TRIED


Roman

 

Haadstik 15.

De oare moarns wie er de earste op it kantoar. Even letter liet er Harmke der yn.
'Hast goed sliept, jonge?'
'Net sa bêst,' sei er. 'Doe't ik by dy weigong wie ik der noch net. Gelf siet op my te wachtsjen, by syn telefoan dan.'
Hy fertelde har wat er heard hie. Se skodde de holle.
'Wat kin sa’n man as Baakman jo ôffalle,' sei se. 'Hoe neame se dat al wer, in hurd man op in weak tsiis, net?'
'Koe wol. Mar we mije him net mear.'
Se woe tee. Kofje koe er op syn keamer sette mar teepûdsjes moast er út 'e kantine helje. Doe't er werom kaam stie se foar it finster en seach se it parkearfjild oer.
'Dy man dêre, is dat Gelf?'
'Ja. Tsjonge, wat bin ik bliid dat er komd is. Do witst net hoe't ik der tsjinoan sjoch.'
Se rekke syn hân oan. 'Ik ek, hear,' sei se. Hy betwivele oft it wier wie wat se sei. Gelf kaam der yn. Hy seach even, en stelde him oan har foar.
'Dit is se,' sei Iede.
'Ik bin bliid dat ik jo ris treffe mei,' antwurde Gelf.
Se stiene elkoar even oan te sjen, doe sei Harmke:
'No moatte we wachtsje. Iede sil it wol sein ha, wy witte fansels net seker oft Baakman en Salmink beide komme. As Baakman net komt, dan is it tink de baas dat we him skilje en him om sa mar te sizzen ûntbiede.'
'En as er net komme wol?' frege Gelf.
'Dan geane we nei syn hûs. Ik leau nea dat er ús trije man sterk foar de doar stean lit,' lake se.
'Hoe lang moatte we noch wachtsje?' frege Iede.
'Ik soe sizze, oan goed healwei njoggenen ta. Do seiste dat hy altyd om dy tiid op 'e saak is.'
Harmke joech Gelf de echte stikken dy't se de foargeande jûn út Reinwerd helle hiene. Hy seach der fluch trochhinne. Mei spanning stiene se it parkearfjild oer te sjen. Presys healwei njoggenen draaide Baakman syn auto it stek yn. Se wachten fiif minuten. Doe stapten se nei syn sekretaresse en lieten harren oantsjinje.
'Moarn, menear,' sei Iede, dy't foarop rûn. Baakman seach de iene nei de oare oan, wifele even mar sei doe dochs dat se sitten gean moasten. Fierder sei er neat. Gelf begong.te praten.
'Wy binne hjir om in uterst berop op jo te dwaan. Dat dogge wy omdat wy wis binne dat jo mei jo oanbieding oan Salmink neat oplost ha. Jo ha gjin inkelde garânsje dat Salmink him bûten jo persoanlike saken hâlde sil as er dat heal miljoen fan jo op syn bank hat. Jo ha grutte kâns dat er oer in pear moanne op 'e nij by jo komt om mear jild. De útwei dy't dizze man en frou foar jo iepene ha slút oan alle kanten.'
Baakman sei noch hieltyd neat. Iede seach temûk fan siden, nei Gelf. Dy prate op in sachte, twingende toan. Hy spruts syn sinnen taalkundich presys goed út. Nei syn ynlieding sette hy de bewizen fan Iede útien. Hy blêde yn alle rêst troch de stikken dy't er in kertier earder foar it earst ûnder eagen krigen hie, en lei it oan Baakman út. Iede snapte ynienen dat dizze dominy sûnder mis ek in poerbêste advokaat, of rjochter, west hie. It wie in wettertichte redenaasje. Der wie gjin ûntwiken oan. Doe't er nei tsien minuten swijde, skeat it troch Iede hinne dat der no allinne noch mar amen sein wurde koe.
Baakman wachte lang mei antwurdzjen. Rjocht tsjin him oer siet Gelf, de hannen tsjin elkoar. Harmke oan ien kant en Iede oan de oare seagen yn spanning ta.
'Ik ha tasizzingen dien dêr't ik net mear ûnderút kin. It spyt my, mar sa leit it der hinne.'
'Skriftlik?'
'Aanst komt Salmink. Myn advokaat komt ek. It stiet al op papier. Ik sil it tekenje.'
'Zwier,' sei Gelf. 'Hat dy advokaat fan jo dan nearne foar warskôge? Of nei oare mooglikheden socht? Wa is it einliks?'
Baakman neamde in namme, Smeitink, dy't Iede neat sei.
