe hellet er it yn syn harsens. Wachtsje even.'
Hy rôp oan it fanke. 'Helje daliks Groot Koerkamp en Tekelenburg op.'
De mannen kamen der yn. Hurkmans fertelde wat Iede him krekt sein hie. Groot Koerkamp en Tekelenburg wisten neat fan wat der allegearre geande wie en Hurkmans lei it harren út, safier as it nedich wie.
'Ik tink dat we it fuort mar even regelje moatte,' sei Hurkmans. 'Kom mei.'
Se stapten mei harren fjouweren Salmink syn keamer yn. Dy siet te skiljen. Hurkmans ferbruts de ferbining.
'Ien minút. Iede is ús boekhâlder en dat bliuwt er. As dat dy net nei it sin is, dan giest do der út en hy net. Begrepen?'
'Ik tink dat jimme net begripe wat jimme oan it dwaan binne,' sei Salmink, ûnferslein. 'Wat jimme oproppe.'
'Ik freegje ast my begrepen hast, en wy wolle no antwurd. Ja of nee.'
Salmink glimke. 'Under liiflike bedriging kin ik net oars, wol?'
'Do kinst it krije sa'st it ha wolst,' sei Hurkmans. Hy rûn nei de doar, wonk de oaren dat se him foargongen, stapte der út en die de doar sunich ticht. Werom op Hurkmans syn keamer sei Groot Koerkamp:
'Wat bedoelt er, Iede, dat wy net witte wat wy oproppe?'
'Ik sil it wol even sizze,' wie Hurkmans him foar. 'Iede hat it my útlein. Salmink tinkt dat hy Zwier Baakman ôfparsje kin mei in pear dingen dy't er ris heard hat. Dy koe er bekend meitsje. En dêrom tinkt er dat Baakman Iede falle litte sil as hy dat freget.'
'En wat bart der no?'
'Dat wit ik net,' sei Hurkmans. 'En it kin my ek neat skele. As er mar fan Iede ôfbliuwt.'
Iede sei: 'Wy binne no alderearst dwaande om Baakman te pakken te krijen. Dan hearre wy wol wat dy der fan seit.'
Tekelenburg en Groot Koerkamp gongen werom nei harren keamers. Iede bleau noch even stean.
'Mels, ik moat dy wat sizze. Justerjûn hat ien my ferteld wat it is, dêr't Salmink Baakman mei driget. En ik bin bang dat it foar him werklik in slim ding is, as dat bekend wurdt. Ik kin my yntinke dat Baakman dêr benaud foar is. Mar ik fiel my op dit momint net frij om it oan dy te fertellen. Behalve ast seist datst it beslist witte wolst.'
'Hie Salmink it fan Voogd heard?'
'Fia. Mar ik ha it fan in oar heard.'
Se seagen elkoar oan, doe sei Hurkmans dat Iede sels mar útmeitsje moast wannear er mear fertelle koe.
Iede soe nei syn eigen keamer doe't Baakman skille.
'Wat is der geande? Ik ha it net lang oan tiid.'
Iede sei dat er op 'e keamer fan Hurkmans siet, oft it goed wie dat dy meilústere. Hy fertelde wat Salmink sein hie, dat er mei ûntslach drige wie en wat de mannen fan 'e stêf dien hiene.
'Wat is der yn Reasyl bard?'
'Ik ha noch neat heard,' sei Iede. 'Ik ha it oan Harmke Vigon oerlitten wat se dwaan moat.'
'Goed. Mei ik Hurkmans even?'
Iede hearde dat Baakman tsjin Hurkmans sei dat se dochs foarsichtich wêze moasten. Dy gong der net op yn en sei allinne mar dat der grinzen wiene. Doe't er dellei sei er:
'As it hjir yn 'e hûs wie soe ik him ûnderhannen nimme. De telefoan is dêr net geskikt foar. Wat is dat yn 'e goedichheid mei Zwier? Is it sa slim?'
