TRIED


Roman

 

Haadstik 14.

It waard in fredich wykein. Hy en Gryt hiene it ryk allinne. Jikke wie in nacht by in pear ûndúdlike freondinnen yn Reasyl útfanhûs. Se kaam sneintejûns werom doe't er hast op bêd soe. Gryt lei al.
'Noch nijs yn Reasyl?'
'Och, it gewoane rabjen fan altyd. De iene seit dit en de oare fertelt dat. Einliks altyd oer guons dy't ik hast al fergetten bin.
' Hy fielde foar de wissichheid noch even oft de túndoarren op slot sieten.
'Gjin minsken dy't ik kind ha.'
Se seach him wat skean oan.
'O ja, fansels,' sei se. 'Do kinst alle Reasylsters dochs? Mar ik moast belove dat ik it net fierder fertelle soe.'
Hy wie syn wederwarichheden net kwytrekke, mar der siet beweging yn. En dat makke dat er der moandeitemoarns hast nei útseach hoe't it dy dei fierder rinne soe. Doe't er om healwei njoggenen syn kantoar ynkaam gong de telefoan al. Harmke.
'Ik skilje fan hûs. Doe't ik om acht oere by de saak kaam stie Salmink by de doar. Hy sei dat ik der net yn mocht. Ik seach Henstra en De Jong in eintsje fierder stean. Dy ha ik der by roppen as getugen en ik ha tsjin Salmink sein dat ik ree wie om myn wurk te dwaan. Hy sei, do kinst gean, en doe bin ik wer nei hûs fytst.'
'Ja, koest oars neat folle.'
'Wat dochst do no?'
'Dêr moat ik even oer tinke. Hast do in gedachte?'
'Ik tink datst do alderearst besykje moatst om ús bankrekkens te blokkearjen,' sei se. 'Ik kin dy de faksnûmers wol opjaan.'
'Dat is in hiele stap.'
'Do moatst sels mar besjen watst dochst. Mar ast it dwaan wolst moatst it al daliks dwaan.'
'Jou my de faksnûmers mar.'
Se hie se by de hân. Iede draafde der mei nei de keamer fan Baakman, mar dy wie der net. Harmke hie fansels gelyk, hy koe net langer wachtsje. Hy makke in koart bryfke dat er út namme fan Baakman ûndertekene. Hy fakste it nei de beide banken. It hie gjin rjochtskracht, dat wist er, mar de direksjes fan de banken wiene warskôge. Salmink soe yn alle gefallen net maklik jild opnimme kinne. Hy fakste in ôfskrift nei Salmink by Welling, dan wist dy dat it oarloch wie.
Wat kin ik fierder dwaan, tocht er. Dat Salmink Harmke de tagong wegere hie, dat koe er net oer syn kant gean litte. Noch mar in faks nei Salmink, dizze út eigen namme. Ik easkje dat jo Harmke Vigon fuortdaliks wer ta har wurkromte talitte en har fierder neat yn 'e wei lizze.
Hy siet in tweintich minuten letter op syn keamer doe't de sekretaresse fan Baakman him skille. Daliks komme. Yn syn keamer stie Baakman achter syn tafel.
'As jo ris wisten wat jo teweech brocht ha,' sei er. 'Dit moat ophâlde. Fan dit momint ôf geane jo yn jo keamer sitten en jo prate mei gjinien mear oant ik jo rop.'
Iede stie him mei de mûle iepen oan te sjen. Baakman seach der min út. Gewoanwei hie er in skier antlit mar no wie er read om 'e holle, mei reade eagen. Hy hie net sliept, de lêste nachten, dat wie him oan te sjen.
'Ik ha...,' begong Iede.
'Jo geane nei jo keamer en ik rop jo as ik jo nedich ha.'
It hie gjin doel en sis noch wat. Hy gong nei syn keamer en die de doar ticht. Ta syn eigen fernuvering wie er sa kalm as wat. Dit wie dus de ein. Strak soe er hearre dat er tsien minuten krige om syn eigen dingen by elkoar te garjen en it gebou te ferlitten. Salmink hie Baakman fansels skille. Baakman besocht, sa oerspand as er wie, om it lid noch op 'e tsjettel te hâlden. Hy moast syn bêst mar dwaan. Wat der yn dy tsjettel siet wie op 't lêst syn eigen ferline, mines net, tocht Iede. Ik ha besocht om him út 'e wyn te hâlden, tegearre mei Hurkmans. Hoe soe it dêr mei stean? Soe dy ek allinne op syn keamer sitte te wachtsjen? Of soe dy der mei in skrobbearring ôfkomme, omdat er al sa lang by Baakman wurke?
Hy die de doar súntsjes iepen. Wêrom einliks net, tocht er. Lit elk mar sjen dat ik hjir sit te neatdwaan. Hy pakte in steapeltsje faktiidskriften en blêde der trochhinne, mar der bleau neat fan hingjen. Nei in minút as wat kaam Tekelenburg, ien fan de ferkeapsjefs, der lâns.
'Noch nije ûntwikkelings, Iede?'
Iede skodde de holle en gebearde dat it net gelegen kaam. Tekelenburg helle de skouders op en rûn fierder. It waard wer stil. Iede gong oerein en seach in skoft yn syn kast. In pear dinkjes en mapkes dy't fan himsels wiene lei er alfêst apart. Hy sette de kompjûter oan en beseach wat sifers fan de lêste pear moannen. Doe betocht er dat dy him dochs net mear oangongen en hy die de masine wer út. Mei de hannen djip yn 'e bûsen stoarre er in skoft it finster út. Ik kin fansels nei hûs gean, tocht er. It is kreas waar en ik moat it moas noch út it gêrs skrabje. Mar Baakman hat my hûsarrest oansein, dat dat kin net. Hy frege him ôf hoelang dit noch duorje soe. It wie ûnderwilens tsien oere wurden en hy begong te betinken, dat hy fansels net de hiele dei as in skoaljonge yn 'e hoeke stean bliuwe woe. Om tolve oere gean ik nei hûs, tocht er. Better, ik gean nei Reasyl, nei Harmke. It is no dochs reboelje.
Der kaam in auto it parkearfjild opriden. Iede folge him mei lege eagen, doe seach er ynienen dat it Zwik wie. Hy seach nei de fêste plakken fan de direksje. Baakman syn auto stie der, dy fan Salmink net. Soe dy noch yn Reasyl sitte?
Zwik sette syn auto nêst dy fan Baakman, op Salmink syn plak. Iede glimke der om, fan dy knaap koene jo dat ferwachtsje. Zwik stapte út, die de achterklep iepen en pakte syn tas. In pear tellen letter kaam er de keamer fan Iede yn. Hy naam in stoel en gong sitten.