'Dy kin ik,' sei Gelf. 'Ik ha noch nêst him yn de kolleezjebanken sitten. Inkeld tref ik him wolris. In sivile man, net? Syn kantoar nimt leau 'k gjin strafsaken oan?'
'Dat koe wol,' sei Baakman. Hy helle de skouders op. Hy seach der deawurch út en Iede krige it idee dat er hielendal net mear tinke koe. Ynienen krige hy foar de geast dat de man neat meikrigen hie fan de redenaasje dy't Gelf sa yngeand ôfstutsen hie. Fan de manier sa't Gelf krekt even de rêch rjocht die krige er de wissichheid dat dy itselde tocht.
'Goed,' sei Gelf. Hy skode syn stoel achterút en gong stean.
'Sa gau as jo dat kontrakt tekenje skilje ik Frits Voogd. Dan lis ik him út hoe't jo ús skoffearre ha. Foaral Iede Hommes. Ik bin der wis fan dat er net fergetten hat hoe't Iede syn bêst dien hat om him te helpen. Koartlyn ha ik ek al mei Voogd praat. Doe kaam hy by my, lyk as jo, ferline wike. Ik ha it jo ferteld, witte jo noch? Hy woe skjin skip meitsje, sei er, alles fertelle. Ik ha tsjin him sein dat er dat dwaan mocht, mar dat ik bittere graach woe dat er dêr noch even mei wachte. Ik sil him sizze dat er om my no dwaan kin wat er wol.'
Baakman riisde oerein.
'Jo binne de lêste dêr't ik fan ferwachte om bedrige te wurden. Gean der út.'
Gelf lake lûdop.
'Ferline jier ha jo sa freonlik west om mear as oardel miljoen gûne op myn bankrekken te stoarten. Dat is foar jo miskien net in protte jild, mar foar my wol. Yn alle gefallen genôch dat ik foarearst tsjin elkenien sizze kin wat ik wol. En ik sis it no ek tsjin jo. It helpt jo neat om my der út te smiten. Jo binne net belangryk. Dy Salmink, dat is de man dy't ik strûpe wol. Net omdat er jo bedriget, en ôfset, en dan op 'e nij bedriget. Rêd jo jo mar mei him. Mar omdat hy Frits Voogd bekoard hat om mear te fertellen as fatsoenlik wie en him op dy manier yn gewissenoad brocht hat. En om dizze man nêst my te stypjen, en syn assistinte, dy't alle risiko's nommen ha om jo te helpen by jo skiterige problemen, dêr't sy fierder neat mei te krijen ha. Salmink kin mei jo alle akten tekenje dy't er wol. It sil him neat helpe en jo ek net. Ik gean gewoan troch oant ik him by it nekfel ha. Foar Frits Voogd en Iede Hommes en Harmke Vigon.'
Baakman stie stil, as in stanbyld.
'Kom, wy geane,' sei Gelf. Iede en Harmke kamen oerein. Gelf garre alle papieren wer by elkoar. Se stapten nei de doar, Gelf achteroan. Op it lêste momint hearden se Baakman sacht roppen:
'Dominy Welling?'
Se draaiden har alle trije nei Baakman ta.
'Jo binne mis,' sei Gelf. 'Yn dit hûs bin ik gjin dominy. Sjoch my mar as advokaat, fan de tsjinpartij.'
Hy liet Harmke en Iede foargean en die de doar achter him ticht. Se rûnen nei Iede syn keamer.
'Wat no?' frege Harmke.
'Is Salmink der al?'
Se seagen út it finster. De auto stie der net.
'Wêrom tinkst dat er komme sil?'
'Der is fansels de kâns dat er útnaait,' sei Iede. 'Dan sjogge we him hjir nea wer. Mar hy hat in tasizzing fan Baakman fan in protte jild, en dêrby de ûntlêstiging fan alles wat er ferkeard dien hat. Hy hat Baakman noch altyd yn 'e besnijing. Dy ferlieding is fansels grut. Oan 'e oare kant hat er de kâns dat wy dingen útfûn ha dy't him belêstigje. Mar it is in man dy't in risiko oandoart. Dêrom tink ik dat er komt.'
'Hy kin dysels it libben noch soer meitsje,' sei Gelf. 'Ik bedoel, oer jimme freonskip. Sjochst dêr net tsjin oan?'
'Dat er Gryt bellet? Ja. Mar minder as it west hat. It komt der dochs in kear fan, dat Gryt it heart, dit jier noch, tink ik.' Hy seach even fansiden. Se die oft se neat hearde.