'Ut himsels net, fyn ik, mar foar him al, yn syn posysje. Nim dat even fan my oan.'
Iede rûn lang om let nei syn eigen keamer. Underweis seach er even yn it magazyn oft Voogd der wie, mar it buro wie leech. Nammenste better, tocht er. Kin Salmink him teminsten net pleagje. Op syn eigen keamer seach er nei it parkearfjild. Salmink syn auto wie der net mear.
Hy siet in skoft mei de holle yn 'e hannen. Der wiene wat punten dy't winlik ôfhannele wurde moasten, se leine op syn tafel, mar hy kaam der net oer gear. It duorre oan alven ta ear't Harmke skille.
'Zwik hat my sakrekt opskille. Hy sei dat er net komme koe. Ik sei, hiest do hjir komme sild om de boekhâlding fan my oer te nimmen? Hy sei ja, mar de holle stiet my der net nei. Hy wie de rest fan 'e dei ûnberikber, sei er, as ien nei my freget sis dan mar dat ik pine yn 'e mûle ha. Ik sei, wannear komst dan al? Dat hinget der fan ôf, sei er, ik wit it noch net. En dat wie it, mear sei er net, behalve dat ik gjin soarch ha moast.'
âno, dat is freonlik fan him,' sei Iede. Hy die har ferslach fan wat der yn Trie allegearre foarfallen wie.
'Op it momint kinne we oars net dwaan as ôfwachtsje. Salmink is niis fuortriden. Hast kâns dat er ûnderweis is nei Reasyl, mar ik tink earder dat er nei Reinwerd giet. Dan sil Zwik it foar de kiezzen krije.'
Se lake. 'En dy stumper hie al saân pine yn 'e mûle. Ast it my fregest, dan tink ik dat Zwik werklik net op 'e saak is. Mar alles is mooglik. Miskien stiet er hjir ynienen dochs noch foar de doar, mei Salmink. Ik bin benijd.'
'Ik woe dat ik it dy besparje koe,' sei er.
'Hoe sa,' rôp se. 'Wêrom gunst my net wat spanning en sensaasje? Tochtst dat se samar oer my hinne rinne?'
'Ei nee. Ik leau earder datst do dy yn 'e hannen wriuwst.'
'Rekkenje dêr mar op.'
Der barde dy deis neat mear en winlik foel dat Iede wat ôf. Hy stie op skerp. Hy wie der wis fan dat Salmink dizze opstopper net foarbygean litte soe. Mar dy liet net mear fan him hearre. Baakman skille om ien oere en noch in kear tsjin fiven. Harmke hie ek gjin nijs mear. Tsjin de ein fan 'e middei kaam Hurkmans noch even lâns.
'Ik ha der nochris oer tocht,' sei er. 'Wy moatte besykje om Zwier Baakman bûten de fjoerliny te hâlden. It is it bêste dat wy en hy it foarkomme litte dat wy him oeral bûten litten ha. Wat fynst do?'
'Hast gelyk. Sil ik him jûn skilje?'
'Lit my dat mar dwaan,' glimke Hurkmans. 'My kin er dochs noch wat langer as dy. Kinst do neat oan dwaan, hear.'
'Betanke.'
'Ik doch it. Wat oars. Do hast my fansels nijsgjirrich makke. Wat der mei Zwier west hat sil ik dy no net freegje. Mar it wie slim, seist do. Hoe slim? Sis ris earlik, as ik it wist, soe ik my dan fan him ôfkeare?'
'Ik bin wis fan net. Hy hat net in moard begongen. Hy hat him ris in kear fersind, hiel lang lyn. Foar ús tiid.'
Hurkmans seach him in skoftsje oan. Hy gniisde.
'En Salmink hie it fia Voogd heard, seiste? Ik leau datst my in idee jûn hast. Twa en twa is fjouwer. Wês net bang, gjinien sil oait wat fan my hearre.'