'Hjir wie 'k. Ik koe dy net berikke, fan 'e moarn, dat ik ha it mar aventoere. Yn Reinwerd wie it net sok bêst waar.'
'It liket my oars net sa min, bûtendoar.'
'Der kaam in grouwe bui oan,' sei Zwik. 'En ik hie der gjin sinne oan om noch in kear wiet te reinen.'
'Dat moatst even útlizze,' sei Iede. Hy tocht in sekonde nei, doe beslute er dat it yn syn sitewaasje net mear nedich wie om dingen achter te hâlden.
'Ik bin fan 'e moarn sels al stronttrochwiet reind.'
'Theo Salmink skille my fan 'e moarn om healwei sânen út 'e sliep,' sei Zwik. 'Hy sei dat ik om acht oere by him yn Reasyl wêze moast. Ik sei tsjin him dat ik justerjûn fierstefolle drank hân hie. Dat ik net wist oft ik de auto noch stjoere koe. Doe waard er gemien.'
'Gemien?'
'Hy begong te driigjen, en dêr mei ik net oer, dat ik ha de telefoan der mar nêst lein. Ik woe him net ophâlde. Hy moast ommers al ier en betiid nei Reasyl wêze.'
'Soe er dêr noch sitte?' frege Iede him lûdop ôf.
'Ik tink dat er wer nei Reinwerd jage is, doe't er klear wie yn Reasyl.'
'Mar do wiest al fuort.'
'Ja, ik ha net op him wachte,' gniisde Zwik. 'It kaam my ynienen yn 't sin dat ik mei dy noch net útpraat wie. Mar wat bedoelst, datst do ek al in bui hân hiest?'
'Ik bin sa goed as ûntslein,' sei Iede. Hy fertelde Zwik wat der dy moarns allegearre bard wie.
'Ik mei mei gjin minske prate. Ik hie dy der net iens ynlitte mocht.'
'Smyt my der dan mar wer út. Dan kinst tsjin Baakman sizze datst syn lêste kâns om Theo Salmink yn 'e tange te krijen, fuortstjoerd hast. Trouwens, is Baakman wol faker sa rimpen? Ik tocht dat hy himsels altyd sa goed yn 'e hân hie.'
'Neffens my wie er oerspand,' sei Iede. 'Soe er kontakt hân ha mei Salmink?'
'Kinst op rekkenje. Theo hat him grif opskille nei dyn faksen en sein dat er dy ta de oarder roppe moat.'
'Bin ik dan sa belangryk?'
'Miskien wol. En hy wit fansels neat oer dy, dêr't er dy mei driigje kin.'
Dêr hearde Iede fan op. Wie der dochs wat dat Zwik net wist. Hy gong sitten en sei: 'Wy wiene net útpraat, ferline freed. It lêste dêr't wy it oer hiene, dat wie dat Theo Salmink altyd wint en nea ferliest. Kinst dat útlizze?'
'Ja. Ik sil it dy útlizze. Dat kin no wol. Ik bin fansels ek ûntslein. Theo hoecht it my net mear te fertellen. Ik wit it sels wol. Hy hat my twa kear opdroegen om nei Reasyl te kommen en ik ha it twa kear net dien. Dan snapt hy it wol, dat ik oan dyn kant stean. Sa't ik sei, it wie my net mear de muoite wurdich om noch op him te wachtsjen.'
'Mar der is noch hope,' gong er fierder. 'Miskien komt Theo der daliks wol yn. Dan kin er my, en dy trouwens ek, in kreaze ûntslachbrief oanrikke, alhiel neffens de regels. Wa wit wat wy allegearre noch meimeitsje, hjoed.'
'Do kinst der de gek mei ha,' sei Iede. 'Do bist fyftjin jier jonger as ik. Do fynst wol wer wat. Ik net, dat wit ik no al.'
Zwik soe wer wat sizze. Doe gong de doar iepen. Baakman kaam der yn. Achter him stapte Gelf Welling yn 'e keamer.
'Wa binne jo?' sei Baakman tsjin Zwik.
Zwik kaam yn alle rêst oerein. Hy makke de knoop fan syn jaske fêst, skikte it mansjet ûnder syn rjochter mouwe teplak, fage in plúske fan de linker mouwe, die de earmtakke omheech en stuts de hân út en sei:
'Zwik, boekhâlder fan Knol BV, yn Reinwerd.'
It wie in fertoaning, in nûmer. Mar Baakman, de grutte man dy't him nea twinge liet, dy liet him alhiel oerbluffe en naam de hân en neamde syn eigen namme. Gelf liet him ek de hân jaan en mompele syn fan.
'De hear Zwik hie fan 'e moarn in ôfspraak mei my,' sei Iede. Hy hie sa skerp om Baakman tocht dat it him no pas opfoel dat Gelf hjir hielendal net hearde.
'Dach, Gelf.'
'Dach, Iede. Menear Baakman hat my frege om oer guon dingen te praten.'
Der foel in stilte. Se stiene elkoar oan te sjen. Zwik glimke.
'Ik leau dat ik hjir even oer en tefolle bin,' sei er. 'Mar ik ha it oan tiid, hear. Ik jou my salang wol del oant jo klear binne mei de hear Hommes.'
Baakman seach him mei grutte eagen oan. Doe barste er út.
'Der út,' rop er. 'Der út, do. Of ik lit dy der útsmite.'
Hy seach om him hinne, as socht er in sterke keardel. Zwik ferroerde him net.
'Menear Baakman...' begong Iede.
'Hâld do dy der bûten,' rôp Baakman. 'Gean do der ek mar út, hoechst ek net wer te kommen.'
'Zwier, kom mei,' sei Gelf. Hy pakte Baakman by de earm. 'Dat hiene wy net ôfpraat. Kom mei.'
Hy treau Baakman letterlik de gong op en die de doar achter him ticht.
'Wat foar man is dat?' frege Zwik. 'Syn namme is mei niis ûntkomd.' Hy gong sitten as wie der neat bard.
'Dat is Gelf Welling, Piter Welling syn broer.' Iede sei it automatysk, sûnder neitinken. Yn syn holle stoarme it.
'Dy dominy? Wat docht dy hjir? Dy siet dochs net yn 'e saak?'
'Ik tink dat Baakman him oproppen hat. Dy man is folslein trochdraaid. Baakman, bedoel ik.'
'No ja, miskien kin er wat bekomme mei in goed pastoraal petear. Wit dy Gelf einliks wêr't it allegearre om draait? Ik bedoel, wêr't Theo mei driget.'
'Ja. Gelf Welling is op 'e hichte. Ien fan de inkelden dy't it witte.'
'Bist do dêr ek ien fan?' frege Zwik.
'Ja.'
'Kinst it my ek fertelle?'
'Nee,' sei Iede. 'Wêrom soe ik? Ik ha begrepen datst do it al lang fan Frits Voogd heard hast.'