'Kofje, tee?' sei se.
Fiif minuten letter gong de doar iepen. Baakman kaam der yn mei in oare man. Dy seach Gelf oan en knikte.
'Goeie, Gelf. Lytse wrâld, hen?' Hy stelde himsels oan Harmke en Iede foar.
'Smeitink, advokaat. Ik bin de riedsman fan de hear Baakman.'
'Jo ha it wûn,' sei Baakman. 'Myn riedsman twivelt mar ik tink dat jo gelyk grutter is. Jimme gelyk, moat ik sizze.'
Gelf knikte stadich mar hold syn gesicht yn 'e ploai.
'Hoe let soe Salmink komme,' frege er.
'Om tsien oere. We ha noch in kertier. Kinne jo meikomme, dan nimme we even troch hoe't we it spylje moatte.'
'Okee,' sei Gelf. 'Komme jimme, Iede, Harmke?'
'Moatte wy der mei ús fiven oer prate? Is dat net wat ryklik?' sei Baakman.
De advokaat seach even skean nei Baakman en Gelf.
'It is miskien it bêste dat Salmink my net mear sjocht,' sei er. 'Justermiddei ha ik ferwachtings by him oproppen dy't no net trochgeane. As ik der net by bin is dat foar jimme faaks wol sa maklik.'
Iede sei: 'Ik stel foar dat Harmke meigiet en dat ik ûnderwilens in pear oare dingen doch. Menear Baakman hat gelyk: fiif tsjin ien is wat ryklik.'
De mannen en Harmke setten de keamer út. Iede bleau sa stean dat er it sjen koe as Salmink oankaam. Om tsien oere wie dy der. Iede wachte noch in pear minuten. Doe krige er de spesjale oardner, dy't se ek meinommen hiene út Reinwerd en rûn de gong op.

Piter Welling siet achter syn buro te lêzen, doe't syn sekretaresse Iede der yn liet.
'Noch swierrichheden hân, neitiid?'
'Nee. No ja, in lyts bytsje.'
Iede fertelde hoe't se Salmink ûntkomd wiene en foar alle wissichheid dochs mar oer Drachten nei Trie riden wiene.
'Harmke en ik binne dy tige tankber datst ús justerjûn út de problemen holpen hast, Piter. Dat wol ik graach noch in kear sizze, by ljochtskyndei, net yn in tsjustere auto.'
Piter knikte. 'Wat bart der no fierder mei Theo?'
'Dêr binne se no mei dwaande. Baakman en Harmke. En dyn broer Gelf.'
'Sit dy der ek by, hjir, yn dit gebou?'
'Ik ha him oansteld as myn persoanlike riedsman.'
'No, prate kin er yn alle gefallen. Moatst do der sels net by wêze?'
'Witsto,' sei Iede. 'Foar myn gefoel is alles sein en dien oan de saak Baakman tsjin Salmink. Dat rint no fierder neffens plan, dêr bin ik net bang foar. En trouwens, Harmke is der by, dy is likefolle as iksels.'
Piter lake. 'Twa hannen op ien bûk, hen?'
Iede knikte. Hy wachte even foar't er sei wat er sizze woe. Hy hie der lang oer neitocht.
'Ik fûn it in rotstreek fan dy, datst do oer myn ferhâlding mei Harmke praat hast. Wêr wie dat foar nedich?'
Piter luts syn winkbrauwen fier omheech.
'No, dêr ha ik nea by stilstien, datst dat sa heech opnimme soest. Do kinst Gelf dochs? Dy docht syn mûle net iepen, ast dat bedoelst.'
'Dat bedoel ik net. Gelf is okee.'
'Wat bedoelst dan?'
'Datst it tsjin Salmink sein hast. En dy doocht net. Dy hat my der mei bedrige.'
'O,' sei Piter. Hy liet syn eagen heal ticht sakje, it teken dat er djip neitocht wat er sizze soe. It duorre even. Soe er it ûntstride?
'It is my in kear ûntkomd,' sei er. 'Wy sieten te praten, fuort nei datst do by him sollisitearre hiest. Hy brocht it praat op dyn persoan. Jimme hiene leau 'k ôfpraat datst do ynkoarten ferhúzje soest. Hy frege my oft ik tocht datst do dêr wol flot wurk fan meitsje soest. Do hiest op 't lêst dyn hiele libben yn Reasyl wenne. Famylje, freonen, klups, fan alles. Ik ha doe sein datst do dy wol oan dyn wurd hâlde soest. Mar ik bin bang dat ik wat sein ha oer dyn relaasje dy't foar dy swier weage soe.'