Hurkmans gong der út. Iede bleau noch in skoft sitten, lilk op himsels dat er dochs mear sein hie as er fan plan west hie.
De oare moarns seach er geregeld it finster út oft Salmink syn auto der miskien wie, mar dy kaam net. Dy fan Baakman seach er ek net. Hy rûn even nei Hurkmans. Dy hie yndied de jûns noch mei Baakman praat, en him oanret om de lêste dagen fan 'e wike ûnberikber te bliuwen.
'Hy fûn it in swier stik, mar op 't lêst hat er fan my oannommen dat dat de wiiste wei wie,' sei Hurkmans. 'Wy moatte him fansels wol fan alles op 'e hichte hâlde.'
Op it program stie dat Zwik komme soe mei de lêste sifers fan Reinwerd. Iede ferwachte him net mar om healwei tsienen kaam Zwik der yn. Hy wie yn syn gewoane dwaan, selsbetrouwen by de rûs. Se diene beide oft der him bûtengewoans ôfspile hie, de lêste fjouwerentweintich oeren. Zwik presentearre syn sifers. Se praten der in skoftsje oer, Iede frege wat en Zwik hie de antwurden. It wie allegearre yn 'e oarder.
'Okee, dat is it dan sawat. Hast fierder noch wat spesjaals, in rabberijke miskien, ek nea wei?' frege Iede. Yn de ôfrûne tiid wiene se op do en dy oergongen.
'Ast it in dei oan tiid hast?' Der wie wat yn de stim fan Zwik dêr't Iede opfoel. Net it gewoane, wa docht my wat lûd, mar earder freegjend.
'Ik ha alle tiid.'
'Juster hie ik yn Reasyl wêze moatten.'
'Pinemûle, ha 'k heard,' sei Iede.
Zwik gniisde. 'It is wer hielendal bekomd, hear.'
'Gelokkich.'
'Ik hie tiisdei al tsjin Theo sein dat ik it net in goed idee fûn. Hy sei dat ik it besykje moast.'
'Besykje?'
'Ja. Do snapst dochs dat hy de frije hân ha wol, yn Reasyl? Dy Harmke is him fierste skerp. Hy wol har kwyt en hy sil har kwyt. Is it no net, dan in takomme kear. Mar ik hie der net saân sinne oan.'
'Wêrom net?'
'Ik wie der net wis fan dat Harmke my de romte jaan soe. Ik ha ferline jier in jûn mei har sitten te praten. It is in skat fan in frommes, mar ik tink dat se net sa noflik is, ast besikest om har fan har stoel te triuwen. Miskien liet se my der gewoan útsmite, tocht ik.'
Iede lake. 'Dêr hiest grutte kâns op. En as Theo Salmink der by west hie, dan dy fuort ek.'
Zwik seach Iede in skoftsje oan, hifkjend. Doe die er de stap oer de drompel.
'Ik wit net oft ik Theo Salmink noch langer op al syn wegen folgje wol.'
Foarsichtich, tocht Iede. Dit is syn earste wurd dat er ôfstân nimt. No net de boel bedjerre.
'Wat bart der no fierder?'
'Ik wit it net,' sei Zwik. 'Ik ha noch gjin kontakt mei Theo hân. Of lit my sa sizze: hy hat noch gjin kontakt mei my hân. Ik bin benijd wat er sizze sil.'
'Wêr sit er hjoed?'
'Ik tocht dat er nei Reasyl soe.'
'As er dêr ferskynd wie, hie ik it al heard,' sei Iede.
Se seagen elkoar in skoft oan. It soe my wat wurdich wêze as ik dyn gedachten lêze koe, tocht Iede. Mar Zwik liet neat mear los.
'Ik ha in pear dagen fan hûs west,' sei er. 'Ik tink dat ik de boel yn Reinwerd mar ris wer yn 'e hân nimme moat.'