'O,' sei Zwik. Hy like wrachtsjes in bytsje kjel.
'Ja,' sei Iede. Hy seach Zwik oan, sa earnstich as er koe. No moast er oppasse, om it net te bedjerren. Zwik hie it west dy't it oan Salmink trochjûn hie, dat koe net oars. Zwik hie it moardwapen levere. Mar as Iede him dat no foar de fuotten smiet hie er kâns dat Zwik de jas oan die en fuortgong. Gjin ferwyt, op dit stuit. Wat soe Zwik dwaan?
Zwik lake. 'Ik ha yn myn libben noch net faak earne spyt fan krigen. Mar it stomste dat ik oait dien ha, dat is dat ik dat ferhaal fan Voogd oan Salmink trochjûn ha. As ik dat net dien hie, dan hie ik sels oan Baakman goud fertsjinje kind.'
Iede hie gjin idee wat er sizze moast, op sok synysk praat.
'Mar toe mar,' sei Zwik. 'Fan achteren sjogge jo yn in klomp. It is net mear fan betsjutten. Ik kom dochs net wer by Knol binnendoarren. Ik gean it kompjûterfak wer yn, dêr wurdt ek goed betelle. Ik ferdwyn út jimme libben.'
Hy die syn tas iepen en naam der in map út.
'Dit binne fotokopyen fan de stikken dy'st nedich hast om Theo Salmink de mûle te sluten.'
'Wêr binne de echte stikken?' frege Iede.
'Yn Reinwerd, yn de grutte klûs. Mar dan moatst al witte wêr'st sykje moatst. Mei dizze kopyen der by giet it in ein flugger.'
Hy skode de map oer de tafel.
'Moast sjen datst der sa gau mooglik wurk fan makkest,' sei er. 'In protte tiid hast net, want Theo sil net stil sitte.'
Iede skrok. 'Miskien is er no sels al oan it sykjen. Do seist dat er as de duvel nei Reinwerd ride soe.'
'Ja,' sei Zwik. Hy kaam oerein. Hy struts syn jaske rjocht.
'Och heden,' sei er. 'Ha 'k by ûngelok de kaai fan 'e klûs yn 'e bûse dien. Wat sneu. Der is der mar ien fan.'
Hy lei de lange kaai op 'e tafel. Hy gniisde. 'Ik ha yn 'e war west, ju. Ik tocht, ik nim de kaai fan 'e achterdoar mei foar Iede, as oantinken oan syn fredige middei yn dat tsjustere gonkje.'
Hy helle it kaike út 'e broeksbûse en lei it nêst de grutte op 'e tafel.
'It wurdt myn tiid,' sei er. 'Ik moat noch in protte dingen dwaan, hjoed. En as ik goed rekkenje, dan is Theo al in moai ein hinne ûnderweis fan Reinwerd dizze kant út. Ik stean op syn parkearplak dat ik sil gau romte foar him meitsje. Doch de hear Baakman de groetnis fan my. O ja, doch de groetnis ek oan dy aardige Harmke, yn Reasyl. Witst wat? Do hast noch in miel iten fan my tegoede. Dêr moatst Harmke ek by freegje. Ik skilje dy ynkoarten, oer in fearnsjier of sa. Tasein.'
Hy stuts de hân út en se fûstken. Iede seach hoe't er swierich de doar útrûn, yn syn djoere auto stapte en it stek útried.

No earst Harmke, tocht er. Hy pakte de telefoan en tikke har hûsnûmer. Gjin antwurd. Doe draaide er har kantoarnûmer. Beset. Hastich sloech er de map iepen dy't er fan Zwik krigen hie. Der sieten in stik as tweintich fotokopyen yn. Boppe op lei in blêd papier dêr't Zwik op beskreau wat Salmink presys dien hie en foar hoefolle hy de firma beneidiele hie. It naam net mear as in pear minuten om te lêzen. It lêste blêd hold noch in spesjale ferrassing yn. Hy die it mapke wer ticht en lei it mei de kaaien yn in laad. Doe besocht er nochris om Harmke te skiljen. Se wie der.
'Ik bin wer oan it wurk gongen. Henstra skille en sei dat Salmink fuortriden wie. Doe sei ik tsjin mysels: Salmink der út, ik der yn. De mannen ha fuort in oar slot op 'e doar setten. Hy komt der hjir net wer yn.'
'Hy komt miskien net iens yn Reasyl werom,' sei er. 'Hast noch kontakt mei de bank hân?'
'Ja. Do hiest de rekkens blokkearre, hen? Achterôf hie it net hoegd. Hy hat net besocht om jild op te nimmen. Dat sil him te gefaarlik west ha. Dêr is er te betûft foar want dat liket te folle op stellen.'
'No ja,' sei Iede. 'Kwea koe it net en hielendal ûnmooglik wie it ek net.'
'Hast dat ek by Reinwerd dien, of yn Trie?'
'Nee, noch net. Yn Reinwerd spilet noch hiel wat oars....'
Hy swijde, want de doar gong iepen en Gelf kaam der yn.
'Ik skilje strak wer,' sei er tsjin Harmke. 'Ik moat even ien te wurd stean.'
'Zwier Baakman is in ein hinne bekomd,' sei Gelf. 'Ik ha alle war dien om him út te lizzen datst do dyn bêst dochst, foar de saak en foar himsels. Hy sei dat ik tsjin dy en dy menear Zwik sizze moast dat er it sa net bedoeld hie. Is Zwik al wer fuort?'
'Ja, dy hie nochal haast. Hy hat my net mei lege hannen sitte litten. Mar hy woe leaver út 'e wei wêze as Salmink strak opsetten komt.'
'Baakman tocht ek al dat dy noch komt. Wat tinkst do, kin Baakman better nei hûs gean?'
'Earlik sein, nee,' sei Iede. 'Yn it earste plak net omdat hy de ienige is dy't Salmink formeel dien jaan kin, as it safier komt. En ek omdat weikrûpen tsjin Salmink net helpt.'
Hy helle djip siken en seach Gelf lyk oan.
'En it aldermeast omdat er my dan hielendal yn 'e steek lit. Ik ha myn nekke útstutsen troch tsjin Salmink syn oarders yn nei Reinwerd te gean en mei Zwik te akkoartsjen. Fan 'e moarn ha ik de bankrekkens blokkearre om foar te kommen dat Salmink in greep yn 'e kas docht. Dêr ha ik it foech net iens foar. En ik ha him hjitten om Harmke Vigon wer ta te litten. Dy hie er ûntslein. As Baakman no net oerein stean giet, dan sil ik myn wurk wol ôfmeitsje, wês mar net bang. Mar ik sil nea wer in grein respekt foar him ha.'
'Ik sil it tsjin him sizze. Do hast abslút gelyk.'