Hy swijde. Iede seach him in skoft oan. Oft Piter no de wierheid spruts of liigde, it makke gjin ferskil. Ynwindich wie er ferromme dat Piter der net foar weirûn wie. Wat koe er fierder noch sizze?
'Hoe wist do dat einliks, fan my en Harmke?'
'Tafal. Jimme ha in pear jier lyn nei Amersfoort west foar in stúdzjekongres. Ik wie der ek, foar hiel wat oars. Ik seach jimme doe't ik nei de parkeargaraazje gong. Jûns om in oere as tsien. Jimme rûnen foar my út en ik seach dat jimme mear wiene as kollega's. En as jo dat ienkear sjoen ha, dan falt it jo letter faker op. Der wie bygelyks in hotel-rekkentsje dat jo op mear as ien manier útlizze koene. Mar it gong my net oan. Do en Harmke ha altyd in prima span foar de saak west.'
'O, doe,' sei Iede. 'Ja, ik wit it noch. In Windows-kongres wie it.'
'It sil wol,' sei Piter. 'Kompjûters ha ik gjin ferstân fan.'
Iede pakte de oardner.
'Dit is in hiel nijsgjirrige oardner, Piter. Dy ha wy foar aardichheid ek mar meinommen út Reinwerd. Wat tinkst dat der yn stiet?'
Piter die de hannen út inoar en luts de skouders op.
'Do woest mei Theo Salmink yn 'e slach om dyn miljoen werom te krijen, net?'
'Sit dat dêr yn?'
Iede lake. 'Hjir sit net in miljoen yn, ast dat bedoelst. Mar wol brieven, faksen, notysjes, dêr'st wat mei kinst.'
Piter liet syn wenstige hâlding fan slûgjende, net oandiene, domme man sjitte. Mei gleone eagen stoarre er nei de oardner.
'Hoefolle kin ik der mei?'
'Alles. Alles watst fan Salmink foarderje wolst. En wêr'st him noch altyd reitsje kinst, ek as er him ûnder dyn hannen fallyt ferklearje lit.'
'Mei ik dy oardner ha?' Piter die syn hân der al hinne.
'Nee, leaver net. Dizze oardner is it persoanlike argyf fan Salmink. Harmke en ik tinke dat hy dy yn dy dikke klûs fan Knol yn Reinwerd opburch omdat er der by him thús miskien ynbrutsen wurde koe. Hy stie gewoan tusken de oare oardners. Sjoch mar wat der op stiet, Ynkeapen 1981, D o/m G. Dêr siket gjinien mear yn. In âld ding, al in pear kear fan boppen komd, sa te sjen. Paste der presys tusken.'
'Hoe wisten jimme dat jim dy iene oardner ha moasten?'
'Fan Zwik, fansels. Do hiest net sa’n hege pet op fan him. Dat let net dat er ús en dy in grutte deugd dien hat. Mar serieus, it measte binne hiel persoanlike dingen dêr't wy neat mei te krijen ha. Harmke en ik moatte it noch skifte. Dat kin ien twa dagen duorje. Watst do nedich hast kinst fan ús krije.'
'Fan 'e wike noch?' frege Piter. Hy sakke wat út en like wer op himsels.
Iede die oft er de fraach net heard hie. 'Mar der is al in lytsichheid dy'st earst even regelje moast.'
'Hokker?'
'Ferline jier hast do my bekoard om in fakkundige misslach te meitsjen. Do witst wat ik bedoel, Piter. Welling BV hie gjin winst makke, mar do woest dat ik sa lang rekkene dat der trije ton fertsjinne wie. Menear Baakman hat my dat foar de fuotten smiten. Hy hat my ferwiten dat ik oare sifers skreaun hie as de wierheid, en dêr koe ik neat op sizze. Ik wol datst do dat rjocht setst, tsjin Baakman oer.'
'Gjin probleem,' sei Piter. 'Hast gelyk. Ik doch it sadree ik him sjoch. Ik sil him sizze dat it myn ferantwurding wie.'
'Dat wit er wol, Piter. Do moatst tsjin him sizze datst my net ferteld hiest wêrom ast dat woest.'
Foar de safolste kear seagen se elkoar swijend oan. Iede hope dierber dat Piter begong te snappen dat syn tsjinstanner alle troeven yn 'e hân hie. Dat er dwersbongelje koe salang er woe mar dat er it oan 'e ein ferlear.
'Dat snapst sels wol, Iede. Wy woene de saak sa djoer mooglik ferkeapje.'