'Goede reis.'
'Dat komt wol goed. Trouwens, ast ferlet fan in praatsje hast, skilje my dan,' sei Zwik. 'Yn Reinwerd stean ik foar dy klear.'
Doe't er de doar út wie betocht Iede dat Zwik him ûntbean hie om yn Reinwerd fierder mei him te praten.
Hy skille Harmke oft Salmink noch boppe wetter komd wie, yn Reasyl. It wie net sa. Se fertelde dat hy al skille hie, neffens de sekretaresse út Hamburg wei. Hy hie sein dat er it drok hie, dat er fan 'e wike net mear kaam. Iede fertelde dat Zwik der west hie en dat se ek even oer har praat hiene. En dat it der op like dat Zwik oan it twiveljen wie oft er gjin ôfstân fan Salmink nimme soe.
'Dat is alle nijs, foar it momint,' sei er. 'It is my ek genôch foar in wike.'
'It is noch mar tongersdeitemoarn,' sei se. 'Der kin noch fan alles barre. Wa wit wat dy noch boppe de holle hinget.'
'Meist my de gek net oanstekke. Ik ha se allegearre al hân, fan 'e wike. No ja, op Piter Welling nei, mar dêr hear ik hast nea mear wat fan.'
'As ik him sjoch stjoer ik him nei dy ta.'
Om healwei fiven dy middeis, doe't Iede al risselwaasje makke om nei hûs, skille Piter.
'Ik bin op 'e saak, Iede. Hast noch tiid foar in lyts praatsje, ear't we nei hûs geane?'
Iede naam syn tas en jas en kuiere nei Piter syn keamer.
ânoch wat bûtengewoans hân, fan 'e wike?'
'Och, it skarrelt,' sei Iede.
'Salmink is der net, leau 'k.'
'Hjoed net, juster wol.'
'Wêr sit er dochs, al den tiid?' frege Piter.
'Dêr tink ik net om. Mar ik hearde dat hy moandei en tiisdei yn Frankryk wie. Juster hat er hjir west. Fan 'e moarn skille er út Hamburg wei.'
Piter glimke mei in skeane mûle. 'Do silst wol net witte wat er dêr docht.'
ânee,' sei Iede. 'Dêr ha ik gjin sicht op.'
'Ek net as ik dy sis dat it om hiel grutte hannel giet?'
'Ik ha gjin foech om myn direksje te kontrolearjen, hokker saken as dy mei dwaande binne.'
'En as er ynienen in protte jild nedich hat?' frege Piter.
'Dan sil er dat by de bank regelje en dêr krij ik fansels berjocht fan.'
'Hy kin it miskien earne oars liene. Dan witst do der neat fan, teminsten, as er it dy net fertelt.'
'Sa't ik sei,' antwurde Iede. 'Ik skriuw op wat op my ôfkomt. Wat ik net sjoch of hear, of wat ik net betinke kin, dêr kin ik net foar.'
'Salmink kin dat trouwens ek yn Reinwerd regelje, by Knol,' mimere Piter, de eagen heal ticht. 'Dêr sjochst do net safolle fan, wol? Dat hâldt dy Zwik dochs by?'
Piter is wer oan it warskôgjen, tocht Iede. Hy wol wat, en hy besiket my te brûken. Mar hy hie gjin sinne mear oan omslach.
'Piter, do hast wat op dyn lever. Ast wolst dat ik der wat mei doch, fertel my dan wat der te rêden is.'
Piter makke gjin beweging, hy bleau sitten sa't er siet.
'Ik kom minsken tsjin, dy sizze dat Salmink soms hiel grutte kontrakten ôfslút. Miskien wol grutter as ferstannich is foar Baakman BV. Ik ha wol ris tocht, soe Baakman sels goed genôch yn 'e rekken ha wat der omgiet? Spesjaal yn Reinwerd? Wat tinkst do?'