'Do moatst tsjin him sizze dat ik de bewizen yn hannen ha fan it jild dat Salmink de lêste twa jier achteroer drukt hat. Hy kin Salmink kieze litte tusken pakke of de mûle ticht. Mar hy moat it sels dwaan.'
'Hoe sit dat dan, mei dat jild?'
'Hjir is in papier dêr't it op stiet. Ik sil dy in kopy jaan.'
'Wolst it sels net oan Baakman jaan?'
'Nee, even net,' sei Iede. 'Hy gong my fan 'e moarn krekt te fier. Ik ha der no gjin ferlet fan om mei him te praten. Hy moat earst mar ris sjen litte hoe't er dit ôfwikkelet.'
Hy makke in kopy fan de beskriuwing fan Zwik en joech dy oan Gelf. Dy sei dat er it oan Baakman jaan soe, mei it boadskip.
'Dan moat ik nedich nei hûs,' sei er tsjin Iede. 'Fan 'e middei wer in protte drokte. Ik hear it wol hoe't it ôfrint.'
Iede skille Harmke wer.
'Gelf Welling kaam der yn. Dy stapt hjir al in oere om. Baakman hat him oproppen omdat er der yn fersloech. Gelf hat him leau 'k wer min ofte mear op de rails set.'
'Wat is der yn 'e goedichheid allegearre te rêden, dêr by dy yn Trie?'
'Te folle om út te lizzen. It wichtichste is dat Zwik hjir west hat. Hy hat de klûs yn Reinwerd op slot dien en my de kaai jûn. Hy hat my ek presys beskreaun hoe't Salmink oer de skreef gongen is en wêr't wy de bewizen fine kinne. Wy wachtsje no oant Salmink hjir komt, en wat Baakman dan dwaan sil. Ik lis it dy allegearre út, wier, mar no net. Ik moat no hurd oan it wurk. Bliuw yn 'e buert fan 'e telefoan.'
Hy frege alderearst Hurkmans om even te kommen. Yn koarte wurden lei er út wat de sitewaasje fan Baakman en Salmink wie. Bliuw berikber, en sjoch even oft Groot Koerkamp en Tekelenburg der binne, foar as it nedich is. Doe lêsde er de fotokopyen fan Zwik op 'e nij. Ut en troch seach er út it finster, oft Salmink der al wie. De hiele moarn hie er kalm west, no waard er njonkenlytsen senuwachtich. As Salmink der ienkear wie, dan soe der yn koarte tiid oer syn takomst beslist wurde. Sels koe er op it momint neat mear dwaan.

Al wa't dy deis kaam, Salmink net. Iede hie der sa fêst op rekkene dat er, al hoe't er der tsjin oan sjoen hie, him teloarsteld fielde. Hy wist dat er de ienige net wie. Baakman soe grif mei deselde twivel yn syn keamer sitte. Hurkmans en Groot Koerkamp kamen by him om te freegjen, wat hy der fan tocht. Foaral de ûnwissens wêr't Salmink al siet en wat er oan it dwaan wie, dat pleage Iede. Wat der barre moast wie dúdlik genôch. En it hie haast, hie Zwik sein. De echte stikken, dêr't Salmink op pakt wurde koe, dy moast er út 'e klûs yn Reinwerd helje. Mar as Salmink dêr wie, wat dan? Hy wie dêr noch altyd de baas. Hy koe elkenien der sûnder omslach útstjoere. Sil ik sjen oft ik in pear sterke keardels fine kin om mei, tocht er in momint. Mar dat wie te healwiis, foar liiflik fjochtsjen moasten jo in oar boek lêze.
Hy skille Harmke noch mar ris. Hy hie de tiid om út te lizzen wat der de hiele moarn lâns foarfallen wie, en wêr't er oer siet te hifkjen en te wifkjen.
'Ik ken ek net ien, dêr yn Reinwerd,' sei er.
'Ik ha lêsten in kear mei in man op 'e boekhâlding praat, oer in protsje âlde rekkeningen. Ik kin him fansels gewoan ris skilje mei in ferlechje oer in rekkening fan twa jier lyn. Dy moat er dan opsykje litte en dan fertelt er ûnderwilens miskien wol wat er om en ta giet yn Reinwerd. Lit my it mar ris besykje.'
In minút as tsien letter skille se werom. Se hie in protte wille.
'De boekhâlding fan Knol leit op 'e rêch. Se kinne de klûs net yn, sei dy man. De kaai is wei. Dy lei altyd op in stil plakje dat mar in pear minsken wisten. En foar it wykein lizze se it wichtichste materiaal altyd yn de klûs. Om healwei alven kaam Salmink. Hy gong fuort nei de klûs en doe't er hearde dat dy net iepen koe hat er in skoft op syn keamer sitten te skiljen. Dêrnei is er wer fuortriden.'
'Witte se net wêrhinne?'
'Nee. Mar om twa oere kamen der twa mannen fan de fabrikant fan de klûs. Dy ha der in skoft by stien te sjen en te praten en doe binne se wer fuortgongen.'
'Hiene se gjin reservekaai?' skrok Iede.
'Nee. Neffens myn mantsje ha se al in mennich dievekaaien besocht mar dy pasten net. It is al in hiel âlde doar, fan foar de oarloch.'
'Ha se noch wat sein, dy mannen?'
'Nee, hy hat yn alle gefallen neat heard.'
'No, dêr ha we dan net folle oan.'
'Snapst it net, Iede,' rôp se.
'Wat?'
'Moarn komme se werom. Garandeard. Mei de goede kaai en oars brâne se him iepen. As wy dyn bewizen ha wolle moatte we der no hinne. Moarn binne we te let.'
Hy skrille op. 'No? Daliks?'
'Ja,' sei se. 'Tinkst dat Salmink dy mannen foar de grap komme lit? Even rekkenje. We kinne better wachtsje oan jûn ta. It is no healwei fjouweren. Ik soargje dat ik om healwei sânen foar it stasjon fan Grins stean. Dêr kinst my oppikke.'
Foar de foarm moast er noch in ding sizze, miende er.
'Is it ferstannich datst do meigiest? It is ynbrekken, fansels. As we trappearre wurde dan binne we beide de pineut.'
'Hâld dochs op,' rôp se. 'Do kinst net iens allinne. Ien fan ús moat op 'e útkyk stean.'
'No, goed. Healwei sânen foar it stasjon.'
Hy seach der as in berch tsjinoan. It foel safier bûten de wênstichheid fan syn libben, dat draaide om oarder en regel, dat er der hast mislik fan waard. Hy wie gjin held, gjin minske fan aventoer. Harmke wol, dy seach út nei fariaasje. Se hiene it der faak oer hân, oer it ferskil tusken harren aarden. Dan hiene se der om lake, mar no moast er. Want sa siet it, Harmke sei nei Reinwerd, en hy moast mei, oft er woe of net.