Iede skodde de holle. 'Salmink en Baakman wisten al lang dat wy einliks ferlies draaid hiene. Op de priis hat it gjin ynfloed hân.'
Piter kaam oerein, die de hannen yn 'e bûsen, rûn in pear stappen, stoarre it finster út.
'Hast dêr mei Gelf oer praat?'
'Nee,' sei Iede tsjin Piter syn rêch. 'Mar hy wit it no al, want ferline wike hat Baakman it him ferteld. Gelf hat my in skoft lyn it kontrakt lêze litten. Ik hie der net om frege, want ik hie der gjin belang by. Doe't ik it lêzen hie ha ik it sûnder in wurd werom jûn. Mar sûnt dy tiid fiel ik my skuldich tsjin Gelf oer. Ik sil der net omhinne draaie. Ik wol datst it rjocht makkest. Do silst it wol sjantaazje fine en dêr hast gelyk oan. Mar al den tiid dat ik hjir yn Trie sitten ha, ha ik noch net oars meimakke as sjantaazje en ik sit der ek net mear mei. It is in eask.'
Piter draaide him om.
'Ik kin tink' net oars?'
'Nee. Mar ik ha treast foar dy. Mei de bewizen yn dizze oardner fertsjinnest mear dan watst Gelf jaan moatst. Zwik hat in krekte beskriuwing makke fan hoe't Salmink dy ferrifele hat, op dei en oere, mei bewiisstikken en nammen fan getugen. Hy hat it kontrakt fuortdaliks splitst. Ik tink al fier foar datst do yn 'e rekken hiest dat de prizen omheech gongen. Miskien wist er dat al doe't jimme it kontrakt ôfsluten. Dat it syn ienige bedoeling wie om dy in poat út te draaien.'
Piter gong mar wer sitten. Hy skrabbe op syn holle, yn syn tinne hier.
'Wat wolst dat ik doch? Op knibbels nei Gelf?'
Iede en Harmke hiene de jûns tefoaren al beprakkesearre hoe't it petear rinne soe, mar dizze fraach wiene se net oan ta komd. Hy tocht in skoft.
'Dat is in persoanlike saak foar jimme. Dêr bliuw ik ôf. Miskien kinne wy tagelyk oerstekke. Ik krij fan dy in bryfke datst do my frege hast om de winst oer dat jier útkomme te litten op sawat trije ton ynpleats fan nul. Sadree ast dat tekenst krijst fan Harmke en my alfêst it oersjoch dat Zwik makke hat oer dyn kontrakt. Ast de saak mei Gelf regele hast krijst de bewiisstikken. Is dat wat?'
'Goed,' sei Piter, nei in momint.

Hoe fier soene se wêze, tocht er, doe't er wer op syn eigen keamer wie. It earste wat er seach wie dat Salmink syn auto der noch stie. Mar it koe fansels ek bêst wêze dat se him de kaikes ynleverje litten hiene. Der wie net oars te dwaan as wachtsje oant Gelf en Harmke werom kamen. It duorre. Hy rûn nei de boekhâlding en sei dat men him by Mels Hurkmans fine koe. Op dy syn keamer joech er him del yn de ienige maklike stoel dy't der stie. Hy die de eagen ticht.
'Tenein?'
'Skjin tenein. Ik hoopje dat ik dit allegearre nea wer hoech te belibjen. Doe't ik hjir in jier lyn kaam, hie ik net betinke kind wat der oer my hinne komme soe.'
'Neffens my heart dit by dyn fak,' sei Mels Hurkmans. Iede die de eagen iepen.
'Hoe komst dêrby?'
'Hiel ienfâldich. As it der op oan komt binne der yn in saak mar twa minsken dy't oeral wat fan witte. De baas en de boekhâlder. Net alles, o nee, asjebleaft net. Allinne mar fan wat der hielendal mis gean kin. Bygelyks as der in figuer ynkomt dy't ús ûndernimming yn 'e macht krije wol. Dan moatte mannen lyk as my, dy't it allinne mar oansjen kinne, hoopje op de boekhâlder. Dy sit op in plak dêr't er oersjoch hat, en op 'e baas nei is hy de ienige.'
'Oerdriuwst net wat?'
'Net as de baas de holle hingje lit.'
Der kaam in fanke fan 'e boekhâlding yn dy't sei dat de hearen klear wiene.
'Betanke, Mels.'