'Ik tink neat, salang as ik neat wit,' sei Iede. 'Wat foar kontrakten, Piter? Hast in namme, in bedrach?'
'Der wie praat fan in kontrakt mei Webermetall foar tried, dizze moanne yn Hamburg te leverjen, wearde tweintich miljoen mark.'
'Dat is in hiele protte jild foar ús bedriuw,' sei Iede.
'Dat like my al sa ta,' mompele Piter. 'Miskien kinst der wat mei, ast ris wer yn Reinwerd komst.'
Hy glimke en Iede glimke werom. Se wisten allebeide dat Iede noch nea in foet oan 'e grûn krigen hie yn Reinwerd. No joech Piter him in hâldfêst dêr't er Zwik op oansprekke koe. Hie Piter soms heard dat Zwik miskien de mûle wolris iependwaan woe? Mei Piter wisten jo it nea. It koe ek neat skele, tocht Iede.
Foar alle wissichheid skille er dy jûns noch even mei Harmke.
'Sei de frou net dat Salmink fan 'e wike net mear kaam? Net yn Reasyl of nearne mear?'
'Dat wit ik net,' sei se. 'Mar wachtsje moarnier even oan tsienen ta, dan wit Zwik wol oft Salmink noch yn Reinwerd komt of net. Zwik hat der gjin belang by dat Salmink him trappearret ast do by him yn Reinwerd bist. Do seist dat hy oer de drompel stapt is en ik leau dat wol. Ik tink dat hy earliker is as er liket. Net omdat er der sokke hege ideeÎn op neihâldt mar omdat er oankommen sjocht dat er mei Salmink yn de swierrichheden rekket.'
'Ik woe datst do der by wêze koest. Kinst net in taksy nimme en moarntemiddei yn Reinwerd komme?'
'Do kinst it sels wol. En trouwens, we binne der noch net, tink ik. As it nedich is kin dat altyd noch.'
De oare moarns, goed tsien oere, skille er Zwik.
'Ik skilje dy strak werom,' sei dy. 'Ik moat even wat dingen neigean.'
Om healwei tolven skille er wer.
'Ik bin net hielendal wis. Mar kom mar. Ik sjoch wol.'
Iede sei op 'e boekhâlding dat er om persoanlike belangen fuort moast. Hy ried yn de auto fan 'e saak nei hûs en naam de Peugeot om net op te fallen. Yn Reinwerd ried er earst in kear rêstich lâns it kantoar fan Knol. De auto fan Salmink seach er net.
Zwik fong him yn 'e hal op.
'Ik seach dy oankommen,' sei er. 'Ik bin der net wis fan oft Theo net komt. Mar it is foar ús beiden better dat er ús net sjocht.'
Hy sei tsjin de frou dy't yn 'e hal om 'e doar tocht dat se him daliks warskôgje moast as Salmink der yn kaam. Se rûnen nei in keamer achteryn it gebou mei twa doarren. As ik sis, fuort, sei Zwik, dan giest as de wjerljocht dy gang yn. Do joust dy mar del, ik helje dy op as de kust frij is. Iede betocht dat it hielendal net by dy bretale Zwik paste, dat dy sa op syn hoede wie.
'Wat kin ik foar dy dwaan?'
'Der is wat op my ôfkomd dêr't ik kjel fan wurden bin. In transaksje foar tweintich miljoen mark by Webermetall yn Hamburg.'
Zwik begong te laitsjen. 'Dus Piter Welling begjint pine yn it liif te krijen?'
'Pine yn 't liif?'
'Ja, wat tochtst? Oars soe er der dochs net tsjin dy oer prate?'
Iede skodde de holle. 'Dit giet my allegearre wat te fluch. Kinst it even útlizze?'