Foar alle wissichheid makke er noch mar ris fotokopyen fan wat er mei ha moast. As it him ôfpakt waard hie er yn alle gefallen noch in stel. Hy stoppe it wei yn ien fan syn kasten, tusken oare papieren. Hy rûn nei it magazyn en frege Hurkmans om in bûslampe. Hy fertelde earlik dat er dy de jûns yn Reinwerd brûke moast. As ik moarn net werom kom, dan wit Hurkmans yn alle gefallen wêr't se myn lyk fine kinne, tocht er. Mar dat wie fansels ryklik dramatysk.
Doe't er wer nei syn keamer rûn kaam er Piter Welling tsjin.
'Kin ik noch even mei dy prate, Iede?'
Hy rûn achter Iede oan, nei dy syn keamer. Se gongen sitten en Iede seach oan syn gesicht dat er net sabeare sleau wie, mar yn soarch.
'Hast noch wat heard út Reinwerd?'
'Ja en nee. Der skynt wat geande te wêzen, ûnder oaren mei Zwik. Hoe en wat, dêr moat ik noch achteroan.'
'Wat seit Theo Salmink derfan?'
'Dy skynt ûnberikber te wêzen. Fan 'e moarn hat er even yn Reasyl west, ha ik heard. Einliks hie ik him hjir ferwachte, mar hy is net foar it ljocht komd. Ik bin tige benijd.'
'Hast noch wat heard oer dy transaksje yn Dútslân? Ik ha hjir en dêr opfongen dat it dêr hielendal net goed mei giet. De prizen fan tried geane hurd omheech.'
Aha, tocht Iede. Dit is de earste kear yn fjirtjin jier dat ik Piter earne benaud foar sjoch. Altyd hat er it ferburgen. Noch mar even dom dwaan.
'Dat is dochs net slim? Dan bringt it dochs mear op?''
'It leit oarsom,' sei Piter. 'Wy, ik bedoel Salmink, hat dy berch tried op foarhân ferkocht, en hy moat ein fan 'e moanne leverje. Mar no moat er it earst noch keapje, tsjin prizen dy't in ein heger wurden binne. Dat hie er allang dwaan kind mar hy hat it net dien. No draait it op in grut ferlies út.'
'Fynst do dat dan sa slim, dat Salmink in protte jild ferliest?' frege Iede.
'Neffens my witst do der al wat fan,' sei Piter. 'Silst wol heard ha dat ik der ek wat jild ynstutsen hie.'
'Ik ha der wat oer heard. Mar dat is dochs hannel? Dêr kinne je by winne of ferlieze. Jo kinne heechstens freegje oft jimme it wol dwaan meie. It heart dochs net dat ien dy't foar syn baas ynkeapet, sels ek noch ris foar eigen rekken hannelt yn itselde guod?'
Piter glimke. 'De wrâld is rûch, Iede. Wêr hast do dat trouwens heard, fan dat jild fan my?'
'Zwik hat it my ferteld.'
'Wist dy it dan? Hat Salmink it tsjin him sein?'
'Dat sil wol. Wa oars?'
'In span boeven, dy twa,' sei Piter. 'Se pakke jo yn dêr't jo by steane.'
'Dy dochs net, Piter?'
'Ik fertrou it net,' ûntwykte Piter de fraach. 'Wat seit Zwik der fan, hoe't it der by stiet?'
'Ik sil it dy mar earlik sizze,' sei Iede. 'Zwik seit dêr neat mear fan. De grûn is him te hjit ûnder de fuotten wurden. Hy is fan 'e moarn in oare kant útriden.'
Piter like slim kjel te wurden. 'Zwik der út stapt? Dat stik ûngelok joech oars nearne om. Ik ha noch nea sa’n bretale fint meimakke.'
'Zwik hat flêr, seker,' sei Iede.
'Flêr, lef. Ha ik dy wol ris ferteld hoe't hy yndertiid by my yn Reasyl kaam om oer tried te praten? Hy wist alles oer elkenien yn it fak en hy frege ek oeral plan-út nei. En ast net hiel goed oppastest dan hiest him samar tefolle ferteld.'
Tsjonge, wat aardich, tocht Iede. Hearre jo it ek ris fan in oar. Hy wie der al lang wis fan dat it Zwik wie dy't foar Salmink it fjild yngong om ynljochtings oer de konkurrinsje te sammeljen. Troch dy triedhannel fan Knol kaam er oeral binnendoarren. En dêr't er kaam, praten de minsken maklik omdat se Knol net as konkurrint seagen, sa’n lyts spesjaal bedriuwke yn Reinwerd, fier fuort. Fan de iene direkteur hearden se de wederwarichheden fan de oare, en oarsom. En as jo dan ek noch in Zwik wiene, dy't nearne om joech al skopten se him de doar út, dan krigen jo jo ynljochtings by elkoar. Dy't Salmink dan oan syn kommisje foarlei, dêr't se mei elkoar nochris mei nocht en wille oer rabben. Der hie nea in spion fan Salmink by Welling BV wurke. Piter sels hie him ferpraat tsjin Zwik oer en dat hie er pas yn 'e rekken krigen doe't it al te let wie.
'No, hy is der net mear,'sei Iede. 'Hy hat my sein dat er Salmink net mear op syn wegen folgje woe. Ik tink dat er in grut probleem opkomd wie. Foar in kleinichheid soe er grif net útnaaie.'
'Ik tink dat ik no wol wit wat it is,' sei Piter. Hy sakke wer wat yn elkoar, lyk as altyd as er net fernimme litte woe dat er fjoerskerp wie. 'Ik ha in ôfspraak mei Salmink, jûn noch. Silst my tink wol net mear fertelle kinne. Zwik sil dy grif net wizer makke ha.'
Hy wachte mar Iede gong der net op yn. Lit Piter mar switte, tocht er. Hy seach op syn horloazje.
'Ik bin bang dat ik gjin tiid mear ha,' sei er. Hy gong stean en Piter kaam oerein en sei, betanke, en slofte de doar út.
Fiif oere gean ik fuort, tocht Iede. Wat kin ik noch dwaan? Sil ik noch even nei Baakman gean? It hearde einliks wol sa. Hy tocht der oer nei wat er al of net tsjin him sizze soe. Ynbrekke yn Reinwerd, soe er dat goed fine?
Hy frege de sekretaresse oft er Baakman even sprekke koe. It bliek dat er him syn twivels besparje kind hie. Baakman wie in skoft lyn fuortgongen.
Hy hie de rêst net mear om langer te wachtsjen. Hy die de fotokopyen en de kaaien yn de binnenbûse fan syn wynjak, krige de bûslampe en rûn nei de auto. Hy stapte yn, suchte in kear djip, starte, en ried nei Grins.