Harmke die it ferhaal. It wie rûn sa't se it ferwachte hiene. Salmink hie grif net lang sliept mar dêr hie neat fan te merken west. Gelf hie him útiensetten dat se wisten hoe't hy yn de lêste twa jier de firma Knol, en dus ek Baakman BV, bestellen hie. Salmink spekulearre yn tried, yn it grut. Hy kocht op syn eigen namme grutte partijen, dy't er oer in koart of lang skoft ôfnimme en betelje moast. Gong de priis ûnderwilens omheech, dan ferkocht er it wer en barde de winst. As de priis sakke feroare er de rekkening oan himsels yn in rekkening oan Knol BV. It wie sa maklik as wat, faak winst, nea ferlies. Mar de firma Knol hie yn twa jier tiid in protte tried yn 'e hûs krigen foar fierstefolle jild. Mear as in heal miljoen.
Dat jild moat der wer komme, sei Gelf. Salmink sei fansels dat it net wier wie, dat se it net bewize koene. Gelf liet him ien fan de bewiisstikken sjen, in rekkening dêr't de namme fan Salmink oerplakt wie en dy fan Knol BV oerhinne skreaun. Foar hûndertfjirtichtûzen kilo tried mei in priis dy't in kwartsje boppe de priis neffens de Metallkurier, it Dútske fakblêd, lei. Mei-inoar fiifentritichtûzen gûne te folle. Salmink hie der om lake, en sein dat er fergetten hie wêr't er syn jild opburgen hie. Hy wie einliks fallyt, sei er. Doe hie Gelf sein dat er kieze mocht. Werom betelje of sitte plus werom betelje. It gong om in misdriuw dat los fan Knol BV of Baakman BV strafber wie. Koart sein, as de Ofsier fan Justysje der fan hearre soe, dan soe Salmink strafrjochtlik ferfolge wurde. Mar likegoed soe Knol of Baakman it stellen bedrach opeaskje.
Salmink sei dat er earst in advokaat komme litte woe en dat er fierder neat mear sizze soe. Se skoden him de telefoan ta mar sa woe er net. Hy woe der út. Gean dyn gong, seine se. Dan skilje wy de portier om it stek ticht te dwaan. En ast nei fiif minuten net werom bist skilje wy de plysje oan dy oan te hâlden.
'Wat tinkst wat er doe sei?' gniisde Harmke. 'Ienkear riede.'
'Gjin idee. Miskien dat dat sjantaazje wie.'
'As hiest der by west,' sei se.
Salmink woe akkoartsje op 'e helte mar dêr wie Gelf net op yngongen. Doe bea Salmink oan om in soarte fan skuldbekentenis te tekenjen, sûnder bedraggen. Dat hiene se ek ôfwiisd. Der wie in skoftsje easke en bean en tinge en úteinlik wiene se it iens wurden. Salmink hie in bank yn Dútslân opskille en opdracht jûn om fuortdaliks telefoanysk fjouwerhûndertfyftichtûzen gûne te stoarten op de bank fan Baakman. Doe hiene se in healoere wachte oant it jild der wie. Yn de tuskentiid wiene Gelf en Harmke mei Salmink nei syn keamer gongen. Se hiene der op ta sjoen dat er allinne persoanlike dingen mei naam. Doe't it jild der wie hie Gelf him nei syn auto brocht. Dy mocht er hâlde, dy siet yn de priis.
'Wat sei Baakman?'
'Sa goed as neat, dat hiene wy ôfpraat. Dêr wiene wy, Harmke en ik, bliid om. Neffens my hie Salmink fuortdaliks yn 'e rekken hân as Baakman it earne net mei iens west hie. En dan hie er grif besocht om ús út elkoar te spyljen. Hy hat de kâns net krigen.'
'Is der noch wat sein oer it ferline fan Baakman?'
'Salmink hat der net in wurd oer sein,' sei Gelf. 'Doe't er yn syn auto siet ha ik de doar even tsjinholden. Ik ha tsjin him sein dat hy allinne op frijdom fan ferfolging rekkenje kin as er him oer alles, wat er oait oer Baakman heard hie, de mûle hâldt. Ik bin der wis fan dat er my goed begrepen hat.'
'Wat wie der no einliks sa slim oan?' frege se.
'No neat mear, fyn ik. Fjirtich jier lyn hat Zwier Baakman in skoftsje yn it ferkearde unifoarm omrûn. As ûnfolgroeide jonge mei in maat dy't ek net wizer wie, Frits Voogd. Nei de oarloch hat er him, safier as ik wit, altyd goed gedroegen. As jo alle minsken de domme dingen út harren jeugd neidrage soene, dan bleaune der net folle goede oer. Ik tink dat Baakman deabenaud wurden is fan wat der tsien jier lyn, yn achtensantich, bard is. Doe wie der in politike man, dy wie itselde oerkomd. Dat kaam út en doe waard dy oeral útsmiten en skoudere.'