'It is hielendal net sa yngewikkeld, ju. En it is ek net bûtengewoan. Foar Theo Salmink alteast net. Hy spekulearret al jierren yn tried. Dizze kear giet it om wat mear as gewoanwei, mar hy hat no ek in maat. Piter. En der sit nochal wat beweging yn 'e prizen, dat Piter sil wol senuwachtich wurden wêze.'
'Hat Piter der jild yn stutsen?'
'Ja, fansels. Tochtst dat Theo him meidwaan liet út woldiedigens? Neffens my hat Piter der in miljoen ynstutsen.'
'En as it misrint is er dêr in pear ton fan kwyt,' sei Iede.
Zwik gniisde. 'As it goed misrint is er it allegearre kwyt,' sei er.
'Mar dat jildt dan dochs ek foar Salmink?'
'Tochtst dat werklik? Kinst Theo no noch net? Sjoch, ik sil it dy even útlizze, do hast leau 'k gjin idee hoe't dy hannel yn elkoar sit. Ast dêryn meidwaan wolst, dan moatst elke kear in garânsje stoarte. Soms fiif persint, soms tsien, dat hinget fan it ferrin fan de prizen ôf. Yn dit gefal ha Piter en Salmink beide in miljoen stoart. Mei harren beiden dus twa miljoen, fiif persint fan fjirtich miljoen.'
'Piter hie it oer tweintich miljoen,' sei Iede.
'Kloppet. Theo hat fuortdaliks de helt fan it kontrakt wer ferkocht en syn part fan de garânsje wer ophelle.'
Iede seach Zwik ferbjustere oan. 'Dus no stiet Piter allinne foar de noed as it misrint?'
'Ja,' sei Zwik. 'Moai, net? As se winst meitsje diele se dy earlik en as der ferlies út komt draacht Piter dat allinne.'
'Dat is in skandaal.'
'Seker,' knikte Zwik. 'Mar do hast dochs gjin meilijen mei Piter, wol? Hy woe dochs gau even in protte jild fertsjinje? Yn in hannel dêr't er neat fan wist. Mei in maat dêr't er fan wist dat dy nearne tsjinoan sjocht.'
'Mar hark ris,' sei Iede. 'Dit is fansels gjin gewoane manier fan dwaan, wat Salmink docht. It is bedroch, klearebare oplichting.'
'Jawis. Mar dit spilet yn Dútslân en Frankryk. En foar datst as bûtenlanner foar in rjochtbank dêre dyn jild werom easkje meist, is der net folle mear fan oer. En sa't it no stiet giet Piter it skip yn. Mar it kontrakt rint noch oant 'e ein fan 'e moanne. En de prizen fan tried binne in lotterij. It kin noch alle kanten út.'
'Mar oare kearen, seist do, spekulearre Theo Salmink foar syn eigen rekken. Dat moat him dan soms ek in protte jild koste ha, as it saân lotterij is.'
Zwik lake en skodde de holle.
âniis ha ik dy al frege ast Theo no noch net koest. Theo ferliest nea. Hy wint altyd. As er ferliest is it altyd foar in oar syn rekken.'
'Hoe dan, yn 'e goedichheid?'
Zwik hie de doar fan de keamer oan stean litten. De ôfstân nei de hal wie net grut en se hearden de frou achter de baly roppen: Dach, menear Salmink. Zwik skeat oerein, nei de twadde doar ta.
'Der út!'
Iede fleach de gong yn. Zwik smiet him syn jas achternei en die de doar fluch, mar foarsichtich ticht. Iede seach om him hinne. It wie in âld gonkje mei hechte mitsele muorren dêr't ien kant fan beraapt wie. De tsjinstelling mei de keamer dêr't er mei Zwik yn sitten hie wie grut. Yn de hiele foarein wiene de keamers weelderich ynrjochte. Dit oerbleaune eintsje gong wie noch lyk as doe't it kantoar fan it suvelfabrykje boud wie, santich jier lyn. Der wie in achterdoar mei in lyts rútsje boppe yn, mar dy siet op slot. Der wie gjin oare útwei. Ik sit yn 'e gefangenis, tocht Iede. Hy hearde even oan 'e doar mar Zwik wie net mear yn de keamer. Doe tearde er syn jas mar op en joech him der op del. Hy wie bang dat it wol even duorje koe. It duorre lang. Hy waard oan 'e bonken ta kâld. Tinke koe er ek net. Hy tocht der oer om de achterdoar der út te traapjen en te sjen wêr't er dan telâne kaam. Mar hy bewarre syn geduld.