Harmke stie der. Underweis nei Reinwerd fertelde er har wat se noch net wist. Yn Reinwerd seagen se earst even oft der bekende auto's yn 'e buert stiene. Doe riden se in lyts eintsje troch en stapten út. Se seagen gjin minske op strjitte en yn de inkelde huzen tsjin it kantoar oer skynde de televyzje. Yn in steechje nêst it magazyn wie in houten poartsje, dêr't oan de binnekant in skoattel op siet. Iede klom der oerhinne. Sa kamen se op it binnenplak. It kaike fan de achterdoar paste. Troch it gonkje kamen se yn de keamer dêr't Iede mei Zwik sitten hie.
'Hjir kin gjinien ús sjen. No moatte we de klûs fine. Dy sil wol yn de foarste keamer wêze, yn it ljocht. Foarsichtich.'
Se slûpten de foarste gong yn en seagen yn de foarkeamer dy't oan 'e strjitte lei. Dêr wie de klûs net. Der wiene twa echte kantoaren. Yn it achterste fûnen se de klûs, achter in soarte fan bline doar. De doar fan de klûs gong sûnder mankearjen los.
'Snapst dat, se ha it sa makke dat gjinien fan bûten wei in ynbrekker sjen kin. Net yn it ljocht, midden yn it gebou. Hoe krije se it foarinoar.'
'Se ha dizze klûs boud yn de tweintiger jierren of sa, en letter ha se der oan alle kanten omhinne boud. Se steane der nea by stil dat der ynbrutsen wurde kin. Behalve as it al in kear bart. En dan begruttet it se om de kosten. Yn Reasyl is it ommers krektlyk?'
'Giest do nei foaren?' sei se. 'Dan gean ik oan it sykjen.'
Hy rûn nei de foarkeamer en gong tsjin de achtermuorre sitten, op in tafel, dat him neat ûntkomme koe. It wie stil yn 'e strjitte, inkeld kaam der in auto lâns. Fierder neat. Nei in minút as tsien gong er even nei achteren.
'Kinst it fine?'
'Ik ha it measte al. Gean mar gau wer nei it finster.'
Doe't er yn wer yn de foarkeamer kaam seach er in auto stopjen. It wie al tsjuster. In man stapte út. Iede seach it daliks oan syn stâl. Piter. Hy kaam nei de doar en besocht de kruk te draaien, mar dy siet fêst. Hy skuorde der oan en it makke wat leven, mar fierder barde der neat. Piter eage de strjitte links en rjochts út. Doe seach er op syn horloazje, skodde de holle en gong wer yn 'e auto sitten.
'Dat liket Piter syn auto wol,' flústere se nêst syn ear. Iede skrok him in ûngelok, hy hie yn 'e spanning hielendal net fernommen dat se der ynkomd wie.
'Stil mar,' sei se en se lei in hân op it plak op syn holle dêr't er al in bytsje keal waard. 'It is him, hen? Hy sit te wachtsjen, sjochst? Op Salmink, fansels.'
'Tochtst dat?'
'Jawis. Wa oars? Hy is grif net foar it nachtlibben fan Reinwerd hjirhinne riden.'
Iede murk dat se wat joalichs oer har hie, in nocht oan spanning dy't himsels alhiel frjemd wie.
'Bist klear?'
'Noch in pear. As Salmink noch fiif minuten weibliuwt, dan ha ik alles.'
'Sjit op.' Hy rôp hast. Se lake en gong wer nei de klûs.
It spande der om. In pear minuten letter draaide in oare auto om 'e bocht en stoppe achter Piter. Salmink stapte der út en rûn nei Piter. Iede skeat nei achteren.
'Dêr binne se. Se komme der oan.'
'Dizze oardner, pak oan,' sei se. Sels hie se in map ûnder de earm. Se die de klûsdoar op slot. Doe de keamer fan Zwik yn en nei it gonkje.
'Der út,' flústere er.
. 'Nee, noch net. Ik wol hearre wêr't se it oer ha.'
'Bist gek!'
'We binne hjir no,' sei se. 'Dit meie we net misse. Lis it spul achter de doar, nêst it stoepke, yn it tsjuster, mei de kaai. Strak helje we it wol op.'
Se hearden dat de mannen der yn kamen en yn 'e foarkeamer gongen. Harmke slûpte it kantoar yn, nei de doar fan de keamer, Iede der achteroan. Se hearden Salmink en Piter Welling sunich praten. Dat koene se ferwachtsje, sa praten se gewoanwei ek. Se holden beide de hân achter it ear, mar ferstiene neat.
'We moatte geduld hâlde oant se deilis wurde, ' flústere Harmke.
It duorre noch in pear minuten ear't it safier wie. De earste dy't se ferstean koene wie Salmink. Se hearden him laitsjen.
'Ja, dat bin ik hielendal mei dy iens. Mar do hast my sels frege ast meidwaan koest yn in spekulaasje. Do wiest der aardich wis fan dat de prizen fan tried omleech gean soene. Dêrom binne wy yn 'e wyn stean gongen. We ha foar fjirtich miljoen tried ferkocht, oer trije moanne te leverjen. As de prizen yn dy trije moanne fiif persint sakke wiene, dan kochten we it spul no foar achtentritich miljoen en Webermetall moat ús der fjirtich miljoen foar betelje. Dan hiene wy beide in miljoen fertsjinne. Mar we ha even pech hân. De prizen binne net sakke, mar ynienen omheech gongen. En no binne wy elk in miljoen kwyt, want wy moatte it no foar fiif persint mear keapje as we der foar krije. Mar dat is hannel, Piter, dat hoech ik dy net út te lizzen. In oare kear rint it oarsom en dan binne wy wer boppe Jan.'
Harmke seach hiel even om en gniisde. Iede wie ynienen syn benaudens kwyt. Der barde teminsten wat. Hy koe him de sêne sa goed foarstelle, Salmink achteroer op in stoel, in earm oer it bekling, noflik, alles ûnder kontrôle. En Piter, swier hingjend, de eagen heal ticht, ôfwêzich as gong it him einliks net oan.
Piter mompele wat. Doe hearden se Salmink wer.
'Achter myn rêch om. Ast it my frege hiest dan hiest fuort antwurd krigen.'
Se ferstiene net wat Piter sei, doe:
'En wa binne dat dan, dy boarnen fan dy? Tochtst datst dy leauwe koest?'
Brommen.
'Net alles ferteld. Moat dat dan? Hast sels dyn eigen broer ek net alles ferteld, wol? Ik hear it dy noch sizzen, dy miende tweintich jier lyn al dat er wol op himsels passe koe.'
Der ferskode in stoel. Se seach noch in kear om, lake, skodde de fûst sabeare.