'Wêrom?'
'Omdat dy te soargeleas west hie by it útsykjen fan syn fijannen. Ik wit net oft Baakman fijannen hat en oft er se ek ûnderskat. Hy is op 't lêst ek sa’n idele man. Mar ik tink dat hy doe sa kjel fan wurden is dat er oeral spoek sjocht. Ik sil it der nochris mei him oer ha. Ik sil him der op oanstean dat hy de ferneamste minsken om him hinne sels op 'e hichte bringt. Dan kin er it ferhaal op syn eigen manier fertelle en neffens my sil it gjinien mear wat skele kinne.'

Nei de middei brocht er Harmke nei Reasyl. Se riden fuort, se praten optein oer wat se foar inoar krigen hiene en hoe ferromme se wiene no't de druk oer wie. Mar nei in skoftsje waarden se beide stil. Iede wist dat sy oan itselde tocht as him, mar hy doarde neat te sizzen.
It duorre oant nei't se wat iten hiene en sy op 'e bank, hy yn in stoel, it tsjin elkoar seine. Hy hie wer sein dat er by har wenje woe. Se hold ôf. Ik wol sels de baas bliuwe yn myn eigen hûs, dat bin ik al tsien jier wend, sei se. Se fûn it fijn om allinne te wêzen, nearne rekken mei te hâlden. Se koe der net mear oer as der ien hieltyd om har hinne wie. Dat se der oer tinke moast oft se it dy wol nei it sin die. Se hie it al earder sein, lyk as hy sines al faker sein hie. Werheljen fan setten, waard dat by it skaken neamd, betocht er.
'As ik gjin sinne ha oan hierkjimmen lit ik it hingje. As ik net itensiede wol yt ik bôle. As ik de rommel net oprêde wol lit ik it lizze, it hiele hûs troch. As ik fuort wol gean ik fuort en as ik net fuort wol bliuw ik thús. Alles sûnder dat ik it idee krij dat ik my einliks rjochtfeardigje moat. Ik ha tink' te lang allinne west ha om noch hieltyd in oar minske om my hinne te fernearjen.'
'Ynkoarten komt der al ien.'
'Dat is wat oars. Dat is part fan mysels.'
'It is ek in part fan my,' sei er.
Se die de eagen ticht en draaide de holle in bytsje wei.
'Ik sil him op dy lykje litte.'
'Him?'
'Ik wol in jonge. Dan...' Se swijde.
Iede wachte in skoft oft se mear sizze soe.
'Wat dan?'
'Dan... dan is it makliker... Begryp my. Do begrypst it dochs? Ja, dochs?'
'Ik leau dat ik it begryp,' sei er nei in lang skoft, mar wis wie er net.
Se namen ôfskie mei in lange tút, stiif tsjin elkoar oan. Mei triennen yn 'e eagen.

Hy ried werom nei Trie, sûnder dat er ien bocht, ien boerd, ien ljocht winlik waarnaam. Fuort wiene alle omtinkens oan syn slagge aventoeren mei minsken en jild.
'Ik leau dat ik it begryp,' sei er tsjin himsels. 'Ik hie it al folle earder begripe kind. Fan jannewaris ôf, dy trije nachten fan dy leargong yn Nijmegen, dêr't wy ús troch Baakman hinne stjoere lieten. Fan doe ôf bin ik myn plak al kwyt. Want it sil har bern wurde, myn't net, ek net as it op my liket. Wy sille elkoar leaf hâlde, wêrom net. Wy sille ek fierder noch wol ris by elkoar sliepe. Mar se hat my net mear nedich, net lyk as oan no ta. Ik bin ommers al by har. En myn ûntwyk, myn dream om te ûntkommen oan myn iensumens, dat bin ik kwyt. It hat nea mear west as in yllúsje.
'Want wat rjochten ha ik einliks? Seis jier lang liet ik yn it iene hûs op my passe, en yn it oare helle ik myn gerak,' tocht er. 'Ik liet it allegearre noflik op my delkomme, as lij wetter. De tiid om sels te kiezen ha ik foarby gean litten. No begryp ik pas, wêrom Harmke my nea foar fêst ha woe. Krekt dêrom, omdat ik al dy jierren foar de striid wei rûn bin, nea in kar meitsje doarde, want it koe mysels wolris sear dwaan. Omdat ik in bangeskiter wie.