Om healwei fiven ferloste Zwik him.
'Hast dy wat fermakke?'
'Ik ha oan fyftichtûzen ta teld. Dat binne de sinten dêr'st my in miel iten foar keapje moatst. Noch sûnder de drank, fansels.'
Zwik lake. 'It spyt my. Ik ha myn erflike bêst dien om Theo earder de doar út te krijen, mar it slagge net. Hast de kaai net fûn?'
'Kaai?'
'Hjirre,' sei Zwik. Hy rikte omheech, by de achterdoar. Hy wie in kop grutter as Iede. Dêr wie in richeltsje, dêr't in kaike op lei.
'Moai praat, ferdoarje,' sei Iede. 'Hoe hie ik dêr by komme moatten?'
'Dat moatst dyn heit en mem mar freegje,' sei Zwik. 'Do hast gelyk, do hast in min skoft hân. Mar Theo gong net earder fuort. Hy hat wakker skille en dien. Wolst leauwe, neffens my hat er in probleem. Hy hie ek in min sin. Dat hat er oars nea. Mar fan 'e middei hat er my de hûd folskeld dat ik net nei Reasyl west hie om Harmke der út te goaien. Dêr mei ik net oer.'
'O nee?'
'Lit mar. It is jammer dat ús noflik petear sa wreed fersteurd rekke is. En ik ha gjin tiid mear, en no liich ik net,' sei Zwik. 'Ik moat werklik fuort. De faam wachtet. Ik lit dy der út en wy prate ôf dat ik dy moandeitemoarn fuort skilje. Want der is noch ien en oar dêr't wy it oer ha moatte. En dat miel iten hâldst fan my tegoede.'
Iede hie der wat argewaasje oer dat Zwik die as wie hy de baas. Mar hy slokte it yn omdat dat op dit momint winlik ek sa wie. Zwik wie de ienige dy't him fertelle koe hoe't er fet op Theo Salmink krije koe. Dy kâns mocht er him net ûntkomme litte. Dan moast er by need Zwik syn oerhearskjend gedrach mar even oannimme.
Hy socht de auto op en ried nei hûs. Underweis tocht er oer Piter. Soe dy werklik safolle fan syn eigen jild yn Salmink syn hannen lein ha? Wie Piter sa ûnnoazel? Iede koe him wol oars. Piter liet him samar net in poat útdraaie.
Iede wie tenein. Der wie dy wike tefolle op him ôf kaam. Hy sette de âlde radio fan 'e Peugeot oan, en socht om in sender mei allinne muzyk. Foaral gjin praat mear, tocht er. Dan leaver de Havenzangers.
Nei iten skille er Baakman noch even. Hy fertelde dat er yn Reinwerd west hie en wat er heard hie oer it hâlden en dragen fan Salmink.
'Ik moat der oer neitinke,' sei Baakman. 'Wat betsjut dit foar ús?'
'Dat kin ik net oersjen,' sei Iede. 'Yn alle gefallen al dat Salmink en Piter Welling harren gedachten mear by harren persoanlike belang ha sille as by de saak. Mar fierder wit ik it net.'
Hy fertelde dat syn petear mei Zwik noch net ôfsluten wie. Oer syn iensume oeren yn it gonkje prate er mar net.
EIN fan Haadstik 13.
Fierder nei Haadstik 14.
| Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT |
![]() You are Visitor No:
|