'Dêr ha we it net oer,' sei Piter, no dúdlik te ferstean. 'Ik ha it der oer dat wy dat kontrakt fan fjirtich miljoen massaal hiene, elk foar de helt fan it risiko. Do hast it splitst sûnder datst it my frege hiest. Dat mochst do neffens it kontrakt net dwaan. Ik hie der ek nea mei akkoart west.'
'Sa lit ik my net oansprekke. Do kinst neat bewize.'
'Dêr moatst net te folle op fertrouwe, Theo Salmink,' hearden se Piter sizzen. 'Ik ha my sneon yn Hamburg by in advokaat de regleminten fan de triedhannel ris goed útlizze litten. Spesjaal wat it splitsen fan miene kontrakten oangiet. Wat ik derfan oerhâld, dat is, datst do bewize moatst dat ik ûngelyk ha, net oarsom. De skyn hast alfêst tsjin. Do hast it kontrakt splitst en dyn helte fuortdaliks yndekt.
En oardel wike earder deis hiest tsjin my sein dat de prizen fan tried oan it sakjen wiene. Op de saak yn Trie, by my op 'e keamer. Wist noch dat ik it net leaude en datst it doe noch in kear seiste? En wist ek noch dat ik yn myn aginda omblêde en datst do doe seist hokker dei it wie? Dat stiet allegearre op 'e bân. Ik snap wol dat it noch even oanhâlde kin ear't ik dy yn rjochte te pakken ha. Mar safier komt it al, en do silst my dan myn skea, mei de rinte, wol fergoedzje. Tink der om, ik ha it hiel lang oan tiid.'
Dêr kin ik dy wer, tocht Iede. Dy't miende dat er Piter Welling ferrifelje koe moast de rest fan syn libben foar him oppasse. Mei syn wat seurderich lûd, geandewei suniger, hie er Salmink oansein dat dy de earste fiif jier net fan him ôf wie. Of noch fiif jier. En dat de ein fan it lied, no, of oer fiif jier, of noch letter, in akkoart wie, dat Salmink no better mei him regelje koe as oer safolle jierren.
Piter is ek in skaker, tocht Iede. Mar in hiel oarenien as my. Dat wie noch nea by him opkaam mar no seach er it ynienen. Hy hie mei Piter nea oer skaken praat. Hy wie der hast wis fan dat in iensume man lyk as Piter dêr ek neat oan die. Sels koe Iede aardich de stikken ferskowe, fûn er, foaral oan it begjin. Dêr hiene jo boekjes, boeken, grouwe boeken oer, dêr't er hiel wat út opstutsen hie. Sa't hy it spile besocht er om healwei sa sterk te stean dat de oare kant der gjin ljocht mear yn seach. Piter soe it oarsom dwaan. Dy soe de earste helte wat sitte te slûgjen en der allinne mar op passe dat er net hielendal yn in deade hoeke telâne kaam. Pas as de measte stikken fuort wiene soe er wach wurde. Dan krige de tsjinstanner njonkenlytsen sinne oan in glês bier en dan seach Piter ris even en fûn er samar de swakke steeÎn yn 'e oare syn stelling.
It bleau in skoftsje stil. Doe sei Salmink, op syn gewoane, freonlike toan:
'Dat is fansels net nedich. Dêr binne wy as grutte minsken te wiis foar, net?'
Stil. Iede wie der wis fan dat Piter no wer âlderwetsk die dat er sawat sliepte.
'Hoefolle?' frege Salmink.
'Alles.'
'Dat is net rjocht. Do hast op 't lêst ek in risiko nommen.'
'Alles,' sei Piter. 'Ik wol myn hiele miljoen, dy't ik as garânsje stoart ha, moarn wer op myn eigen bankrekken ha. En do nimst it kontrakt, dy helte dêr'st my mei sitte litten hast, wer werom.'
'Dat is net reedlik,' sei Salmink.
'Ik soe der mar ris goed oer prakkesearje,' sei Piter.
'Gjin kâns op,' hearden se Salmink sizzen. It hearde as spruts er elke letter apart út. 'Do giest no in stap te fier. Ik wol mei dy prate mar net op dizze foet.'
Wer it lûd fan in stoel dy't ferskode.
'Se komme der út,' flústere Iede.
'Even noch.'
Se fersinde har. De doar fleach iepen. Salmink stie foar harren. Hy like krektsa ferbjustere as Harmke en Iede.
'Wat dogge jimme hjirre? Hoe binne jimme der yn komd?'
'De foardoar stie oan,' sei Harmke. Iede hie sa’n antwurd nea betinke kind. Sels Salmink wie in momint ferstuivere. Piter seach om 'e hoeke.
'O, dêr wiene jimme dochs noch,' sei er.
Salmink draaide him om. Hy seach Piter oan, beide mannen net sa heech woeksen mar de iene wol twa kear sa swier as de oare.
'Wat witst do hjir fan?'
Piter helle de skouders op. 'Wy wiene klear, leau 'k,' sei er. 'Ik hear moarn wol fan dy.'
Hy skode om Salmink hinne en die de foardoar iepen. Hy wonk. Harmke naam Iede by de hân en se rûnen achter him oan. Piter die syn auto fan it slot. Se stapten achteryn en Piter ried rêstich fuort, in pear kear in bocht om. Doe stoppe er achter in hage en draaide him om.
'Ik wurd net sa gau kjel,' sei er. 'Mar jimme hie ik hjir net ferwachte.'
It wie likefolle om 'e wurden as om 'e toan dat Iede yn it sin kaam, dat dizze man as jonge útskeld waard foar Piter mûdhûn.
'Dat begryp ik,' sei Iede. 'Wy hiene ek gjin idee dat we dy hjir treffe soene.'
'Ik krige it gefoel dat jimme net folle mear dwaan koene, doe't Theo Salmink ienkear om 'e hoeke kaam,' glimke Piter. 'Dêrom tocht ik, ik nim jimme mar mei.'
'Betanke. Hast gelyk. Wy wiene ek klear.'
'Wat diene jimme dêre?' frege Piter. Hy glimke net mear. 'Sochten jimme om papieren?'
'Ja.'
'Ha jimme se fûn?'
'Ja.'
'Wat stiet der yn?'
'Alles wat Baakman nedich hat om Theo Salmink lytsman te meitsjen.'
'Jimme stiene te harkjen, leau 'k? Wat ha jimme heard?'
Iede en Harmke seagen elkoar oan. Harmke sei:
'Wy ha sa goed as alles heard, Piter. Mar wy wisten al datst do in probleem mei Salmink hiest. Hy hat dy der ynluze. Wy hoopje datst him noch te pakken krijst.'
'Der siet wat bluf by,' sei Piter. 'It kin ek wol ris hiel lang duorje, mar de helte krij ik wol werom. Myn advokaat is noch dwaande om materiaal te sykjen.'
Hy seach harren in skoftsje oan.
'Jimme ha miskien ek noch wat fûn dêr't de firma en iksels beide wat oan ha kinne.'