'Se hat al dy tiid troch my hinne sjoen. Se is leaf foar my, se hâldt fan my sa't men fan in ûnnoazel bern hâldt, mei geduld, bliid mei súkseskes yn lytse dingen bûten belang, mar sûnder hope op foarútgong.
'Wy ha nea rúzje makke, net ien kear yn seis jier. As wy it net iens wiene, dan joech ik har gewoan har sin. Te lêf, te benaud om myn noflik eintsje libben kwyt te reitsjen. Ferdomme, ik wie noch te kloaterich om har op 'e hûd te jaan, fjouwer jier lyn, doe't se my samar stikke liet. Ik naam har gewoan wer oan, net iens út genede, allinne omdat ik sa nedich myn moaie libbentsje, myn wyklikse útsjes wer werom ha woe. Wie ik, allinne dy iene kear mar, ris poerrazend wurden, ik hie der alle rjocht ta. Doe hie ik har winne kind, foar altyd. Mar ik sakke troch de koer, foar ivich. In gewoane, grutte leffert bin ik. No hat se mei my ôfrekkene.'

Om tsien oere sette er de auto foar it hûs ûnder de lantearne.Under it keukensfinster hearde er Gryt en Jikke al wer tsieren. Hy bleau stean as wie er tsjin in muorre oanrûn. Wêr't se it oer hiene koe er net ferstean en hy besocht it ek net. Hy wie werom yn syn eigen wrâld, dêr't gjin acht op him slein waard.
Hy krige in gleone kop fan lilkens wylst er troch de achterdoar it hûs ynrûn. De beide froulju praten noch hieltyd lûd tsjin elkoar. Hy kaam der yn en se swijden allebeide. Flean op, jimme, tocht er. Hy rûn troch de keuken nei de gong en smiet syn jaske op 'e trep. Doe kaam er werom yn 'e keuken, pakte in stoel en skopte syn skuon út.
'Is der noch tee?'
'Wêr komst no wer wei, sa let?'
'Bûtendoar wei.'
'Hy hat fansels wer yn Reasyl sitten,' rôp Jikke tsjin har mem. 'Toe mar, freegje it him, ast doarst. Lit him mar ris fertelle dat er dy al jierren besoademitert mei dy Harmke Vigon. Ik ha it allegearre heard, snein, yn Reasyl. Dêr hast do nea wat fan murken, hen? Ik laitsje my slop. Dat is noch ris wat oars as seure oer dy dominy. Dy stekt noch net iens in finger út, lit stean fan wat oars. Hy dêre wol, rekkenje dêr mar op. No, wat seist no?'
Se wie fjoerread om 'e holle en har lûd wie skril. Gryt seach Iede mei grutte eagen oan en koe sa't it like gjin wurd fine. Hy gong achteroer sitten en die de hannen gear yn 'e nekke. Hy hie de lêste pear dagen mei safolle dingen ôfweefd, dit koe der skoan noch by. Hy wie ree om dit túchje ek even fuort te blazen. Hy seach fan de iene nei de oare en moast hast glimkje. Jûn meitsje ik skjin skip, tocht er. Yn alle gefallen mei Jikke. Sy moat gjin wurd mear sizze, oars traapje ik har no de doar noch út. En yn alle gefallen moarn. Net omdat se my ferret hat, dat wie der dochs in kear fan komd. As se sneintejûn tsjin my sein hie dat se my fjouwerentweintich oeren tiid joech, dan hie ik har neat ferwiten. Dan hie ik sels Gryt de wissichheid fan har bestean en oansjen ûnder de fuotten weiskuorre moatten.
Jikke hie fan alles it slimste dien. Se hie har mem tsjin de dieder oer fernedere. Op syn minst hie se de rabberij dy't se opfongen hie, oan har mem oerbringe kind wylst hy net yn 'e buert wie. Dan hie Gryt teminsten de kâns krigen om har ta te rieden. Hy wie der wis fan dat Jikke it mei sin sa spile hie. Se hie kâldwei de gelegenheid ôfwachte om har mem, dy't se hate, de wreedste reis te jaan dy't se betinke koe.
Sis it mar, Gryt, tocht er. Do hast teminsten rjocht fan sprekken. En watst no noch net witst, dat sil ik dy ek noch fertelle, jûn noch. Myn soan sil net in heit ha, dy't him in leffert skelle litte moat.

 
UT.

 
 
 
Nei Haadstik………1………2………3………4………5………6………7………8………9………10………11………12………13………14………15………UT