'Dêr ha we net spesjaal om socht,' sei Harmke.
'Wêr ha jimme it spul, trouwens? Op it bleate fel?'
'It leit der noch. Wy moatte it noch even ophelje.'
'Wêr ha jimme it dan dellein?'
'Op in plak dêr't Salmink it net siket,' sei Harmke. 'Ik tink dat wy mar ris sjen moatte oft de kust al frij is. Wêr stiet ús auto einliks, Iede?'
'Hjir fuortby,' sei er. 'Piter, wy moatte dy bûtengewoan betankje. Wy hiene in protte lijen krije kind. Wy sille dy op 'e hichte hâlde as wy wat fine dêr'st do Salmink mei oanpakke kinst.'
'Ik ryd jimme der even hinne.'
'Nee, ús auto stiet fuortby. Wy binne der samar. Nochris betanke. Bist moarn op 'e saak?'
'Dat is it doel al.'
Se wachten net oft er noch mear sizze soe. Piter hie harren in grutte deugd dien mar no koene him even net brûke. De papieren dy't achter it kantoar fan Knol op harren leine te wachtsjen koene se better sels earst besjen, sûnder Piter der by. Yn 'e auto wachten se noch in kertier.
'We kinne better net foar it kantoar lâns riede,' sei er. 'As Salmink der noch is en hy sjocht ús, dan wachtet er krekt sa lang dat wy der yn komme.'
'Wat woest dwaan?'
'Ik gean de oare kant om, en as we der hast binne doch ik de ljochten út. Ik stopje foar it steechje. Ik sto der út, troch it poartsje en ik pak it guod as de wjerljocht.'
Sa die er it. Hy sprong wer yn 'e auto en skeat fuort. De lampen fergeat er oan te dwaan. Dat wie harren gelok. Foar it kantoar stie de auto fan Salmink, mei de noas de oare kant út. Se seagen him sitten mar hy murk harren te let op. Harmke seach noch krekt dat er begong te kearen, doe't Iede sûnder te remjen in smelle wei, de greiden troch, ynried. Hy mindere feart, as it op jakkerjen oankaam koe Salmink syn auto dochs folle hurder. Se riden om in pear boerepleatsen hinne, doe koe it ljocht wer oan. Troch in protte doarpen rieden se om 'e stêd Grins hinne. Foar alle wissichheid ried net oer Assen mar oer Drachten nei Trie. Yn in hotel tichtby Trie wie noch in keamer frij foar Harmke. Sy hold de stikken by har. De oare moarns koe se mei in taksy nei Trie komme.
Hy ried foarsichtich nei hûs en seach oan alle kanten om him hinne, benaud dat Salmink him ûnderweis opfange soe. It rûn tsjin tolven. Gryt waard wekker en sei dat Gelf Welling dy jûns in pear kear skille hie.
'Wêr sietst einliks?'
'Yn Reinwerd. Ik moast papieren helje, dy't ik moarnier nedich ha.'
'En wêrom moat dat by nacht en ûntiid en ek noch hûndert kilometer fierderop? Jimme meitsje elkoar noch gek, dêr by Baakman.'
'Ja,' sei er wylst er út syn klean stapte. 'Dêr hast gelyk oan. Mar it liket der op dat it sirkus moarn de lêste foarstelling jout.'
'Skillest Gelf noch?'
'De holle stiet my der net mear nei.'
'Ik fyn datst dat al dwaan moast,' sei se. 'Kinst dy man net yn 'e steek litte. Do koest him oan tolven ta noch skilje. Doch it no.'
'Foarút dan mar,' suchte er. Hy fielde him wat skuldich tsjin Gryt oer. Se hie wol wat gelyk dat hy nea mear tiid foar har hie. Hy gong nei syn studearkeammerke dêr't er ek in telefoan hie. Gelf fertelde dat Baakman him dy jûns skille hie. Dy middeis hie er in advokaat yn 'e earm nommen dy't dyselde jûns noch mei Salmink praat hie. Hy hie him út namme fan Baakman in oanbod dien om de saak te ferlitten en te swijen oer syn ferline, yn ruil foar in heal miljoen.
'Wolst leauwe, ik bin poerrazend wurden,' sei Gelf. 'Ik ha him sein dat hy dy en my en miskien ek noch oaren swier misledige. Wy hiene ús ynspand om in oplossing te finen en no fytste hy der dwêrs trochhinne. Ik hie him dyn oersjoch jûn dêr't it yn stiet wat Salmink fraudearre hat. Hy doarde it net oan, sei er. Doe ha ik sein dat hy alle respekt kwytreitsje soe fan syn bêste meiwurkers. En dat dat folle hurder oankomme soe as dat geheim fan him. Dat kostet him heechstens it oansjen fan minsken dy't ôfgeunstich binne op syn saaklik en maatskiplik súkses.'
'Wat sei er?'
'Hy sei: ja, en nee en dat is ek sa, mar ik stean der foar, jo net. Doe ha ik tsjin him sein dat ik myn hannen der ôf luts en dat hy himsels mar rêde moast.'
'Dan kinst dyn berop nei de tsjerke fan Trie dus ferjitte,' sei Iede.
'Dat sil wol,' sei Gelf. 'Mar ik ha der gjin ferlet fan om mei him yn deselde tsjerke te ferkearen.'
'Ja, neffens my hast gelyk. Wat oars, hat er ek noch ferteld wat Salmink op dat oanbod sein hat?'
'Hy hie it yn berie nommen.'
'Dus hy hat noch net ja sein? Noch net tekene?'
'Nee.'
'Dan is er te let,' sei Iede. 'Moarnier pakke wy him op.'
'Dan hast al kâns dat er de mûle iepen docht oer Baakman.'
'Dat kin my neat mear skele. Dy wol? Om my docht er it. Mei Baakman ha ik gjin meilijen. Mar Salmink sil it neat helpe.'
'Kinst it oan, tinkst? Wat ik hear is altyd dat it in bûtengewoan útsliepte man is.'
'Ik ha ien by my dy't teminsten sa goed útsliept is as hy. Mar do meist der ek by komme, as myn persoanlike riedsman, sis mar. Einliks woe ik dat hiel graach. Besykje der om acht oere te wêzen. En it kin even tiid nimme.'
'Bist der wis fan dat Salmink komt?' frege Gelf.
'Nee, dat bin ik net, mar ik tink fan wol. En der binne noch in pear oare programpunten dy't dy grif ynteressearje sille.'
'Wat dan?'
'Dat sis ik no net mear. It is al fierste let. Ik moat myn sliep al ha. Nim mar fan my oan dat it fan belang is, foar ús allegearre. Ik gean op bêd. Wolterêsten.' '

 
EIN fan Haadstik 14.

Fierder nei Haadstik 15.

 
 
 
Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT